DE TWA DOARPEN



It hâld net op (afl.15). It lêtste fearnsjier fan 2021

Geplaatst op: 22-01-2022

It lêste fearnsjier fan 2021

Nei in nacht mei hurde súdwestewyn is it freed 1 oktober, mei soms buiïge loften, mar ek ljochte plakken. De sinne hat muoite om dertroch te kommen. De buiïge loften komt soms wat storein út, en dat, mei dy hurde wyn, makket dat it gjin fytswaar is. Op ’e middei reint it echt, wat it kompleet hjerst makket dizze 1ste oktober. En dat is oant middernacht ta sa trochgongen. Doe siet der 9,5 mm yn de mjitter. Dêrnei is it drûch wurden en hat de súdwester him deljûn. Op sneontemoarn wie it rêstich; de wyn dy’t der doe wie, kaam út it suden, hast súdeast. De temperatuer wie 16 graden, goed oktoberwaar, mar wol bewolke. Middeis om in oere as fjouwer waard it wer wiet en dat gie sa de hiele nacht troch oant sneintemoarn goed alve oere. Gjin easbuien hjir, mar wol altyd wiet, en it gie ek noch troch oant middeis healwei fiven. Yn dy goed 24 oeren trochdrippen siet der 16 mm wetter yn de mjitter. Op guon plakken folle mear, mar wy binne der hjir goed foarwei kommen. Wêrom dit? It waar hawwe wy allegear belang by. Wèr, wêrom? Wy libje allegear fan wat der groeit, en wat hat it waar dêrmei te krijen? Hast alles! Earst, maityds, moat alles yn ’e grûn, jerappels (setters), it sied, sadree’t de grûn en de temperatuer it talitte. Dan it groeiproses mei waarmte en fochtichheid. Dêrmei groeisum waar. Dan, as it folgroeid is, moat alles rispe wurde; dan moat ek alles wat meisitte. Te drûch of te wiet, it spilet allegear mei: it waar, de natoer, it is it alderbelangrykste. En dan nei in drûge nacht is it 4 oktober. It is in grize wrâld, mar dochs ek noch in streekje ljocht. De wyn is súdwest, en de temperatuer is 15 graden. De sinne hat der ek by west mei wat driigjende loften boppe de see dy’t altyd foar mear wyn soargje, en it waaide dêrmei behoarlik. Mar al mei al wie it, dizze dieredei, wol in goeie dei. Hjoed, tiisdei 5 oktober, is it wer oars. De sinne sit fan ’e moarn achter wat skiere bewolking mei hjir en dêr in gatsje, dêr’t it grutte ljocht dan trochhinne komt. Fierder in blauwe boppeloft. De wyn dy’t der wol is, komt út it suden en bringt de ferkleure blêden oan de beammen goed yn beweging, en as de sinne dan dochs achter dy skiere bewolking wei komt, dan binne dizze beammen allegear noch pronkjes. Mar lykas ik wol faker sis, je moatte it wol sjen. Mar oan de súdlike loft te sjen bliuwt it net drûch, en dêr is it al sa. Middeis om 4 oere begjint it wiet te wurden, en dat giet hast in pear oeren troch. Dan sit der 5 mm yn de mjitter. De nacht oer hat it krekt net drûch west en woansdeitemoarns sit der wer 2,5 mm wetter yn de mjitter. As je geregeld troch it waar fytse, meitsje je soms bysûnderheden mei. Ik haw it noch oer woansdei. De sudewyn dy’t ús dit waar brocht, wie oerdei in heale slach draaid, en kaam letter op ’e middei út it noarden. Ek tongersdeitemoarn noch. Ik hie foar de wyn op wie nei Lyts Tolsum, mar tsjin tolven doe’t ik wer werom fytste, hie ik wer foar de wyn, want doe wie hy wer in heale slach draaid en kaam er wer út it suden. Ik skriuw it no op, mar ik leau it sels mar kwalik. No begjin ik wer by tongersdeitemoarn. Nei in wat mistige en kâlde nacht komt de sinne der al gau by. Je fernimme daliks dat it oar waar is. Wy sitte in pear dagen ûnder hege druk; foarlopich drûch waar. Gjin buien en wiette mear. Dizze dei begjint al moai: folop sinne, de wyn komt út it easten. As de sinne derby is, is it hearlik waar, mar de natoer is fris. De nacht nei freed hawwe wy mist, en nochris mist, en dêrtroch is it kâld, mar om tsien oere ferjaget de sinne de mist en is it wer moai waar. Mar lykas ik al sei, giet de sinne achter in wolkje, dan fielt it daliks fris mei de wyn noch út it easten. Mar in moaie dei mei 14-15 graden. Sneontemoarn mist, mist en nochris mist, en dat ek de hiele moarn noch. Begjin fan ’e middei komt de sinne der dochs by, en dat wie hiel moai, want der lei in soad meand lân en dan is it moai as de sinne derby komt. En dy hat der ek de hiele middei by west. Mar hjoed ek wer; de wyn dy’t der wie, kaam noch út it easten en dy wie echt fris. Mar it is hjoed ek al 8 oktober, wy witte, wy hawwe de simmer hân. En ek op sneintemoarn mist, mist, mar net sa lang as juster. Om goed tsien oere kaam de sinne dertroch, en dan is it daliks moai waar. De wyn dy’t út it easten kaam, die it rêstich oan, en dêrtroch fielt it daliks oars oan. Fan ’e middei kaam der bewolking, mar it hat wol drûch west. De temperatuer wie op ’e middei 17 graden, in moaie snein dizze 10de oktober. Sneintejûn hat it even wiet west, mar fierder de nacht nei moandei drûch. It is bledstil waar. As ik de hoanne op ’e toer leauwe moat, komt de wyn út it noardwesten. De sinne lit it noch ôfwitte, der komme ek wat buikes oan ’e loft, wêrtroch’t de wyn oanhellet, en dy buikes hawwe der letter op ’e dei ek west. De temperatuer koe net heger komme as 14 graden. Dit wie alwer de earste dei fan ’e nije wike. Ek nachts kamen der buikes oer, mei 12 mm yn ’e mjitter, en dêrmei binne wy alwer tiisdei 12 oktober. En it hâldt net op, want it is noch buiïch mei ek noch de wyn dy’t der is út it noardwesten, mar it is oerdei goed gongen. Ek de sinne is der geregeld by, mar de temperatuer kaam wer net heger as 14 graden. Tsjin de jûn wer in buike, mar fierder de nacht oer nei woansdei drûch; mei ûnderom yn it easten wat bewolking kin de sinne dy’t fan ’e moarn om acht oere opkomt, ús syn grutte ljocht net daliks sjen litte, mar tsjin njoggen oere al. Ek de berjochten binne foar hjoed fierder goed. It ein fan ’e simmertiid komt ek alwer tichterby, mar no noch net. De wyn dy’t it rêstich oan docht, komt ek hjoed wer út it noardwesten. Dat buike fan juster, dêr kaam noch 1 mm út, de temperatuer wie hjoed 13 graden, en de wyn wie op ’e neimiddei nei it westsúdwesten gongen. Ek de nacht nei tongersdei mei in buike ek noch in heale mm. Fierder in kompleet grize boel, mei de wyn noch út it westsúdwesten, en in temperatuer fan hast 16 graden, en wy hawwe de sinne net sjoen. En op de middei waaide it echt hurd, mar al mei al dochs noch in goeie dei foar de tiid fan it jier. Freed wie in dei mei sinne; ek wol wat bewolking, en mei in kâlde hurde noardewyn. De temperatuer koe noch krekt 13 graden helje. De buien fan fan ’e moarn betiid brochten 3,5 mm. Oerdei is it fierder drûch, dizze 15de oktober. En dan is it sneon nei in rêstige nacht. Oan de hoanne op ’e toer is de wyn súdwest, mar it is hast bledstil, en it is bewolke mei in temperatuer fan 13 graden, mar op ’e middei komt de sinne der ek noch even by. It is in goeie, mar frisse dei. Snein in frisse start, mar wol drûch. De wyn dy’t der is, is noch súdsúdwest; der sitte wol buien oan ’e loft, mar dy wurde ek wer wei. En sa’t ik sei, de simmertiid is wer foarby. De toerswellen binne begjin augustus alwer ôfset. Alle soarten oare swellen wienen mids septimber ek alwer op reis nei harren winterferbliuw. Alle oare fûgels dy’t har winterferbliuw hjir net hawwe, soargje wol dat sy te plak binne. En dy’t hjir yn dizze streken oerlibje kinne, dy bliuwe hjir, en dat binne noch hiel wat. As it hjir in wike goed winter wurdt, hawwe se it even krap, mar dan brûke se harren reserve, en kinne dan wer fierder. It is hjoed in goeie snein yn oktober mei goed 14 graden. Dan moandei de 18de oktober; dy begjint mei in grize loft, in stevige sudewyn. Healwei de middei komt de sinne mear en mear foar it ljocht. It is dus drûch waar mei in temperatuer fan 14 graden. Letter ek noch 15 graden. Op tiisdei in grize en mistige start, mar middeis komt dochs de sinne, want de wyn hellet oan út it súdsúdwesten, en dat giet net meimekoar. De temperatuer wie goed 15 graden. It waaide wat te hurd, mar dochs noch in moaie dei. Mar de hurde en soms stoarmige wyn bliuwt stean, mei in buike mei 3 mm wetter en dan is it woansdei. Woansdei begjint griis en ek noch mei in temperatuer fan goed 15 graden. Op ’e neimiddei komt de sinne der ek noch by en wurdt it noch 17 graden. Mar de stoarmige wyn bleau en de buien kamen ek yn de jûn en nacht nei tongersdei noch oer. Mei hurde stoarmige wyn út it noardwesten sit der de nacht oer 26 mm yn de mjitter. Ek tongersdei oerdei noch buien mei hagel. Yn dy buien is it mar 8-9 graden, en dan komt de sinne der ek noch by. Dan is it 10 graden, mar meimekoar dochs in kâlde dei. Freedtemoarn noch in stoarmige wyn, no út it westen, noch mei buien en kâld, hjerstich, en 6 mm wetter yn de mjitter en in temperatuer fan 8 graden. Op ’e neimiddei bekomt de buiïchheid wat en dêrmei ek de wyn. Nei trije dagen folop hurde stoarmwyn krije de blêden en tûken wer even rêst. Op sneontemoarn hinget ûnderom in brede bân mei bewolking dêr’t de sinne noch net troch komme kin. Boppe ús in helderblauwe loft. Sa begjint dizze sneontemoarn de 23ste oktober. Der sit 4 mm yn de mjitter, noch fan justerjûn. De wyn is omgongen en komt no út it suden. Ik neam gauris, alle dagen is it oars, mar no is it echt oars. Wat in ferrassing! De sinne komt der fan ’e middei ek noch by, en it wurdt noch 12 graden. Wat wer in moaie start dizze sneintemoarn mei Mesyk Maskelyn wêryn’t dy moaie koralen en mesykfariaasjes spile wurde troch al dy ferskillende korpsgroepen. En dan Prelude der noch achteroan. Wat in skitterjende start. Hulde foar Omrop Fryslân. En sa hat de fierdere snein ek west. Fanôf it opkommen fan ’e sinne om kertier oer achten oant dy tsjin healwei seizen wer ûndergong wie er te sjen yn in helderblauwe himel. Wat bysûnder. De wyn dy’t út it súdsúdeasten kaam wie fris, mar wat ik al neamde, in bysûndere snein. De nacht nei moandei is al net hielendal drûch, en tagelyk witte wy, it is moandei wer hiel oar waar. In grize moarn, dêr begjint it mei. In stevige súdsúdwestewyn, en it hat de hiele dei griis west. Wy hawwe de sinne net sjoen. It grutste ferskil mei juster is dat de temperatuer fan juster 13 graden wie, hjoed krap 10 graden. De nacht nei tiisdei; midden yn ’e nacht in tongerbui mei goed 8 mm wetter. De noch stevige wyn kaam út it súdwesten, it wie meast bewolke mei buiïge loften, mei hjir en dêr wat drippen. De temperatuer kaam net boppe de 10 graden. Mar fierder wie it wol goed waar. En sa is de nacht nei woansdei wer foarby. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten en der is bewolking, dêr’t de sinne noch achter skûl giet, en dat hat hjir de hiele dei sa west. De wyn wie fris, mar it waard dochs noch 12 graden. Gjin wietichheid, mar út en troch wol buiïge loften. Sa wie it juster, mar hjoed is it wer hiel oars. Hast sneinswaar; de sinne komt op yn in hast skjinne loft, de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. It wie wol in stevige wyn, en dat hat de hiele dei sa west, mei in temperatuer fan 17 graden; foar de tiid fan it jier, 28 oktober, in hiele moaie dei. Dan is it freed 29 oktober, it waarglês giet achterút. Wy krije wer oar waar, mar fan ’e moarn noch net; de sinne komt om goed kertier oer achten op yn wat sluierbewolking ûnderom. Fierder in hiele moaie blauwe loft. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten en hellet letter op ’e moan wer oan oant stoarmich, mar fierder wol goed waar. Want it bliuwt drûch mei in temperatuer fan 15 graden. En dan, nei in drûge nacht, is it sneon 30 oktober. De waarberjochten foarôf roppe wol fragen op wat it wurde sil dy beide lêste dagen fan oktober: sneon allegear wiette, en snein op ’e middei noch wieter as wiet. No, de sneon hat ek sa west: wietichheid mei in stevige sudewyn, en de temperatuer wie 15 graden. Sa hat it west. Snein 31 oktober, de earste snein yn ’e wintertiid, - de klok moat even ynholden wurde oant 27 maart 2022, fiif moannen yn de hjerst en wintertiid dêr’t wy foarút al fan witte, ek dat giet wer foarby. Ek dizze lêste oktoberdei komt de wyn út it suden, in stevige wyn noch en 14 graden. It hat drûch west oant midden op ’e middei, en fan doe ôf is it wol wieter wurden as wiet, mei easbuien út it westen, 16,5 mm. En dan is it moandei 1 novimber, de sinne komt om goed healwei achten op, en dat yn in helderblauwe loft mei hjir en dêr in wolkje. It waait hurdút it súdwesten, de temperatuer is 12 graden. Dan tiisdei, in grize start, mei al wat minder wyn út it súdsúdwesten. De foarbye nacht wjerljocht en ûnwaar boppe see. Dat wie moandeitemiddei al te sjen mei de opboljende tongerkoppen yn it noarden. Mar hjoed dus net mear. Fan ’e moarn wie it drûch, fan ’e middei buien en buikes mei in temperatuer fan 8 graden. En der kaam 4 mm yn de mjitter. Nei in mistige start is it woansdei 3 novimber, tankdei foar alles wat groeid en bloeid hat. Dat is yn in pear wurden opskreaun, mar it is net te betinken wat it ús allegear brocht hat, en dêrom is it hiel goed om hjir wol by stil te stean, en dat dogge wy jûn yn de grutte tsjerke fan Tsjom. Op in pear drippen nei hat it hjoed drûch west. De nacht nei tongersdei is it al wat mistich, mar de moarns hielendal mist. Om goed njoggen oere gjin fjirtich meter sicht, mar dan wurdt it al gau better mei hast gjin wyn. De wynmole en de hoanne op ’e toer wize beide it easten oan. En middeis komt der blau yn ’e loft, mar de sinne sjogge wy hjoed net. Wol kamen der noch in pear buikes oer, en it waard 8 graden. Fan dy buikes dochs noch 4,5 mm. De nacht nei freed is in rêstige nacht, in drûge nacht. Moarns wol wat bewolking, mar ek heldere plakken dêr’t de sinne ek in kâns kriget. Op ’e middei ek noch wer buien oan de loft, dêr’t it hjir en dêr wiet fan wurden is; mei westnoardwestewyn dochs wer goed 10 graden en dêrmei in goeie dei. De sinne komt goed healwei achten op en ferlit ús tsjin fiven wer. Meimekoar wat in lange nacht alwer; hy ferrint drûch. Sa ek sneon de hiele dei. De wyn hellet wol oan út it westen en de sinne lit it hast de hiele dei ôfwitte, mar it wurdt dochs noch hast 11 graden. Goed waar dizze novimberdei. Snein 7 novimber hawwe wy hurde westewyn en it is buiïch. Dêr begjint de snein mei. Ek fan nachts meimekoar noch 2,5 mm wetter. En oerdei noch buien en enoarme reinbôgen, soms hast dûbele. En dan sa út en troch ek wer sinnich mei 11 graden. Dan is it moandei mei in hiele grize start; de wyn dy’t der is, komt út it westen mei enoarme donkere buieloften, mar it bliuwt by wat stowers en 2 mm wetter. De temperatuer kin noch krekt 10 graden helje. Tiisdei wer in grize start mei de wyn no út it súdwesten, en it is in tsjustere dei mei sa no en dan wat motrein. Dêrmei in tryste dei dizze njoggende novimber mei 8-9 graden. Woansdei wol griis, mar dochs wer oars. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten en de temperatuer is moarns om njoggen oere 12 graden. En dat is it ferskil, je fiele dat daliks. It hat de hiele dei bewolke west; tsjin de jûn ek noch wat motrein, mar dochs in goeie dei. Tongersdei begjint griis en nochris griis. De spits fan ’e toer is net te sjen en de mole fierder yn it lân alhielendal net. Wat in grize start. Dêrmei is it ek bledstil. Kâld is it net, it wie om njoggen oere 11,5 graden. It sicht is it letter al goed mei kommen, en wy hawwe de rûning fan ’e sinne even sjen kinnen. Mar fierder griis en mei de wyn dy’t der wie, út it súdwesten. In echte novimberdei, mar wol goed. Freed begjint wat griis, mar algau komt de sinne en set, al komt hy net sa heech mear, alles yn it folle ljocht. De wyn dy’t der no wol is, komt út it súdsúdwesten. Tsjin tolven berint de loft wer en is de sinne wer fuort. De wyn makket it wat frisser, 9 graden, mar it is noch drûch. Dat hat it de nacht oer nei sneon net west; 3,5 mm. Mar dan dizze moarn mist, mist. Gjin toer, gjin mole gjin fiifentweintich meter sicht. Dat wie tsjin achten; in goed oere letter kaam de sinne dertroch. Der stie hielendal gjin wyn en it wie al 13 graden. It kin allegear, wol in grut wûnder, dy natoer. Dan is it snein 14 novimber. De wyn komt út it easten ûnder in grize loft. De temperatuer is 11 graden. Wy hawwe de sinne net sjoen, en dochs wie it in goeie dei dizze snein. Nei in rêstige nacht is it moandei: griis, griis en nochris griis. De wyn dy’t der is, komt noch út it easten, in kâlde wyn. It wurdt mar krekt 7 graden. En dan is it tiisdei; it hat alwer 8 oere west as de sinne opkomt, mar hy sit alhiel achter in grize, grize loft. Der stiet hielendal gjin wyn. Mar dochs noch in sicht fan 2,5 km, en mei dizze grize wrâld in temperatuer fan hast 6 graden. En dan is it op ’e neimiddei ek gau tsjuster as de sinne ús goed healwei fiven wer ferlit En dêrmei is it hjoed in grize dei, mei sa no en dan ek noch lichte storein wat 1 mm wetter opleveret. En woansdei earst griis, dan sinne, mei in stevige westewyn, mei hast 10 graden as temperatuer. Op ’e middei ek noch in buike, in snjitter, mar dochs in goeie dei dizze 17de novimber. Tongersdei begjint mei sinne, mar algau komt der bewolking mei in súdsúdweste hurde wyn, en dat fielt kâld, ek al is it 10 graden. Wetterkâld? Nee, wy hawwe in drûge dei hân, wy hâlde it op novimberwaar. Freed, hast in heldere loft mei súdwestewyn en folop sinne, mei in temperatuer fan 12 graden. Bysûnder! Us natoer, it is alle dagen wer in traktaasje, en ek noch fergees! Sneon hawwe wy in grize start mei wyn út it súdwesten. It is drûch mei in temperatuer fan 10,5 graden. Dêr moatte wy it dizze sneon mei dwaan. De nacht nei snein ferrint net drûch, mar moarns is it wol wer drûch. Mei de sinne dy’t goed acht oere opkomt yn in wikseljende bewolking mei ek noch tongerkoppen yn de noarder loft. De wyn komt út it westnoardwesten en de temperatuer is 8 graden. Oerdei ek noch in buike, meimekoar 2,5 mm. Moandei begjint sinnich mei in wolkje en in frisse noardewyn, en ek noch in buike mei 2 mm wetter. De temperatuer komt noch op 7 graden. Mar it is wol in goeie dei. Tiisdei in grize start mei buien út it noarden. Woansdei is it rêstich waar; de wyn komt no út it súdwesten. It is bewolke mei hjir en dêr in gatsje, mar gjin gatsje foar de sinne hjoed, en oerdei wie it 8 graden. Tongersdeitemoarn sit de wyn wer yn it noardwesten; de nacht hat wol wat wiette brocht, sa’n 5 mm. De opklearringen komme ek út it noardwesten. Wy sille sjen wat dizze dei ús bringt. Dat wie in buike en in temperatuer fan 8,5 graden. Mar ek wie de sinne der sa no en dan by; dêrmei in goeie dei. Freed hawwe wy wer in grize start mei stoarmige wyn, no út it súdwesten. (It kloppet wol, it waar giet hinne en wer as de wyn. Doe’t ik it noch net opskreau, hie ik it minder yn ’e gaten.) It wie in nacht mei buikes, 4 mm, en in temperatuer oerdei fan 6 graden. Gjin fytswaar dizze hjerstdei. Dan mar yn ’e auto. As ik hjir ek om my hinne sjoch, wat in weelde. En it is al sa gewoan, wy witte hast al net better. Sneon wer in grize boel mei sa no en dan wat wiette. De wyn dy’t der is, komt út it eastnoardeasten. It is moarns om goed njoggen oere 5 graden. en der sit 4,5 mm wetter yn ’e mjitter. It binne gjin batsen wetter, mar oer dizze lêste wike dochs meimekoar 16 mm. En dan is it snein 28 novimber, de earste advintssnein. Sa’n skitterjend moaie tiid fan mesyk en sjongen. Is dat sa? Nee, net mear, wy libje yn in wrâld op syn kop. Wannear komt de wierheid op tafel?.... Ek yn ’e nacht al buien en moarns in grize start mei rein en hagelbuien, in temperatuer fan 5 graden en 9 mm wetter. Mar letter op ’e dei komt geregeld de sinne derby en der stiet in rêstige noardewyn. Dochs noch in moaie snein. As wy sa om ús hinne sjogge, de blêden binne hast allegear fan ’e beammen. Ek sûnder nachtfroast giet de natoer syn gong. Mar wat is it moaiste dêrfan? Dêr’t it blêd de tûke loslitten hat, sit alwer in nije sprút, in grut wûnder fan ’e natoer. Nei in kâlde nacht mei in temperatuer fan 2-3 graden is it moandei. Moarns om njoggen oere wie it noch mar 4 graden, mar algau komt de sinne derby en wurdt it 5 graden. De buikes fan de foarbye nacht hawwe meimekoar 2,5 mm wetter brocht. Mei in hast bledstille noardewyn en de sinne der meast by hat it in goeie dei west. Dat wie moandei. Dan komt nei in rûzige en buiïge nacht tiisdei. 4,5 mm wetter, de wyn út it noardwesten en de temperatuer wie fan ’e moarn om njoggen oere 7 graden. Mar it is in grize boel mei sa no en dan in stower op dizze lêste dei fan novimber. Ek op ’e neimiddei noch, en it wurdt ek hast noch wynstil. It kin allegear, En dan wurdt it nacht en hellet de wyn út it westen oan. It wurdt stoarmich mei buien (7,5 mm). En woansdeitemoarn, de earste desimber, om njoggen oere is it hast 9 graden. De earste dei fan de meteorologyske winter, de moanne dat Sinteklaas komt foar de bern, mar noch folle belangriker, dat God sels komt foar elk dy’t yn him leaut en dat wy dit mei de krystdagen fiere meie meimekoar yn ús skitterjend moaie tsjerken yn Fryslân, wêr ek mar, mei mesyk en sjongen. En dan is it tongersdei mei dy stoarmwyn fan juster dy’t oer de nacht, in buiïge nacht, ôfnommen is ta hast bledstil út it noarden. Mar ek no noch mei wetter en wiete sniebuien. Wer 8 mm en in temperatuer fan 5 graden, mar oerdei lange drûge en sinnige skoften. En sa wie dizze 2de desimber wol in frisse goeie dei. Mar freed is it wer hiel oars. Moarns is de wyn oanhelle, in hurde wyn út it súdsúdwesten. Earst is it drûch, mar letter op ’e moarn wurdt it wiet en dêrmei is it hjerst mei in temperatuer fan 4 graden. Wat is it dan goud wurdich as je in ferwaarme ûnderkommen hawwe, en dat je dit achter it glês waarnimme kinne. It is de hiele dei klearebare hjerst, mar dat hâldt ek wer op. Der komt wat mist op en de nacht nei sneon ferrint drûch, en de wyn, juster súdsúdwest, komt hjoed út it súdwesten. Mar fierder is it rêstich. Wol bliuwt it de hiele dei bewolke en mistich en middeis om 4 oere reint it licht oant yn ’e jûn. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen, en it is amper 5 graden. Yn de mjitter sit 4 mm. Dan snein, twadde advintssnein; de wyn komt út it súdeasten, in kâlde wyn. Wetterkâld? Dochs bliuwt it drûch de hiele snein. It is 5 graden. Wy hawwe op ’e middei de sinne noch even sjoen. Fierder wie it in grize snein. Moandei begjint ek wer griis, no mei in kâlde súdsúdwestewyn. It is hjoed 6 desimber. Sinteklaas syn thúsreis is wer begongen, en wy geane op nei de krystdagen, en wy kinne, as wy dat moai fine, alle dagen dy skitterjend moaie krystmesyk of dat prachtige sjongen belústerje. Mar ek wer meidwaan, it liket net al te bêst. Mar hoop lit libje; wy sitte no alwer foar de beide lêste krystsneinen, en wy hoopje dit moaie krystbarren dochs werris echt besjonge te kinnen. It hat hjoed de hiele dei griis west en kâld, wetterkâld. De temperatuer koe de 3 graden net hâlde. Tiisdei is it wer oars. De helderblauwe loft, de wyn dy’t út it súdwesten komt - dat sjoch ik oan de flage op de Tsjommer toer; Amalia wurdt hjoed, 7 desimber, achttjin jier - en de prachtige sinneopkomst passe hjir krekt by. In keninklike dei. Justerjûn is it wiet wurden, der siet fan ’e moarn 7 mm yn de mjitter en de temperatuer wie 5 graden. It is no woansdei, en dizze dei begjint wer mei in grize loft. Mar goed njoggen oere komt de sinne der dochs by en lit er syn strielen sjen en fiele. Mar kâld is it wol mei dizze hurde sudewyn, 4,5 graden. Der siet fan ’e moarn alwer 5 mm yn de mjitter, it is sa wiet yn it lân dat de skiep rinne it lân swart. It wie wat fris, mar dochs in goeie dei. Tongersdeitemoarn is de wrâld wyt, nachtfroast; de temperatuer hat krekt even ûnder nul west, want der leit hjir en dêr yn de fearten in skyltsje iis. Mar tsjin njoggenen komt de sinne derby en giet de temperatuer wat omheech. Mar mear as 3 graden hat it hjoed net west, mei wat sinne en wat bewolking en op ’e jûn noch in pear drippen. Dat wie it foar hjoed. Nei in rêstige nacht is it freed. De wyn dy’t der is, komt út it eastsúdeasten, mei bewolking mar ek mei ljochte plakken dêr’t de sinne soms wat troch kipet. Mar it is fris mei 2,5 graden. De drippen fan justerjûn hienen dochs noch 1 mm yn de wettermjitter efterlitten. It waar op dizze freedtemiddei is skitterjend moai mei de sinne yn dy blauwe loft. Sa út it rút docht it wat maitydsachtich oan, mar it is roetkâld bûten. Op ’e middei wie de wyn mear nei it easten gongen; it hat net boppe de 2 graden west. Op ’e neimiddei wie it al autorútskrabjen, dus froastich. Yn de nacht nei sneon 11 desimber: winter! 5 graden ûnder nul hjir yn Fryslân, matige froast, alles wyt mei mist, gjin 20 m sicht. Wat in ekstreme tastân. Yn it suden fan ús lân, yn Seelân, wie it 6 graden; in ferskil fan 11 graden lykas Pyt Paulusma sei. Mar der komt oar waar oan, de wyn sit al yn it westen. Dêr komme de temperatueren ek wei. Alles wat fan ’e moarn wyt wie, de auto, it lân, wie wer normaal en de sinne wie der prachtich moai by. It wie 4 graden. Fierder in goeie sneon. Nei in wiete, griemerige nacht is it snein. Sa is it sneintemoarn noch, in grize start. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. De bewolking hinget sa leech, wy hawwe hjoed de spits fan de toer net sjen kinnen. Mar de temperatuer wie 8 graden. Wat it waar oangiet wie it in tryste snein. Nei fierder in drûge nacht is it moandei. It is wol griis, mar it sicht is better. De wyn komt noch út it súdwesten. It is 9 graden en fan juster en fannacht sit der 3 mm yn ’e mjitter. It is drûch, mar griis, griis, griis. Ek tiisdei is dat sa mei de wyn út it súdwesten. De hiele moarn hawwe wy motrein. Pas op ’e middei wurdt it wer drûch. Mar it bliuwt in donkere dei. De temperatuer is goed, hast 9 graden, en der sit 2 mm wetter yn ’e mjitter. Woansdei, nei in drûge nacht, hawwe wy te krijen mei in berûne loft mei ljochte plakken. Dat hat oerdei ek sa west. De sinne hawwe wy in pear kear sjoen. Dat wie it dan ek. Der waaide in stevige westewyn mei goed 9 graden. Foar de tiid fan it jier wie dizze 15de desimber in moaie dei. Tongersdeitemoarn hawwe wy ûnderom mist. Boppe ús stiet in blauwe himel en de wyn dy’t der is, komt út it westen en it is 9 graden. In hiel skoft sjogge wy middeis de sinne. Noch wer in moaie dei. Freed begjint griis. De wyn dy’t der is, komt út it noardwesten en it is net kâld. It is myld, fan ’e moarn wie it al 7 graden en it is ek noch hast 9 graden wurden. En dat altyd ûnder in grize bewolking mei sa no en dan hiel lichte motrein. Sneon is it hast itselde ferhaaltsje. Fan juster sit der noch 1 mm yn de mjitter en dit is it positive hjir noch by: wy komme alle dagen 24 oeren tichter by de koartste dei. Mar noch even oer it ferhaaltsje. Wy hawwe de hiele dei de sinne net sjoen. Under dizze grize bewolking mei hiele fine motrein en de wyn noch út it noardwesten dochs noch wer 8 graden, dizze 18de desimber, de dei dat de sinne om 8.43 opkomt en goed 17.00 wer ûndergiet. Wol ien fan de donkere dagen foar it grutte ljochtfeest. Sneons, jûns om 19.00 wienen Rutte, De Jonge en Van Dissel foar de telefyzje. Alarm! De omikronfariant komt deroan, de nijste mutaasje fan it koroanafirus. Panyk yn ’e tinte, boosterje, boosterje. Mar dat wol de Nederlânske befolking net. Stadichoan komt út, dat dy dit hielendal net wol. Snein is it in grize bewolke dei mei wer soms hiele fine motrein, no út it westnoardwesten. It is oerdei noch tsjin de 8 graden en wer 1 mm yn de mjitter. Mar fierder in goeie dei. Noch wer even oer koroana. It lit my gewoan net los. No wer mei de krystdagen, de moaiste sjongen mesykdagen fan it jier. Yn koroanatiid sit alles wer op slot, it is gewoan in ramp foar dy’t dêrfan hâlde. Wer in lockdown. Hoe kin dit? Wat sit hjirachter? Der is net ien dy’t dêr in antwurd op wit, ek net mei safolle topgelearde minsken yn ús lân. Der moatte dochs minsken wêze dy’t mear witte, want wêrom meie wy gjin medisinen brûke? Ik wie ien fan de earsten dy’t koroana hie. Ik bin, dat wie yn april-maaie 2020, mei medisinen binnen in wike opknapt. Doe noch 14 dagen revalidearre yn It Hearrenfean en doe wie ik der wer. Wêr binne dy medisinen? It is no oars net as prikke, prikke. Wêrom wurdt der sa moeilik dien as it maklik kin? Dan kin ús eigen húsarts der ek noch oer gean. Dat moat my dochs ien fertelle kinne? Mar miskien sjoch ik it wol hielendal ferkeard. Dochs mar wer fierder oer it waar. Dy skitterjende natoer dêr’t wy alle dagen yn libje meie. It is hjoed moandei. De wyn komt út it noardnoardwesten. It is hjir bewolke, mar yn it easten sit in hiele ljochte strook; de temperatuer is 7 graden. Middeis nei 12.00 oere komt de ljochte strook samar oer; dêrmei giet de wyn ek nei it easten; de sinne komt derby en it wurdt frisser, mei 4 graden op ’e middei. Dan de nacht nei tiisdei, dan wurdt it wer kâld, winterkâld mei in temperatuer fan 4-5 graden ûnder nul. De wyn komt tiisdeis út it suden. De wrâld is wyt, mar de sinne komt der kertier foar njoggenen wol by. Earst noch wat troch de leechhingjende mist, mar op ’e middei wurdt it om ús hinne wer grien, mar it bliuwt om ende by it friespunt. It wetter yn ’e feart is beferzen, de einen kinne derop sitte. Op ’e jûn giet it wer oan en fan ’e moarn - dit is de earste moarn nei de koartste dei en dus de 22ste desimber - is alles wer wyt en griis. It is wer 4-5 graden ûnder nul. De sinne hawwe wy hjoed net sjoen. It hat de hiele dei om it friespunt west. Hjoed is it net grien wurden, gjin sinne, en de wyn wat skerper út it súdsúdeasten. Dan tongersdei in grize start, it kin net grizer. Ut de lege bewolking reint of dript it geregeld. It waait net, mar mei dy skerpe luchtstreaming út it suden en mei dy wietichheid wurdt it 1-1,5 graad boppe nul. It is pikelkâld, en dat giet de hiele dei troch. Tsjin de middei sit der 5 mm yn de mjitter. Yn de foarbye nacht hat it noch 2-2,5 graad ûnder nul west. De sinne wie der wol, mar hy hat him net sjen litten. Dizze 23ste desimber hat it hast net ljocht west. Wol foargoed ien fan de donkere dagen. En nei in kâlde - fan 1,5 oant 4 graden, want de temperatuer gie stadich omheech - en wiete nacht sit der freedtemoarn om 10.00 oere 7,5 mm yn de mjitter. Doe wie de temperatuer al 7 graden en de wyn kaam út it noardnoardeasten. Je soenen hast sizze, wat in sirkus mei de wyn en it waar. De start fan ’e moarn, freed, is in grize start mei mist, leechhingjende bewolking mei geregeld motrein. Op it begjin fan de middei klearret it op fanút it easten. Mar op ’e neimiddei dochs wer buien út it noardeasten en it motreint troch oant hast njoggen oere jûns. Dan klearret it wer op en krije wy in heldere loft. En even letter is it froastich en friest it yn de nacht 4,5-5 graden. Ekstreem waar, neffens de waarberjochten, foar de kommende dagen, mei nei de krystdagen 11, 12, 13 graden yn de plus. Mar wy witte, it kin. Dat is it wûndere fan de natoer en altyd wer. As ik no troch it rút nei bûten sjoch, sjoch ik de sinne folop skinen út in helderblauwe loft. Wat moai. It liket wol simmer. Mar dat is net sa. Ik kom krekt fan bûten; de wyn út it easten is noch glûpende kâld op dizze Earste Krystdei. De temperatuer hat net boppe de 0 graden west. Ek de nacht nei Twadde Krystdei hat dat sa west. Mei de sinne dy’t ek dizze dagen om ende by kertier foar njoggenen opkomt yn in heldere blauwe loft en de wyn noch út it easten wiist neat noch op teiwaar. Mar dat witte wy moarn it bêst. Mar yn de nacht nei moandei is it wol teiwaar wurden. Moandei begjint wer griis mei leechhingjende bewolking en mist. It sicht is krapoan 50 meter. En de temperatuer is 2-3 graden, dus wol teiwaar. As wy de waarberjochten leauwe meie wie dit de winter foar 2021. Mar it wie wol even heftich, mei twa dagen en nachten winterwaar, mei eastewyn en oerdei in temperatuer fan 1, 2, 3 graden en nachts matige froast mei in temperatuer fan min 5 oant en mei 8 graden. Tiisdei 28 desimber hat wer in grize start, mar der is gjin mist en de wyn komt út it súdsúdwesten. De waarberjochten foar hjoed foarsizze buien, mar it is no noch drûch. Dat hat it net sa lang mear west; wat hawwe wy in wiette hân. It gong yn seamen oer it lân. It brocht net protten wetter, op it iene plak wol folle mear as op it oare. Ik hie mar goed 5 mm yn de mjitter en dat is sa trochgongen oant fan ’e middei fjouwer oere. Doe kamen der ljochte plakken yn ’e loft en hawwe wy de sinne ek noch sjoen. De temperatuer wie goed 7 graden. Dan woansdei 29 desimber. De dei begjint rêstich mei de wyn út it westsúdwesten, mar it is wol in grize start. De temperatuer is 7 graden en it is ek drûch. Op ’e neimiddei wurdt it, út in grauwe grize loft, wer behoarlik wiet. It binne wer fan dy wetterseamen. Dat binne gjin reinbuien, mar as je der krekt yn rinne of fytse, is it krekt as stiet de kraan even iepen. Je binne samar echt wiet. Nei in nacht mei hurde wyn en wietichheid is it tongersdei 30 desimber. De wyn is noch westsúdwest. De hurde wyn soarget wol foar rom sicht. Fan ’e moarn om tsien oere wie it 12 graden en siet der fan justermiddei en fannacht 9 mm yn ’e mjitter. Mar it is wer ekstreem. It foarbye wykein yn ’e nacht min 8 graden en krap fiif dagen letter plus 12 graden. It hat hjoed drûch west. Op ’e neimiddei by it ûndergean fan ’e sinne, hawwe wy noch even in glimp hân. De hurde westewyn wie hast stoarmich. Dêrmei foar de wyn gjin probleem, mar dêr rêde je it net mei, dus gjin fytswaar. Nei in drûge nacht is it freed de 31ste desimber, Aldjiersdei. It waait noch in heale stoarm út it súdwesten. De temperatuer is 10 graden. Yn ’e rin fan ’e moarn begjint it te reinen en yn it begjin fan ’e middei wurdt it wer drûch. Der sit 5 mm yn ’e mjitter. Dan komt de sinne der ek noch yn syn folle gloarje by, oant hy om fiif minuten oer healwei fiven wer ûndergiet. En dêrmei is dit fearnsjier fan 2021, soms oer fan alles en noch wat, wer om.

Knilles Rusticus

Tekst downloaden klik hier
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2022 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA