DE TWA DOARPEN



Harmen Jacob Postma uit Waaksens wint toernooi Frysk dammen in Blauhûs

Geplaatst op: 30-11-2018

Sneon 17 novimber wie der in toernoai Frysk damjen foar jeugdspilers yn jeugdhonk SieSa te Blauhús.

It wie in toernoai yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei elk mar fiif skiven.

Tongersdei 22 novimber is der in grut toernoai foar bern yn ’e basisskoalleleeftyd te Ljouwert. Omrop Fryslân is dan gasthear. Der wurde dan in 60 bern ferwachte, wêrûnder in team út Itaalje.

Yn Blauhús wiene 15 bern kommen om foar dizze wedstryd te trenen. Der waarden acht omlopen spile, en der wiene prizen yn trije klassen: de C-klasse foar bern dy’t dit jier foar it earst damje, de B-klasse foar bern mei ien of twa jier ûnderfining, en de A-klasse foar bern dy’t op it punt steane te promovearjen fan de pupillen nei de jeugd.

1    Harmen Jacob Postma A (Waaksens) 7½
2    Willem K. Kroon A (Blauhús) 6½
3    Jorrit Frankena A (Blauhús) 5½
4-7    Marcus Kroon     B (Blauhús) 4½
    Neeltsje Ykema B (De Gaastmar)
    Watze Anne Postma B (Waaksens)
    Johan Gaastra B (Kûbaard)
8-9    Jurre Jansen B     (Blauhús) 4
    Maaike Kroon C (Blauhús)
10-12    Femke Dykstra C (Wommels) 3½
    Wytse Wiegersma B (De Gaastmar)
    Harm Brandsma C (Blauhús)
13    Nieke Ykema C (De Gaastmar) 3
14-15    Brecht Ykema C (De Gaastmar) 2½
    Hiske Bos C (Wommels)

Yn ’e B-klasse waarden barraazjes spile tusken Marcus Kroon en Neeltsje Ykema (1-0) en Watze Anne Postma en Johan Gaastra (1-0), en dêrnei foar priis en preemje tusken Marcus en Watze Anne (1-0).

De priiswinners wiene dus:
A-klasse: Harmen Jacob Postma (1e priis) en Willem Kroon (2e priis)
B-klasse: Marcus Kroon (1e priis) en Watze Anne Postma (2e priis)
C-klasse: Maaike Kroon (1e priis) en Hiske Bos (2e priis) 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2018 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA