DE TWA DOARPEN



Frysk damjen foar jeugd, pupillen en begjinners yn Blauhús 26 jannewaris 2019

Geplaatst op: 29-01-2019

Frysk damjen foar jeugd, pupillen en begjinners yn Blauhús 26 jannewaris 2019
 
Sneontemiddei 26 jannewaris waarden ferskillende toernoaien en toernoaikes spile Frysk damjen, yn trije klassen: jeugd (fan 12 jier ôf), pupillen en begjinners. It gong ûnder oare om pleatsing foar de persoanlike kampioenskippen yn dy kategoryen, mar der wiene ek prizen foar de bêste risseltaten fan dizze middei.
 
By de begjinners hawwe Mette Jorritsma, Jurre Jansen, Maaike Kroon en Brecht Frankena, allegear út Blauhús, har pleatst foar de finale op 16 febrewaris oansteande. Dat diene se mei de punten fan dizze wedstryd en dy fan 28 desimber 2018. De totale punte-oantallen wiene: Maaike 7 punten, Mette 8 punten, Brecht 10 punten en Jurre 14 punten (alles wûn!).
 
De deipriis fan de begjinners wie ek foar Jurre Jansen, mei 9 punten. De preemje wie foar in debutant út Boalsert, Teije Stor, mei 6 punten. Spitigernôch hie Teije net meidien by de wedstryd fan 28 desimber, oars hied er in goeie kâns hân om him te pleatsen foar de finale.
 
Utslaggen begjinners 16 febrewaris: Brecht Ykema (Blauhús), 1 punt; Harm Brandsma (Blauhús), 3 punten; Nieke Ykema (Blauhús), 3 punten; Maaike Kroon (Blauhús), 5 punten; Mette Jorritsma (Blauhús), 5 punten; Brecht Frankena (Blauhús), 6 punten; Janke Delea (Wommels), 6 punten; Teije Stor (Boalsert): 6 punten; Jurre Jansen (Blauhús), 6 punten.
 
Utslaggen begjinners 28 desimber: Brecht Ykema, 0 punten; Nieke Ykema, 1 punt; Maaike Kroon, 2 punten; Mette Jorritsma, 3 punten; Brecht Frankena, 4 punten; Jurre Jansen, 5 punten.
 
By de pupillen pleatsen har Neeltsje Ykema (De Gaastmar), Harmen Jacob Postma (Waaksens), Willem Kl. Kroon (Blauhús) en Wytze Zeinstra (Blauhús). Hja spilen op 28 desimber fiif partijen, en op 16 febrewaris noch twa. De punte-oantallen:
 
Jorrit Frankena (Blauhús), 3 punten; Marcus Kroon (Blauhús), 3 punten; Watze Anne Postma (Waaksens), 3 punten; Neeltsje Ykema (De Gaastmar), 4 punten; Harmen Jacob Postma (Waaksens), 4 punten; Wytze Zeinstra (Blauhús), 5 punten; Willem Kroon (Blauhús), 6 punten.
 
By de jeugd is it noch net hielendal dúdlik wa’t pleatst binne foar de finale, omdat noch net alle partijen spile binne. Wol hawwe alle oanwêzige jeugdspilers en pupillen meiinoar noch in toernoai damd mei fiif menuten op ’e klok, mei dêryn prizen foar beide groepen. Nei njoggen omlopen wiene der eareplakken foar Marcus Kroon út Blauhús (preemje pupillen), Wytze Zeinstra út Blauhús (priis pupillen), Herre Klaas Ykema fan ’e Gaastmar (preemje jeugd) en Wiebren Ykema fan ’e Gaastmar (priis jeugd). De punte-oantallen:
 
Watze Anne Postma (Waaksens), 0 punten; Hessel Boelens (Snits), 0 punten; Jorrit Frankena (Blauhús), 3 punten; Neeltsje Ykema (De Gaastmar), 3 punten; Willem Kroon (Blauhús), 4 punten; Eelco de Wolff (Blauhús), 4 punten; Harmen Jacob Postma (Waaksens), 5½ punt; Hester Boelens (Snits), 5½ punt; Marcus Kroon (Blauhús), 5½ punt – twadde priis pupillen; Wytze Zeinstra (Blauhús), 6 punten – earste priis pupillen; Herre Klaas Ykema (De Gaastmar), 8 punten – twadde priis jeugd; Wiebren Ykema (De Gaastmar), 8½ punt – earste priis jeugd.

Foto's: DFS/Anneke Zeinstra
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2019 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA