DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl.12)

Geplaatst op: 25-04-2021

It hâldt net op! afl.12
 
It hâldt net op, ek net op 1 jannewaris 2021. Nei in wat frisse en wat mistige nacht komt de sinne dy’t fan ’e moarn om 10 minuten foar njoggenen opkommen is, dertroch. Hy lit lykas juster syn waarmte strielen oer Gods grutte natoer gean yn dit nije jier. Op in pear drippen nei hat it hjoed in droege dei west mei bewolking en sinneskyn. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. In moaie startdei dizze freed mei in temperatuer fan 4,5-5 graden. De nacht fan freed op sneon jout gjin froast mear.

Ek dizze sneon begjint moai, de sinne komt sa no en dan troch de bewolking. En wat is it moaie hjirfan? Hy komt alle dagen wer wat tichterby. Ik hie 24 desimber de skaadstreep fan de sinne in tekentsje jûn. Hjoed, 2 jannewaris, in goeie wike fierder, koe ik it streekje alwer goed 10 sintimeter leger sette. Dat it wurket al, de sinne komt al omheech. En ik sis dan wer: At je dit waarnimme, it hâldt net op.
 
Sneintemoarn, nei in wat mistige nacht, ien grize loft; temperatuer 2-3 graden, mar wynstil. Om goed 12 oere komme der wat gatten yn dy loft; de sinne probearret ek in gatsje te finen. De wyn hellet oerdei wol oan út it eastsúdeasten; in kâlde wyn. Dêrom komt de temperatuer ek net heger as 2,5-3 graden. Mar it hat wol droech west. Ek de nacht fan snein op moandei is droech ferrûn, it waait noch hurd út it súdeasten mei hast gjin sinne, mar it is wol droech. Tiisdei ek sa’n dei, mar it bliuwt net de hiele dei droech. Ek hjoed makket de wyn der in kâlde dei fan, 2,5-3 graden, mar mei in gefoelstemperatuer fan 0 graden. Woansdei 6 jannewaris. Dat is wer in hiele oare dei. Wy hawwe de sinne net sjoen.  Fan ’e moarn wie de wyn noch noardeast, mar fan ’e middei noardwest. Minder wyn en minder kâld. It waard noch 4 graden mei sa no en dan in pear drippen. En sa giet it tongersdei ek: in wat rêstige, donkere, wiete dei mei wyn, dy’t der is, westnoardwest en temperatuer 3,5-4 graden. Ek de nacht fan tongersdei op freed in rêstige nacht mei buikes. De temperatuer bliuwt krekt boppe 0, mar mear ek net, want der lizze wol splinters iis op de sleatten. Freedtemoarn earst ek noch in grize boel, mar it klearret al op yn it westen, en om 10 oere, nei 3 dagen dat wy him net sjoen hawwe, is ús grutte libbensfreon der wer. Hy bliuwt der ek by mei yn it súdeasten in buike oan de loft. As ik dan om 12 oere nei Tsjom ta fyts en ik sjoch om my hinne, dan komt my altyd wer yn gedachten dit moaie liet dat wy op de legere skoalle al leard hawwe.
 
Het ruime hemelrond
vertelt met blijde mond
Gods wonderbare heerlijkheid
de heldere lucht en het zwerk
verkondigen zijn werk
en prijzen zijn beleid.
 
En dit kin elk dwaan yn syn eigen gedachten. Dat wie de freed.

Dan de nacht oer nei de sneon. Sa no en dan wat wietichheid út it noardwesten en moarns froast oan de grûn. Spekglêd oeral, sommige plakken op de dyk wienen in iisbaan dêr’t je sa op reedride koenen. De sinne wie der wol en hat ek soarge dat de diken wer iisfrij waarden. Tsjin alven wie it gefaar wer geweken. Fierder dizze jannewarissneon de sinne derby, wat buikes út it noardnoardwesten. Dat wie dan de njoggende jannewaris. De sneins wer oars: in bewolke loft, gjin froast mear, gjin gledde diken mear, in frisse westewyn en middeis komt der mist op en soms storein oant yn ’e jûn út it noardwesten. Moandei in donkere dei mei hurde wyn út it súdwesten. It bliuwt oant de jûn droech, mar dan rein, en it reint de hiele nacht. Tiisdeitemoarn noch rein en it hat wiet west fannacht, goed 10 mm en in temperatuer fan 5 graden. Mar oerdei skynt de sinne wer mei noardwestewyn. Ek noch in bui mei in skitterjende moaie reinbôge. Woansdei bliuwt it buiich út it westnoardwesten. Fannacht mei wiete snie mei 3 graden, mar oerdei wer 4-5 graden en sa binne wy hjoed alwer 13 jannewaris. Al goed 3 wiken nei de koartste dei. As wy it sjen wolle, is it middeis alwer even langer ljocht. Dit noch wol even: it waait hjoed echt hurd.

Mar dat is hjoed tongersdei wer oars. De wyn is nei it easten gongen, hjir komt in kâlde wyn wei mei wat nachtfroast. Hjir en dêr wat glêd, mar fierder in prachtige sinnedei. Dat jout al wat in maitiidsgefoel. Sa’t ik al neamde, middeis al wat langer ljocht. Moarns skeelt it noch mar in pear minuten, mar middeis alwer in healoere. Mar wy sitte hast alwer yn midden jannewaris en de eastewyn is écht kâld, 1-2 graden. It is hjoed, wêr komt de wyn wei? It is blêdstil en dêrmei hat it dizze freed droech west en in moaie dei mei 5 graden. Dan sneon in grize kâlde wêr-komt-de-wyn-hjoed-wei-dei; út it súdwesten, mar sa’t ik al sei, wol in kâlde. Middeis om fjouwer oere gjin rein, mar snie oant yn ’e jûn. Der is ek wol 2 oant 3 sintimeter kommen.

Mar sneintemoarn wie it measte alwer fuortteid. De diken, doarpen en stêden binne fannacht struid, dat alles kin alwer wat trochgean. De temperatuer is hjir alwer in pear graden boppe 0. It sil neffens de waarberjochten kommende wike maitiidswaar wurde, mar dat is it hjoed snein al! Wyn dy’t der is, komt út it westen; in moaie snein. Moandei wer oars; mear wyn út it westsúdwesten, temperatuer 4-6 graden, in hielendal bewolke loft mei hjir en dêr in ljochte streek. Op in pear drippen nei hat it hjoed droech west. Mar tiisdei net. Ik tink, it hat de hiele dei net droech west. Middeis om 12 oere siet der al 15,5 mm yn ’e mjitter en hurde wyn út it westen: in hjerstdei. En dat giet de jûns en nachts op woansdei ek noch troch mei wat storein. En woansdei sit der noch wer 4 mm yn ’e mjitter en de temperatuer is dizze beide dagen 8 graden. De nacht fan woansdei op tongersdei stoarmige wyn út it westsúdwesten mei rein. Mar yn ’e moarntiid wurdt it wer droech, oerdei bliuwt it ek droech, mar it waait sa oer de hiele dei in heale stoarm; gjin fytswaar. De temperatuer wie goed: 7 graden.

Yn de nacht fan tongersdei op freed bekomt de wyn wat. Sa no en dan noch wat wietichheid, mar moarns wurdt it droech, en it bliuwt ek de hiele dei droech mei sa no en dan ek noch de sinne. Temperatuer 5 graden mei ek no noch in hurde wyn út it westen. Sneon 23 jannewaris in moaie dei foar dizze tiid fan it jier. Fan sneon op snein wat nachtfroast, dan moarns earst wat wietichheid mei ek wat snieflokken. Beide dagen om en de by 0 graden en oerdei 4 graden. Snein mei in soad sinneskyn. Wat ek wer in moaie snein. Fan snein op moandei nachtfroast, -1,5-2 graden. Moandeitemoarn is de hiele wrâld wyt, oant tsjin alven mei de sinne der fol by fan goed 8 oere ôf. Wol in kâlde útstrieling mei de wyn dy’t der wie fanút it súdwesten, mar oerdei mei 5 graden in moaie dei. Middeis om healwei fiven in buike út it westen, en dy buiichheid giet ek nachts noch troch. Moarns betiid klearret it op en sit de temperatuer by de 0 graden, dus glêd, oppasse! Mar it is hjoed net wyt oer it fjild. De dei begjint rêstich, de sinne komt goed healwei njoggenen op en kertier oer fiven giet hy alwer ûnder. Wy hawwe sa no en dan ek noch in buike hân, mar mei goed 5 graden hawwe wy dochs in moaie dei hân dizze 26 jannewaris.

En dat is ek woansdei 27 jannewaris sa: rêstich waar mei 4 graden. Ek tongersdei begjint rêstich en griis, dêrmei gjin nachtfroast mar wol wietichheid oant yn de middei. De eastewyn komt ek wat op en fielt kâld oan. De temperatuer is goed 2 graden. Nei de nacht is it hjoed freed, wiet wiet en noch ris wiet, en bledstil, mar middeis wurdt it droech en is it 6,5 graad. Op de neimiddei hawwe wy wer in bui en komt de wyn út it noardnoardwesten. Dan fernimme je gau dat it kâlder wurdt. Je witte dan, as it helder wurdt jûns, dat wy nachtfroast krije en sa hat it ek west, 3-4 graden ûnder 0. Autoruten skraabje en ek net in bytsje. Mar in pluspunt: wy binne yn ’e fyfde wike fan it nije jier en dan komt de sinne alwer foar healwei njoggenen op en dat wie ek sa, mar it wie noch wol roetkâld mei de wyn út it súdwesten. Nei de kâldste nacht fan de lêste twa jier yn Nederlân is it no snein 31 jannewaris mei op plakken min 8 graden en hast gjin wyn út it eastsúdeasten is it by sinne-opkommen noch iisbearewaar. Dat fernimme je net earder as je even letter op de fyts derop út geane, mar gelokkich, alles is mar tydlik. Middeis is it alwer 4 graden boppe 0 en moarn is it moandei de earste febrewaris en wy witte no al, dan is it wer oars. En dêr is it al sa.
 
Moandei 1 febrewaris in grize start fan de dei mei yn it midden en yn it noarden spekglêde diken. Wy witte wat hjirre de gefolgen fan binne. Fierder blêdstil waar, mar fris. De temperatuer hat mei dizze stive wyn út it noardnoardeasten net boppe de 1 graad west. Mar de gefoelstemperatuer lei folle leger, ik tink -5 of -6 graden. Fierder hat it in goeie dei west. Tiisdei wol in grize start mei in temperatuer om en de by 0 graden. De wyn is no súd en it is wer pikelkâld de hiele dei. It hat oardel graden west mar yn it suden fan it lân wie it hast in maitiidsdei mei 10 graden waarmer. Woansdei wer hiel oars: in hiele bewolke grizige, reinige dei, mar de kjeld is fuort. De temperatuer wie hjoed 6,5 graad; de wyn dy’t der wie, kaam út it súdwesten. Sa wie dat tongersdeitemoarn ek noch, mar om 12 oere wie de wyn alwer noardeast, en as ik de berjochten hear, sil ek ús waar hjir de kommende dagen wei komme en wurdt it wer kâlder. Mar it is no noch rêstich mei in temperatuer fan 6 graden.

En sa hawwe wy de nacht nei freed 5 febrewaris. De sinne, as dy der by komt, komt om goed 10 oer achten op, en tsjin tweintich foar seizen giet hy wer achter de hoarizon en dat is hjir it moaie fan: it is alle dagen wer oars en dat oare is, hy komt oant 21 juny alle dagen wat earder op en giet ek alle dagen wat letter ûnder. De start fan de dei is wer griis; sa no en dan in pear drippen en de wyn dy’t der is, komt út it súdeasten. It hat wer in rêstige dei west en de temperatuer wie 4,5 graad.  Mar no, sneon, moarns, waait it al hurd. Letter middeis al stoarmich. De temperatuer oerdei is net boppe de 0 graden kommen mei de wyn út it easten. Mar it bliuwt hjir gelokkich droech oant yn de moarntiid. Nei sneon is it ek hjirre begongen te sniestowen en dan is it hielendal iisbearewaar. Dan binne je wol bliid as Omrop Fryslân yn ’e loft komt mei koperklanken, en hjirnei prelude. Wat moai allegear as je dat yn ’e hûs allegear meimeitsje meie, want bûten is der in heale sniestoarm mei temperatueren fan min 6, 7, 8 graden en in gefoelstemperatuer fan, hearde ik krektfan Pyt Paulusma, fan de waarman út Boalsert, -14 graden en dat sil hjir yn Tsjom ek wol sa wêze.
Dan is it hjoed de earste snein fan febrewaris en binne wy mei Omrop Fryslân yn de tsjerke fan Burgum. Wat wer in moaie tsjinst: it wurd, de lêzings en muzikaal. De hiele snein oer bliuwt it stoarmich, sniestoarm. Yn de neinacht nei moandei bekomt it wat, mar it waait noch hurd út it easten en dêrtroch is it izich kâld. De temperatuer yn de nacht is -6, -7 graden, mar de gefoelstemperatuer is wol -12. Mar moandei oerdei -2,5 graden. Gefoelstemperatuer troch de wyn -5, -6 graden. Wy sitte op 8 febrewaris yn bar winterwaar.

Mar 9 febrewaris is it wer oars. De wyn hat him wer deljûn en it hat fannacht mar 2,5 graad kâld west en fan ’e moarn kaam de sinne op om 10 minuten oer achten en liet him dalik sjen. Wat wer moai nei al dy grize bewolking, want al fanôf begjin febrewaris hawwe wy hast gjin sinne mear sjoen. En dan no hjoed, de njoggende febrewaris, sjogge wy de sinne wer ûndergean om 20 foar seizen. En dan sjogge je ek hoe’n ein de sinne alwer opskood is dizze kant út. De nacht nei woansdei mei wat bewolking en wat sniebuikes en ek lichte froast hat ek alwer west. It krôket noch wat (wat lichte sniefal), soms wat mear, mei temperatueren om it friespunt. Hjoed fierder wol in frisse, mar in goeie dei. En it sil de kommende nacht ek kâld wurde. Dat hat ek sa west: wy hawwe hjir matige froast -8, -9 graden hân, mar yn it easten fan ús lân strange froast, mear as -10 graden.
Mar om goed 8 oere komt de sinne derby en giet de temperatuer al gau wer wat omheech. Mei dit blêdstille waar. Mar de temperatuer bliuwt de hiele dei ûnder 0. Wol de hiele dei sinnich moai waar.
Nei in kâlde nacht is it freed 12 febrewaris. Krekt oer 8 oere komt de sinne der yn al syn gloarje by. De súdsúdeastewyn makket it wol frisser, mar mei alles by elkoar komt it hjoed goed. Mar it hat wol in winterdei west mei in temperatuer fan min 2-3 graden en troch de wyn in gefoelstemperatuer fan -8 graden: in hiele kâlde dei mei wol de sinne derby dizze freed 12 febrewaris.

Nei in iiskâlde nacht komt de sinne der fan ’e moarn om 8 oere dalik by. De wyn dy’t der is, komt út it eastsúdeasten, de temperatuer hat hjoed net boppe 0 west, minder kâld as juster mar mûtse- en wantewaar mei de hiele dei de sinne derby. Elk dy’t it noch yn de fuotten hat, koe hjoed ride, en der is in soad gebrûk fan makke. Wy wisten it wol, snein waard it wer oars, mar de sinne kaam der fan ’e moarn om 8 oere al by, mar ek wat hege bewolking en dat waard al mear. De matige wyn kaam út it súdwesten en dêrtroch wie it noch kâld en bleau de temperatuer ûnder 0. En dit is it moaie hjirfan: der kin hjoed de hiele snein noch riden wurde. Fan ’e middei om 5 oere wie it noch in heale graad boppe nul, mar de gefoelstemperatuer kaam hjir lang net oan ta. It wie de hiele dei, mei dy wyn, in kâlde boel. Moandei ien grutte iisspegel. Pas nei tolven kaam de temperatuer boppe de 0 graden en wie it wer fertroud op de dyk. Fierder in grize mistige dei mei rein en storein en de wyn wie súd. Dizze 15e febrewaris wie de iiswille wer foarby.

It is tiisdei; nei in nacht is de snie ek wer hast fuort. It wie hjoed op Lyts Tolsum fan ’e middei om 12 oere 7 graden en letter mei de sinne derby ek noch in bytsje heger en de wyn noch út it suden. Woansdei in moaie start mei in helderblauwe loft, mar al gau komt der bewolking en op de middei en de jûn wurdt it wiet mei súdwestewyn en in temperatuer fan 8 graden. Noch even oer dy iiswille. As je dat hjir en dêr as âldere gadeslaan meie, dan sjogge je dizze wille, dan komt alles wat je hjir eartiids sels yn belibbe hawwe werom en hawwe je wille mei.

Hjoed, tongersdei 18 febrewaris, komt de sinne wat skier op, en mei súdsúdwestewyn wurdt it 8 graden. Op de neimiddei wurdt it wat wiet. Ek de nacht fan tongersdei op freed wat wietichheid, mar freed begjint moai mei sinneskyn, 8 graden, en in súdwestewyn. It fielt wat fris oan omdat de wyn oer de Iselmar hjirhinne komt en it wetter noch kâld is. De sinne giet oerdei noch wat fuort, dêrom letter op de middei krap 7 graden. De nacht oer nei sneon begjint mei bewolking, mar de sinne probearret it wol, en mei de wyn út de selde hoeke is de temperatuer dochs al omheech gongen. Om healwei tsienen wie it hast 11 graden en om 12 oere goed 13 graden. 13 graden hie ik tocht: hjoed in wike lyn skreau ik noch: de temperatuer hat hjoed net boppe 0 graden west. En noch in kear: wat is dy natuer skitterjend moai, it kin allegear, wat sit it moai yn elkoar en dêr haw ik no al 86 jier yn wêze mochten. As je dat allegear betinke, is dat ek hiel bysûnder.

Sneintemoarn 21 febrewaris tsjin achten komt de sinne op yn wat sluierbewolking. It is rêstich waar mei westsúdwestewyn. De temperatuer is 14,5 graad oer de hiele snein, middeis wer wat mear sinne. Wat in moaie snein. Moandei: yn in sluierbewolke loft komt de sinne op. De stevige wyn is wat súdliker wurden en dêrmei komt hy út it súdsúdwesten. De temperatuer is om 12 oere krekt boppe de 15 graden. Wat seach ik fan ’e moarn yn it lân oan it Tsjommer binnenpaad? 3 strânljippen. Wat wie dat in moaie waarnimming, ja de maitiid komt der echt oan. Noch mear: want se wiene mei dizze fûle winter even fuort, de reidhintsjes oan it begjin fan it Tsjommer paad en de reidhintsjes by Lyts Tolsum. Se binne der wer. Je moatte it sjen, mar it is wol sa moai dat stikje natuer.
Tiisdei begjint mei bewolking en sinne; de noch stevige wyn út it súdsúdwesten en de temperatuer tsjin de middei kin krekt 16 graden helje, mar as de wyn dan even letter nei it súdwesten giet, wurdt it al wat frisser. Mar wat ek wer in moaie dei. Dat is ek woansdei sa, mar de sinne lit it gauris ôfwitte. De temperatuer hellet fan ’e middei al 15 graden; dat komt ek om’t de wyn almar hinne en wer reizget tusken súdwest en súdsúdwest. Op tongersdei komt de wyn dy’t der is út it westsúdwesten. De dei begjint mei sinneskyn waar, mar al gau berint de loft, mar de temperatuer komt dochs noch oant 13,5 graad ta. En dat is hjoed freed sa net; de wyn komt no út it noardnoardeasten, in kâlde frisse wyn. De temperatuer kin noch krekt de 8 graden helje, mar wol de hiele dei sinne mei hjir en dêr in lyts wolkje. It wie in frisse, mar moaie dei, mar letter op de jûn mist. En dat wie ek sneontemoarn noch sa. En blêdstil. En fan ’e middei komt de sinne der ek noch troch oant 6 oere. Dan is it wer mistich. De temperatuer komt noch oan 7,5 graad ta en alles mei elkoar wer in moaie dei. Sneintemoarn 28 febrewaris is it wer in lytse wrâld en ek hiel lyts! It giet wat hinne en wer, dan wer wat mear sicht, dan wat minder. De wyn dy’t der is, komt út it noardeasten en de temperatuer kin noch oan 6.5 graad ta komme. Fierder foar de tiid fan it jier in moaie snein.
 
Nei in mistige nacht en ek moandeitemoarn 1 maart earst noch mist komt de sinne nei de kofje der hielendal by yn in helderblauwe loft. De wyn komt út it easten en de temperatuer midden op de dei is 7 graden. Hjoed wer in maitiidsdei; letter op de middei gong de wyn wat nei it noarden. Nochris, in moaie, mar in frisse dei. Tiisdei begjint wer mei in lytse wrâld, mar goed 10 oere komt de sinne al. De wyn dy’t der is, komt út it eastnoardeasten. It is wol fris hjoed mei in temperatuer fan 11,5 graad, mar in moaie dei dizze twadde maart. Nei in mistige nacht en in tige mistige woansdeitemoarn wurdt it op de middei wer wat ljochter, mar de sinne komt hjoed net. Mei in kâlde westewyn bliuwt de temperatuer op krap 5 graden. En dat is tongersdei itselde ferhaal, mar gjin mist mear, in bewolke dei. Wy hawwe de sinne net sjoen en mei in stevige noardnoardwestewyn bliuwt de temperatuer 4 graden; in kâlde droege dei. Mar freed wer oars. Moarns betiid wat nachtfroast, de wyn komt út it noardeasten, mar de sinne dy’t fan ’e moarn om 20 oer sânen opkommen is, is der gauris by, mar ek wol ris in wolkje. De temperatuer is hjoed 6 graden, mar it is wer in moaie droege dei. De nacht fan freed op sneon, gjin nachtfroast, wol bewolking en it is moarns oant 10 oere ta droech. Dan komme der buien en buikes út it noardwesten. Middeis is it wer droech mei in temperatuer fan 6,5 graad. In kâlde frisse dei.

Snein 7 maart begjint bewolke, de wyn dy’t der is, komt út it noardnoardwesten en as dat sa is, kinne wy hjir tsjin healwei tsienen de klokken fan de Johannestsjerke lieden hearre. Dy ropt ús, mar foarlopich even net. Mear nijs, no út de natuer. It earste ljipaai is ek al fûn op 5 maart, net hjir yn Fryslân, mar ik haw al ljippen heard en sjoen. Wat seit dit allegear mei elkoar? De natuer giet syn gong. Mar binne de boeren hjir wol sa wiis mei nei al it geweld fan deputearre Douwe Hoogland yn de LC fan tongersdei 5 maart? Doe’t ik dat lêzen hie, tocht ik: hy as boeresoan soe dochs better witte moatte. Hy moat him earst mar goed ynformearje litte; kom dan mei in plan, in goed plan ta beskerming fan ús greidefûgels. Mar nim wol mei wêr’t no hielendal net oan tocht is: de predatoaren. Dan wurdt it in hiel oar ferhaal, en lit asjeblyft de boeren har eigen wurk regelje. Mar no mar wer oer it waar hjoed. Wy hawwe de sinne hjoed noch net sjoen, de wyn is om; hy komt út it suden. It wurdt fan ’e middei wat wiet en it is kâld. It bliuwt de hiele dei om en de by 5 graden.

Tiisdei is it wer oars. Nei in nacht mei wat wietichheid wurdt it moarns wer droech en de wyn dy’t der is, komt út it noardnoardwesten. Wy hawwe hjoed de sinne net sjoen, dy koe net achter de grize bewolking wei komme. En de temperatuer is hjoed ek 5 graden. Mar foardat ik it ferjit, moat ik wol melde: sneon 6 maart is hjir yn Fryslân ek in ljipaai fûn. Mar ek noch mear. Ik fytste op it binnenpaad nei Tsjom, en dêr by it Greidanusstjelpke op dat stikje natuerlân kaam in ljurk rjocht omheech! Hy bleau even yn de loft, wy seine froeger dan: even bidde. En sa gong hy yn sweefflecht wer nei de grûn. Ik haw se jierren net sjoen, mar se binne der noch wol. In moaie waarnimming. Mar no it waar fan woansdei 10 maart. It begjint rêstich mei in tichte grize loft. De temperatuer is 7 graden en de wyn is wer hielendal om en komt no wer út it suden. Ik haw it wol ris faker sein: it is alle dagen oars en wy meitsje it mei. De hoanne op de toer en de hin op it tsjerkedak lykas yn Lollum, sy hawwe it der mar drok mei. Middeis wurdt it wiet en begjint it hurder te waaien, en it bliuwt ek de nacht wiet en moarns waait it ek al in heale stoarm. Tongersdeitemoarns hellet de wyn noch mear oan en de middeis is de top, en dan bekomt it stadichoan. Dan jout de westerstoarm him wer del mei op de jûn wer in buike. De temperatuer hat hjoed 9,5 graad west.

Nei de nacht is it hjoed freed 12 maart. It is droech, de sinne komt sa no en dan even achter de bewolking wei, it stoarmet net mear, mar it is noch wol stoarmeftich út it westnoardwesten mei ek noch in buike. De temperatuer is 9 graden. It bliuwt hjir by in buike, mar der binne wol echte buien oer Fryslân gongen, de loft stie soms as in brijwein, en dy hat hjir yn dizze rûzige nacht ek wiet west. Sneon de tredde stoarmige dei op rige, mei hjir en dêr wat blau yn de loft. Nei al dat grize krijt de sinne hjoed grif noch syn kâns. Hast net, buien buien, earst út it súdsúdwesten, dan draait de wyn yn in felle bui nei it noardwesten. Wat in waar. Mar op de jûn bekomt it wer en dêrmei komt der yn de nacht nei snein in ein oan trije stoarmige dagen. Op hjir en dêr in ôfwaaide panne falt de skea hjir ta en lit de sinne syn strielen troch wat bewolking gauris sjen. En dizze snein begjint wer wat yn it maitiidsgefoel, mids maart. Mar it bliuwt hurd waaien út it noardwesten; wol is it droech mei in temperatuer fan 9 graden. Nei in buiige nacht is it moandei en wer mei hurde wyn út it westen. In meast bewolke loft, en de temperatuer wie 9 graden. Nei in droege nacht is it tiisdei, de wyn komt út it noardwesten, mar docht it kalm oan, en it is bewolke, 8,5 graad. Dan op nei woansdei: buien út it noarden mei in krêftige wyn, op de middei besiket de sinne der ek noch by te kommen.

Woansdei 17 maart, 2e-Keamerferkiezingsdei. Spannend. It hie fan my net hoegd, dit is al sa’n sirkus mei dy koroanatastân, in jildferslinende tastân, 35 partijen, noch mear gedachten fan minsken dy’t miene it te witten, en allegear wer oars. Sis it mar. En it waar, it allerbelangrykste, it giet der gewoan om troch. Dan is it tongersdei, in rêstige wat kâldere dei mei noardwestewyn en in temperatuer fan 7 graden. Wy hawwe de sinne hast net sjoen; hjir en dêr in gatsje yn de bewolking dêr’t de sinne efkes troch komt. Nei in heldere nacht mei grûnfroast is it freed. Alles is wiet, en autoruten moatte skrabe, mar op dizze 20e maart mei in heldere loft komt de sinne tsjin sânen alwer yn aksje en is de froast gau fergetten en binne wy oerdutsen mei in skitterjende blauwe loft mei sinneskyn. Mei 8 graden wie it hjoed mei dochs in frisse wyn dochs in moaie dei. Ek sneon wer sa’n moaie start fan de dei: blêdstil, wat froast foar it sinne-opkommen, mar dat wie gau fuort. Even letter wie it net mear blêdstil en kaam der in noardwestewyn te stean, ek mei bewolking en letter wat hiel lichte storein. It waard mei dy wyn in kâlde dei, mar dochs ek noch 7 graden en ek hjoed begong de meteorologyske maitiid, en sa’t de berjochten sizze, giet de temperatuer omheech.

Mar dat is hjoed, snein 21 maart, noch net sa; in hurde maartske noardewyn jaget oer ús fryske plattelân mei bewolking sa fier as wy sjen kinne. Hjoed noch neat fan meteorologyske maitiid, mar ien ding witte wy seker: it komt wol. De temperatuer wie hjoed 7 graden, mar foar it gefoel 4-5, mar dochs hat de sinne fan ’e middei besocht om troch de skiere bewolking hinne te kommen. Op de jûn bekomt de wyn. De wyn dy’t der moandeitemoarn noch oer is, komt dan út it noardeasten mei in bewolke loft, mar letter op de dei út it noardwesten. Oerdei hawwe wy de sinne net sjoen, mar letter op de middei dochs noch even. Mei in temperatuer fan 8 graden is it in moaie dei. Ek yn it noardwesten? Nee, dochs wer oars op tiisdeitemoarn. Dan út it súdwesten, mei wynkrêft 3-4. De sinne der daliks by troch in skiere loft, de temperatuer 9 graden. Op de middei wurdt it hielendal bewolke, mar it bliuwt wol droech, mei in frisse wyn. Wat begjint sa’n dei wer moai, mei de sinne folop derby, mar de wyn is fris. Middeis komt de bewolking; it bliuwt wol droech en de temperatuer kin krekt 9 graden helje. Tongersdei begjint prachtich sinnich, mar oerdei de hiele dei ticht. Mar op de middei wer sinne en mei in stevige súdwestewyn komt de temperatuer net boppe de 10 graden. Wol droech en dêrmei ek in moaie maartdei.

Freedtemoarn stiet der wer in stevige súdwester ûnder in kompleet wolketek. Mar nei njoggenen klearret it op en komt de sinne der ek troch. Wy merke oan de natuer dat it wol trochgiet. Justermiddei seach ik wer op it kampke lân by de stjelp fan Greidanus in skries en in tsjirk by elkoar! Doe’t ik it seach, tocht ik daliks: no binne der noch gjin aaien, mar de tsjirk siket daliks al beskerming. Sels fûn ik dat in bysûndere waarnimming. Mar noch mear: de lêste 14 dagen komt de sopstream yn beammen, alle soarten, op gong. As je goed sjogge, wurde de knoppen en bledsjes alle dagen grutter. It is sa moai!! Mar ek noch even oer it waar fan hjoed. Ik neamde in stevige súdewestewyn mar it wie fan ’e middei in heale súdwestestoarm en dat witte je it bêste as je yn ’e de wyn op fytse, mar de temperatuer wie goed 13 graden. Sneon wer oars; in echte dei mei maartsk waar, echt hurde wyn út it noardwesten, buien mei hagel en kâld: de temperatuer hat net boppe de 5 graden west.

Snein 28 maart de útsetter fan it maartewaar: stoarmige wyn út it súdwesten mei rein. Net dat je der daliks wiet fan waarden, mar it wie net droech, en it waaide wol echt hurd. De temperatuer wie wol goed 9 graden en wy hawwe de sinne net sjoen. Wy binne wol ta oan wat stabiliteit wat it waar oanbelanget, mar dêr geane wy gelokkich net oer. De waarberjochten sizze wol: it sil allegear wat better wurde. Mar moandei begjint noch mei in soad bewolking en hurde súdwestewyn. Op de neimiddei bekomt de wyn en de sinne komt der ek noch by en it wurdt ek noch 15 graden op dizze 29 maart. Undertusken hawwe wy de klok ek wer in oere foarútsetten. En dêrmei kaam de sinne, wol achter bewolking, om healwei sânen op. En sa’t it no liket, want hy skynt no folop, hy giet, of hy ferlit ús wer om tsien minuten oer achten. Nei in rêstige nacht is it tiisdeitemoarn, de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. De sinne besiket troch de sluierbewolking hinne te kommen, en fierder de hiele dei yn in prachtige blauwe loft, in komplete simmerdei mei in temperatuer fan 20 graden. De nacht hat him ek oanpast en sa begjint de woansdei mei in prachtige sinne-opkomst, dat belooft wer wat foar hjoed. De súdwestewyn is hast fuortfallen; de molen (stroomopwekkers) steane hast stil. De jas kin út, de temperatuer is boppe de 20 graden. Alles wat libbet, reagearret hjirop. De boumantsjewipsturten binne krekt in pear dagen werom út harren winterferbliuw en hawwe de grutste wille yn harren simmerferbliuw. In hiel bysûndere dei dizze 31 maart, de slotdei fan it fearnsjier. 

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden.
 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA