DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl.10)

Geplaatst op: 13-10-2020

It hâldt net op! Afl.10

Woansdei 1 july, it is hast in drûge bewolke dei, mar it waait noch hurd út it westen, mei sa no en dan in glimke fan ’e sinne, en in temperatuer fan om de 20 graden. Tongersdeitemoarn is it blêdstil, kompleet ticht mei bewolking en der sit fan in bui fan fannacht 5 mm yn de mjitter. Der leit wol hege druk westlik fan Ingelân, mar it wol dizze kant noch net út komme. De temperatuer is 20,5 graad. Ek freedtemoarn wer 6,5 mm, mei wer hurde súdwestewyn, hast stoarmich, en bewolke, wy hawwe de sinne net sjoen. Sneontemoarn fan itselde, mei hurde wyn en motrein, alwer 6,5 mm, mar net kâld. Middeis om ien oere is it 19,5 graad. Sneintemoarn hurde, hast stoarmige wyn út it súdwesten mei sa no en dan wat wiet. Wer 6 mm yn de mjitter. Earst swier bewolke, mar om goed tsien oere brekt de bewolking dochs wat iepen. Dêrmei jout de sinne daliks syn strielen de kâns om waarmte te jaan. Om 11 oere is it alwer 22 graden. Mar it bliuwt hurd of stoarmich waaien. Ek fannacht en moandeitemoarn noch. Mar no komt de wyn út it noardwesten mei buien en is it kâlder: 16, 17 graden. Pyt sei fan ’e moarn, op 5 km hichte is de boppeloft -22 graden, fandêr dy ûnbestindichheid en al mei al hielendal gjin simmerwaar. Ek foar de kommende wike net, pas it oare wykein komme wy mear ûnder hegedruk en sil it wer simmers wurde. Fan ’e moarn 1 mm wetter. Tiisdei hat de stoarmige wyn him deljûn. It is ien grize loft, mar goed acht oere komme der al wat gatsjes yn. It is 17,5 graad en 1 mm delslach oer de lêste 24 oeren. Woansdei fan de foarbije jûn en nacht 3 mm en om njoggen oere is it 16,5 graad. De wyn, dy’t der is, komt út it easten. It is ien grauwe, grize bewolking, mei sa no en dan dochs noch in glim fan ’e sinne. Fan de jûn en nacht sit der 7 mm wetter yn ’e mjitter, de temperatuer is 14,5, in sober begjin fan dizze njoggende july ûnder in grauwe grize trochdrippende loft. Wêrom hawwe wy dit hast einleaze wiete waar oer ús gebiet? Dat komt troch in depresje dy’t dit buiegebiet fanút it westen stjoert, en de wyn, foar safier’t dy der is, komt út it easten. Dêrtroch is der hast gjin beweging en bliuwt it lang reinen. En sa meimekoar oer de dei en nacht sit der freedtemoarn om njoggen oere 31 mm yn de mjitter en it is noch net drûch út dy grauwe grize loft mei 16,5 graad, en mei de wyn út it noardeasten. It positive is, as ik de westlike loft besjoch, lit de sinne net sa lang mear op him wachtsje. It waard pas middeis ... Sneontemoarn sit der noch 2 mm yn de mjitter, fan justerjûn, it is no 16 graden mei sinneskyn en hjir en dêr wat bewolking. Mei de sinne derby wie it goed bûten te wêzen, mar as er achter de wolken siet, moast de trui wer oan. Snein 12 july wie it wer oars; de bewolking wie der soms al, mar it waaide minder foel en dêrmei wie snein in hiele moaie dei. Ek moandei komt de sinne op yn in skitterjend moaie blauwe loft en wat in moaie dei, mar jûns berint de loft al wat. Der komt wer oar waar, in depresje mei wiettichheid. En dat is ek sa: op tiisdeitemoarn, wer enoarme wolkefjilden dêr’t sa no en dan wat motrein of rein út falt. Oer de hiele dei sa’n 3 mm. De temperatuer is 17, 18 graden. Woansdei is it hjir de hiele dei drûch, mar der falle wol buien om ús hinne; de wyn is westnoardwest, en de temperatuer 17, 18 graden. Tongersdei in grize grauwe loft mei sa no en dan wat rein, wyn west, rêstich waar, 18, 19 graden. Freed 17 july kin ik mei itselde begjinne: út in graugrize loft falt wat motrein, it is blêdstil. As der wyn wêze soe, kaam er út it noardwesten. Hoe wit ik dat sa? De hoanne en de hin op ’e tsjerke steane beide dy kant út. De delslach oer juster wie 4,5 mm. Mar der sitte om njoggen oere gatten yn ’e bewolking en de sinne skynt ek alwer. De toerswellen sjogge dat ek, en sa fljocht de hiele groep yn formaasje om ’e tsjerke. Hjirmei wurde de jongen klearmakke foar de grutte flecht nei har winterferbliuw, want oer goed twa wiken moatte sy dêr klear foar wêze. Wy hawwe in moaie dei hân mei bewolking en sinneskyn en mei in temperatuer fan goed 20 graden. Sneon komt de sinne op yn wat bewolking. Moarns om healwei njoggenen is it 18,5 graad, de wyn is westsúdwest. It liket in moaie dei te wurden en dat hat ek sa west. de temperatuer is goed 22 graden. Fan ’e middei tsjin trijen kaam der bewolking fanút it westen, in echt buiige loft, mar dy is troch it noarden wer weiwurden, en der komt wer wat oar waar oan. Snein 19 july begjint dochs sinnich, mar al gau komt der bewolking fanút it westen. It bliuwt noch wol drûch, en de temperatuer is ek goed. Middeis nei tolven 24 graden by ús achterhûs. In moaie snein. Moandei begjint mei sinne, mei in noardwestewyn is it wat fris, 19, 20 graden, mar wol in moaie dei. Tiisdei fan de nacht in pear drippen, moarns om acht oere temperatuer 15,5 graad, sinneskyn en bewolking, en in stevige westnoardwestewyn, in kâlde wyn, mar it hat de hiele dei wol drûch west mei in temperatuer fan 19,5, 20 graden. Woansdei komt de sinne op yn in helderblauwe loft; wyn is der net, mar wat der is, komt út it westnoardwesten. De temperatuer is 18,5 graad. Tongersdei 25 july begjint bewolke, mar de sinne komt der al gau by. Der stiet in stevige westsúdwestewyn, mar dy is net kâld. Moarns om healwei njoggenen sit de temperatuer al tsjin de 20 graden, middeis is it 22 graden. Wat in moaie dei, hast in simmerdei yn de hûnsdagen. Wy sjogge hjirmei: it waar wurdt wol foar ús regele, wat moai! Freed begjint moarns mei wat wiettichheid, 1 mm, mar om njoggen oere komme der al gatten yn it wolketek dêr’t sa út en troch de sinne al even trochkomt. De wyn komt út it westen en de temperatuer is 19 graden, en middeis sels boppe de 20 en it waait de hiele dei stevich, wynkrêft 5. De sinne giet moai ûnder, en de moanne liet ek al wer wat fan him sjen. Sneon, nachts wol bewolking, mar it is drûch, en as der nachts bewolking is, is it fjild , it gers ek drûch. Is it nachts helder, dan is it gers wiet moarns. De sinne hat it hjoed wol probearre, mar der is net folle fan kommen. Wol in bui, 1,5 millimeter, mar de temperatuer wie goed, 20 graden. By in kalme sudwestewyn wol in moaie dei. De nacht fan sneon op snein mei hurde westewyn en dikke buien leveret sneintemoarn 22 millimeter yn ’e mjitter op. Wat moai foar bou en greide sa midden yn ’e simmer en midden yn ’e nacht as je it op ’e dakpannen hearre. 26 July is wol in moaie snein, mar troch de echt hurde westewyn komt der net oan in moaie simmersnein ta. De temperatuer is goed genôch, 20 graden. Moandeitemoarn is it wer in grize boel, de súdsúdwestewyn hat him deljûn. Wy hawwe de sinne net sjoen, dochs wie it lekker waar; op de neimiddei gong de wyn wer nei it westen en kamen der buien oer. Fan dy buien siet tiisdei goed 7 millimeter yn ’e mjitter. Dy dei begjint mei hurde westewyn, de sinne en bewolking wikselje elkoar ôf, en de temperatuer is 7,5 graad. Letter op de dei wurdt it noch goed 19 graden, mar troch de hurde wyn bliuwt it fris. It is woansdei 29 july, de fyfde woansdei yn july, de PC-dei, mar no net: koroanakrisis. Wol aksje op it Sjûkelân. Maksimaal 250 belangstellenden by de keatserij troch junioaren. In bewolke, drûge dei, mei in hast stoarmige westewyn. De sinne probearret sa no en dan dertroch te kommen en de temperatuer is 18,5 graad; op ’e jûn wurdt it blêdstil. Der komt oar waar, wy komme in pear dagen ûnder hege druk. It waarglês giet ek omheech. Tongersdeitemoarn tsjin njoggenen is it al 18 graden. Der is net folle wyn, mar wat der is, komt út it súdsúdwesten; even letter út it súdwesten. Troch wat sluierbewolking komt de sinne der wol by. It fielt as wurdt it in moaie dei en dat hat ek sa west. 25 graden middeis. Freed oan de berjochten te hearren wer in komplete simmerdei. Moarns sit de wyn al yn it súdeasten; om 8 oere is it al 20 graden. Middeis by ús achter hûs al 37 graden. Gelokkich is der wat wyn; oars wie it hast te waarm. Hjir folget in nacht op fan boppe de tekkens en dan is it sneontemoarn. Fan ’e moarn betiid wie by it sinne-opkommen de hiele noardeaste hoarizon read. De temperatuer wie om healwei achten alwer 20 graden, by in súdwestewyn en in bewolke loft. Middeis klearret it op en komt de sinne derby, en de temperatuer giet ek omheech. In hiele moaie sneon. Snein 2 augustus begjint wer mei bewolking. De wyn is westnoardwest, it is alwer 19 graden. It begjint oerdei hurder te waaien en de sinne komt der stadichoan wer mear by en middeis wurdt it hast 24 graden: in moaie snein. Moandei 3 augustus, rêstich waar, de wyn is west en it is 18,5 graad. Letter giet de wyn nei it noardwesten. Op plakken om ús hinne is in plons wetter fallen, mar hjir mar 2 drippen. It wie hjir wol in moaie dei mei 20 graden. Tiisdei komt de sinne op yn in kompleet blauwe loft; it is mei elkoar in grut skilderij. De wyn dy’t der is, is noardnoardwest mei in temperatuer fan 17,5 graad. As de wyn dan ek noch nei it westen giet, is de temperatuer samar boppe de 20 graden. Woansdei liket it wer in moaie dei te wurden, mar it waait wol in heale stoarm út it súdwesten. Mar it is en bliuwt in moaie dei oant yn ’e jûn mei in temperatuer om en de by 25 graden. Fannacht kinne wy wer ûnder in lekken sliepe; it soe hast sûnder kinne, mar net mei dy langpoaten. Op tongersdei sil it wer in waarme dei wurde, de wyn is súdwest, de sinne komt yn wat sluierbewolking op. En it hat ek in skitterjende dei west. Sinne, sinne en nochris sinne oant de jûn mei in temperatuer fan 29-30 graden op dizze 6de augustus. Freed 7 augustus komt moarns goed 6 oere de sinne op yn in skitterjend moaie blauwe loft. Dit wurdt wat. Tsjin tolven fan ’e moarn is it by ús achter hûs al 30,5 graad, kertier foar trijen al 41 graden. De wyn, of alles wat der oan wyn is, komt út it súdsúdeasten. Sneon, simmer, simmer en nochris simmer. Fan moarns betiid oant jûns let simmer. De temperatuer fan 25 oant boppe de 30 graden. Juster, freed 7 augustus, de waarmste 7 augustus oait metten. Ik tink dat dat foar hjoed 8 augustus ek jildt. Want it is noch waarmer as juster; ek 30 graden mei in waarme nacht derachteroan. Yn de Bilt, it mjitpunt waard it hjoed 34,6 graad. Ek snein 9 augustus in waarme dei mei gelokkich in stevige eastnoardeastewyn en wer 32,6 graad yn de Bilt; hjir by ús 28-29 graden. Ek moandei 10 augustus, foar safier’t der wyn is, komt dizze út it easten en dat betsjut wer in waarme dei. Om goed 9 oere is it alwer 25 graden. Oerdei tsjin de 30 en jûns om 9 oere noch 27 graden. De nacht nei tiisdei, lêst heucht bêst, ik haw net sa’n waarme nacht meimakke. Ek oerdei is it hast te waarm. Gelokkich makket de eastewyn dat alles noch wat trochgean kin mar wer sa’n nacht hjirachteroan, it is wol hiel bysûnder. Woansdeitemoarn blêdstil, de hoanne en de hin op it tsjerkedak sjogge beide út nei wêr’t de sinne opkomt yn in skitterjende blauwe loft. De temperatuer is moarns om healwei achten al 24 graden. Om 12 oere wie it 29 graden en middeis oer de 30. Nei wer in waarme nacht blêdstil waar, eastewyn, om goed 9 oere al 24 graden, yn ’e hûs 26 graden, sinneskyn troch in dizige loft. (tongersdei 12-13 augustus). Middeis om 1 oere is it by ús 42 graden, dit is de 8e dei al mei middeis oer de 30 graden. It is no freedtemoarn, wer blêdstil waar, de hoanne mient dat de wyn út it westen komt, mar de hin op it tsjerkedak seit nee: hy komt noch út it easten. Moai is dat sy sa fier út elkoar steane dat sy der gjin spul om krije. De loft is ien grutte grize koepel en der falt sa no en dan in drip. Ek fannacht al in lyts buike, meielkoar 3 millimiter, ek wjerljocht op ôfstan. It is no om kertier foar njoggenen hast 25 graden bûten, lykas yn ’e hûs. Hjoed, freed, alwer in waarme dei, om de 30 graden en de hin op it tsjerkedak hie gelyk: de wyn dy’t der wie kaam wol út it eastnoardeasten. Sneon 15 augustus, wy sitte noch yn ’e hûnsdagen, is it brodzich waar, de temperatuer is om 12 oere 24,5 graad. De sinne hat it fan ’e moarn wol besocht, mar it is meast bewolke mei hast gjin eastewyn. Middeis komt der wat ûnwaar oer út it súdwesten, mei ien millimeter wietichheid, mar jûns om 9 oere is it noch 25 graden. Wat in moaie sneon wer. Sneintemoarn in komplete grize loft, mar blêdstil; de wyn dy’t der is, komt út it noardeasten, letter út it easten. De temperatuer om 9 oere is al 22 graden en middeis 26 graden; gewoan wer in simmerdei. Yn it suden fan it lân binne al swiere buien mei wetteroerlêst en hagelstiennen fan 2, 3 sentimeter. De buien komme dizze kant wol út; wy sille sjen wat der fan oerbliuwt. Goed 10 oere wiene de buien hjirre, it ljocht wie net fan de loft; dy bui kaam hjir 7 millimeter wetter út, gjin hagelstiennen. Hjoed, moandei 17 augustus, begjint mei sinneskyn troch de bewolking; it is alwer goed 23 graden. De hoanne en de hin binne it wer net iens oer de wynrjochting, mar it is blêdstil. It is hjoed moandei in hiele moaie dei mei troch elkoar 23 graden. Op de neimiddei berint de loft út it súdwesten en letter falt der wat rein. As it jûns wat bewolke is, is it goed 9 oere alwer hast tsjuster. Dy rein fan justerjûn siet fan ’e moarn yn ’e mjitter, 11,5 millimeter, en de temperatuer wie om kertier oer achten 21 graden. De sinne probearret it al ris even, mar der wie ek bewolking; de wyn dy’t der wie, kaam út it súdsúdwesten. It wie wol in moaie dei, dizze ien nei lêste dei fan de hûnsdagen. Ek de lêste dei, de 19e augustus, begjint mei earst wat grize bewolking dêr’t de sinne wol trochkomt. Noch even oer de toerswellen: sy binne alwer goed 14 dagen fuort. Begjin augustus haw ik harren net mear sjoen, wy hearre noch wol ris hoe’t it gongen is. Wol wer bysûnder is de temperatuer. Fan ’e moarn om 9 oere wie it al 22 graden; it hat oerdei 24 graden west en jûns om 7 oere is it noch 23 graden; hast gjin wyn, mar wat der wol oan wyn is, komt út it súdeasten en it moaie hjirfan is, it is altyd wer oars. Der hinget ek noch in buiige loft yn it súdwesten. Fan ’e moarn, tongersdei 20 augustus, siet fan dy bui goed 3 millimeter wetter yn ’e mjitter. Mei wat súdwestewyn wie it fan ’e moarn om 7 oere 20,5 graad mei soms ek noch in drip. Mei bewolking en ek sinneskyn en om goed 1 oere wie it alwer goed 25 graden. Op de earste kattedei, jûns tsjin njoggenen, is it noch 23 graden. De wyn leit stil, de hoanne stiet op it súdwesten en de hin op it tsjerkedak op it easten. Wat wer in bysûndere simmerdei. Mar hy einiget yn in plensbui, en dêrmei sit der op freedtemoarn 6,5 millimeter wetter yn ’e mjitter. Dat is 3,5 millimeter mear as by it mjitstasjon yn Boalsert, dy’t hast altyd foaroprinne. Helaas no net. Mei in hurde súdwestewyn is it hjir fan ’e moarn om 7 oere 21 graden mei in grize loft, mar de sinne is der al gau by, en dêrmei gong de temperatuer ek omheech. It hat hjir ek 24 graden west en it hie noch heger wurde kinnen, mar dat hat de hast stoarmige súdwestewyn opkeard. Mar it wie wol bysûnder, om kertier foar achten wie it noch 24 graden. Op de fyts yn ’e wyn op wie it wat lestich, mar wy hawwe wol in moaie twadde kattedei hân. Sneontemoarn 22 augustus waait it hurd fanút it westen mei sinneskyn en soms in buiige loft. De temperatuer is 19,5 graad. It waait in heale stoarm mei hjir en dêr soms plensbuikes, mar sadree’t de sinne wer skynt, is de temperatuer wer 19 graden. Dat wie de tredde kattedei. En moarn is it snein 23 augustus en it komt wol wer goed, want de simmer duorret noch hast 4 wiken, oant 21 septimber. Dêrnei ek noch in skoft moai waar, mar dat is dizze snein noch net sa fier. Mei buien fan fannacht sit der 4 millimeter yn ’e mjitter. De snein begjint mei hurde oant stoarmachtige westnoardwestewyn, mei sa no en dan in bui, mei 19 graden middeis buiet it wat ôf en op de jûn wurdt it blêdstil. Mei buien fan de nacht sit der moandei de moarns om 8 oere 4,5 millimeter yn ’e mjitter, de temperatuer is 19 graden en it is noch blêdstil. De wyn dy’t der is, komt tink ik út it westen, omdat de wolkens dêr ek weidriuwe. Mar der komme al gau buien, om ús hinne mei plonsen wetter, 6, 10, 15, 26 millimeter mei in hurde stoarmige westnoardwestewyn, mar jûns om 9 oere is it hast blêdstil. En it is noch 17 graden. De nacht oer nei tiisdei jout 1 millimeter wetter yn ’e mjitter en it is 18 graden om kertier foar 9. Fierder is it noch hiel rêstich mei de wyn, en dy komt no út it súdsúdwesten. Mei in grauwe grize loft mei sa no en dan in buike. Mar de wyn hellet oerdei wol oan, hy giet ek wat mear nei it westen, temperatuer om healwei 9 noch 18 graden. Mar woansdei op de moarn om 8 oere wie it noch 16 graden en siet der noch 13 millimeter yn ’e mjitter. Wy hawwe stoarmwaar út it westen mei in grauwe grize loft; ek middeis noch doe’t de wyn út it noardwesten kaam. Wy hawwe de sinne ek even sjoen, mar ek buien. Yn dy buien bliuwt dy wyn ek, mar tuskenyn swakket der dochs wat ôf. De temperatuer om healwei 9 wie noch hast 18 graden. De berjochten foar moarn binne better en dat is ek sa. It is blêdstil op dizze tongersdeitemoarn, de temperatuer is hast 16 graden om healwei 9 mei 1 millimeter wetter yn ’e mjitter. Wêr komt de wyn wei? It is bewolke mar de sinne komt hjoed ek, seit Pyt. Letter blykt de wyn út it noardwesten te kommen, mar middeis út it súden. Hy komt dus hjoed oeral wei. De moaiwaarferwachting is net útkommen. It wie hjir meast bewolke; yn it begjin fan ’e middei hat it noch even dript. Op de jûn is de temperatuer 17 graden. Op freedtemoarn om goed 8 oere sit der 4 millimiter wetter yn ’e mjitter en it is goed 16 graden mei in buiige loft en de wyn komt út it súdwesten. Oerdei waait der hast wer in heale stoarm, mar jûns om goed 7 oere wie it hast stil. De temperatuer wie hast 20 graden. Sneontemoarn sit der in pear drippen yn ’e mjitter en it is 16,5 graad mei in heal bewolke loft en de wyn komt út it súdwesten. It waait middeis wer hurd, mar op in pear drippen nei bliuwt it wer drûch. Jûns wurdt it wer rêstich, mar de wyn giet al nei it westnoardwesten. Nachts falt der wol in bui, want der sit sneintemoarn hast 5 millimiter yn it waarglês, en it is hiel oar waar. De wyn is nei it noardnoardeasten gongen mei in buiige loft. Middeis tsjin tolven hawwe wy hjir in plensbui fan 10 millimeter, mar de temperatuer is noch goed 19 graden. Fierder hat it drûch west oant moandeitemoarn 9 oere en doe wie it alwer 15,5 graad. Om 2 oere wie it alwer 21 graden, want de sinne komt achter de bewolking wei. Dizze lêste augustusdei fan 2020 wie wol in moaie dei, de nacht nei 1 septimber hat mei 7,8 graad in heldere kâlde nacht west, mar op tiisdeitemoarn om 9 oere is it hast wer 15 graden. De sinne komt wat troch de bewolking en wêr komt de wyn wei? Noch út it noardwesten. It hat wol in moaie dei west, de sinne brânde deryn, it wie fan ’e middei goed 20 graden. Augustus, de rispmoanne, hat wer west en sa binne wy yn septimber. De r is wer yn ’e moanne, de hjerstmoanne. De sinne is fan ’e moarn opkommen, even foar sânen yn in helderblauwe loft. It sil hjoed in moaie dei wurde, it is blêdstil en de temperatuer is 11,5 graad om goed 8 oere. It hat in sinnige dei west, mei fan ’e middei boppe de 20 graden; jûns om goed 8 oere giet de sinne alwer achter de hoarizon, en om 9 oere is it dan donker. En dan krije wy moarn wer in nije dei, mei in griisgrauwe loft mei de wyn no wer út it súdwesten. Der sit hjoed, tongersdei 3 septimber, om goed 8 oere 4 millimeter yn ’e mjitter en it is 14 graden. Dan freed om goed 8 oere sit der fan de reinbuien fan juster 18 millimeter yn ’e mjitter en it is 15 graden. De wyn dy’t der is, komt út it westnoardwesten. It is bewolke mar der is ek sinneskyn middeis. Fierder freed in drûge dei. Fan freed op sneon in pear drippen 1,5 millimiter en it is om 8 oere fan ’e moarn 14 graden mei wat westewyn mei sinneskyn en bewolking. Yn it begjin fan de middei giet de wyn nei it westnoardwesten. Nei snein noch in snjitter mei in heale millimeter wetter. It is sneintemoarn 6 septimber om goed 8 oere 13 graden. De wyn dy’t der is, komt út it westen, mei wat bewolking. Op de neimiddei komt der dikke bewolking mei reinwetter út it westen mar dêr bliuwt it by. Moandeitemoarn 7 septimber sit der 4,5 millimeter yn ’e mjitter en it is om goed 8 oere 13 graden. Der is wol wyn wat súdwestlik. Wy hienen in moaie dei mei 19 graden. Nei in nacht mei buien en buikes út it súdwesten siet der fan ’e moarn goed 2 millimeter yn ’e mjitter; de temperatuer is 17 graden en it is hielendal griis. Mar fan ’e moarn, woansdei 9 septimber, gjin delslachmjitting, mar wol in goeie temperatuer mei goed 18 graden. Fan ’e moarn goed 8 oere is it griis bewolke en de wyn komt noch altyd út it súdwesten. Op de neimiddei komt der in lyts buike oer, en de wyn giet wat nei it noardwesten. Tongersdeitemoarn sit der 1,5 millimeter yn ’e mjitter en om goed 8 oere is it 13 graden. De wyn komt noch út it westnoardwesten, de sinne skynt yn in skitterjende blauwe loft. It wie hjoed in moaie dei: gjin delslach, gjin wyn, temperatuer om en de by 18 graden. Dit ek noch: as je sa de dyk lânsfytse, en je eagen gean sa oer it lân, doe seach ik fan ’e moarn 10 sulverreagers, ferspraat oer it lân. Dat de mûzen binne der ek noch, want sy sitter der net om op de foto. Freed 11 septimber is it blêdstil; ik tink dat de wyn út it westen komt, mar de hin op it tsjerkedak wiist nei it súdeasten. Gjin delslach, wol bewolke en om goed healwei 9 is it 15 graden. En sa kom ik wer oer dyselde dyk en sjoch ik wer allegear sulverreagers, en no binne it al 21 stiks. De mûskes kinne mar op har iepenst wêze; binne sy dat net, dan is dat foar harren wol einde oefening. Sneontemoarn komt de sinne op yn in heal bewolke loft. De wyn komt út it súdwesten en is krêftich, de temperatuer is om goed 8 oere 15 graden. Oer de dei hjir en dêr in pear drippen, mar echt wiet is it der net fan wurden. It wie wol in moaie dei; oerdei is it noch 18 graden wurden. Snein komt de sinne op yn in mistige grize loft, en moarns om 8 oere is it hast 16 graden mei noch in krêftige wyn út it súdwesten. Op de middei skynt de sinne folop en wurdt it noch hast 20 graden. Moandei 14 septimber komt de sinne moarns op om goed 7 oere yn wat sluierbewolking. Mar dêr komt hy al gau trochhinne en set foar safier’t wy sjen kinne, alles wer yn it ljocht. Hy jout ek daliks al waarmte ôf, want it is by ús achterhûs al 16 graden. It is blêdstil, mar de wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten, súdsúdeasten. It wurdt in waarme dei, fan ’e middei hat it 26 graden west, en op de jûn is it noch om en de by 20 graden. Wat in skitterjende dei, en de grutte waarmakker ferlit ús wer goed kertier foar achten. Op de neimiddei is de wyn nei it noardeasten gongen, en dêr sit hy nei in heldere nacht op tiisdei noch, mar it is hast blêdstil. Om goed 8 oere skynt de sinne yn in helderblauwe loft. Juster wie it rekordwaarm en dat wurdt hjoed wer ferwachte. It is no ek alwer goed 16 graden om 8 oere. It wurdt hjoed in waarme dei, dizze 15de septimber. It hat noch noait sa waarm west. Yn de Bilt wie it 31,5 graad, by it mjitpunt yn Gilze-Rijen yn Brabân wie it noch 4 graden waarmer. Hjir waait it fan ’e middei en is it 29,5 graad. Fan ’e jûn om goed 8 oere wie it noch 24,5 graad. It is wol hiel bysûnder, mar it is gewoan sa, nei in pear dagen binne je it wer ferjitten. Nei in nacht dat wy wol ûnder in lekken sliepe koene, is it woansdei. De wyn komt út it noardeasten, de sinne komt der wer by en om 9 oere is it alwer 18 graden mei in skitterjende moaie blauwe loft. It hat fan ’e middei 21 graden west, mar it hat ek even hielendal bewolke west. Op de ein fan de middei komt de sinne wer werom. Fierder in moaie dei. Nei in frisse nacht is de temperatuer op tongersdeitemoarn 11 graden. De sinne komt op yn in helderblauwe loft, de wyn komt út it eastnoardeasten mar it is wol blêdstil yn ’e lijte, mar bûtenút net. Dan nei in kâlde nacht komt de sinne wer op yn in helderblauwe loft. By ús is it om goed 8 oere 8,5 graad. Bûten yn it fjild wie it folle kâlder en stil waar. Mar bûtenút wie der wol wyn en wie it pikelkâld. Dan fernimme je echt dat de nachten langer wurde en dat wy fierder yn ’e tiid komme. It is hjoed freed 18 septimber; noch trije dagen dan binne de simmermoannen wer foarby, dan krije wy de hjerstmoannen oant 21 desimber. Mar dat binne wy no noch net, wy hawwe hjoed wer in hiele moaie dei en om goed 2 oere is it 22 graden. Dan hawwe wy wer in kâlde nacht, mar net sa kâld as juster, want fan ’e moarn om goed acht oere wie it 1,5 graad waarmer as justermoarn. It wie 10 graden, en wer mei eastewyn komt de sinne, ús libbensmaat, wer skitterjend moai op yn dy blauwe loft. En by alle sombere berjochten oer de koroanatastân jout dat dochs in goed gefoel en kinne wy der wer in moaie sneon fan meitsje. Mei wol noch wat in frisse wyn kaam de temperatuer fan ’e middei wol boppe de 20 graden. Wer nei in kâlde nacht is it no snein 20 septimber. De earste nacht wer mei nachtfroast yn ús lân, mar net hjir yn it noarden. It wie hjir fan ’e moarn om goed acht oere 9 graden mei in hiele moaie sinne-opkomst yn in helder blauwe loft. En dy hiele moaie blauwe loft hat de hiele dei net in wolkje yn hongen. In wolkeleaze himel, dat sjogge wy net sa faak. De wyn kaam út it eastnoardeasten en fan ’e middei wie de temperatuer boppe de 20 graden. Wat wer in moaie snein. En nei wer in kâlde nacht is it hjoed de lêste dei fan de echte simmertiid: 21 septimber. Mar as wy de opkomst fan ’e sinne yn dy prachtige blauwe loft sjogge, hawwe wy noch lang dat gefoel net. Helaas is it wol sa, de kalinder jout it oan. It is fan ’e moarn om acht oere 10 graden mei hast stil waar. De wyn komt út it easten. Fannacht hat it wat mistich west. Mei it sinne-opkommen om kertier oer sânen wie wat der noch fan ’e mist oer wie, samar fuort. Yn it noarden siet noch wat lege bewolking, mar fierder wie de hiele himel skjin en om goed tolve oere wie it alwer 20 graden. Mar de nacht is wer kâld mei tichte mist. Ek fan ’e moarn noch, om goed acht oere, is it 10,5 graad, mar de sinne komt wol, seit Pyt. En it sil wer 20 oant 23 graden wurde. En dat hat ek sa west. Noch wer in moaie dei. En dan is it woansdei; it begjint bewolke, de wyn is nei it súdwesten gongen en de temperatuer is fan ’e moarn om acht oere 16 graden. It wurdt noch wer in moaie dei mei fan ’e middei mei de sinne derby noch 20 graden. De wyn wurdt al wat sterker, mar noch wol út it súdwesten. Dan tsjin fjouwer oere even de earste plensbui. Nei al dy dagen fan moai waar, goed 3 mm. Hjirnei klearret it wer op en is it fierder goed waar. Tongersdei komt de sinne op yn in hast skjinne loft; de wyn is krêftich út it westsúdwesten wei. Fannacht mei buien goed 11 mm en de temperatuer om acht oere is 14 graden. It is hjoed 24 septimber, de neisimmer is even fuort. Dan freed mei súdsúdwestewyn. Om acht oere is it hjir 12 graden. De sinne besiket it al, mar kin hast gjin gatsje fine. Sa no en dan komt er der wol troch, en dêrmei is it om ien oere hast 16 graden. Der komt fan ’e middei noch in heale graad by. De wyn giet ek fan ’e middei noch nei it súdsúdeasten, mar it bliuwt hjoed drûch. Fan fannacht út buikes noch 3,5 mm. It is sneon de 26ste septimber. Nei in kâlde nacht is it fan ’e moarn acht oere ek 8 graden. De dei begjint moai mei sinne, mar al gau komt der bewolking oan, de wyn dy’t der al is, komt út it noardwesten mei sa no en dan in drip. Fierder hawwe wy hjir wol in goede dei, mar dat is net sa oer it hiele lân. Yn it suden hearsket in stoarmdepresje dy’t dêr ek noch al wat skea oanrjochtet. Wy hawwe der de foarbye nacht de buien fan hân. Der siet fan ’e moarn, snein, 12 mm yn de mjitter en de temperatuer wie njoggen oere hast 14 graden. De sinne skynt troch in dizige loft, en de wyn dy’t der is, komt út it noardeasten. It is snein oer fierder drûch, mar de sinne hat gjin kâns hân. De nacht oer nei moandei sit der nei wat wietichheid 1 mm yn ’e mjitter. It wie net in kâlde nacht: om njoggen oere is it ûnder in bewolke loft alwer 15,5 graad. Op ’e middei wienen de hoanne en de hin op ’e tsjerke it net meimekoar iens oer de wynrjochting. De hoanne op ’e toer seit: de wyn komt út it noardeasten, en de hin op it tsjerkedak wiist nei it súdwesten. Wa hat no gelyk? As der aansen wat mear wyn komt, makket dy út wêr’t de wyn weikomt. En sa kin it allegear sûnder spul derom foarbygean. Moai no, dat stikje natuer. Mar it wie lekker waar fan ’e middei. It waard noch 18,5 graad. Nei in reinige nacht sit der op tiisdeitemoarn 11,5 m yn de mjitter. Om acht oere moarns is de temperatuer 15 graden. De wyn is nei it westnoardwesten gien, de beide wynwizers boppe op de tsjerke binne it wer iens. Dan komt om goed healwei twaen de sinne derby, en rint de temperatuer op nei tsjin de 20 graden. Wat wer in moaie dei. Nei in nacht mei in pear drippen is it woansdei 30 septimber ûnder in hielendal grize loft om goed acht oere 14,5 graad. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten. De sinne wie der ek noch wer by; dêrtroch is it noch 19 graden wurden. En ek noch in drûge dei, en noch in drûge nacht derachteroan. Sa binne wy alwer yn it lêste fearnsjier fan 2020.

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2020 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA