DE TWA DOARPEN



Sprankeljend konsert yn de tsjerke fan Burchwert

Geplaatst op: 18-09-2021


Oargelist Eeuwe Zijlstra sil it oargel yn de tsjerke fan Burchwert 'sjonge litte'! Muzikaal wurket hy yn dit konsert gear mei trompettist Jan Vermaning (NNO). It muzikale programma wurdt ôfwiksele mei ferhalen troch Flip van Doorn, dy't it boek -De Friezen -skreau en der binne lieten troch sjongeres en komponist Hiske Oosterwijk dy't nije, jazzy komposysjes skreau op it 17e iuwske wurk fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx.

It oargel út 1735 waard oan de tsjerke yn Burchwert skonken troch IJdtje Buwalda, sy wie troud mei Adrianus Grons. Adrianus wie de soan fan Antje Arjens, de dochter fan Gysbert syn suster Jancke, dy’t lykas har man jong kaam te ferstjerren. Antje Arjens waard dêrom grutbrocht yn de húshâlding fan Gysbert Japicx en Sijcke Salvius. Nei in tige slagge muzikaal en literêr programma yn 2019, sil der yn 2021 op ‘e nij in bysûnder programma  wêze oer Gysbert Japicx en it Frysk.

Kaartferkeap: € 7,50 de persoan ynklusyf kofje/tee 'mei wat derby'. Kaarten bestelle? www.gysbert.frl/kontakt

Lokaasje: Tsjerke Burchwert, [Kerkhof 1, Burgwerd]. Ynrin mei muzyk en kofje en tee: 19.30 oere. Oanfang programma: 20.00 oere.
 
Datum: sneon 25 septimber 2021 

Wy hannelje neffens de oanwizingen fan it RIVM, dit hâldt yn dat jo tagong hawwe mei in koroanatagongsbewiis en in identiteitsbewiis.

Mear ynformaasje:
https://www.gysbert.frl/oargelkonsert-tsjerke-burchwert
 
 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA