DE TWA DOARPEN



Dorpsfeesten 2017 Lollum-Waaksens

Geplaatst op: 09-08-2017

Wat hawwe GEWELDIGE feesten hânt! 
De waarsfoarspellingen wiene top. It begong al een bytsje op woansdei te jun. Toen hawwe we mei een ploeg vrijwilligers de keats- en volleybalfjilden leint, en waard alfêst it podium opbouwt, tige tank derfoar!
Tongersdei te jun begong it dan echt. Der wie een super opjefte foar it volleybal. We begongen mei 4 jeugdteams, der waard circulatievolleybal spiele mei gooie en fange.

De twadde priis gong nei it team fan Jamie, Gonnie, Esther, Dianna, Lysanne en Rimmer. De eerste priis wie foar Fardau, Marten, Aniek, Lieuwe Meint, Geartsje en Iris.

Toen wie it tiid foar it senioren buurtvolleybal. Alle buurten hiene ien of meer teams makke, Waaksens kaam zelfs mei 3 teams, top! Alle teams wiene yn prachtige outfits passend bij it thema. Der waard spiele om punten foar de buurtbattle. Der is geweldig leuk spiele mei de volgende útslag:
1ste Boes
2de  Waaksens
3de  Foar en mei elkoar
4de  Om'e tour
5de  Noorderein

Freed te moarn koe it keatsen los. We hiene trije fjilden. 1 foar de jeugd, 1 foar de senioren mei een grutte bal en 1 wer spiele waard mei lytse bal. Op een lytse blessure fan Sipke nei, gie it allegearre super. Mei prachtig waar. Tidens it keatsen haw de jongste bêrn wer prachtige muziek instrumenten makke en dernei mocht der wer mei slagroom(taarten) nei Pieter goait wurde! Dit wie ek dit jier wer een grut succes!

Foar de senioren wie der middeis wer jeu de boule. Der wie ek wer in geweldige opjêfte fan 44 minsken! Sy haw 3 rondes spiele, dit wiene de priiswinners:
1ste  Griet Venema
2de  Tjitske Dijkstra 
3de  Aagje Folkerts

Freed te jûn kamen der meardere Teake's richting it doarpshûs. Wer de ienige echte foar de lêste keer wer een prachtig stik delset hat. Dernei koene de heupen even lekker los goait wurde mei muziek fan Beware.

Sneon te moarn begongen we mei de wekker wurde optocht. We wiene net mei een grutte groep, maar we hawwe een prachtige optocht han en neffens ús hat iederien ús wol hjerd. Vervolgens koe de sletterace fan start! Wat een succes! Iederien wie enthousiast, wat die dit ús as bestjoer goed! Lekker troch de feart en it drek bad. Een prachtig gesicht om eltsenien sa op t fjild oan te sjen kommen! We hiene ek in soad vrijwilligers bereid foen om bij elk onderdeel te stean. Tige tank hjir foar! Dernei koe der even thús doucht wurde en skeun iederien oan bij de lunch fan Hille en Anneke. We hawwe mei sa'n 180 minsken ien en om it doarpshus sitten te iten, dik foarelkoar! Terwijl Sipke de Boer de boel opbouwde op 't terras gong iederien even nei hûs om it goet foud'e outfit oan te dwaan. Een prachtig gesicht om te sjen dat iederien wer sa sien best dient hie! Tidens it matinee waard der fanatiek dûnse maar ek sigaarrookt en kurkje breidde. Dit waard wûn troch Jan Mulder en Baukje Okkema.

Jûns wie 't dan echt sa fier dat we Pieter, Annie en Harm bedanke moasten foar hun ynset foar de DA. Sy halde der no mei op. Wy binne hun tige tankber foar wat ze foar ús dient hawwe! Ek hiene we nog de priisútrikking fan de buurtbattle 2017, de grutte winner wie Om'e toer, gefeliciteerd! As ofsluter hiene we de band SMÛK en koe der nog even flink dûnse wurde.

Een prachtig einde fan GEWELDIGE feesten! De foto's hjir fan binne te fienen op de facebook pagina fan de DA www.facebook.com/DALollumWaaxens/ en fan Lollum Waaksens, en ek op de site fan t doarpspshus  http://www.dorpshuisdenijehaven.nl/foto-s-dorpsfeest-2017 en bij de fotoalbums op deze website. 

Het DA bestuur bedankt alle vrijwilligers!
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA