DE TWA DOARPEN



Greidhoekekatedraal Lollum weer open

Geplaatst op: 05-07-2021

Op zaterdag en zondag 10 en 11 juli aanstaande staan de deuren van de Greidhoekekatedraal in Lollum de hele dag open voor iedereen. Na de lockdown wil het bestuur van de stichting een feestelijk startschot geven aan een tijd dat de voormalige Gereformeerde kerk weer gewoon voor puliek open kan. Dat begint op zaterdagmorgen om 10.00 uur (inloop 9.30 uur) met de officiële opening van een expositie van schilderwerk van Jan van der Kuur. Jan van der Kuur is jarenlang onderwijzer geweest in Lollum en Parrega, is nu vrijwilliger bij het Scheepvaartmuseum in Sneek en heeft zich de laatste jaren ontpopt als kunstschilder. De schilderijen zijn de hele zomer te bekijken; de kerk is in principe iedere dag open.

Het weekend van 10 en 11 juli is er de hele dag muziek (via internet of live), koffie en thee staan klaar, en bestuursleden van de Stichting Greidhoekekatedraal zijn aanwezig om tekst en uitleg te geven over de plannen met de kerk: een unieke combinatie van behoud van een monument, gemeenschapsfunctie en bewoning en daarmee een versterking van het dorpsleven in Lollum en Waaksens.
Het bestuur wil ook vieren, dat de Greidhoekekatedraal na de dreigende verloedering van vorig jaar nu weer toonbaar is, en dat er zicht is op een nieuwe bestemming. Al was het in coronatijd niet gemakkelijk, het bestuur is vernieuwd, het is gelukt om ca. € 20.000 aan donaties en inkomsten binnen te halen, en er zijn duizenden uren aan vrijwilligerswerk in de kerk gestoken. Er is aansluiting gevonden bij het netwerk Rustpunt.nu, de kerk is rolstoeltoegankelijk gemaakt en het centrale gedeelte is klaar voor gebruik voor koren en orkesten, groepen en kunstenaars.

Het hele weekend van 10 en 11 juli zijn bestuursleden en medewerkers van de Stichting Greidhoekekatedraal in Lollum aanwezig om gasten te ontvangen en informatie te geven. Ieder is van harte welkom!

Greidhoekekatedraal Lollum wer iepen

Op sneon en snein 10 en 11 july oansteande steane de doarren fan de Greidhoekekatedraal yn Lollum de hiele dei iepen foar iderien. Nei de lockdown wol it bestjoer fan de stifting in feestlik startskot jaan oan in tiid dat de eardere Grifformearde tsjerke wer gewoan foar publyk iepen kin. Dat begjint op sneontemoarn om 10.00 oere (ynrin 9.30 oere) mei de offisjele iepening fan in útstalling fan skilderijen fan Jan van der Kuur. Jan van der Kuur hat jierren lang ûnderwizer west yn Lollum en Parregea, is no frijwilliger by it Skipfeartmuséum yn Snits en hat him de lêste jierren yn syn frije tiid ûntjûn as keunstskilder. De skilderijen binne de hiele simmer te besjen; de tsjerke is yn prinsipe alle dagen iepen.

It wykein fan 10 en 11 july is der de hiele dei mesyk (fia ynternet of live), kofje en tee steane klear, en bestjoersleden fan de Stifting Greidhoekekatedraal binne oanwêzich om tekst en útlis te jaan oer de plannen mei de tsjerke: in unike kombinaasje fan behâld fan in monumint, mienskipsfunksje en bewenning en dêrmei in fersterking fan it doarpslibben yn Lollum en Waaksens.
It bestjoer wol ek fiere, dat de Greidhoekekatedraal nei it driigjende fertutearzjen ferline jier no wer toanber is, en dat der sicht is op in nije bestimming. Al wie it yn koroanatiid net maklik, it bestjoer is fernijd, it is slagge om in € 20.000 oan donaasjes en ynkomsten op te heljen, en der binne tûzenen oeren oan frijwilligerswurk yn ’e tsjerke stutsen. Der is oansluting fûn by it netwurk Rustpunt.nu, de tsjerke is rolstoeltagonklik en it middelste part is klear foar gebrûk foar koaren en orkesten, groepen en keunstners.

It hiele wykein fan 10 en 11 july binne bestjoersleden en meiwurkers fan de Stifting Greidhoekekatedraal yn Lollum oanwêzich om gasten te ûntfangen en ynformaasje te jaan. Elk is tige wolkom!

Foar mear ynformaasje:

Sjoerd van der Kuur, projektlieder/foarsitter 06-12809282
Liuwe H. Westra, skriuwer 06-30837586

 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2021 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA