DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl. 7)

Geplaatst op: 09-03-2020

It hâldt net op! (ôfl. 7)
 
It is hjoed tiisdei 1 oktober, it lêste fearnsjier alwer fan 2019; nei de moaie dei juster sit der op dizze tiisdeitemoarn dochs wer nei in jûn en nacht fan buiïch waar 15 mm yn de mjitter. Mar oan de berjochten hawwe wy foarlopich it measte wetter hân. It sil wol wat frisser wurde. Juster helle de oerdeitemperatuer, mei in súdwestewyn, noch 17-18 graden. Fan ’e moarn om njoggen oere mei westewyn 14,5 graad. Tusken tolve en twa oere wie it bledstil, dan wurdt it wer wat winich en wêr komt de wyn wei? Ut it noardeasten en jûns kaam er wer, hoe kin it allegear sa, út it westnoardwesten.

Op woansdeitemoarn sit der 3,5 mm yn de mjitter, temperatuer hast 13 graden mei sinnich waar. Op freed wer 4,5 mm. It is wer wat wiet, mei súdsúdeastewyn. Wêr’t de wyn mar wei komt, wiet is it, mar de waarberjochten binne dat der in pear dagen ferbettering oan komme. 4 oktober noch net, it is de hiele dei wiet en kâld, mar 12 graden; net dat it folle milimeters opsmiet. Mar wy hawwe de sinne net sjoen, in kleare hjerstdei, mear kin ik der net fan meitsje. Mar moarn, sneon, in droege dei mei sinne, 3 mm wetter oer juster. De temperatuer is oan de sunige kant en sa hat it ek west: in droege dei, wol sinne, mar wol in frisse wyn út it noardeasten.
Sneintemoarn sit der bewolking foar de sinne, mar it is droech hjir yn it noarden, en dat is foar de boeren wol moai, foar har al meande lân. Mar it wie wol in kâlde snein mei 10 graden.

It is hjoed moandei 7 oktober, de sinne komt moai op, temperatuer om njoggen oere fan ’e moarn 6 graden, mar wol in kâlde nacht mei súdeastewyn en dêrmei noch gjin nachtfroast, en dêr sitte wy ek noch net op te wachtsjen.
Op tiisdeitemoarn sit der 2,5 mm en op woansdei, fan de bui fan justerjûn, 3 mm yn de mjitter. En it hjerstwaar giet gewoan troch mei soms hurde wyn, rein en plensbuien. Ek sjogge wy sa út en troch dat de sinne der noch wol is, mar 13-14 graden, dat is it sawat.

Mar tongersdeitemoarn sit der, nei buien fan justermiddei en -jûn 18 mm yn de mjitter. Dêrmei kin it lân en bouwurk hast net mear.
It hâldt net op: ek freedtemoarn om njoggen oere sit der alwer 14 mm yn de mjitter en sneon alwer, fan kleare hjerstwaar op freed mei stoartbuien en hurde wyn út it súdwesten 24 mm.

Ek sneon hat it net droech west. Op sneintemoarn alwer 11,5 mm en mei súdeastewyn is it 12 graden. En sa hawwe wy oer dizze foarbye wike hjerstwaar, meimekoar 73 mm, en dat is op elke fjouwerkante meter 75 liter wetter. Wy kinne it ek oan it wetter yn de sleatten sjen, ek it bûtenwetter stiet heech. Dat komt ek mei fan de lêste dagen hurde súdwestewyn. Dy hâldt it tsjin, en dan kin it minder ôfstreame nei it gemaal by De Lemmer. Ek in pluspunt is dat it snein in hast droege dei is mei 2 mm. Ek de natuer giet syn gong; no’t de sleatten heakkele binne, kinne wy wer sjen wat der swimt. Ik seach fan ’e moarn dat de reidhintsjes der wer wienen by de pleats fan Rienk en Jikke. Troch de reidgroei sjogge jo sa’n hiele simmer net wat der yn ’e sleat libbet, mar no al no’t de sleat hekkele is. Fan ’e moarn seach ik de beide âlden mei in reade snavel en de trije jongen mei noch in swart snaffeltsje. Wat moai! En sa sil it grif wol mear gean.

It is hjoed, tongersdei 17 oktober, alwer in wiete boel; nei buien fan justerjûn en fannacht 13 mm. Doe’t ik de buiekâns justermiddei seach, tocht ik, it measte giet ûnder ús lâns, mar net dus. It is freed 18 oktober alwer; it is dizze freed net droech bleaun. Sneon sit der 3,5 mm yn de mjitter, mar fierder is it droech.
As jo sa troch it fjild ride, dan sil der noch hiel wat barre moatte: de jerappels binne der noch lang net allegear út en it mais der noch net allegear ôf. De greide groeit alle dagen noch, in soad gerslân kin sa de wintertiid net yn. It soe hiel moai wêze as it fan no ôf oan foarlopich droech bliuwe soe. Mar dat kin oars net as in winsk fan ús bliuwe, en dy winsk giet net daliks yn ferfolling, want op moandeitemoarn sit der alwer 7 mm yn de mjitter. Mar de berjochten bliuwe dat wy de kommende dagen droech waar krije en dêr hâlde wy it op. Mar earst sit der op tiisdeitemoarn 5,5 mm yn de mjitter. De wyn waait oeral wei: moandeitemoarn eastnoardeast, middeis en jûns west, tiisdei súdwest, woansdei súdeast, tongersdei súdsúdwest mei op in pear drippen nei gjin delslach; temperatuer 14-15 graden. Freed súdwestewyn. Ek sneon noch 2 mm fan buikes fan freed, hurde súdwestewyn mei in temperatuer fan 14,5 graad.

Sneintemoarn sit der wer 5,5 mm yn de mjitter fan buikes fan sneontejûn; it waait noch hurd út it westnoardwesten en de temperatuer is om goed njoggen oere noch 10,5 graad. Wy sille fierder de lêste oktoberdagen droech waar hâlde, seit Pyt Paulusma. Op moandeitemoarn, de dyk is al wiet wurden, mar fierder is it droech; wy binne hjoed 28 oktober, de hjerstfakânsje is wer foarby. It is om njoggen oere al 9,5 graad mei noardwestewyn, rêstich, ek de sinne lit syn grut ljocht alwer skine.
Mar moandeitejûn noch wer 2 mm fan in Noardseebuike. Op tiisdeitemoarn om njoggen oere 7 graden; wy krije allegear yn ’e gaten dat it kâlder wurdt. Oft wy dit no moai fine of net, de sinne giet alle dagen fierder by ús wei. Mar hjoed, 29 oktober, nei goed sân wiken, komt hy dizze kant wer út, en no al alle dagen wer in nij beleven. Hjoed 30 oktober hawwe wy de earste froastnacht hân. Dakken oan ’e lije kant, platte dakken, om goed acht oere is alles noch wyt en beferzen. Yn dizze wintertiid komt de sinne noch in oere earder op as yn it donkerst fan ’e dagen, en hy komt hjoed ek echt op yn in skjinne loft om en de by healwei achten. De temperatuer is dan 3 graden.

Tongersdeitemoarn is de wrâld wer hielendal wiet, en om njoggen oere is it 1 graad boppe nul, mar it bliuwt wol droech. Nei wer in kâlde nacht is it freedtemoarn bewolke en hawwe wy hast de hiele dei motrein. Freedtejûn giet de temperatuer stadichoan wat omheech en wurdt it droech. We sille sjen hoe’t it moarn liket. Meimekoar oer de hiele dei juster en jûns noch wat wetter, 11,5 mm, mar de wyn is nei it súdwesten draaid en dêrmei binne de froastige nachten wer foarby. It komt fan ’e moarn, sneon, wer lekker bûten mei 12,5 graad, mei de sinne dy’t hjir en dêr troch de bewolking skynt en no noch rêstich waar. De takken dêr’t no noch blêd oan sit bewege krekt in bytsje, mar oan de berjochten te hearren sil dat hjoed net sa bliuwe. En dat hat ek sa west, mar wy hawwe gjin stoarm hân, heechút hurde wyn mei ek wat wiettichheid, 3 mm.

Ek snein: de snein is sa moai begongen mei sinne en rêstich waar, mar middeis en jûns is it dochs wat wiet wurden mei 7 mm; de froast is foarlopich fuort, mei nachts 6-7 graden en oerdei tolve oant fyftjin graden. Moai waar om bûten te wêzen. Mar wat koartsje de dagen, en dan hielendal as it bewolke is. De sinne komt op moarns kertier foar achten en middeis fiif oere giet er alwer ûnder. It wurdt tsjin achten wer wat ljocht en middeis tsjin fiven alwer donker, en dit giet noch goed seis wiken sa troch, want goed seis wiken is 6 kear 10,5 menút, dat is in goed oere. Mar dêrnei wurde alle dagen wer 1,5 minút langer, en dat jout my in hiel goed gefoel. Ik sjoch der no al nei út.

Hjoed 5 novimber 1,5 mm yn de mjitter, fan juster op ’e neimiddei, en fan ’e moarn (woansdei) wer twa, mar de sinne komt no moai op. It sil hjoed in goede dei wurde, en dat hat ek sa west. Mar de wyn draait alle kanten op: fan ’e moarn earst noard. Wêr’t ek mar depresje-aktiviteit is, dêr giet de wyn ek hinne, want middeis is er noardwest. Fan ’e moarn, tongersdei 7 novimber, wat der oan wyn is, komt út it súdeasten, en dat is it moaie hjirfan, it is alle dagen wer in ferrassing. Mar wer wat buien middeis en jûns, meimekoar 5 mm.
Nei de nacht fan tongersdei op freed komt de sinne skitterjend op, dêrmei begjint de dei moai, mei de wyn út it suden en mei in temperatuer fan 9,5 graad. Wat in moaie dei. En sa de iene, sa de oare dei. Op sneon ien grauwe, grize boel mei de wyn út it súdeasten en in temperatuer fan 5 graden middeis om fjouwer oere. En dan witte jo hjir daliks troch hoe ûnrêstich it yn de natuer is: dan is de wyn westnoardwest. Snein in rêstige en meastentiids bewolke dei, mar dochs de sinne noch efkes sjoen. De wyn is súdwest en it is 8 graden.

Moandei 11 novimber, Ald Alderheljen, in grauwe, grize dei, de sinne net sjoen, 6 graden mei op ’e neimiddei en yn ’e jûn en nacht wiettichheid, goed 8 mm. De wyn is moarns earst súdsúdeast, middeis súdsúdwest mei tongerkoppen boppe see.
Tiisdei, de sinne komt moai op, de hurde wyn fan juster is wer wat bekommen, mar it is wol fris. It hat droech west oant de jûn, mar dan wol wiet. Meimekoar sit der op woansdeitemoarn 9 mm yn de mjitter. As ik de berjochten sjoch en hear, sieten wy noch oan ’e goeie kant; yn it westen en midden fan it lân plensbuien mei tonger en wiete snie en hagel. Sa kin it ek, mear as 20 mm.

Nei in buike justermiddei sit der hjoed, tongersdei, 1,5 mm yn de mjitter; der wurdt hjoed by ús in droege dei ferwachte, rêstich waar, mar fris, 5 graden. Freed idem dito mei hurde súdeastewyn. Sneon itselde, in grauwe, grize, kâlde dei mei súdwestewyn en 4,5 graad. Sneintemoarn tsjin achten komt de sinne yn it súdeasten op, yn in helderblauwe loft. Wat in moai begjin fan dizze snein. As ik sa om my hinne sjoch: alle blêden binne noch net fan de beammen, wy hawwe wol kâld waar hân, mar op dizze 17de novimber noch net echte froast, dus dêrom. Wat my ek noch opfallen is dizze foarbye wike, moandeitejûns 11 novimber gjin bern by de doar lâns, it wie kâld en wiet waar. Ik tink dat wy dat net earder meimakke hawwe. Hoe kin dit? Ik tink, earder hat it ek wolris kâld west en ek wolris wiet. Mar tagelyk, dan kin it net. De wyn komt wer oeral wei hjoed, snein, moarns út it westen, middeis út it easten, en op moarndeitemoarn is er noard en sit der nei de nacht 12 mm yn de mjitter.

Ek tiisdeitemoarn noch 6 mm. Ek oerdei kamen der noch Noardseebuikes oer, ek mei hagel, mar ek mei skitterjend moaie reinbôgen. Dy Noardseebuikes brochten dochs noch wer 4 mm, mar nei in mistich begjin in hiele moaie sinne-opkomst op woansdeitemoarn. En salang as de sinne derby is, is it lekker bûten, mar middeis tsjin trijen yn ien kear in lytse wrâld en roetkâld.

Tongersdeitemoarn gjin wiettichheid, mar in grauwe, grize start fan ’e dei, mei krap 1,5 graad. Echt novimberwaar, seit Pyt. Freed ek droech, de sinne net echt sjoen, mar wer hiel oar waar mei súdeastewyn; de winterkjeld is wer fuort, mei oerdei fiif, seis, sân graden. As de sinne der wol efkes trochkomt, sjogge jo dat de skaden alle dagen langer wurde. Ek sneon 23 novimber, fris mei eastsúdeastewyn. De blêden binne der hast allegear ôf; it moaie is, der binne altyd noch beammen en struken dy’t ek yn ’e wintertiid grien bliuwe. Ek snein kâld, op ’e neimiddei wol de sinne him noch efkes sjen litte, mar helaas... It bliuwt al droech, en de temperatuer 7 oan te mei 9 graden. Wy witte it: wy sitte midden yn de hjersttiid, en oan de berjochten te hearren komt der wer wiettichheid oan en it wurdt kâlder yn it wykein.

Hjoed alwer de 26ste fan de novimbermoanne. Fjouwer wiken fierder hawwe wy de Krystdagen alwer hân, mar safier is it no noch net. Nei in reinige nacht sit der fan ’e moarn goed 7 mm yn de mjitter. Wat in wiete boel: tongersdei wer 11 mm. Freed noch wer 4 mm fan buien justermiddei, mar wol mei in moaie sinne-opkomst. De wyn is dizze wike de hiele rûnte omgongen: hy is no noardnoardwest en kâlder.
Fierder oant en mei Sinteklaasjûn droech en rêstich waar, mar wat in donkere tiid sa op nei de Kryst. As it wat bewolke is fan foar fiven oant nei achten. Dat dat is dizze dagen net sa. Wy sjogge de sinne opkommen en op ’e neimiddei wer ûnder gean, mar fris is it wol. Wy hawwe al in pear dagen spjelden en nullen op ’e sleat lizzen sjoen. Fan ’e moarn, woansdei, wie it by ús achterhûs krap 3 graden, mar fierder in moaie dei. Oer oktober en novimber haw ik byholden hoefolle wetter oft der kommen is: meimekoar 238 mm. Dat is hast 24 sm op in fjouwerkante meter. Dat is foarlopich wol genôch, mar dêr geane wy gelokkich net oer. Mar hjir noch efkes oer: wat is it dan moai hjir yn Fryslân. Sa fier as wy sjen kinne, oeral rinne sleatten en wettergongen. Dêrtroch hawwe wy it net iens yn ’e gaten.
Freed 6 desimber is it in donkere dei mei (mot)rein, mei hurde wyn op sneontemoarn en mei 8 mm.

Mar it kâlde waar is wer efkes oer, moarns om acht oere is it 8 graden. Sneon en snein fan alles wat en ek noch hurde wyn, mar de temperatuer is goed 9-10 graden. Moandei is it wer in komplete hjerstdei mei hurde noardnoardwestewyn en temperatueren fan 6 ,7 graden. De snein en moandei oer sit der op tiisdeitemoarn wer 8,5 mm yn de mjitter, mei in moaie opkomst fan ’e sinne yn in heldere loft. Sa de iene op ’e oare dei, wat in grut ferskil. Rêstich waar mei 5 graden. Mar dan ek samar wer in stoarmige nacht mei buien. Op woansdeitemoarn alwer krap 4 mm en fan stoarm is gjin sprake mear. Noch tsien dagen foar de koartste dei, rêstich waar mei ek noch wat sinneskyn, en it is noch rêstich, mar op freed, op ’e jûn, wurdt it wer wat wiet, en ek kâld, en sneontemoarn sit der alwer 10 mm yn de mjitter.
Mei buiige loften en hurde weste- en stoarmige wyn sit der sneintemoarn 2,5 mm yn it mjitglês. Moandei 16 desimber in grize rêstige start fan de dei mei moarns om acht oere in temperatuer fan 6 graden. De foarútsichten foar de kommende wike: rêstich waar mei te hege temperatueren foar de tiid fan it jier, mar fannacht hat it net droech west: wer goed 6,5 mm yn de mjitter. Op tiisdeitemoarn giet it waarglês foarút, dat kin ek hast net oars. Yn it wykein stie it hast op ’e kop, sa leech. Fan ’e moarn om goed acht oere goed 8,5 graad. Ik haw it alris earder neamd, hjoed 17 desimber, noch in pear dagen, dan hawwe wy de koartste dei. Dan komt de sinne, hjirwei sjoen, sawat by Easterein op, en op ’e neimiddei ferdwynt er wer rjochting Skettens.

Hjoed woansdei, in droege dei, in moaie dei, mar wer te hege temperatueren foar de tiid: 9, 10 graden. Grutte kontrasten oer de wrâld. Austraalje simmer, te waarm, 40 oant 45 graden. Amearika, New York fannacht in kjeldynfal, -17 oant -18 graden. Wy hjir hjoed einepikewaar, 10-11 graden, sa sei Jan Jonkman, ús waarman, fan ’e middei om tolve oere. Dat wie op tongersdei 19 desimber. Freed, sneon of snein, wat hat no echt de koartste dei west? It is hast net te mjitten mei dit grize, donkere waar, mei soms in ljochtstrieltsje fan de sinne. Dit wurdt wat oars mei de temperatuer; dy wie alle dagen oan ’e hege kant, ja, net foar ús, mar wol foar de tiid fan it jier.

Op 20, 21 en 22 desimber mei 9-10 graden. Oer de dagen 23 en 24 desimber sit der op earste Krystmoarn 4,5 mm en twadde Krystmoarn 8 mm yn de mjitter; de temperatuer is goed 7 graden, en ik wit net oft it al sa is, mar as jo it fernimme wolle, fierder net, we geane de goeie kant wer op.

It wie fan ’e moarn goed 7 graden. Hjoed, freed, wat in moaie sinne-opkomst om kertier oer achten, de hiele dei in blauwe loft mei sinneskyn oant middeis goed healwei fiven. De hiele dei sinne mei allinne boppe see yn it noarden in rantsje bewolking, bledstil waar mei eastewyn, mar wy fernimme al dat it oerdei kâlder wurdt, 4-5 graden. Mar in skitterjend moaie dei, dy 27ste desimber. Ek 28 desimber, sneon, wat sluierbewolking, fris mar ek in moaie dei; yn ’e nacht wat froast, -0,5 graad.

Sa ek snein. Mar dan berint de loft wer wat en giet de temperatuer omheech. Op moandeitemoarn komt yn in reade loft de sinne wer op. De temperatuer is dan 4 graden en oerdei 7-8 graden. In skitterjend moaie sinnedei.
En sa alwer de lêste dei fan 2019, rêstich waar mei in moaie sinne-opkomst, 4,5 graad by ús achter hûs. Westnoardwestewyn. Us geraniums steane noch altyd bûten ûnder it ôfdakje. Se bloeie ek noch en dêrmei fol moed 2020 yn. Dit noch wol efkes: it wetterglês of de wettermjitter hat oer dizze desimbermoanne goed 30 mm metten. Dan Aldjiersdei noch. Fan ’e middei noch sa moai, mar it waard al wat mistich. Mar jûns, ik wie nei de âldjiersjûnpreek yn Hichtum. Derhinne gong noch, mar werom... Troch de wite streken op ’e sydkant fan ’e dyk koe it noch, mar op ’e Burchwerterhoeke tocht ik: wat moat ik? Gewoan in muorre fan mist. Mar gelokkich is it goed gongen, mar ik wie wol hiel bliid doe’t ik thús wie troch dizze tichte mist. Al mei al krige dit ferhaal oer dizze trije moannen waar ek noch in spannend slot.

Knilles Rusticus

Klik hier voor download of printen
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA