DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl.9)

Geplaatst op: 22-08-2020

It hâldt net op! (Afl. 9)

Hjoed, 1 april, de earste dei yn it nije kwartaal, it begjin fan ’e maitiid, begjint somber, fanwegen it koroanafirus. It is krekt as hâldt de wrâld op, oant 28 april hielendal gjin aktiviteit, alles op ’t slot, gjin skoalle, gjin tsjerke, gjin doarpshûs, gjin sjongtsjinsten, it nedige wurk, de nedige boadskippen. It is sa frjemd allegear, sa stil yn ’e buorren. Mar gelokkich, it waar is der wol. Fan ’e moarn is de sinne ek wer opkommen, ek al sit hy meast achter bewolking, in kâld begjin de foarbiye nacht. Fan ’e moarn tsjin njoggenen wie it by ús achterhûs alwer goed 6 graden mei in westnoardwestewyn, rêstich waar mei sa no en dan in drip. Op ’e middei wurdt it goed 11 graden.

Tongersdei 2 april begjint ek wer moai, in moaie sinne-opkomst, rêstich waar, de wyn út it westen, gjin froast hân en in temperatuer fan 7 graden om njoggen oere. It giet wat om en om, sinne en bewolking.

Freed 3 april moarns om 9 oere alwer 8 graden, bewolke, westnoardwestewyn, rêstich waar. De sinne besiket dertroch te kommen. De strânljippen wienen al goed twa wiken om en by Lyts Tolsum, mar juster ek in spantsje skriezen, mar myn waarnimming: der binne wat tefolle rooffûgels. De einen sitte al te brieden, mar wol feilich yn ’e koer, en dy feilichheid kinne wy de ljip en de skries net biede. Fan ’e middei hat it noch hast 12 graden west en it hat op in pear drippen nei droech west.

Sneon 4 april, lykas de waarberjochten ek al wienen, it hat in moaie dei west: fyts- of rinwaar. Fan ’e moarn om njoggen oere wie it al goed 8 graden mei rêstige súdsúdwestewyn, en fan ’e middei waard it noch 15 graden. Snein mei eastsúdeastewyn komt de sinne op yn in skitterjend helderblauwe loft, moaier kin net, mar it hie wol moai west as wy dat meimekoar besjonge kinne hienen, mar dat komt hoopje ik wol wer. Fan ’e moarn om healwei njoggenen wie it 6,5 graad, mar dy blauwe loft, it is in plaatsje. Om healwei tolven is it al hast 14 graden, mar middeis komt it nettsjinsteande de hast stoarmige wyn by ús achterhûs wol boppe de 20 graden.

Moandei begjint wer skitterjend moai en dan is de temperatuer om goed acht oere alwer 9,5 graad. Op ’e middei wurdt it goed 19 graden, mar letter dy middeis komt de westlike wyn mei bewolking en sakket de temperatuer nei 15 graden en jûns krije wy in pear drippen.

Tiisdei 7 april komt de sinne wat yn de mist op, mar om healwei njoggenen is hy der folop by, en is de temperatuer 7,5 graad, en dy pear drippen fan justerjûn wie dochs hast in heale mm. Ik trof Sjoerd fan ’e moarn, hy sei: juster op myn moandeiske rintochtje seach ik boppe de pleats fan Anno Venema twa boereswellen. Se binne der wer, de moaie tiid komt wer oan, en dêrmei begjinne al ús swelleherten wer hurder te klopjen. Fan ’e middei wurdt it 19 graden mei súdeastewyn. Letter op ’e jûn giet de wyn troch it easten nei it noardeasten.

Woansdei 8 april is de wyn wer east, foar safier’t der wyn is. De temperatuer moarns om healwei njoggenen is 9,5 graad. De sinne komt op yn in wat grize loft. Fan ’e middei om healwei trijen wie it 19 graden, mar jûns is de wyn wer noard. Wol de waarmste 8ste april yn Nederlân oait metten: 24,5 graad. Krekt net in simmerdei.

Tongersdei 9 april moarns om healwei njoggenen 9 graden De sinne is fan ’e moarn helder opkommen: wat wer in skitterjend moaie blauwe loft! Wyn is der hielendal net, mar ik tink oan it hintsje op it tsjerkedak, dat wiist nei it súdeasten. Dit hintsje giet lichter om as de hoanne op ’e toer en dus komt de wyn út it súdeasten. Mar moai net dus; even letter stiet de hin mei de kop yn it noardwesten en dêr komt de wyn echt wei. Fan ’e middei om trije oere wie de temperatuer goed 20 graden. Mar jûns wurdt it wer kâld mei noardewyn. De kommende nacht is der kâns op nachtfroast, en dat hat ek sa west.

Mar op freedtemoarn komt de sinne moai op mei eastewyn. Dan is it samar oars. Hjoed in goeie dei, mei de eastewyn fielt it fris oan. De temperatuer komt by ús achterhûs noch oan goed 15 graden ta.

Sneon 11 april komt de sinne moai op yn in wat dizige loft, eastsúdeastewyn, it is fris om goed acht oere mei 7 graden. By Lyts Tolsum is al in ein mei 14 piken, dat is wol hiel betiid. Wat soe hjir fan oerbliuwe? De wyn bliuwt wat fris, mar it is hjoed in echt moaie dei mei fan ’e middei noch wol 18 graden.

Peaskesnein, wat in snein! Hast net foarmekoar te krijen, ûnwennich, net bymekoar komme om it moaie ferhaal te besjongen, gjin wurd, gjin oargel of korpsgroep om moaie peaskelieten te belústerjen of te sjongen. De sinne skynt troch de bewolking, dat is posityf, mar fierder is it deastil. It wie hjoed in hiele moaie dei wat it waar oangiet. As der wyn wie, oeral wei mei 18-19 graden.

Peaskemoandei wer hiel oars, mei in hurde noardeastewyn, mei in temperatuer fan 7 graden moarns om acht oere, griis kâld waar mei hjir en dêr in glimp fan ’e sinne. Mar de stienparrebeam by oerbuorman stiet prachtich yn bloei, de bijen kinne har bêst mar dwaan, en leaver net te folle froast mear. Middeis komt de sinne mear, mar de hurde wyn bliuwt en dy makket it kâld, 9-10 graden. Wat in ferskil mei juster.

Tiisdei 14 april, ik kin hast wol itselde opskriuwe as juster; de wyn is in bytsje oars, no noardnoardwest, en wat minder fûl, mar kâld oerdei mei 8 graden, griis kâld waar en hjir en dêr in glimp fan ’e sinne. Foar woansdei wer hast itselde, mar in moaie sinne-opkomst en mear sinne as juster. De wyn westnoardwest en yn ’e lijte is it lekker, mar op ’e wyn fielt it noch kâld mei 9 graden.

Freed, wat in moaie sinne-opkomst yn dy herlderblauwe loft yn dy kâlde noardnoardeastewyn, krekt gjin nachtfroast fannacht. Om goed njoggen oere is it wer 6,5 graad, mar yn it skaad op ’e wyn fielt it 5 graden leger. Justerjûn om en de by njoggen oere wol in moaie sinneûndergong yn in read-giele loft. Ik tocht by mysels: it moaie dat der te sjen is, moatte jo wol meinimme yn dizze sombere tiid fan droechte foar de natoer. Wy hawwe de lêste fjouwer wiken wol ris hjir en dêr in drip hân, mar der wurdt no al sein dat it de droechste april oait wurdt. Wy learden eartiids op skoalle: ’Droge maart is goud waard, als het in april maar natten wil.’. Wy sille sjen hoe’t it fierder giet. Fierder oer hjoed: goed waar yn ’e lijte, mar op ’e hurde wyn ‘pikelkâld’. De temperatuer is takommen oan 14 graden.

Sneon, as jo nei bûten sjogge, is it kleare simmer, mar fannacht noch wol grûnfroast yn Fryslân, 0 graden. Snein, it is simmer fanút hûs, mar de hurde noardeastewyn makket it kâld. Moandei krekt itselde, mar de stoarmige wyn út it easten makket it echt kâld. Moarns 4,5 graad, middeis 15,5 graad. Wat in waar hawwe wy; as je gjin koroana krije, moatte je wol oersterk wêze om dit te oerlibjen, en dat op 20 april. Wat in moaie sinne-opkomst, de hiele eastlike loft ferljochte, hurde oant stoarmige eastewyn, temperatuer 6,5 graad.

Ek tiisdei 21 april waait it noch in heale stoarm út it easten. Moarns is it noch in kâlde wyn, mar middeis wurdt it dochs wat oars en hoecht de jas net mear ticht. Fan ’e moarn noch 6 graden, fan ’e middei 15/16 graden.

Woansdei 22 april waait it wat minder hurd, temperatuer 6,5 graad, mar noch wol eastewyn. Fan ’e middei in praatsje mei buorfrou oer it sket. Sy sei: Sjoerd hat justerjûn de earste toerswel ek sjoen, hjir oachteroan tocht ik daliks, wêr moatte dy bistjes fan libje? Want der is mei dit sinnige, kâlde winige waar noch neat, mar dêr wer achteroan: it is de natuer, it komt goed! De appelbeam (goudrenet) by ús op it achterhiem stiet prachtich yn bloei.

Tongersdei 23 april is de hurde wyn fuort; hy komt út it noardnoardeasten. Op wat sluierbewolking nei komt de sinne der wol troch. Wat in moaie dei, in simmerdei. Moarns dalik al hast 10 graden, oerdei 17/18, einepikewaar.

Ek freed komt de sinne prachtich op yn in helderblauwe loft, de wyn foar safier’t dy der is, komt noch út deselde rjochting, mar sadree’t de wyn wer opstekt, moat de jas wer oan. Dan haw ik hast in wike neat opskreaun, want wy waarden posityf testen, en ik fielde my net goed, en dan is alles jin wol goed. En ik makke mysels wiis: wy hawwe gjin koroana, en wy wolle wol oerlibje, en dat dogge wy thús. Mar it is wol oars útpakt.

Woansdei 29 april, de swartste dei yn myn libben. Ik wie siik, deasiik, mar ik sei oant healwei fjouweren middeis ta: Wy bliuwe dêr’t wy binne, want ik woe yn myn siikwêzen thúsbliuwe. Mar it koe op ’t lêst net mear, en as je je dan sa beroerd fiele dan is ek alles wol bêst. Dat om healwei fiven arrivearren wy by fersoargingshûs Anna Schotanus op It Hearrenfean. As je dan sa min binne, dan is it ek wol goed wat der ek mar bart. Wat ferskriklik, dat koroanafirus. It is net foar te stellen yn hoe’n beroerde tastân as je bedarje; je hiele ûnderein wurket net mear. Je smaak is fuort, alles smakket nergens mear nei, en dêrom wolle je ek neat ite en net drinke. Sels wetter net, alles is smakeleas en stiet je tsjin. En as je der net om tinke is it ‘einde oefening’. En yn dizze situaasje kin je dat ek neat skele, mar dat is net de bedoeling fan de soarch. Dy besiket je wol it nedige ta te krijen, en dat slagget stadichoan ek. Mar wat deryn komt, moat der ek wer út, en om’t de termwurking stagnearret, komt dat net en moat in klisma rêding bringe. As dy syn wurking dien hat, dan fiele je je daliks in oar mins. Fierder giet it wat hinne en wer, mar trochinoar goed.

Woansdei 6 maaie is myn hoastjen oer. Dat haw ik hiel licht hân; mar ris sjen hoe’t it fierder giet. Tongersdei 7 maaie, om nei bûten te sjen, wat in skitterjend moaie dei. Folop sinne yn in moaie blauwe loft. Mar spitich is dat je dizze waarnimming fanachter it rút dwaan moatte. Even lyn hie ik dat net betinke kinne. Mar by libben en sûn wêzen komt hjir ek wer in ein oan. Wy sjogge dan wer.

It is freed 8 maaie. Fan ’e moarn gjin nachtfroast. Justermoarn wie hjir alles om en by It Hearrenfean noch wyt en moasten de sjauffeurs de autoruten skrabje. Mar noch in wike, dan binne wy de 15de maaie, de lêste fan ’e ‘Iishilligen’, en dan is de froastkâns foarlopich wer foarby. Dit wie my de wintertiid wol wer. Der hat net in ein op it iis kinnen; allinne yn april en begjin maaie de fruitkwekers pleagje.

It is hjoed 9 maaie. Fan ’e moarn net autoruten skrabje; it hat fannacht 5, 6 graden west. Fan ’e moarn betiid komt de sinne yn in helderblauwe loft op. It sil hjoed in hiele moaie dei wurde, mar wy moatte noch wol binnendoar bliuwe.

Hjoed snein 10 maaie, memmedei; de snein begjint sinnich, mar de sinne komt net samar troch de sluierbewolking hinne. Wy sille it hjoed mei wat minder dwaan moatte. Juster ta de jûn út in echte simmerdei mei in temperatuer fan goed 20 graden. Mar hjoed, snein, net. It hâldt mei 13, 14 graden wol op. It waait in heale stoarm út it noardnoardeasten. Ek moandei bliuwt it noch fris, 11, 12 graden, en de ferwachting foar tiisdei is ek noch net simmers: hagelstiennen. Dat is hiel wat oars. Mar wy sille moarn wol wer even sjen, seit Piet dan. Dan is it tiisdei 12 maaie, de sinne komt op yn in helderblauwe loft. Dat is wol hiel wat oars as hagelstiennen, mar de dei is noch net om. Wy hawwe hjoed in pear drippen rein en ek noch in pear hagelstiennen hân. De temperatuer hat net boppe de tsien graden west. Wat minder wyn as juster, mar in kâlde dei, hast 3, 4 graden minder wat de temperatuur om dizze tiid wêze moast.

Moarn is it woansdei, dan tongersdei, dan freed, en sa’t it no stiet mei ik dan nei hûs. Mem moat hjir noch in pear dagen langer bliuwe, want dy kin net earder as tiisdei 9 maaie yn de soarch yn Frjentsjer telâne. Hjoed woansdei de 13e maaie begjint griis en grau, kâld; it hat wat wiet west fannacht. Ek om goed 8 oere sit de sinne noch achter in dik pak bewolking. Dat bliuwt net sa, sa no en dan lit de sinne syn waarmtestrielen fiele, ek ús dy’t net bûten meie, mar achter it glês dit wol fiele. Mar it is in kâlde dei, mei noch hurde wyn, mar wol droech.

Tongersdei 14 maaie, meast bewolke, mar ek noch wol wer sinneskynmominten. Mar noardewyn en dêrmei in frisse dei, 14 graden, mear sit der net yn. Mar de berjochten foar de kommende dagen lykje goed. De moarns noch wyt fan de nachtfroast. Freeds sa’n selde dei, mar gjin nachtfroast.

Sneontemoarn komt de sinne op yn in helderblauwe loft, mar letter sluierbewolking en de wyn komt út it westen. It is 16, 17 graden. Snein 17 maaie komt de sinne wer moai op; sa te sjen wurdt it hjoed in moaie dei. Moandei wol in bysûndere dei; nei hast trije wiken yn fersoarchingshûs Anna Schotanus op It Hearrefean haw ik al gau in praatsje mei Sjoerd. Ik sei tsjin him: Of it sit yn myn gehoar, mar ik haw noch gjin toerswel heard. No, seit Sjoerd, dat kloppet, se binne der al, mar net allegear, in stik of fiif, seis. Ik sei: Hoe kin dit? Wat is hjirmei? Sy sille ús it antwurd hjir net op jaan. Is der dochs wat mis mei de natuer? Koenen sy tidens har grutte fleantocht wol oan genôch iten komme? Wy sille it net witte, mar it kloppet net. Of dochs it kâlde waar, wol moaie dagen dertuskentroch, mar it soe ek samar ynfloed hawwe kinne.

De wike 18 oant 23 maaie sieten hiele moaie dagen tusken, hast simmer mei hege temperatueren oan’t 23, 24 graden, mar ek wer hiel oars, hast ûnbetrouber. Mei freed en sneon hurde súdweste oan’t noardwestewyn, soms hast stoarmich.

Ek snein 24 maaie in bewolke snein, hurde westewyn, en sa no en dan wat wiette. Mar as wy de waarberjochten fan de kommende wike hearre, dan komme wy wer ûnder hege druk en sil de wyn ôfnimme en krije wy wer moai waar. En dat is goud wurdich mei al dit tryste nijs foar radio en televyzje, fan it sil noait wurde sa’t it west hat. Ik kin my der net in foarstelling fan meitsje en it is ek net sa. De skepping hat der west, mar net mei koroana, ek net mei de Spaanske gryp begjin foariche ieu. Doe is it ek wer goedkommen, dat komt it no wer. Dat wit ik hiel seker. Hâld asjeblyft op mei dy foarspellingen en dat alle dagen wer, dat makket ús mar ûngerêst en dat is net goed. Der binne topfigueren yn ’e wrâld, dy wolle oars net as mear macht en skrome neat. Ek dêrom sitte wy no yn dizze misêre. Mar it ûnferstân is net sa fier fuort. Hjir moat wol tsjin optreden wurde. Justerjûn hearde en seach ik foar de televyzje: by in boer 60 skiep deabiten troch in wolf. Wy hawwe de wolf sels rinnen sjoen mei in laam yn ’e bek. Dan moat dit noch bewiisd wurde neffens sommige natuerbeskermers. Hat dy wolf dit wol dyn? Dan freegje ik my ôf: wêr binne wy hjir mei dwaande? Dit binne allegear bykomstichheden dy’t hielendal net foarkomme meie, dêr’t ek noch minsken by belutsen binne. Wat is der mis mei de gedachte? Mar wat ik de foarbye wike it measte mist haw en dêr’t wy mei ús allen neat oan dwaan kinne, de sa moaie sjongtsjinst yn Lytsewierrum, alle jierren mei Gerk Venema achter it oargel, en allegear bekende lieten sa tusken Himelfeart en Pinkster mei altyd in tsjerke fol sjongers en sjongsters. Wat in grutte teloarstelling foar elk dy’ t fan dizze mesyk en sjongen hâldt. Jammer.

Hjoed is it alwer tiisdei 26 maaie. De wyn fan de lêste dagen hat him deljûn. Juster de hiele dei noch noardwest, mar no fan de oare kant, súdsúdwest. Op de middei giet hy wer nei it westen, mar it is moai rêstich waar; temperatuer 18 oant en mei 20 graden. Woansdei in droege trochmekoar sinnige dei, noardnoardeaste kâlde wyn. As de sinne even ôfdutsen waard troch in wolk, moast de winterjas hast oan. En dat wie tongersdei ek sa en freed ek. Itselde ferhaal: simmerwaar, mar wer dy hurde noardeastewyn. En dan is it hielendal gjin simmerwaar. Us geraniums, ik kin deroan sjen, se dogge it net en se kinne hjir net oer. De griene blêden wurde wat giel-readich. Mar ik freegje my ek ôf: simmerwaar? Wêr haw ik it oer, wy binne noch yn maaie, pas oer goed trije wiken begjint de simmer. Wy, ek ik, moatte wol mei beide fuotten op de grûn bliuwe, want wy kinne it waar gelokkich net regelje.

Ek sneon, mar dan is it wol oars. De wyn is nei it easten gongen, mar der is hast gjin wyn. De jas kin út, wy fiele it simmerwaar. It is 20 graden, mar middeis giet de wyn dochs wer nei it noardnoardeasten en hellet er oan. Dêrmei sakket de temperatuer wer in pear graden. En sa is it ek Pinkstersnein mei eastnoardeastewyn. It is goed waar. Pinkstermoandei en de dagen dêrnei, oant en mei tongersdei, wol simmerwaar, mar de wyn bliuwt út it eastnoardeasten krêftich waaien. Freedtemoarn is de wyn om nei it súdsúdwesten; letter nei it westen. Hiel oar waar, kâlder mei buiige loften dêr’t sa no en dan wat wiette útfalt, 5 milimeter, mei tsjin de middei in echte bui, wer mei 5 milimeter wetter. De nacht oer nei snein mei buien mei tonger en wer 3 milimeter. Dan oerdei mei ûnstabile loften en hurde wyn út it westen.

Sa binne der yn ’e nacht nei snein ek buien en sit der sneintemoarn 7 juny wer 11,5 millimeter yn’e mjitter. Moandeitemoarn 5 milimeter út in bui fan justerjûn. De wyn hat him deljûn. Wat der noch is, komt út it noardwesten mei noch allegear bewolking. De sinne komt der ek noch troch, 14 graden. Tiisdei bewolking, mar ek sinne, fris waar mei de wyn út it noarden, 13,14 graden. Fierder rêstich waar. Woansdei 10 juny eastewyn mei bewolking, mar it is net kâld. At de sinne dertroch komt, is it sels waarm. Tongersdei is it wer oars: hurde wyn út it noardnoardeasten mei wat wietichheid, temperatuer goed 15 graden moarns, middeis 18 graden. De dei lâns motreinich, soms wat mear; dochs 4,5 milimeter. Freed eastsúdeastewyn en de temperatuer al 18,5 graad. Middeis oant yn ’e jûn 20 graden mei in waarme nacht derachteroan. Sneontemoarn om 9 oere is it alwer 22 graden. Wyn is der net, de hoanne op de toer stiet nei it noardwesten en de hin op it tsjerkedak nei it easten. It is bewolke, mar de sinne komt der sa no en dan ek troch. Middeis om 12 oere komt de wyn út it westen.

Jûns om 7 oere komt de wyn út it noarden; hjir fernimme wy oan dat it frijwat ûnrêstich is yn ’e atmosfear. Sneintemoarn komt de wyn wer út it westen wei, mei in temperatuer fan 17,18 graden. Middeis om 12 oere is it alwer 22 graden. Fan snein op moandei 1 milimeter wetter. Fierder in hiele moaie rêstige dei, 22, 23 graden, noardwestewyn. Tiisdei in bewolke dei, rêstich waar, temperatuer goed 19, 20 graden. Woansdei in sinnige dei, de wyn komt noch út it noardeasten, ek gjin delslach, temperatuer 22, 23 graden. Jûns wurdt de loft buiich, wa wit?

Tongersdeitemoarn tsjin tolven sit der 2,5 milimeter yn ’e mjitter: by súdsúdwestewyn is it goed 22 graden. Freed is de sinne moai opkommen, mar der sit noch ûnstabiliteit yn ’e loft, en dêrmei bewolking. De wyn is westnoardwest en de temperatuer is moarns om 9 oere noch 20,5 graad by ús achterhûs. It hat in moaie dei west, de buien binne oan beide kanten om by ús lânsgongen.

Sneon 20 juny is it by driigjende loften mei tongerkoppen yn it súdwesten in sinnige dei mei soms in frisse westewyn. Snein 21 juny, de langste dei, komt de sinne om 5.15 oere op yn in skitterjende blauwe loft. De wyn komt út it súdsúdwesten en om goed 10 oere sakket dyselde sinne wer achter de westlike kime. Fierder de kommende dagen simmerwaar mei oprinnende temperatueren fan 24, 25 graden oant op freed 26 juny, ek hjir, krekt boppe de 30 graden. Ek nachts hoege de tekkens net oer. Wat in simmerwike! Freed op de neimiddei sjogge wy yn ’e loft yn it suden buien oankommen, mar dy komme hjir noch net oan ta.

Op sneontemoarn is it hjir noch 21 graden, mei wat súdsúdwestewyn komt de sinne der ek alwer by, mar de buien en buikes komme der ek by mei in hurde en stoarmige súdsúdwestewyn. De simmerdagen binne goed foarby, it docht soms hjerstich oan. Op moandeitemoarn sit der 6 milimeter yn ’e mjitter en tiisdei 30 juny wer hast 7 milimeter, mar de temperatuer bliuwt goed, om en de by 20 graden, en dêrmei witte wy tagelyk dat wy wol yn ’e simmer fan 2020 binne, ek al is it hast hjerst.

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2020 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA