DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl.2 - 2022

Geplaatst op: 28-08-2022

It hâldt net op! Afl. 2 - 2022
  
1 april 2022 begjint mei in wiete wrâld, noch fan it minne waar fan juster en fannacht. It is noch griis en kâld. Pas nei tolven komt de sinne sa no en dan foar it ljocht, en dan sjogge wy dat it fjild wer wat griener wurdt en fiele wy dat de temperatuer wer wat omheech giet. De wyn is no ek nei it easten gien, en docht it wat rêstiger oan. Mar middeis giet er dochs wer nei it noarden en hellet er wer oan. It is pikelkâld. De temperatuer kin mar krekt op 2 graden komme. En om’t de bewolking dizze nacht oerhearske nei sneon, kaam it net ta nachtfroast en wie it yn de moarntyd helder mei hjir en dêr in wolkje. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten. De sinne is der moai by op dizze 2de april. Mar ik hie it net hielendal goed, want der lei dochs op plakken in skyltsje iis yn de sleatten, en dizze sneon hat letter, mei de wyn út it noarden, in goeie, mar mei dizze hurde wyn, kâlde dei west.
Sneintemoarn hawwe wy echt nachtfroast hân, want it fjild en de dakken wienen wyt. De hurde wyn komt no út it westen. Nettsjinsteande de 9 graden oerdei dy’t de termometer oanjoech, wie de gefoelstemperatuer mar in pear graden boppe nul. Dus al mei al in kâlde snein.
Moandei start as in grize, wiete dei mei stoarmige súdwestewyn. Noch even oer de kâlde start fan april. De nacht fan 2 op 3 april waard yn Nederlân metten as de kâldste nacht ea. Yn Winterswyk, de namme past alhiel, koe men op natueriis ride.
Mar it is op dizze 4de april wol hielendal wer oer. Wat der oan wetter fallen is fanôf justermiddei is 6,5 mm en it hat hjoed 7 graden west, en op de neimiddei hawwe wy dochs de sinne noch even sjoen.
Nei in rêstige nacht mei wol wat buien is it tiisdei. De wyn dy’t der is - it is hast bledstil - komt út it westen. Mar it is in grize. boel Dochs noch wer hast 9 graden, en wy hienen fan ’e moarn 4 mm wetter yn de mjitter.
Hjoed, woansdei, alwer 3,5 mm en it wie fan ’e moarn mei de sinne alwer 12 graden. Wy hienen ek alwer in buike mei in hurde súdwestewyn. Trochmekoar wie dizze woansdei ûnlijich, dus net in moaie dei.
Sa begjint tongersdei nei in reinige rûzige nacht. Tsjin achten komme der gatten yn it wolketek en om healwei tsienen skynt de sinne. It waait noch hurd út it súdwesten en de rein fan dizze nacht is 3,5 mm. It wie fan ’e moarn dochs noch 10 graden. Mar dizze dei einiget mei stoarmige wyn.
Ek de nacht nei freed is net rêstich ferrûn. Ek no wer buien, ek mei wjerljocht en tonger. Freedtemoarn waait it noch hurd út it westen, mar de sinne komt derby. Mar wat is dy westewyn oer it seewetter noch kâld! Pikelkâld. Fierder oer de moarn noch in pear buikes. En sa is ek de freed wer foarby gongen mei buikes, wat sinneskyn en in kâlde wyn mei 7-8 graden. Der siet fan ’e moarn ek wer 4 mm wetter yn de mjiiter.
De nacht nei sneon hâlde wy it ek net droech. Soms falt der wiete snie yn de buien mei hurde noardwestewyn. Mar moarns skynt de sinne dochs wer, al is der ek bewolking. Mar it is in kâlde sneon. De berjochten sizze dat it wat better wurde sil en dêr hâlde wy it mar op. En dat komt klear. De wyn is lizzen gongen, en de buien binne fuort. Mar fan de buien fan juster sit der noch 1,5 mm yn de mjitter.
Hjoed, snein 10 april, hat it 12 graden west. Nei in rêstige nacht is it moandei. It is bledstil. De hoanne op ’e toer stiet nei it westen en de mole draait op it suden. Se krije der gjin spul om, want se steane fier genôch útmekoar. Mar letter op ’e moarn komt dochs de echte wynrjochting derút: de wyn is eastsúdeast, en it is alderskitterjendst waar, al mei in temperatuer fan 14 graden. Op ’e middei komt der wat mear wyn, mar dy komt no oer lân en is gewoan waarmer. Wy hienen de hiele dei prachtich waar.
Mei hege bewolking dêr’t de sinne him achter ferskûlet, mar altyd wer oars, is it tiisdei 12 april. De wyn dy’t no út it súdsúdeasten komt, jout oan dat it hjoed wer in moaie dei wurdt. Mar dat moat noch al fansels. It hat wol sa west, mar de sinne hat wol muoite hân om him sjen te litten. Mar wy hawwe it wol field, it wie fan ’e middei 18,5 graad. En dat is foar dizze datum al bysûnder. Dêrmei wie it in hiele moaie dei.
En dat is fan ’e moarn ek sa, in hiel moai begjin fan de dei. De sinne komt der al by, de wyn dy’t der is komt út it súdwesten. Dêr binne de hoanne op ’e toer en de mole it no wol oer iens. De sinne hat der wol ris even by west, mar moast it meastal ôfwitte litte, mar it hat hiel goed waar west mei ek noch in temperatuer fan 16 graden.
Dit moat ik noch wol efkes neame om’t it sa moai wie. De sinne giet jûns om tweintich foar njoggenen ûnder yn in helderferljochte westeloft. Noch in kear, wat wie dat skitterjend moai. En nei’t wy yn ’e nacht dêr’t wy neat fan fernommen hawwe, 180 graden draaid binne, lit de sinne him nei de nacht om kertier foar sânen yn it easten wer sjen. Wy mei ús lytse begrypkes kinne dit bysûndere hast net foarmekoar krije, mar it is wol sa.
En sa start dizze tongersdei mei de wyn dy’t der is, want it is hast wynstil, mei in moaie sinne-opkomst yn ’e dize mei in prachtich blauwe boppeloft. De wyn komt út it westen en yn ’e middei al út it noardwesten, en dan wurdt it al wat frisser. Mar de temperatuer kin noch 15 graden helje op dizze stille tongersdei.
Freed begjint mei de himel al hielendal ôfdutsen mei bewolking. Yn ’e rin fan ’e moarn komt de sinne der dochs even by. De wyn dy’t út it súdeasten komt, docht it rêstich oan. Fan ’e middei tsjin seizen wie er der wer even. Mar al mei al in bewolke dei mei in temperatuer fan 14 graden. In moaie Goedfreed.
Sneon is it itselde ferhaal. Even de sinne derby en tichte wyn út it suden, mar nei de kofje wie de sinne der wer by. En fierder hawwe wy de hiele sneon hiel moai waar hân.
In nacht mei moarns wat froast oan ’e grûn nimt ús mei nei in skitterjend moaie snein. Fan moarns kertier foar sânen oant as de sinne jûns om kertier foar njoggenen ús wer ferlit, mei de wyn dy’t der is fanút it suden, wurdt it middeis noch 17 graden. Wat in moaie snein.
Dan op nei Peaskemoandei. Hast in werhelling fan juster, mar minder froast mei ek de wyn út it suden en de sinne yn in helder blauwe loft. En mei al dit moaie waar, wat wurdt it moai yn de greiden. Alle dagen mear hynsteblommen, en ek al pinksterblommen. De earste einen sitte al te brieden; de merkels ek al. Ik seach de ôfrûne wike al twa strânljippen achter de roek oan. Dat dy moatte ek aaien hawwe. Wol betiid. De boumantsje wipsturten binne der ek al, mar ik haw noch net in swel sjoen. It is hjoed, de Twadde Peaskedei, hiel moai waar; hast gjin wyn en 17 graden.
Sa begjint tiisdei mei sinneskyn troch in wat skiere loft. De wyn dy’t der is komt noch út it suden. Letter op ’e moarn komt er al út it easten en hellet oan. Dêrtroch bliuwt de temperatuer by goed 15 graden. Mar it is alwer in moaie dei.
Woansdei wer in moaie start. De wyn dy’t der is komt út it eastnoardeasten. Yn ’e rin fan ’e dei hellet er oan en komt dan út it noardnoardeasten. Dêrmei wurdt it frisser. De temperatuer kin noch krekt 14 graden helje. Nettsjinsteande dy hurde wyn dochs wer in moaie dei.
Tongersdei al sa’n moaie start, mar letter wat mear bewolking. It waait te hurd út it noardeasten om moai te wêzen. Dêrom kin de temperatuer krekt net de 14 graden helje. Yn ’e lijte is it hearlik. Dat wie it foar hjoed.
Wer in perfekte start fan freed, mar dy hurde wyn noch út it easten docht net simmersk oan. Want dy wyn is echt kâld. De sinne makket in soad goed. Yn de neimiddei komt der wat bewolking op yn it easten, ek wat tongerkoppen. Mar dy ferdwine ek wer. Sûnder dy hurde wyn hie it in hiele moaie dei west.
De sneon begjint mei de sinne en in helder blauwe loft en... hurde wyn út it easten. En dat hat de hiele dei sa west. De temperatuer koe krekt as juster dochs noch 15 graden helje. Yn ’e lijte wie it in moaie dei.
It is sneintemoarn, de hurde wyn út it eastnoardeasten lit it fuort net sitte, mar de sinne is der al. Earst noch troch wat tinne bewolking, mar stadichoan mear. De temperatuer kin hjoed dochs wer 12,5 graad helje. Yn ’e rin fan ’e moarn giet de wyn nei it noardnoardeasten, in kâlde hurde wyn. De buien komme hjir net, mar op ’e neimiddei is de hiele sudeloft buiich mei tongerkoppen.
Moandei begjint bewolke en mei noch hieltyd in hurde wyn út it noardeasten. In hurde kâlde wyn, temperatuer 8 graden. De sinne komt der letter al by, en dan komt de temperatuer dochs noch op 12 graden, mar om echt yn ’e fakânsjestimming te kommen is it gewoan te kâld. Dêrmei kinne wy dy fakânsjestimming dus wol ferjitte, mar wy hâlde hoop, want it is ek noch mar 25 april.
Dan tiisdei 26 april wurde wy wekker mei in kâlde noardewyn, moarns betiid, mar de sinne skynt tusken de bewolking troch. De dei begjint mei 8 graden, mar de gefoelstemperatuer is 3, 4 graden. As de winterkjeld net op syn tiid komt, krije wy it maityds wol. Mar moarn is it wer oars. Dat is tiisdeitejûn al sa. Want dan is de wyn bekommen en dy komt no út it noardwesten. Dat fielt dochs echt oars as justermoarn.
En it hat ek echt sa west dizze 27ste april, dizze Keningsdei. Wat hiel bysûnder is dat it sa wêze mocht. Want it is echt in Keningsdei wurden; alle aktiviteiten koenen trochgean. En wat in feest nei twa jier koroana. De flagen wisten net wat se deroan hienen, en hongen soms lâns de stok. Wa hie dit tinke kinnen. De temperatuer koe hast de 15 graden helje.
Tongersdeitemoarns komt de wyn út it noardeasten. It is bewolke mei ljochte plakken yn de loft, dêr’t sa út en troch de sinne troch kipet. Mar dat falt allegear wat ôf en dizze dei koe it net echt opwaarmje. It wie in kâlde dei, mar dochs noch 11 graden. De gefoelstemperatuer kaam dêr net oan ta.
JJ hie fan ’e moarn al sein: wat it waar oangiet sit der de kommende dagen gjin keninklik waar mear yn. Mar freedtemoarn begjint dochs goed. It is rêstich waar, de wyn dy’t der is komt út it noardeasten. It is bewolke, mar de sinne komt der sa no en dan ek al by. En wat is it moai om dan dy natuer te sjen, mei al dy struken en beammen. Alle dagen wurdt it griener, en al dy blommepracht fan struken en fan de greiden, wat is dat alle maityds wer skitterjend moai. Mar sinne, nee, net echt. Op ’e neimiddei noch even, en de wyn hellet oer de dei ek noch oan. De útkomsten foar dizze freed: in kâlde dei mei in temperatuer dy’t hast net boppe de 10 graden west hat.
Sneon komt de wyn dy’t der is út it noardnoardwesten. Moarns betiid mei driigjende loften, ek noch mei tongerkoppen, mar ek mei iepen plakken yn de noardwestloft, dêr’t de sinne him hjoed grif noch sjen litte sil. Der binne hjir en dêr ek noch in pear drippen fallen. Dus in start fan ’e moarn mei fan alles en noch wat. En de fraach is: wat sil dizze sneon ús bringe? No, it wie wol hiel apart. De wyn kaam, dêr wie ik al mei begongen, út it noardnoardwesten, mar tsjin de middei kaam er út it easten. Mar boppe ús wie hielendal gjin wyn en dêrmei gjin luchtferpleatsing. Dizze wolk dy’t der hong, hat de hiele dei it skinen fan de sinne ferhindere. It is my noch noait sa opfallen. Fan ’e middei tsjin trijen fytste ik derûnder; om fiif oere wer, en tsjin achten hong dy grutte wolk hjir noch. Nochris, ik fûn dit wol hiel bysûnder. Dit ek noch: tsjin achten komt de sinne dertroch, achter dy grutte wolk wei. Jûns om goed njoggen oere lost dy hiele grutte wolk samar op.
Snein 1 maaie is it sneinswaar. It is bledstil, de wyn dy’t der is komt út it easten, en dy wyn is fris. Mei dit waar komt de wyn oeral wei. Tsjin de middei komt er út it súdsúdwesten, mei bewolking en ljochtplakken foar de sinne. En dêr makket de sinne ek gebrûk fan. Mar middeis is er pal noard. It is goed waar, mar te kâld mei 11 graden.
Moandeitemoarn, wat in moaie start. De wyn dy’t der is komt út it easten, de sinne is der daliks folop by dizze twadde maaie. It hat in folle sinnedei west, mar de temperatuer liet it wat ôfwitte mei 12 graden. Dat komt noch altyd troch de kâlde wyn.
En dy wyn is der tiisdeitemoarns ek noch. Mei in grize start, want wy sitte mei bewolking dêr’t sa no en dan ek noch drippen út falle. Mar troch de sinne dy’t der noch by komt middeis waard it dochs noch 13 graden.
Woansdei begjint griis en bledstil. Mar oerdei blykt, de wyn komt út it westen en nei de kofje komt de sinne ek al gau en is it goed 15 graden. De Deadebetinking koe wol trochgean. Alles meimekoar in moaie dei.
Tongersdei, Befrijingsdei, begjint ek griis, en no mei sudewyn, mar nei de kofje komt de sinne ek al sa no en dan. Op ’e middei giet de wyn nei it westen en wurdt it noch in hiele moaie dei mei 20 graden yn ’e lijte. Op ’e wyn wat frisser.
Freed in mistige oanblik, bledstil waar, de wyn dy’t der is komt út it westen. Om njoggen oere komt de sinne der ek al troch. Dat it komt hjoed wol wer goed. (Dat rymt.)
Dat hat ek sa west: de wyn helle oan oant hurd en de temperatuer is oant 21 graden ta kommen. Mar dêrtuskentroch hienen wy fan ’e moarn in buike.
Sneon in grize start en de wyn dy’t der is komt út it easten. De ferwachting is in buike, mar it is hjir droech op in pear spatsjes nei. Op ’e middei komt de sinne ek noch foar it ljocht. Op ’e middei giet de wyn nei it noarden en hellet oan ta hurd. Wie it moarns noch 19 graden, op ’e middei is it goed 17 graden.
Noch even oer de natuer. Hjoed seach ik foar it earst wer in boereswel. Wat is de natuer let! Earder wie it sa, de swellen kamen om en de by 19 april. Dat wie altyd wer bysûnder. Dan wie de gemiddelde temperatuer der wer, en dêrmei wie der ek wer iten foar harren, miggen en alles wat der yn ’e loft libbet. De natuer is net op regel kinne wy sûnder mear stelle. Mar wy hâlde de hoop dat dat wer goed komt.
Snein begjint mei bewolking en sinne, mar de sinne kriget al gau de oerhân. Mar de wyn komt út it noardeasten en dat fernimme je ek. De temperatuer bliuwt hjoed by 13,5 graad. Fierder is it goed waar.
Moandei begjint strieljend. Fan goed seis oere ôf is de sinne derby, bledstil waar, de mole stiet hast stil en de hoanne op ’e toer tinkt: Wêr moat ik wêze? Dat blykt yn it suden te wêzen, want letter op ’e moarn hellet de wyn wat oan en hjir reagearret hy daliks op. It is hjoed fierder in simmerdei mei (skrik net) 23 graden. In ferskil fan samar even 9,5 graad. Bysûnder!
Tiisdei, wer hiel oars; in grize start, de wyn komt út it súdsúdwesten. De sinne komt der ek noch by en dêrmei wurdt it ek noch goed 21 graden: in moaie dei.
Woansdei in grize start, mar wol hjir en dêr in ljochtstreekje. De sinne hat der ek noch by west, mar de frisse súdwestewyn hold de temperatuer op 19-20 graden. Op ’e middei berûn de loft mear en mear en waard it nei fiven wat wiet. Dat wie it waar op de alfde maaie.
Tongersdeitemoarns komt de sinne om tsien foar seizen op mei in hiele moaie sinne-opkomst. De loft fan noard nei súd wie hielendal ferljochte.
Noch even oer juster. Der siet dochs noch 3 mm yn de wettermjitter.
No wer werom nei tongersdei. De frisse súdwestewyn stiet der noch en it waait fan ’e middei in heale stoarm. It waard sa’n 19 graden.
Freed in grize start, mar om njoggen oere komt de sinne derby, de súdwester is noch altyd stoarmich en de temperatuer is 19 graden. In dei mei sinne en bewolking, dus goed.
Sneon begjint de dei moai mei sinne yn in helder blauwe loft, en de wyn is út it westen. De temperatuer is 23 graden. Hearlik om bûten te wêzen. Wat in moaie sneon.
De snein begjint ek wer prachtich moai, mar de wyn komt no krekt fan ’e oare kant, út it easten, en dy hellet sa oerdei wer oan. It hat 22 graden west, in moaie snein.
Ek moandei begjint wer moai, mei de wyn noch út it easten. It is helder, mar ek wer skiere bewolking, dy’t it sinneljocht wer ôfskermet. De temperatuer is hjoed wer simmersk mei 23 graden. Mar middeis komt der mear bewolking en de wyn draait dan nei it súdwesten. It kin allegear en it wurdt dêrmei in graadsje frisser. Wol bliuwt it droech en hawwe wy moai waar.
Tiisdei stiet de flage op ’e Tsjommer toer. Der is dus wat bysûnders: keninginne Máxima hat hjoed har jierdei, se wurdt 51 jier. En dan mei sok moai waar, dûbel feest. Dêrom ek de flage mei de oranje wimpel. De wyn dy’t der is komt út it westsúdwesten en de temperatuer is 24 graden. Op ’e ein fan ’e middei is de wynrjochting hast noard. Op ’e jûn draait er troch it noarden hinne en stiet de hoanne al noardeast. Op dizze woansdei komt de wyn út it súdwesten, mar hy docht it kalm oan. De sinne skynt út in blaugrize loft en it liket in simmerdei te wurden. Dat hat ek sa west, want de temperatuer kaam oant de 25 graden. Mar op ’e neimiddei gong de wyn wer nei it noarden en waard er noardnoardwest. Hy helle ek noch wat oan. Dat fernimme je daliks, mar dochs: wy hawwe hjoed in moaie dei hân.
Tongersdeitemoarn begjint mei wat ûnwaar en wiette út in grize loft. De wyn dy’t der is komt út it easten.
De fruitbeammen steane noch fol yn bloei en dat ûnthjit wat. Sy hawwe gjin lêst fan nachtfroast hân. Dy temperatueren kinne wy foarlopich ferjitte. Ut de tongerbui fan fan ’e moarn en alwer in bui op ’e middei kaam meimekoar 12 mm, en de temperatuer tusken de buien yn wie 23 graden.
Freed begjint rêstich mei de wyn dy’t der is út it súdwesten. Middeis komme der buien mei hurde wyn en op ’e jûn is it mear hjerst as simmer.
En sa is it ek op sneontemoarn mei in hurde hast stoarmige westewyn. Mei de buien fan justermiddei, justerjûn en fannacht siet der 11 mm yn de mjitter en it waard dochs noch 17-19 graden mei bewolking en sinneskyn. De wyn hat him moai deljûn, en sa is it dochs noch in goeie dei wurden.
En sa begjint de sneintemoarn wer allermoaist. De sinne komt om tweintich foar seizen op troch wat skiere mist. Sa moai! En de wyn dy’t it rêstich oan docht fanút it súdwesten ûnthjitte in moaie dei. En dat hat ek sa west. Letter wie de wyn wol súdeast, mar wat in moaie snein kinne wy sizze nei de sinne-ûndergong om tweintich foar tsienen.
Dan moandei 23 maaie. De sinne komt moai helder op, mar al gau komt der bewolking. De wyn komt út it súdeasten. Letter komt de sinne der wer by. It is suver wat brodzich. It wurdt noch goed 22 graden. Op ’e neimiddei wurdt it wiet fanút it noardwesten en it wurdt wat in hjerstich ein fan dizze dei.
Ek tiisdei begjint hjerstich mei wiet waar en in hurde wyn, no út it súdwesten. Meimekoar oer de nacht 18,5 mm wetter en fan ’e moarn út dy bui noch 1,5 mm. De temperatuer wurdt hjoed ek noch 18 graden, mar it waait te hurd om it in moaie dei te neamen.
De woansdei begjint sa moai: in helder blauwe loft dêr’t de sinne yn skynt. Mar al gau komt der bewolking út it súdwesten. En dan is it wer oars, want ek de wyn spilet mei. Mei de buien giet it oerdei goed, mar oan it begjin fan ’e jûn hawwe wy in buike en it waait de hiele dei in heale stoarm. De temperatuer is dochs noch 18-19 graden. Mar myn yndruk is, it is hjerstich.
Tongersdei, Himelfeartsdei, in selde start as juster. Niks oars wat wyn en temperatuer oanbelanget. Bysûnder!
Freed begjint mei sinne en bewolking, en no mei in hurde westewyn, in pear drippen justerjûn noch. Fierder hat it droech west. De temperatuer wie dochs noch wer 18 graden, mar net op ’e wyn. In ferskil fan wol 5 graden.
Sneon mei sinne en bewolking en wer in hurde wyn, mar no westnoardwest. It is hast stoarmeftich. De temperatuer is ek wat leger, sa’n 17 graden. Dat is dan yn ’e lijte.
Dizze foarbye nacht hienen wy ek noch in buike mei goed 2 mm wetter. Sa’t ik al sei, mei dy hurde wyn en dat buike, is it hjerstich waar dizze 28ste maaie.
Snein ien griis wolkefjild fanút it noarden mei wiete snjitters en buikes. En kâld, mar 12-13 graden. Op ’e fyts moatte de wanten oan. Der sit 4 mm yn de mjitter. Ik neam dit wer in hjerstige snein mei dizze wyn út it noardwesten.
Ek de nacht nei moandei is net droech ferrûn. De wyn dy’t no út it westnoardwesten komt, docht it wat rêstiger oan, mar der sitte ek noch buien oan ’e loft. Wy hienen fan ’e moarn alwer 4,5 mm yn de mjitter. Op ’e ein fan ’e moarn wie de temperatuer 14,5 graden. De hurde stoarmige wyn is wol oer. It wurdt wer better.
Dan tiisdei. De dei begjint mei sudewyn. It is rêstich, de sinne is der moai by, mar midden op ’e middei komt der bewolking en dan begjint it te reinen. Op ’e ein fan ’e middei sit der 7,5 mm yn de mjitter. It hat in dei west mei fan alles wat.
Dan woansdei 1 juny. Wêr komt de wyn wei? Der is gjin wyn! No wurdt it dreech. De wyn komt grif ergens wei. De dei is begongen mei buieloften, mar om njoggen oere skynt de sinne ek al even. Wy hâlde it yn ’e gaten hoe’t it fierder giet. Yn ’e rin fan ’e moarn hellet de wyn wat oan en dan blykt dat er út it noardwesten komt. Der geane enoarme buieloften om ús hinne. In prachtich gesicht. En dêrmei is der hjir en dêr ek wol wat wetter fallen, mar hjir net. Wy hawwe wol in moaie dei hân mei ek noch 17-18 graden.
En dan is it tongersdei. De wyn is der no wol by en komt út it westnoardwesten. Bewolking en sinne wikselje elkoar ôf. En as de sinne jûns om trije minuten foar tsienen ûnder giet, hawwe wy nei in hiele moaie korpsrippetysje op dizze jûn, in prachtige simmerdei hân mei in temperatuer fan 21 graden.
Dan, as goed tweintich oer fiven de sinne opkomt, is it freed. De wyn dy’t justerjûn al út it easten kaam, docht it stevich oan. De sinne kin de temperatuer op 20 graden krije en dêrmei wer in moaie dei.
Sneon begjint mei sinne en bewolking en in hurde eastnoardeastewyn. De temperatuer skommelet by 17-18 graden, mar dochs in goeie dei.
Snein. De berjochten binne, der komt oar waar oan, mar it is hjir yn it noarden oerdei droech en goed waar. Mar jûns kamen de buien ek hjirhinne mei in hurde súdwestewyn, en dat is de hiele nacht nei moandei sa trochgongen. Dêrmei in minne waarstart foar de alvestêdefytstocht. It bliuwt mar wiet waar mei hurde súdwestewyn. Middeis om twa oere siet der al 40 mm yn de mjitter en we hienen in temperatuer fan 14 graden. Ek middeis en jûns itselde ferhaal: in strieminne Twadde Pinksterdei mei sok min waar.
Tiisdei begjint mei in hurde westsúdwestewyn mei sa no en dan noch wat wiette, mar der sitte ek ljochte plakken yn de loft. Wy hâlde de hoop dat it stadichoan wer wat opknapt. En dat hat hjoed ek sa west. Fan de wiette yn de betide moarn siet der noch 5 mm yn de mjitter, en it hat ek noch 16 graden west. Dochs wer in goeie dei.
Woansdei nei in rêstige nacht in hiele moaie sinne-opkomst mei de kleuren fan de reinbôge yn de ûnderloft. Sa moai om dit te sjen! Want even letter is it wer oars. De wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten, mar middeis komme der dochs wer buien mei 6,5 mm wetter yn de mjitter, en de temperatuer wurdt ek noch 20 graden. Mar sa einiget de dei net simmers. Nei de nacht is it wer oars. De sinne is opkommen yn in helder blauwe loft, dizze tongersdei. De wyn dy’t der noch wol is komt no út it westen. It waait wer hurd bûtenút. Soms is der ek wat bewolking, mar it bliuwt droech. De temperatuer kin krekt net 20 graden helje. Fierder goed, mar gjin simmer.
Freed hat in grize start mei in hurde wyn út it súdwesten. Wat sit dy foarspelling der fier by troch. Wy soenen simmerwaar mei temperatueren fan 23-24 graden hawwe. Helaas, ik sis altyd al, it moat noch. Mar nei in pear drippen fan ’e moarn klearret it fan ’e middei op en komt de temperatuer ek noch krekt boppe de 20 graden. It waait wat hurd, mar fierder in goeie dei.
Mei bewolking en sinne en in hurde súdwestewyn begjint dizze sneon de 11 juny, en sa hat it de hiele dei west. Op de neimiddei jout de wyn him wat del. De temperatuer siet wer by 20 graden. En wer dy hurde wyn. Mar dochs in goeie dei.
Snein begjint wer mei sinne en bewolking, mar de wyn hat him wat weromlutsen, mar hellet sa oer de moarn ek wer oan, en noch hieltyd út it súdwesten. Grutte wolkepartijen wikselje ôf mei sinne. En dochs kin it noch 21 graden wurde.
Fan ’e moarn de earste blikken nei bûten joegen wat in hjerstige yndruk: in buiige loft mei drippen op it rút, en in hurde wyn út it westnoardwesten. Even letter kaam de sinne al mear foar it ljocht, dizze 13de juny. En dêrmei gong de temperatuer ek wat omheech. Yn ’e lijte op ’e sinne wie it 20 graden.
Mar op ’e hurde, letter westewyn in pear graden leger.
Tiisdei 14 juny in wike foar de langste dei. Fan ’e moarn om tweintich oer fiven kaam de sinne op. En dat wie ek sichtber. Om 6 oere skynde it grutte ljocht yn in helder blauwe loft mei ûnderom al wat opkommende bewolking. Doe’t ik dat allegear seach, tocht ik wer oan it liet ‘Het ruime hemelrond’ en sa fierder. Wat in moaie start fan de dei. It wie hast bledstil. Oerdei is it al wat mear wurden út it westsúdwesten; bewolking en sinne wikselen mekoar ôf by in temperatuer fan hast 23 graden. It hat in moaie dei west, en yn ’e jûn gong de wyn nei it easten.
En dêr sit er op woansdei noch. Mar hy docht it wol kalm oan op dizze hiele moaie moarntyd mei sinne en wat tinne bewolking. Wy hawwe hjoed wer in moaie dei hân mei in temperatuer fan 22 graden.
Dan tongersdei 16 juny. It is bledstil; komt de wyn nergens wei? De hoanne op ’e toer stiet op it noardeasten en de mole op it súdwesten. Hielendal tsjinoersteld. Mar dat kin net sa trochgean, der sil wol mear aksje komme moatte. En dat komt wol. De sinne-opkomst wie moai, mar daliks al moast dizze syn ljocht en waarmtestrielen troch de sluierbewolking hinne prikke. Dat slagge al en dêrmei hienen wy in moaie start fan de dei. En it hat in echte simmerdei west mei 25 graden. Noch wer in moaie dei!
Freed in bewolke start mei hjir en dêr in gatsje. De wyn dy’t der is, en dy is der, komt út it súdsúdwesten en omdat der wat wyn wie, en wy hast de hiele dei dy sluierbewolking hân hawwe, is it hjir net echt waarm wurden. Ek al wie it fan ’e middei om 4 oere al 27 graden. Mar dat wie hielendal net te waarm. Wy hienen wer in hiele moaie simmerdei.
Nei in bledstille nacht komt de sinne fan ’e moarn om 18 menuten oer fiven op yn in helder blauwe himel. In goed oere letter komt de wyn der al by en is it net stil mear. De wyn komt no út it noardeasten, letter op ’e dei komt er út it noarden, en dat fiele je. De temperatuer sakket, mar dochs noch 20 graden. Op ’e jûn fan dizze sneon falle de earste drippen út in buiige loft. Ek de nacht nei snein bliuwt it net droech.
Sneintemoarn sit der 8,5 mm yn de mjitter. It bliuwt fierder oerdei droech, de frisse westewyn makket it frisser. De temperatuer kin krekt noch 19 graden wurde.
Nei in hast bledstille nacht komt yn ’e moarn dochs de noardwestewyn wer op. Mar it is sinnich mei hjir en dêr wat bewolking op dizze moandeitemoarn de 20ste juny. Moarn de 21ste juny, de langste dei fan dit jier, 2022. Mar is en komt dat ek sa? Dat witte wy moarntejûn it bêst. Noch even oer it waar fan hjoed. It is in droege dei, mar de hurde noardwestewyn wie in echte noardpoalwyn. Dus fielde er ek echt kâld, mar de sinne makke in soad goed, en dêrmei waard it ek noch hast 20 graden. Dus dochs wer in goeie dei.
Dan 21 juny, de langste dei, en dat is sûnder mis sa. De sinne komt dizze dei op om 18 menuten oer fiven. Mar hy liet him net earder sjen as 6 menuten oer healwei seizen. Oarsaak: lege bewolking. Ik hie in streekje op it behang yn myn sliepkeamer set, dêr’t de sinne dan om seis oere is en dat kloppe op ’e menút. It ûndergean is jûn om 4 menuten oer tsienen, dizze heuglike dei.
Fan ’e moarn betiid bledstil. Tsjin njoggenen bewege de blêden oan de beammen op ’e wyn út it súdwesten. It is sinne mei bewolking, mar hearlik waar bûtendoar, Yn ’e rin fan ’e middei wurdt de wyn westnoardwest en komt de noardpoalkjeld even werom. De hiele dei wie de temperatuer om en by de 25 graden en dan op dy wyn is it samar 5 graden kâlder. Op ’e jûn siet der wol wat tinne bewolking yn it westen, mar dêrtrochhinne koene wy wol de sinne-ûndergong sjen om 4 menuten oer tsienen.
Dan op ’e jûn giet de wyn nei it easten en dêr sit er dizze moandei noch. Hy is hast wat eastnoardwest. De temperatuer is moarns noch 18 graden en middeis wurdt it ek noch 20 graden. It is hiel moai waar, mar de wyn hâldt it wat fris.
De nacht nei tongersdei giet ek wer foarby. De wyn dy’t der is waait út it easten. De sinne komt skitterjend moai op yn in hielendal skjinne blauwe loft. Wy sille hjoed in simmerdei krije, sa binne de berjochten ek, en dat hat ek sa west. De wyn kaam letter ek noch út it súdeasten. In sinne-oergetten dei mei 30 graden. In waarme dei dus, dizze 23ste juny.
Mei in hurde westewyn wie it freed oar waar. Nei in hiele reade sinne-opkomst hienen wy ek al in reinbui fan 4 mm. Doe’t de buieloften har wat ôfjoegen, bekaam de wyn ek wat, en mei wat mear sinne koe de temperatuer ek noch 25 graden wurde. It bleau droech fan ’e middei, en dêrmei dochs wer in moaie dei. En sa is it alwer sneon. De wyn dy’t der is komt út it westen, mar letter op ’e middei út it noardnoardwesten. Moarns komt der ek noch in buike oer, mar middeis krije wy mear sinne en wurdt it alwer 25 graden. Alwer in moaie dei. Dan dit noch: jûns hellet de wyn ek noch oan en komt dan út it eastnoardeasten mei in bui fan 10,5 mm.
Sneintemoarn is it wer bledstil, mar de bewolking, soms hiel moai, soms driigjend, driuwt út it westen oer, en as dan foar Omrop Fryslân yn it programma Muzyk Maskelyn it skitterjend moaie liet yn it Ingelsk ‘Groot is uw trouw, Heer’ songen wurdt, wat bysûnder moai!
Fierder in goeie snein, mei bewolking en sinneskyn, in droege snein. Yn ’e middei giet de wyn nei it súdsúdeasten om’t dêr in buiegebiet sit, mar dat komt hjir net oan ta. En it wurdt hjir ek noch 29 graden. Alwer in moaie dei.
Ek dizze moandei begjint mei bledstil waar en in hiel bot bewolke loft dy’t oant no ta de sinne ôfskermet. En dat hat de hiele dei sa west. Wy hawwe de sinne net sjoen en dochs waard it noch 22 graden. Op ’e neimiddei sette de loft oeral oan en waard it wat wiet mei ek noch tonger derby. Wy hawwe de hiele dei gjin wyn fernommen, mar wat der wie kaam út it suden. Yn ’e jûn draaide de wyn nei it súdwesten en liet de sinne him ek noch even sjen.
En dêr sit de wyn op tiidsei noch mei sinne en bewolking. De wyn, mar der wie hast gjin wyn, dwarrele wat yn it súdeasten. It is in sinnige dei wurden en de temperatuer waard noch 26 graden. Wer in moaie dei ta de jûn út.
Nei in rêstige nacht is it woarnsdei mei de wyn dy’t der is no út it suden, en mei de sinne yn de prachtige blauwe loft, liket it in moaie dei te wurden. Dat hat ek sa west, it wie soms hast te waarm mei 30,5 graad op ’e middei, en dan is it ek noch hast bledstil. Even letter komt de wyn der wer by, út tsjinoerstelde rjochting, út it noarden. Ik kin it hast net leauwe, mar it is wol sa. Mar ik haw it te fluch opskreaun, want even letter komt de wyn alwer út it noardwesten.
Nei in waarme nacht is it tongersdei 30 juny. De wyn is wer hielendal om en komt no út it suden. De temperatuer is no bûten al 20 graden, de sinne skynt út in wol grize loft. De waarberjochten binne, it sil wat oars wurde. Wy hâlde de finger oan de pols. It is no middeis twa oere en it is noch skitterjend moai waar. Mar der is al wer wat feroare. De wyn komt no út it westen. Fêst waar is gjin sprake fan. It giet der yn de atmosfear wyld oan ta. Mar it bliuwt goed waar dizze middei, 28, 29 30 graden. Op ’e neimiddei berint de loft en it begjint hurder te waaien en op ’e jûn wurdt it frisser en om goed njoggen oere wurdt it wiet, mei 12,5 mm rein.
Freed is it wer oars. De wyn is der noch, no út it súdwesten, en dat wie it waarferhaal lykas it west hat yn it twadde fearnsjier fan 2022.
 
Knilles Rusticus

Voor downloaden en printen; Klik hier.
 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA