DE TWA DOARPEN



Stichting Greidhoekekatedraal in aksje!

Geplaatst op: 10-07-2020

Tongersdei 9 july is de Stichting Greidhoekekatedraal in aksje begûn om de eardere Grifformearde tsjerke fan Lollum foar de takomst te behâlden.

Yn ’e eardere tsjerke waard in prissentaasje holden foar in goeie 40 neiste buorlju, frijwilligers en oare belutsenen. Dêrnjonken waard in eksposysje iepene fan skilderijen en tekeningen fan ’e keunsterns Jan Mulder út Sutfen (berne yn 1932) en Gerrit Terpstra út Amsterdam (berne yn 1950). It wurk is te keap en (in part fan) de opbringst giet nei it plan.

It gebou is in arsjitektoanysk juwiel en boppedat in unyk monumint foar in stik geastesskiednis, dêr’t Fryslân in belangrike rol yn spile hat. As wy der net om tinke, ferdwynt dat erfgoed folslein út ’e iepenbiere romte.

It plan bestiet út twa parten. Earst wurde ferskate aksjes holden om yn in healjier tiid út ’e mienskip en út it gebrûk fan it gebou € 250.000 te generearjen. Slagget dat, dan kin mei in like hege bydrage fan fûnsen it gebou it grut ûnderhâld krije dêr’t it oan ta is.

It twadde part fan it plan is om, nei it konservearjen fan it kasko, yn it gebou seis smûke wenten mei binnenhôf en toer te bouwen.

Beide parten fan it plan gripe yn elkoar op in tal aspekten:

1) de oanwêzigens fan in unyk monumint yn in lyts doarp, dat nearne oars sa bewarre bleaun is;

2) de fraach nei grutte, goed te fentilearjen akkommodaasje foar sjongers, musisy, koaren, orkesten, groepen en keunstners yn in tiid fan koroana;

3) de fraach nei wenromte foar húshâldens fan ien of twa persoanen yn in tiid fan stikstofkrisis;

4) it stribjen nei leefberheid yn ’e lytse doarpen yn ’e 21ste ieu.

It hiele plan is taheakke by dit berjocht, en is ek op te heljen op ’e webside fan Krúspunt: www.kruspunt.frl . De mooglikheden om de tsjerke te brûken of om op in oare menier by te dragen binne dêr ek te finen.

Greidhoekekatedraal ynlistfel mei putten KLIK HIER

Greidhoekekatedraal brochure KLIK HIER

 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2020 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA