|
Oer it opheljen: wy hawwe it der as groep oer h^an, en wat 'us oanbelanget sitte wy nei de weromreis mei de bus noch in oerke by elkoar. Do meist dus in lyts feest organisearje! Allinnich belangryk: dan moat wol fan iderien ek it th'usfront derby w^eze, en moat elk dus ek op ' e hichte w^eze. Dieuwke joech direkt al oan dat har heit en mem har fan Skiphol helje soene en dan troch nei de kemping, mar wy f^unen dat it d^er net om hoegde oer te gean. Mar it moat eins net sa w^eze dat fan de ien de partner of de ^alden of de bern der wol binne, en fan de oare net. En dan yn prinsipe in oere of sa, en dat elk foar it j^unsiten rejaal wer th'us is. Do fregest nei lekker iten en soks, mar pebearje it net te oerdiedich te meitsjen: der binne noch in protte magen oerstjoer, en as jo dan yn ien kear wer yn Luilekkerl^an komme, kin it wolris net goed komme. OK, no wer algemien nijs: hjoed binne wy HAST klear kommen mei it wurk. Mar omdat it oars krekt noch eefkes stresse wurde soe, en mei minder moai risseltaat, hawwe wy healwei de middei besletten om dochs wat earder op te h^alden, en moarntemiddei noch eefkes werom te gean nei it ynternaat foar in pear oerkes. Offisjeel is it al ^ofsletten: de direkteur hat by alle projekten l^ans west, en hat 'us hiel hertlik en wiidweidich betanke, en dat wie wol in geweldige opstekker, foaral nei de l^este kear. Moarn is it foaral ^untspanning, bekomme, in bytsje wurk foar it ^ofwennen, 'ut iten en dan klearmeitsje foar de nacht en de reis! Hertlike groetnis oan allegearre, ---------------------------------------------------------------------------------------------------- Hjoed binne wy mei de twadde wurkwike begûn. Wy binne noch altyd op trije, fjouwer plakken tagelyk oan 'e gong, en wy sjogge der wol nei út om aansen wat klear te hawwen. It wasklokaal is no betegele, en sil moarn ferve wurde (souder en boppeste helt muorren). Dêrnei in nije flier, nije waskbakken, en klear. Yn 'e bykeuken (it fiiste plak fan Tadzjikistan) sille wy de 'wiete' muorre en it wurkflak fernije. Fierders wurdt der drok timmere om de sliepkeamerskasten wer in hiel lyts bytsje stevich en funksjoneel te meitsjen (moai wurde se net mear), en moarn wolle wy ek mei de bêden begjinne. Grut nijs:mei lyts trije wiken komt de presidint fan Tadzjikistan it ynternaat te besjen. De Tadzjiken wurkje no sels ek. Alles moat no sa moai mooglik lykje, en se binne noch wizer mei ús ynbring as dat se al wiene. Mar it is wol dreech, omslachtich en soms moedeleas wurkjen. Fan 'e middei haw ik in healoere diskusjearje moatten om in sinken amer (fan ús) werom te krijen dy't ien fan 'e keuken meinommen hie út it waskhok dêr't wy oan 'e gong wiene. Der is nammentlik in amer út 'e keuken (fan harren) fuort, en no seine se dat wy dy brûkt hiene en net weromjûn. Uteinlings binn wy derút kommen: as wy fuortgeane, krije sy de amer ... En elke dei moat der hast nij materiaal kocht wurde, en eefkes nei de gamma duorret hjir twa of sels trije oeren. En dan de waarmte, de lucht yn it ynternaat en soms ek yn de yngewanden. Mar wy hâlde fol! Hertlike groetnis oan elk, Liuwe ---------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste leave minsken fan Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum, Graach bringe wy jim eefkes op ' e hichte fan 'e gong fan saken yn Tadzjikistan. It giet goed mei 'us, ik kin net oars sizze. Nei in earste wike wurkjen hawwe wy fanmiddei en jun frij nommen, en niis hawwe wy hearlik op in terraske sitten en dernei in hamburger helle, midden yn it sintrum fan Tadjikistan. Net djoer, en parkearjen is fergees! Wat hawwe wy allegear dien? Hjirunder in koarte list: * alle dagen mei de bern spultsjedien en ferskes songen * de waskromte foar de bern (fjouwer waskbakken foar 260 bern, alles fiis en skurf en wiet) op ' en nij betegele (hast klear). Nije wike sille wy dy fierder ofwurkje, ynklusyf nije waskbakken * it nije toiletgebou, dat wy trije jier lyn boud hienen, hat in skoft funksjonearre (dat wie te ruken), mar drnei hold it op mei de wettertafier. Dat komt under oare omdat der yn Tadzjikistan gewoan net altyd wetterdruk op ' e lieding stiet. No hawwe wy trije grutte wettertanks, dy' t al tsien jier of langer op it dak fan it ynternaat leech stienen, skjinmakke, en dy sille no oansluten wurde op de wc' s. Dan is der altyd wetter om de h'uskes te bruken. omdat der sa lang gjin minsken west hienen by dy tanks, sieten der ferskate wespenesten. Dy hawwe wy mei wetter en fjoer opromme, en jim eigen domeny hat mei in stalpanne noch in gefjocht levere mei in leger wespen. De wespen hawwe ferlern. Foar oare wurksumheden hawwe wy de tariedings dien: nije spjilbakken yn ' e bykeuken, bettere beden. Der binne mear as 200 beden der 't yn 30 jier neat oan dien is, dus dat is noch in hiele put. Werskynlik betsjut dat ek, dat wy net iens oan it fervjen fan ' e sliepsealen ta komme. Mar alle dingen dy't wy no oanpakke, binne gewoan belangriker. In hiel spesjaal nijtsje: op 20 augustus komt de presidint fan Tadzjikistan op besite yn it ynternaat! Hy sil 'us wurk dan ek sjen, en wy hoopje mar dat hy der posityf oer is. Wy kinne dan meskien noch in steviger basis under us wurk lizze. Yn it algemien kinne wy sizze, dat wy hiel dudlik tige wolkom binne. De bern binne wiis mei us, mar ek de leararen en de direksje. Se komme geregeld by us, se helpe mei as it moat, en dogge ek sels alles om it ynternaat klear te meitsjen foar de besite fan ' e presidint. In wurd fan tank is noch op syn plak foar us tolken: Parviz en Sjarofiddin. Se dogge geweldich wurk, en neat is har tefolle! En dan it leste nijs: moarn (snein!) om 5 oere moarns hoopje wy op ' e feemerk in ko te keapjen. Wy hienen der jild foar krigen fan ' e femylje J. Strikwerda by har 60-jierrich trouwen, en wy hoopje mar dat se it net slim fine dat wy op snein hannel dwaan moatte. Want werklik: dit is in prachtich lan, mar wol totaal oars as wat wy wend binne! Hertlike groetnis fan ' e hiele groep, Liuwe ---------------------------------------------------------------------------------------------------- hoe giet it yn Tadzjikistan? No, tiisdei waard al in bytsje oars: de earste minsken mei diarre, spuie, pineholle en net lekker yn it fel. Gjin panyk: dat heart der no ien kear by, want it is hjir sa totaal ferskillend, iten, waarmte, ferkear, wurk - it is in swiere oanslach op jo gestel. Mar wy passe goed op elkoar, de earsten binne alwer wat better, en wy sitte hjir op it l^est ek net foar de l'ukse. De sfear is goed, en der wurdt geweldich wurke. Noch sawat: yn Tadzjikistan besteane gjin legale ferzjes fan Windows, en dat betsjut dus dat alle kompj^uters op kopyen fan kopyen fan kopyen fan Windows draaie, en dat betsjut: firussen. Foar dit berjochtsje hoege jim net bang te w^ezen, mar it is al sa dat wy helaas gjin foto's fuortstjoere kinne. Jim h^alde se tegoede! Yn it ynternaat gietit wurk hartstikke goed, op ien plak nei, by de wettertanks op it dak: d^er flakby sit in wespen^est. De wespen binne twa kear sa grut as by 'us, en twa kear sa agressyf. De direkteur fan it ynternaat hat in learaar derhinne stjoerd mei in pantsje wetter, mar dat holp net gen^och ... In oplossing is der noch net, mar sneon moat it al klear w^eze, want dan komme de leadjitters. Hjoed is der yn it waskhok fan it ynternaat al ien muorre tegele, en yn ' e wc's binne de doarren byskaafd, en eefkes op 'en nij ferve. Fierders hoopje wy dizze wike op in oar plak nij linol'eum te lizzen. Sneintemoarn betiid is it feemerk, en fan it jild dat wy meikrigen hawwe fan ' e famylje Strikwerda hoopje wy dan ^under lieding fan Auke in ko te keapjen. No, sa litte wy it earst wer. Doch allegearre de groetnis fan 'us allegearre! Liuwe ---------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste minsken, Wy hawwe de earste dei wurkjen derop sitten, en dat gong goed! Juster binne wy offisjeel wolkom hjitten troch de (nije) direkteur fan it ynternaat, en hy is der hiel wiis mei dat wy kommen binne. Hy lit dat ek op alle mooglike menieren merke: hy sjocht by it wurk, hy stekt sels ek in h^an 'ut, sokke dingen. Hjoed hawwe wy op ferskillende plakken yn it ynternaat oan it wurk west. De muorren en souder skjinskrabe fan it waskhok, ^ald linoleum losskuord, de doaren byskaafd fan 'e wc's, alle b^eden neist elkoar yn ' e gongen setten om te sjen wat der oan mankearret (en dat is hiel wat ...) En net te ferjitten: wurkje mei de bern dy't der no binne, en dy fine dat hielendal geweldich. Jim soene echt de gesichtsjes sjen moatte, se witte net wat se oerkomt as se in knuffel krije of in kleurplaat of in ballon. Foar 'us stelt it neat foar, en sy hawwe in ^unferjitlitlike erfaring. Alles mei elkoar kinne jo mei fjirtjin minsken in hiele protte dwaan! Moarn geane wy fierder: mei de bern, mei it waskhok, meskien fervje, linoleum lizze, mooglik begjin meitsje mei de b^eden. Mar ferjit net: de dingen geane hjir ek hiel omslachtich. Jo hawwe ^ofspraak mei de leadjitter, mar dy komt gewoan net - en alles leit wer stil op ien plak. Eefkes boumateriaal keapje: by 'us in healoerke nei de Karwei, hjirre in tocht fan fjouwer oeren. Wy sitte no yn it st'udzjeh^us fan 'e Stifting Sviatoslav, en wy hawwe it hjir hiel goed. Goede sliepkeamers, lekker iten, en hiel gesellich. Flakby in terraske - wat wolle jo noch mear! Oare kear mear berjochten en earst mar de groetnis oan alle minsken fan it th'usfront! Liuwe |