DE TWA DOARPEN



Ynterland Frysk damme

Geplaatst op: 20-11-2023

Op snein 19 novimber 2023 is der yn it Italjaanske Aosta in tinksport-ynterland spile tusken Italjaanske en Fryske jeugdspilers. It inisjatyf foar de moeting kaam fan ’e damklub Damaosta. Spilers fan Damaosta binne poer entûsjast oer it Frysk Damjen en hawwe al ferskate kearen yn Fryslân west te spyljen.

No reizgen de jeugdspelers Teije Stor (Boalsert), Neeltsje Ykema (De Gaastmar), Wytze Zeinstra (Blauhús), Wytse Breeuwsma (Wommels) en Sjoerd Breeuwsma (Wommels) nei de noardwestlike berchregio yn Itaalje. De beide Wommelsers kamen foar it ljocht troch in promoasje-aksje dy’t holden wurde koe troch in opdracht fan ’e provinsje Fryslân. Der is in spesjale yntroduksjemodule skreaun dy’t fia it platfoarm Lidraughts.org foar eltsenien beskikber is en dy’t bekend makke is fia in publisiteitskampanje op ’e sosjale media. Tsien ynstrukteurs binne oplaat wurden om mei dy module ferskate basisskoallen bydel. De praktyk wiist út, dat learlingen op dizze manier yn in oere it Frysk Damjen ûnder de knibbel hawwe. Dêrnei kinne se sels oan it oefenjen yn ’e digitale omjouwing fan Lidraughts. De ynstrukteurs kinne de foarderings online folgje en oanwizings jaan. Op dy manier binne de fiif bêste jeugdspilers selektearre foar de ynterland.
It bysûndere fan dizze ynterland is, dat net allinnich de Italjaanske dammers Frysk spylje, mar dat de Fryske dammers spesjaal foar dit barren ek it Italjaanske spul oanleard hawwe. Dêr mei troh wie it in bysûndere en spannende krêftmjitting!
 
By de Interland wiene der meiinoar 27 dielnimmers. In dield tredde plak wie der foar de Boalswerter Teije Stor (11 punten). In dield fyfde plak wie der foar Neeltsje Ykema fan ’e Gaastmer 10). Sjoerd Breeuwsma út Wommels wie mei 8 punten dield trettjinde. Wytze Zeinstra afn Blauhús wie mei 7 punten dield njoggentjinde en Wytse Breeuwsma út Womels mei 6 punten dield 21ste. It Fryske team helle mei 42 punten in tredde plak. In earfolle fermelding fertsjinnet de tsienjierrige Leonardo Napolitano, dy’t it slagge om al syn Fryske spullen te winnen.

Njonken de Interland Fryslân-Italië foar de jeugd wie der ek in ynterasjonaal toernoai foar betûfte spilers. Teams ut Tsjechië, Itaalje en Fryslân strieden om de tsjelke fan ’e troch Damaosta oprjochte National Draughts Clubs League. Dat ynternasjonale ferbân is oprjochte om it damjen yn safolle mooglik nasjonale of ynternasjonale farianten te beoefenjen. Yn dizze earste edysje is der spile yn ’e farianten Italjaansk, Ingelsk, Tsjechysk en FRYSK!
It Fryske team bestie út ’e spilers Sjouke Attema (De Gaastmar), Willem Schaap (Jirnsum), Marten Walinga (Waaksens) en Liuwe Westra (Lollum) en moast it opnimme tsjin Italjaanske en Tsjechyske strikers. Foar Itaalje kamen efter it boerd: Paolo Faleo, Davide Gemma, Andrea Peirano en Francesco Zappia. Foar Tsjechië: Jiri Sysel, Filip Kareta, Milan Sip en Václav Krista. Dit evenemint sil alle jierren holden wurde troch lannen of kriten dy’t har by de League oanslute. Fryslân stiet op ’e nominaasje op it evenemint te organisearjen yn 2025.

It Italjaanske team slagge op it earste plak (34 punten), de Tsjechen waarden twadde (31) en de Friezen einigen as tredde (7). Foar de Friezen spile net swak by, dat mar leafst 5 fan ’e 6 omlopen spile moasten op it boerd mei 64 fjilden, en mar ien wedstryd neffens de Fryske regels.
 
Mear ynformaasje oer it Frysk damjen en oer dit barren is te finen op:

www.friesdammen.nl
www.battleofthestrongest.nl
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA