DE TWA DOARPEN



It hâldt net op (Afl. 14)

Geplaatst op: 17-10-2021

It hâldt net op (Afl.14)
 
Tongersdei 1 july: dit is it begjin fan it tredde fearnsjier alwer, de tsiende fan de hûndertentwaentachtich dagen dat de sinne fan ús ôf giet. Dat giet sa troch oant 21 desimber, mar dan, dan skriuw ik by libben en sûnwêzen, dan skriuw ik gewoan op hoe’t it dan komt. Mar no werom nei hjoed. De sinne komt op achter de bewolking; mei de wyn út it westnoardwesten fielt it fris oan. Letter op ’e middei is de wyn westsúdwest, en dat is it moaie as je it waarnimme: it is altyd wer oars.  Dat is it freed ek sa. Moarns betiid ien grize bewolking mei de wyn dy’t der is út it westen, mar letter op ’e moarn brekt de bewolking en komt de sinne der mear by en is it ek noch wer in moaie dei mei 21 graden. Sneon wer oars. De wyn komt no út it súdeasten, de temperatuer is 22 graden, der is bewolking, mar wol mei ljochtstreken yn ’e loft. It is gewoan waarm waar mei fan ’e middei 25 graden.
Snein 4 july komt de wyn dy’t der is, út it súdwesten, it begjint mei in plensbuike, mar om goed njoggen oere wurdt it drûch. Fan dy bui siet der 12 mm yn de mjitter. It is fierder oerdei drûch, mei in temperatuer fan goed 20 graden. Op ’e neimiddei set de loft yn it súdeasten wer oan, mar de wyn sit no wer yn it noardnoardwesten. Fêst waar is noch fier fuort. Dizze bui fanút it súdwesten is tsjin de wyn yn wol oerkommen. Foar achten reinde it al, en fan ’e moarn, dizze moandeitemoarn, waard it om goed njoggen oere wer drûch, mei sinne en bewolking, en de wyn noch yn it noardwesten. Mar ek noch even oer Pyt Paulusma: noch in pear dagen trochbite, dan binne wy dizze hjerstrite kwyt, en sitte wy it kommende wykein dik yn ’e simmer. En hy sei der no net achteroan, it moat noch. De earste dei dy’t wy trochbite moatte is tiisdei mei in stoarmige hurde sudewyn, en de sinne lit it wat ôfwitte. Mar dochs wie de temperatuer mei 20 graden goed. Op in pear buikes nei bleau it drûch.
Tsjin healwei seizen fan ’e moarn op dizze woansdei 7 july komt de sinne op yn in helderblauwe loft, mar net salang helderblau, want algau komt der bewolking mei in hurde súdwestewyn, en dan witte wy daliks: it is noch ûnbestendich en dat wie it ek yn Tsjom. Wy hienen wol moai waar mei in temperatuer fan 21 graden en sa komt begjin fan ’e middei út wat bewolking in smel strookje rein oer, even fel mei 1,5 mm. It wie ek samar wer oer. Dat is ûnbestendich. Mar ek mear. Ik seach fan ’e middei de bewolking yn it súdeasten mei wol seis echte tongerkopkes derboppe, en dat binne krekt de plakjes dêr’t wat wietichheid út komt. Fierder in moaie dei oant yn ’e jûn, mei dan de wyn út it westsúdwesten.
En dêr sit de wyn noch op tongersdeitemoarn, mei in moaie sinne-opkomst mei hjir en dêr in skier wolkje. It is gewoan in moaie simmerdei mei in temperatuer fan 25 graden oer de hiele dei.
Nei in bledstille nacht komt de sinne op achter in mistige hoarizon en is it freed 9 july. In echt simmers waarberjocht sit der noch net yn. Mar de lêste suchtsjes wyn, dy’t der justerjûn wienen, dy kamen út it súdeasten. De hoanne op ’e toer jout it oan, en ek de wynmole yn it fjild stiet stil dy kant út. It is gewoan moai waar mei in temperatuer fan 23 graden en de wyn út it westen. Mar de ûnrêst yn ’e loft is te sjen, allegear tongerkoppen no yn it súdwesten, en de sinne stekt wat. Mar it bliuwt drûch, in moaie dei, mar op ’e jûn is de wyn noardnoardwest; dit is meielkoar gjin fêst waar. O nee! Sneontemoarn itselde ferhaal: bledstil, de lêste wyndruk is út it súdwesten kommen, want dat litte de hoanne en mole sjen. Fierder hast in bewolke dei, en de wyn wie noardwest. Wol is it drûch mei 22 graden. Letter op ’e jûn wie de wyn noardeast.
Mei in súdeastlike wyn komt de sinne op dizze sneintemoarn om healwei seizen yn in dizige loft prachtich moai op. Wat begjint sa’n sneintemoarn skitterjend moai mei op ’e achtergrûn de koperklanken foar Omrop Fryslân. En dat waar hâlde wy de hiele snein, 23 graden. It is op ’e middei wol bewolke wurden. Mei dizze buiïge loften, hoe is it mooglik dat it drûch bliuwt. Even letter komt de wyn út de tsjinoerstelde rjochting. Hy wie east, even letter noard, en it wurdt dêrnei sa bewolke. Tsjin njoggenen waard it al wat donker, it is hast net te folgjen. Even letter reint it 2,5 mm. As de bui oerwaaid is, ljochtet it wer op.
Fierder de nacht nei moandei bliuwt it drûch. De sinne wol op moandeitemoarn ek graach skine, mar kriget hast gjin kâns. Mar it is einepikewaar mei 24 graden, en hast gjin wyn. De wyn dy’t der is, komt út it noardeasten. Wat in moaie dei. Op ’e jûn komt de sinne ek noch even. Nei in drûge rêstige nacht begjint tiisdei as in grize dei mei de wyn út it noardnoardeasten en in temperatuer fan 20 graden. Mei in stevige noardewyn is it hjoed woansdei. En soe it hjoed wer in grize dei wurde? Mar dat is net sa. Fan ’e middei kaam de sinne derby. It waard ek noch 22 graden. Mar it begjint hurder te waaien.
Nei in stoarmige nacht is it hjoed tongersdei 15 july mei in grize bewolking. It is hjir wol drûch, mar dat is yn ús dochs lytse lân net oeral sa. Hiel eastlik Nederlân is (hast) in kompleet rampgebiet mei wetteroerlêst. En dan meast de súdlike provinsjes. De stoarmige wyn nimt op ’e jûn wol wat ôf, mar it waait noch hieltyd hurd út it noardnoardwesten en dy wyn fielt wol fris. Mar de temperatuer is dochs noch 20 graden. En dat is op freed noch sa. Ien grize bewolking skermet de sinne en dêrmei ek de moaie blauwe loft ôf. Mar letter op ’e dei komt dochs noch even de sinne foar ’t ljocht.
Nei in heldere nacht en ûnderom wat mistich is it sneon. De sinne komt om healwei seizen op en ferjaget de mistflarden en skynt even letter út in helderblauwe loft. De wyn waait noch stevich út it noardnoardwesten, en dêr is de temperatuer dan ek neffens. It fielt fris en de temperatuer is goed 21 graden. Wy hawwe hjir in moaie dei, mar yn it suden, Limburch en in grut stik fan Dútslân en België mei dy wetteroerlêst by en lâns de grutte rivieren, is it in regelrjocht drama. En it is noch lang net foarby. Want al dat wetter hat as eindoel de Noardsee by Rotterdam.
Nei de nacht is it snein 18 july. Dizze snein begjint skitterjend moai mei in noch moaiere sinne-opkomst yn in kompleet heldere blauwe loft. De wyn dy’t der is, komt út it noardwesten. De temperatuer is al 19 graden, mar letter komt der wer wat bewolking en krije wy ek noch hurde wyn út it noardnoardeasten. Alles meielkoar wurdt it ek noch mei 22 graden in moaie dei. Moandei begjint rêstich, bewolke; de sinne besiket it ek. De wyn komt út it noardnoardwesten en de temperatuer sit om de 20 graden. Op ’e neimiddei hellet de wyn noch oan; dan is it wol hiel moai as de sinne der folop by is. Ik wol it net roetkâld neame, mar de jas moat wol oan.
De tiisdei begjint bledstil, de sinne komt op yn in wat grize sluierbewolking, mar wol in moai begjin fan dizze 20ste july. En dat is de hiele dei sa mei in noardnoardeastewyn ta de jûn út, mei hast 23 graden.
Nei in bledstille nacht is it woansdei. Dizze dei begjint mei sinne en bewolking, en de wyn dy’t der is, is om en komt no út it súdwesten mei in temperatuer fan 23 graden. Hearlik waar. Mar op ’e neimiddei is de wyn alwer noard, en dêrmei wurdt it wat frisser. Mar in moaie dei. De tongersdeis begjint mei sinne en bewolking, de wyn, dy’t der is, komt út it noarden, de bewolking rommet ek wer op. It is in hiele moaie dei mei in temperatuer fan 22 graden. Op ’e neimiddei is de noardewyn kâld, ik sis fris.
De nacht nei freed is bewolke; de freedtemoarn is griis. It is bledstil. De wyn dy’t der al is, komt út it noardeasten, dat lit de hoanne op ’e toer fan Tsjom sjen. Wy binne alwer mear as in moanne nei de langste dei en dat merke wy ek. De sinne komt om kertier foar seizen op en om tweintich foar tsienen ferdwynt er wer achter de hoarizon. In healoere letter is it tsjuster. En wy hawwe de sinne ek noch sjoen. It hat 23 graden west; in moaie dei. Op ’e neimiddei mei noardnoardwestewyn wurdt it wer wat frisser.
En dan op sneontemoarn mei in hurde eastewyn is it wer oars. Wy hienen in moaie sinne-opkomst yn in moaie blauwe loft. Even letter yn sluierbewolking, en wy wisten, der komt oar waar oan. En sa giet it ferhaal fierder. Wy hawwe in moaie dei hân mei in temperatuer fan 22 graden, mar yn ’e jûn liket de loft yn it súdwesten buiïch, oan de oare kant yn it westen sjogge wy de sinne noch ûndergean en is it noch drûch hjir. Jûns om healwei tsienen wurdt it wiet en dat giet de hiele nacht troch oant sneintemoarn healwei tsienen. Dan wurdt it wer drûch en is der 42 mm fallen en de temperatuer is 22 graden by in westsúdwestewyn mei enoarme tongerkoppen yn de loft. Om ús hinne is it in hiele moaie simmersnein. Mar noch even oer de plonzen wetter dy’t ek yn Fryslân fallen binne, mear as 40, 50, 60, 70 mm en op ien plak mear as 100 mm en mei wetteroerlêst. Wat is der mis mei ús natuer? Helaas, as it mar net te let is.
Nei de nacht is it moandei. Troch de bewolking besiket de sinne it ek noch; de wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten, mar de bewolking komt al mear op mei ek wer tongerkoppen. De temperatuer is 23 graden. En dêr wie er al, ek boppe Tsjom. In plensbui om healwei ienen, in stower mei soms hielendal gjin sicht. Ek mei in tongerklap. In oere letter skynde de sinne wer, mar dochs wer 15 mm. It is hjoed echt ûnrêstich yn de natuer mei bewolking, buieloften mei brûzende tongerkoppen. It reint ek samar even. De temperatuer is de hiele dei 23 graden, en dan al mei al dochs wer in moaie dei. Ek de nacht oer nei tiisdei hat it net drûch west. De plassen steane noch op ’e dyk. De wyn waait noch út it súdwesten, mei in bewolke loft. De sinne besiket om njoggen oere ek mei te dwaan en dat slagget ek noch, mar oer de nacht sit der wer 14 mm yn de mjitter, en de loft lit noch de ûnstabiliteit sjen, mar it bliuwt hjir al drûch en mei 21 graden fierder goed.
Mei in hurde westsúdwestewyn en driigjende wolken is it woansdei 28 july. De foarbye nacht mei buien en 4 mm wetter, en wy witte daliks: de simmer dy’t der wêze koe, is noch fier te sykjen, en, seit Pyt Paulusma, de earste fjirtjin dagen fan augustus sille wy it hjir ek mei dwaan moatte. Ik hoopje dat it in gok is fan Pyt, mar it kin bêst sa komme. Wy sitte oant 19 augustus yn de hûnsdagen, dan krije wy de trije kattedagen noch, en wy witte, wy kinne der meiinoar neat oan dwaan. Nei yn de nacht in buike en mei in stoarmige súdwestewyn is it tongersdei. Wylde loften fleane foarby, de sinne kriget sa no en dan de kâns om syn grutte ljocht sjen te litten, mar simmerwaar is wol wat oars. Mar de temperatuer is dochs noch hast 20 graden. Freed gjin stoarmige súdwestlike wyn mear. Yn in dizige loft komt de sinne op, it hat de nacht oer drûch west, mar oerdei net. It reint der samar hinne. De temperatuer is ek lykas juster om-ende-by de 20 graden, mar simmerwaar, nee!
Nei buien yn de nacht is it no sneontemoarn en wer drûch. Mar it waait wol wer in heale stoarm út it westsúdwesten wei. De temperatuer is 18 graden en de sinne lit him alwer sjen troch gatten yn de bewolking. Sa begjint de dei. Ja, wy sitte ommers yn de hûnsdagen, mei hûnsdagewaar, en de buien dy binne der ek. Fan buien justerjûn en fannacht hienen wy goed 9 mm. De lêste dei fan july makket dizze simmermoanne net goed, mei 18 graden; 5 graden kâlder as normaal is foar dizze tiid, en dêr giet ús moaie simmer.
Sneintemoarn begjint it mei in bui út it westnoardwesten wei mei 4 mm wetter. Fierder rêstich waar en it bliuwt drûch. De sinne komt der noch moai by. Mar dat is moandeitemoarn net sa. Wol hat it drûch west de nacht oer; de wyn is westnoardwest mei driigjende buieloften út it westen. Dêrmei wie it drûge waar wer even op. Sa no en dan kaam der in buike oer, en mei in temperatuer fan 18 graden is it foar de twadde augustus echt gjin simmerdei, mar wat net is, kin komme. Wy litte de moed net sakje. Wy hienen fan ’e middei nei it iten samar in lyts plensbuike, 3,5 mm, fierder enoarme buieloften, mar de rest fan de middei hat it wol drûch west. It wie fris, mar dochs wol in moaie middei.
Tiisdei begjint hiel rêstich en hast wynstil út it noardnoardeasten nei in drûge nacht. De temperatuer is 18 graden, mar as it hast wynstil is, komt hy oeral wei. Sa as ik de mole op it sicht haw, draait dy op it noardnoardeasten; sa’t ik by de Johannestsjerke yn Tsjom lâns fyts, stiet de hoanne op it noardwesten. Dêrmei, as it stil waar is, sis it dan marris. Mar it wie hjir yn it noarden in moaie dei. De woansdei fan de PC begjint al sa moai. De wyn dy’t der is, komt út it eastnoardeasten en de temperatuer is sa oer de hiele dei boppe de 20 graden. Dat mei de sinne derby. Middeis komt der stadichoan bewolking út it noardwesten, mar it bliuwt drûch. Der sit hjir en dêr in bui oan ’e loft, mar it hat in hiele moaie dei west. Nei in rêstige nacht begjint ek dizze 5de augustus mei sudewyn wer simmers moai, en it bliuwt de hiele dei simmers moai mei 22-23 graden. De wyn giet nei it westen. De hiele dei, wêr’t je ek sjogge, oeral sit ûnrêst yn ’e loft mei tongerkoppen. Soms set de loft ergens oan, mar it wurdt ek wer wei. Wat in bysûnder moaie dei.
Freed is it wer oars, bewolke mei hjir en dêr in gatsje foar de sinne. Dat dy komt der hjoed grif by. De hurde wyn komt út it suden en de temperatuer is 20 graden. It driget soms wol, mar dat is de middeis in oar ferhaal. Buieloften út it súdwesten sette oan, en nei iten de earste bui al, en ek midden op ’e middei in grouwe bui. Meielkoar hienen wy 9,5 mm. En sa is it alle dagen oars.
Sneon begjint mei de sinne der daliks by, mar ek tongerkoppen troch it hiele noarden, en mei in hurde súdwestewyn is it oant yn ’e jûn goed waar. Dan komt der in enoarm buiegebiet oer mei wjerljocht en tongerslaggen en 23 mm rein. Wat in waar. Ek de nacht ferrint ûnrêstich.
Sneintemoarn waait it in heale stoarm út it suden. Ek no is it wer buiïch waar, bewolke mei sa no en dan in glimk fan ’e sinne. Op ’e jûn alwer buien. Ek de nacht oer nei moandei. De wetterplassen steane moandeitemoarns noch op ’e dyk. It is bewolke en mei in súdwestewyn fielt it fris oan dizze 9de augustus. Fan ’e moarn siet der 14,5 mm yn de mjitter, mar it is oeral oars. It is mar krekt wêr’t dy seamen rein krekt lâns geane. Op oare plakken, sa’t Pyt Paulusma sei, 20, 30, 40 mm. Fan ’e middei wie it ek wer rekke; wat hat it even eaze. En op ’e jûn, tsjin sânen, wer.
Dan nei in buienacht is it tiisdei en wer 14 mm yn de wettermjitter. De wyn dy’t der is, komt út it westen en it is 19 graden. De waarberjochten wurde wol wat better. It is hjoed al te merken. Hjir hawwe gjin buien mear west. It wie goed waar. En it hat drûch west nei woansdei ta. It is earst wat dizich oer it fjild, mar al gau komt de sinne derby. De wyn komt út it súdsúdwesten. Letter komt er út it súdwesten. De temperatuer is 21 graden. It is goed waar, mar it is noch ûnrêstich yn ’e boppeloft. Der hingje buien yn it easten mei tongerkoppen, mar de sinne bliuwt derby oant hy jûns om goed njoggen oere ús wer ferlit oant moarnier kertier oer seizen.
Dan is de wrâld alwer ferljochte troch dit opkommen en is dy rêstige drûge nacht alwer foarby. As wy de waarberjochten folgje, wurdt dizze 12de augustus in simmerdei, en dat hat it ek west. In echte simmerdei? Ja en nee. De wyn kaam net út de simmerhoeke, mar út it westnoardwesten. Dêrmei wie it yn ’e lijte wol simmer mei 23 graden. It hat de hiele dei drûch west. In moaie dei, sa hast midden yn ’e hûnsdagen. Dêr hâldt it mei op, want foar moai waar waait it te hurd. En dat is freedtemoarn noch sa. De wyn komt no út it westsúdwesten. It is drûch waar en yn ’e lijte is it bêst bûten te wêzen. Mar lykas ik juster al neamde, it is hûnsdagewaar mei 18 oant 19 graden.
Op sneontemoarn komt de wyn, de hurde wyn, noch út it súdwesten. De sinne is der wol, mar lit him net sjen. It is om njoggen oere swier bewolke, dizze 26ste dei yn ’e hûnsdagen. Mar dat bliuwt net sa. De middeis komt dizze der noch hiel moai by. De hurde súdwestewyn hâldt it wol fris, oars hienen wy bêst in moaie dei mei dit drûge waar, mar der komt oar waar oan. Dat ferriedt de ûnrêst yn de atmosfear mei altyd noch dy opbrûzende tongerkoppen, wêr ek mar.
Nei in rêstige nacht begjint dizze snein mids augustus folop mei sinne; de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten, mar hy hellet stadich oan, de dei lâns, en wurdt hast stoarmich. It bliuwt wol drûch en de temperatuer is goed 20 graden. Moandeitemoarn buikes mei in hurde wyn út it noardwesten. De temperatuer is 17, 18 graden. It is wat hjerstich. Sa oer de nacht 9 mm yn de mjitter, de wyn wurdt op de neimiddei en jûn wol stoarmich mei wynkrêft 8 hjir yn it noarden. Nei in rêstige nacht begjint de tiisdei rêstiger. De wyn jout him wat del. It is wol bewolke, mar drûch. De wyn komt út it westen en de temperatuer is 17 graden. Mear sit der net yn. Sa fan justerjûn noch 2,5 mm yn de mjitter. Op in pear spatten nei bliuwt it hjoed drûch. Op ’e neimiddei wurdt it hast bledstil.
De nacht nei woansdei falt der soms in buike, mei westewyn. Dy docht it rêstich oan yn in grize wrâld. De temperatuer wol dêrmei net omheech komme, 16, 17 graden. Mar it wurdt op ’e middei dochs noch 19 graden, want de sinne liet him sa no en dan ek noch sjen. Mar buiïge loften en in hurde wyn út it westen, wat de temperatuer oangiet, siet der net mear yn. It bleau al drûch.
Mar fannacht net, en tongersdeitemoarn ek net. It is ien grize bewolke massa; de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten, letter út it westnoardwesten. It hat hjoed motstood, motreind en it hat ek noch even echt reind. It hat wol in hiele bysûndere dei west dizze lêste dei fan ’e hûnsdagen. De sinne wie der gelokkich al, oars hienen wy hielendal yn ’t donker sitten. Mar hy is wol opkommen en hat de hiele bôge oer de himel makke, en op ’e jûn is er yn it westen wer ûndergongen. Mar hy hat gjin ljocht of waarmtestriel hjir sjen litten, en dat is wol hiel seldsum, hiel bysûnder. Al mei al mei dizze wietichheid 3 mm en 18 graden.
Freed 20 augustus begjint bewolke; de wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten. Wy hawwe al in glimk fan ’e sinne sjoen. De temperatuer is goed 20 graden. Fan ’e moarn betiid hat it noch in pear drippen reind, 1 mm. Mar it is de hiele dei ûnrêstich yn de loft mei soms buiïge loften en ek wer oeral opbrûzende tongerkoppen. Ek de wyn bliuwt net yn it súdwesten. Mar op ’e neimiddei komt hy út it westnoardwesten. In soad wyn is der net.
Wy hawwe hjir trochelkoar in hiele moaie dei mei in temperatuer fan om-ende-by 23 graden.
Nei in rêstige nacht en in wat mistige bledstille moarn is it sneon 21 augustus. Om njoggen oere kin ik fanôf Martenahiem de hoanne op ’e Johannestsjerke net sjen. De spits stiet ek noch yn de mist. De wyn dy’t der is, kin oeral wei komme. Mar op ’e middei komt dy út it súdwesten. De sinne hat it wol besocht, mar spontaan, nee. Hiele lichte bewolking skerme him dan wer ôf. Mar de waarmte wie dan wol te fielen en dêrmei waard it hjoed oerdei 24 graden.
Mar sneintemoarn rein, rein. It is wiet wat de klok slacht; op plakken, ek yn Fryslân, wetteroerlêst. De wyn kaam mei de buien út it súdwesten; op ’e middei út it noardeasten. Meimekoar goed 28 mm. De sinne hawwe wy hjoed net sjoen. De temperatuer wie 19 graden. Sa is justerjûn de nacht begongen en foarbygongen mei in komplete waarsferoaring. De wyn is, foar safier’t der wyn is, noch yn it noardeasten, mar wat it waar oangiet op dizze 23ste augustus wêrop’t de sinne fan ’e moarn om healwei sânen yn in helderblauwe loft skitterjend moai opkomt, wat in wielde om dit gadeslaan te meien! It is echt oars as juster, it docht wat mei jin.
En hjoed, 24 augustus: foar simmerwaar sit de wyn yn de ferkearde hoeke, it noarden; it fielt yn de lijte, yn de sinne, samar 24 graden, mar op ’e hurde noardewyn 17, 18 graden, en dat is it. Nei in rêstige nacht is it tiisdei. Gjin hurde wyn mear. De wyn dy’t der is, komt út it noardnoardeasten. Mei de sinne is it in werhelling fan juster. Wer sa’n moai begjin. Ek in moaie dei mei in temperatuer fan 20 graden. Mar op ’e neimiddei spilet wer dy hurde wyn út it noarden op en dy is echt fris. Mar oer de jûn en de nacht falt de wyn hieltyd mear fuort. Op nei in nije dei, en altyd wer in ferrassing.
Wer in moai begjin, in moaie sinne-opkomst, mar der komt al bewolking fanút it noarden. Yn de rin fan ’e dei waait it al, mear bewolking, no mei de wyn út it westen, mei ek alris wat wiette. Fan ’e moarn mei de sinne noch 20 graden, mar mei mear bewolking en wyn moast de jas oan. It hâldt mei 17, 18 graden wol op.
Tongersdeitemoarn 26 augustus is it moarns betiid in grize boel mei de wyn út it noarden, en sa no en dan wat wiette. Mar nei kofjetiid komt de sinne der dochs by en dat bliuwt de hiele dei sa. Der sit ek wolris in wolk foar. Middeis sit der yn it súdwesten in buieloft mei enoarme tongerbrûskoppen, mar it wurdt allegear wer wei. De temperatuer lit te winskjen oer, mei dizze wyn út it noarden, 17, 18 graden. Freed begjint mei buien, mar der sit ek blau yn ’e loft, en de hurde wyn komt út it noardwesten. Dit begjin, it is wat hjerstich. En sa kin it waar de hiele dei wol neamd wurde. Mei buien en buikes hienen wy 4,5 mm en de temperatuer hat net boppe de 17 graden west.
Sneon, nei in nacht mei buien en buikes, begjint dizze sneon 28 augustus mei hurde noardeastewyn. Justerjûn wie it al te sjen; wat in ûnrêst yn ’e loft. It liken wol sniebanken mei tongerkoppen derboppe. It simmerwaar yn dizze sinnermoanne is fier te sykjen. Ek op dizze sneintemoarn ien grize bewolking. It hat wol drûch west dizze nacht oer, mar der waait noch wol in stevige noardewyn. Wy hawwe noch in buike hân mei 2,5 mm wetter. De temperatuer lit it hjoed echt sitte mei 16 graden. Dat kin ek net oars. De sinne, ús waarmteboarne, hat net de kâns krigen troch de bewolking te kommen. Wy moatte it hjirmei dwaan.
Moandei noch wer in grize loft. De wyn dy’t der is, komt út it noarden, mar it is wol drûch. It is hjoed de 30ste augustus, de ien nei lêste dei fan de echte simmermoannen. Hjirnei komt de r yn ’e moanne. Mar it giet hjoed fierder goed mei bewolking en sinne, en it is net kâld, want de 20 graden komme yn ’t sicht en dat is goed genôch. Mar de stevige wyn komt út it noarden, sa’t ik al neamde, en dat fielt wat fris oan. Tiisdeitemoarn in grize loft mei ûnderom in pear ljochte plakken. De wyn docht it rêstich oan fanút it noarden, mar de sinne moast it hjoed wol ôfwitte litte, en de wyn woe stadichoan mear. De temperatuer koe ek net mear as 17 graden helje.
Woansdeitemoarn 1 septimber wer ien grize loft. De wyn dy’t der is, komt no út it noardnoardwesten. De sinne hawwe wy wol field, net sjoen. In rêstige drûge dei. Tongersdei wer ien grize loft. De wynmole stiet stil, de hoanne op ’e toer wit it ek net mear. De blêden oan ’e beammen ferkleurje hjir en dêr al wat, dy fine it ek wol goed, mar wol saai. Op ’e jûn komt de sinne der dochs noch even by. It hat hjoed goed waar west mei goed 19 graden. Freed 3 septimber wer in grize start. Wêr’t de wyn weikomt, dy’t der eins net is, de mole, de hoanne, se witte it net. It is echt bledstil, wy sitte ûnder hegedruk, en dan kin dat. Marris sjen hoe’t it hjoed fierder giet. Letter yn de moarn kaam de wyn derby, út it noarden, en de sinne kaam der ek noch by. Noch letter die de wyn der noch in skepke boppe-op. De wyn fan see wie kâld. De temperatuer kaam net oan dy fan juster ta, heechút 17 graden.
Dan sneon 4 septimber; de wyn is al wat nei it easten gongen, hy is dêrmei no noardeast. De blêden oan ’e beammen bewege in bytsje. Boppedat is it wat in grize start. Al in folle wike altyd itselde plaatsje. Mar yn ’e rin fan ’e moarn moat de bewolking it ferlieze en skynt de sinne yn in kompleet blauwe loft. Wy hawwe dan in simmerdei, mar de wyn út it noardnoardeasten lit net in hegere temperatuer ta as 19 graden. Dochs is it in moaie dei.
Snein 5 septimber in heldere nacht mei moarns mist ûnderom, mar dy wurdt al gau ferjage troch de sinne. Dan waarmet it al gau op nei dizze nacht mei 12, 13 graden en de wyn komt no út it eastnoardeasten. Dat komt hielendal goed, en sa hat it ek west, in hiele moaie snein, folop sinne en 20 graden. Moandei begjint earst mistich, mar al gau komt de sinne; de wyn is eastsúdeast, rêstich waar. Sa hawwe wy in moaie dei hân mei goed 22 graden. Tiisdei begjint ek skitterjend moai, folop sinne en de wyn dy’t der is, komt út it súdsúdeasten. De jas kin yn de kast bliuwe. Wat in moaie simmerdei mei 23 graden. En dan jûns om acht oere ferlit de sinne ús wer. Dan nei it sinne-ûndergean dy prachtige westeloft, en dat is moarns tsjin sânen by it opkommen fan de sinne krekt sa yn de eastlike loft. Wat is dat moai as je dat allegear sjen meie.
Dizze woansdei 8 septimber hawwe wy wer in prachtige start fan ’e dei. En wat wer in simmerdei ta de jûn út. Wat mear wyn út it easten, mar middeis dochs 24 graden. Nei it ûndergean fan ’e sinne wer in moaie loft yn it westen. Ek tongersdeitemoan wer in moaie start, en wy hawwe in waarme simmerdei hân. De wyn dy’t der wie, kaam wêr’t er juster ek weikaam, út it súdsúdwesten. De temperatuer hat 26 graden west. Op ’e neimiddei kaam der wat bewolking, en dêrmei waard it wat frisser. Freed wie it alhiel bewolke; de wyn kaam út it súdwesten. Soms hienen wy ek buiïge loften, mar dêr bleau it by. De temperatuer koe noch krekt de 20 graden helje, mar fan ’e middei dochs noch in reinbui mei tonger en de temperatuer waard ek noch hast 23 graden. Op ’e jûn kaam de sinne der noch even by. Al mei al dochs noch wer in moaie freed, dizze tsiende septimber.
Sneon 11 septimber hienen wy in grize start; op in pear drippen nei bleau it drûch. Ut dy reinbui mei tonger fan justermiddei kaam noch 3 mm, mar hjoed wol in moaie dei mei 21 graden. Snein wie it de hiele dei drûch, der waaide wol in stevige wyn út it súdwesten. 19 graden, mear koe it hjoed net lije. Nei in rêstige nacht hawwe wy wer in nije wike, en dêrmei is it moandeitemoarn mei in bewolke loft mei in ljochte streek yn it easten, en dêr komt de sinne ek op; it komt goed hjoed! Ek omdat de wyn út it eastnoardeasten komt. Dochs hat it net sa west, de bewolking hat de hiele dei oerhearske. Op ’e ein fan de dei of leaver it begjin fan ’e jûn hawwe wy dochs de sinnestrielen noch sjoen, Mar oerdei wie it einepikewaar, hearlik om bûten te wêzen. Wer in moaie dei dus. Hjoed, tiisdei, wie wer sa’n dei. De wyn wie wat sterker út it noardeasten. Fierder wer moai waar mei 20 graden.
Woansdei 15 septimber is it wer oars. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. It begjint mei in grize buiïge loft; hjir en dêr foelen ek in pear drippen, mar op de measte plakken bleau it drûch. De temperatuer siet om-ende-by de 20 graden. Wy hawwe by it begjin fan ’e middei ek noch even de sinne sjoen. Letter op ’e middei gong de wyn nei it westnoardwesten, en sa no en dan in pear drippen. Mar dochs wol in moaie dei. Tongersdei hawwe wy ek wer in grize start, mei earst wat wietichheid. De wyn komt út it westnoardwesten en is fris. It komt net oan de 20 graden ta. Mar it is in goeie dei.
Lyksa begjint freed griis, wyn is der net. Wy sille sjen hoe’t it fierder giet. Even letter kaam de wyn al út it suden, mar wol hiel foarsichtich. De sinne liet him sa no en dan even sjen. Dochs wie it wer moai waar dizze freed 17 septimber mei wer hast 20 graden. En dêrmei in moaie dei. Sneon 18 septimber komt de sinne om kertier oer sânen op yn in heldere loft. De wyn komt út it súdeasten; krekt wat mear as juster. Wat is dy natuer noch skitterjend moai. Noch trije dagen foar’t de hjerst offisjeel begjint. Wat in moaie dei hawwe wy hjoed hân. En dan is it snein; nei in rêstige nacht sjogge wy de sinne-opkomst net, want ûnderom sit in pak grize bewolking. Mar boppe ús sjogge wy it moaie blau fan de himel wol, en komt daliks de gedachte omheech: it wurdt wer in moaie snein, en sa hat it ek west, mei eastewyn en in temperatuer fan 18 graden.
En nei in rêstige en drûge nacht is it moandei 20 septimber, de earste dei fan de nije wike. Ek hjoed sjogge wy de sinne net opkommen; it is bewolke, mar mei ljochte streken. It komt hjoed grif goed. De wyn dy’t der is, komt lykas juster út it easten. Teminsten foar safier’t der wyn is. It is hast bledstil. Mar it is wol kâld wurden fannacht. Fan ’e moarn om njoggen oere wie it noch mar 12 graden, mar doe kaam de sinne der ek al by, en it is oerdei noch wol 17 graden wurden. Mar it wie gewoan fris waar.
Tiisdei 21 septimber is it wer oars. De sinne komt op yn in wat grize bewolking, mar komt der sa no en dan troch. De wyn komt út it súdwesten, mar ek dêrwei wer in frisse start, 12 graden fan ’e moarn earst. Letter op ’e dei hat it ek noch 17 graden west, en it wie drûch. Nei in heldere nacht is it woansdei 22 septimber. De wyn dy’t der is, komt út it westsúdwesten, en de sinne dy’t even foar healwei achten opkomt, lit him daliks sjen. Neffens de waarberjochten sil it hjoed in moaie dei wurde, en dat hat it ek west mei 19 graden. Letter op ’e middei waaide it behoarlik, wynkrêft 5. En dan is it alwer tongersdei. It is bewolke en der stiet in hurde wyn, krêft 5, 6 út it westen. Yn de nacht nei freed falle der in pear drippen, en de wyn út it súdwesten hat him net sa bot deljûn. Ik kin der wol wynkrêft 6 by sette foar de hiele dei. De freed is bewolke begûn, oerdei hat de sinne him even sjen litten, mar letter wie er alwer fuort. Mar de temperatuer is goed mei 19 graden.
De nacht oer nei sneon 25 septimber is it stil wurden, der is gjin wyn mear, mar wol bewolking. Moarns tsjin alven is it al 20 graden, hiel moai waar om bûten te wêzen. En dat is de hiele sneon sa.
Middeis wurdt it noch 22 graden. Bysûnder, dizze 25ste septimber. En der is noch mear bysûnders oan dizze dei. Hjoed rint de sinne krekt boppe de evenaar oer de ierde; dat blykt ek mei op- en delgong fan ’e sinne. Hy komt om 7.24 op en giet jûns om 19.25 ûnder. It is sa regele; wat moai! en it hâldt noait op, wol hiel bysûnder.
En dan is it snein 26 septimber, alle kearen wer bysûnder. Elkenien follet it foar himsels yn, elk wer oars. It is mar wat je derfan meitsje wolle, mar snein is foar my moarns om seis oere Omrop Fryslân mei hiele moaie muzyk (Muzyk Maskelyn). Dan fan acht oere Prelude mei wer allegear moaie muzyk oant njoggen oere. Dêrnei mei Douwe. Dan om tsien oere in tsjerketsjinst, yn de moanne septimber fersoarge troch tsjerkemienskippen út Warkum yn de Gertrudistsjerke. Wat in moaie tsjinsten. En dan is de heale snein ek alwer mear as om. Wat it waar oanbelanget, dat hat meidien yn it gehiel. De wyn kaam út it suden. Wy hawwe sinne hân en bewolking, de temperatuer wie 21 graden. In moaie snein. Wy hienen moarns ek noch in buike, 1 mm.
En nei snein komt moandei. Dy begjint mei in bewolke wat mistige loft. It hat de ôfrûne nacht ek net hielendal drûch west, want der steane plaskes op it plat dak. De wyn komt út it súdsúdwesten. De sinne besiket der ek noch troch te kommen. Dat slagget soms even. It is goed waar mei goed 19 graden oant middeis fjouwer oere. Dan hawwe wy dochs in bui mei 1,5 mm. De wyn hellet oan en it wurdt frisser. Sa wie dizze moandei de oergong nei wat hjerstiger waar.
En dan is it tiisdei 28 septimber mei in moaie sinne-opkomst. De wyn dy’t der is, komt noch út it súdsúdwesten. It hat ek dizze nacht net altyd drûch waar west, want wer dy plaskes op it garaazjedak. Mar it is no, sa’t it my taliket, moai waar. Der sit 3 mm yn de mjitter. Sa’t ik al sei, wy hawwe hjir hjoed in moaie dei hân mei trochelkoar 18, 19 graden. En dan is it woansdei. It hat de hiele nacht oer drûch west mei de wyn dy’t der is, út it súdwesten, en in grize tekken fan wolken oer ús hinne. En it foarútsjoch is hjerstich. Kleare hjerst mei buien, plensbuien, hurde wyn út it westnoardwesten. Der komt 14 mm yn de mjitter en de temperatuer komt oan de 11 graden ta. Wy witte mei dizze iene middei wer wat hjerstwaar is. Mar moarn is it wer oars.
It is hjoed tongersdei 30 septimber. De wyn waait noch stevich út it westen. Underom sit wat bewolking, mar de sinne is der moai by yn de helderblauwe loft. Mar de nacht oer hat it net drûch west. Der wie wer 6 mm by kommen, en it bliuwt ek net drûch, De wyn nimt wer ta, mei in buike út it súdsúdwesten, in kâlde wyn, it wurdt amper 14 graden, waait fan ’e middei oer ús noch moaie griene Fryske lân op dizze 30ste septimber.

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2021 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA