DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl.3 - 2022

Geplaatst op: 30-10-2022

It hâldt net op! Afl.3 - 2022
It tredde fearnsjier fan 2022 waarpraat
 
Dêrmei binne wy freed 1 july. It is ûnrêstich yn de wrâld, it is ûnrêstich, lykas ik it juster neamde, yn de atmosfear, mar wy hoopje der it bêste fan. Hjoed is begongen mei yn it noardwesten enoarme tongerkoppen, mar dy binne ek wer weiwurden. Fierder in buiïge loft, mar it is noch drûch. En dat hat hjoed de hiele dei sa west hjir, mar net oeral. Want út dy buiige loft kaam soms in buike. De hurde westsúdwestewyn hat de temperatuer ek wat leger holden, mat it koe dochs noch 23 graden wurde, en dat is wer goed genôch foar in moaie dei.
Dan is it sneon by it sinne-opkommen fan ’e moarn om 5.20 oere skjin oan ’e loft, mar om njoggen oer is dat skjinne alwer fuort. It grutte ljocht komt der noch wol goed trochhinne. De wyn komt út it súdwesten, de temperatuer koe wer 26 graden helje doe’t op e neimiddei de wyn him deljoech. De sinne gong ek alwer in pear minuten earder ûnder yn in bewolke loft mei hjir en dêr in iepening dêr’t de sinne him even sjen liet as woe er sizze: ik bin der noch. Al mei al in moaie sneon.
De snein fan de tredde july begjint wer sa moai mei dy moaie blauwe loft, de skitterjende sinne dy’t alles beskynt en ferwaarmet en dan dêrby fan ’e moarn fan seis oant njoggen oere moaie muzyk en sjongen foar Omrop Fryslân mei as ôfsluter it skitterjend moaie ‘Er is een God die hoort.’
Sa’n snein kin net mear stikken, ek al is it wat bewolke mei hjir en dêr tongerkoppen yn it noardwesten en buiïge loften yn it suden, dêr’t it dan ek net drûch west hat. Hjir al. De wyn dy’t der wie, kaam út it westen. Op dy wyn wie it wat frisser, mar yn de lijte waard it noch 26 graden. Wer in moaie dei. Jûns wie it ek noch moai en ljocht mei in heldere loft oant kertier foar alven.
En sa wie it moandeitemoarn wer. De sinne kaam yn in hielendal ferljochte easteloft op om 5.20 oere. Even letter wie it wol allegear bewolking, en sa hat it de hiele dei west, mar de sinne kaam der wol geregeld troch. Der gongen ek buieloften oer, mar it bleau drûch.
Sa is it op tiisdeitemoarn betiid wer mei hjir en dêr in wolkje, mar it rint samar hielendal ticht, mei hjir en dêr in gatsje foar de sinne, mar soms ek in hiel grut gat. Juster en hjoed wer, en as ik om goed njoggen oere troch it rút sjoch, dan tink ik: is dit in simmerloft? Echt net, it liket wol hjerst en sa hat it de hiele dei wol wat west en doe’t ek de wyn noch nei it noardwesten gong, waard it ek noch frisser en koe de temperatuer de 20 graden der net mear foar krije.
En dan is it woansdei 6 july. De wyn dy’t noch út it westnoardwesten komt, fielt simmersk en jout ús ek in simmergefoel. It is bewolke mei ljochte plakken dêr’t de sinne syn bêst docht troch te skinen. Oerdei siket de wyn dochs wer it súdwesten wer op, mear simmers. Op ’e neimiddei wurdt it wat wiet, en it waait stevich. Dêrmei is it wat hjerstich. Meimekoar sa oer de nacht en moarn sit der 4,5 mm yn de mjitter.
Dan is it tongersdei 7 july mei in hurde frisse westnoardwestewyn mei de lêste snjitters, neffens de waarberjochten, en dêrmei noch wol wat hjerstich. Mar it moaie waar komt deroan. Wy hienen oer de nacht meimekoar 4,5 mm. De hurde wyn soarge foar in lege temperatuer fan 18-19 graden. Dizze 7de july waard gjin simmerdei, o nee.
Nei in rêstige en drûge nacht en de wyn dy’t der is út it noardwesten is it freed. Dizze freed begjint mei in grize moarn, mar wol mei ljochte plakken. Letter op ’e moarn komt de wyn dochs wer út it westsúdwesten, mar noard of súd, je fernimme dat de wyn oer it noch kâlde seewetter komt, en dat fernimme je foaral as de sinne fuortgiet. Mar mei dizze sinnewaarmte kin de temperatuer dochs wer 20 graden wurde en it bliuwt drûch. Al mei al is it dochs wer in moaie dei.
Sneon ek in grize start mei in ljochte streek yn it noardeasten. De wyn komt út it noardnoardwesten, mar docht it rêstich oan. Oerdei komt der wat mear wyn, mar sinne is der net in soad. Dochs wurdt it noch 18-19 graden. Mar it wie echt gjin simmerdei mei soms ek noch in pear drippen.
Snein de 10de july in grize start. Dat is noch sunich sein, it is in hjerstige start mei hurde wyn út it noardnoardwesten en soms wiet mei in temperatuer fan 17 graden. Mar wy bliuwe posityf. ‘It moaie waar komt deroan.’ De sinne hat it goed njoggen oere even besocht, mar moast it ôfwitte liite, mar op ’e middei komt er der dochs noch even by. Mar oars in bewolke dei mei in temperatuer fan 19 graden. Konklúzje: gjin simmer noch.
Ek moandei net. In grize start mei ek noch motrein en de wyn dy’t der is noch út it noardnoardwesten. De sinne hat him hjoed in pear kear sjen litten, mar dat wie it ek. Dus in bewolke dei. De wyn is letter op ’e middei nei it easten gongen, mar it waard dochs noch 20 graden. Dochs in goede dei.
Hjoed, tiisdei, in goeie start mei sinne en bewolking. De wyn dy’t der is, komt út it suden, en dêrmei krije wy no oar waar. Letter op ’e middei komt de wyn út it súdwesten. De sinne hat hast de hiele dei achter hege bewolking sitten, en hat dêrwei syn waarmte fiele litten. De temperatuer hat goed 26 graden west. Ta de jûn út in echte simmerdei.
Woansdeitemoarns betiid in skitterjend moaie noardeasteloft mei hast gjin beweging en dêr dan ek noch in moaie sinne-opkomst by om goed healwei seizen mei hast bledstil waar. Dêrmei begjint dizze nije dei, sa moai! Yn ’e rin fan ’e moarn komt der al mear wyn út it noardwesten. Dat is in frisse wyn, mar dochs kaam de temperatuer yn de lijte op 24 graden. Yn it frije fjild wie dat wol 2 graden leger. Wy hienen wer in moaie dei.
Tongersdeitemoarns om healwei seizen in skitterjend moaie blauwe himel, gjin inkeld wolkje, mar net foar lang. Wêr komt it dan samar allegear wei? It wie earst bledstil, mar doe’t de bewolking kaam, wie der ek samar mear wyn en dy kaam út it noardwesten. En dêr begûn dizze 14de july mei. Op ’e middei kaam er mear út it westen en doe waaide it ek echt hurd. De temperatuer wie 23 graden, mar om no fan moai waar te sprekken, nee. Dan hie it net sa hurd waaie moatten.
Freedtemoarns om 6 oere is it bledstil, mar om njoggen oere waait it alwer hurd út it westen mei sinne en bewolking. 18 graden is de temperatuer. Letter giet de wyn ek noch nei it súdwesten. Yn ’e jûn bekomt it wat en de temperatuer hat ek noch 19 graden west. Buieloften wienen der ek, en it hat ek net oeral drûch west, mar hjir wol. En dêrom kin ik der noch in goeie dei fan meitsje.
Yn ’e nacht nei sneon hellet de wyn alwer oan nei hurd út it noardwesten; it is bewolke mar ek sinnich. Yn ’e lijte op ’e sinne kin de temperatuer de 21 graden helje, mar op ’e hurde wyn 18-19 graden. Ik tocht doe’t ik fan ’e middei nei hûs fytste: as wy dizze kâlde wyn hân hienen yn desimber of jannewaris hie der iis op de Tsjommer feart lein. Foar in moaie dei hie de wyn it wat rêstiger oan dwaan moatten.
Mar sneintemoarn, it hat sa wêze moatten, wat in skitterjend moai begjin. It is bledstil, de wyn dy’t der noch is, komt út it súdwesten. Der sitte hiele moaie kleuren oan ’e loft dêr’t de sinne besiket in gatsje te finen. En dan dy moaie muzyk derby fan Omrop Fryslân. Yn it programma fan seis oant njoggen oere, wat moai meimekoar. Fierder in temperatuer fan 23-24 graden en noch heger en sa is dizze simmersnein fan de 17de july ek wer foarby. Bysûnder!
Moandei begjint alwer sa moai. Underom bewolking, mar boppe-yn helder en blau. It sil hjoed in waarme dei wurde. Dat sit der dik yn, want it is om njoggen oere al lekker bûtendoar. De wyn dy’t der is komt út it súdwesten en de sinne komt der ek al troch. It wie hjoed in waarme dei, mei hast gjin wyn, oeral wei, mar letter dochs foaral út it suden, en de temperatuer hat hjir op Lyts Tolsum echt 30 graden west en it is oant yn ’e jûn skitterjend waar.
Tiisdeitemoarn is it al sa moai. It is healwei seizen, de sinne moat hast opkomme yn dizze hielendal helder skjinne blauwe loft. Ik hâld de hoarizon yn ’e gaten en dêr is it al sa. Earst trije helderreade boltsjes, dan fiif, dan acht of tsien, en dan is it strookje fol en komt der algau in wat rûne foarm oan. Fierder kinne je it mei it bleate each net mear sjen, mar mei trije, fjouwer minuten hinget der al in rûne bol boppe de hoarizon. Wat in skitterjend moaie waarnimming. Wat moai. En dêrom moast ik dit even opskriuwe. En wat in moai begjin fan dizze dei, dizze warme dei. Tsjin tolven wie de temperatuer dêr sa tichte by de Slachte al hast 34 graden ûnder in wolkeleaze loft. Wer unyk! De wyn dy’t der wie, kaam út it súdeasten. It hat fan ’e middei noch 36 graden west. Sa waarm op plakken haw ik it net meimakke. Dat wie yn it doarp, bûtenút wie it in pear graden leger. Mar it wie wol, ik sei it al, unyk.
En nei in noch waarme nacht is it oars. Der waait in hurde wyn út it súdwesten ûnder in blaugrize loft, mar de sinne is der folop by. Sa hat it de hiele dei west. Yn ’e lijte wie it net te wêzen, yn it skaad gong it. Yn ’e sinne wie it wer boppe de 30 graden. Al mei al, wat in simmerdagen hawwe wy hân! Dizze dei, woansdei 20 july, ek wer.
Tongersdei begjint moarns wat wiet. In grize start en hast bledstil. De wyn dy’t der is komt út it westen. Tsjin de middei hellet er oan en giet er nei it noardwesten. In hurde wyn. Oan wiettichheid hienen wy nei de nacht 6 mm en oerdei ek alwer 4,5 mm. Wy hawwe hjoed de sinne net sjoen. De bûtentemperatuer koe krekt de 19 graden helje. Yn ’e huzen is it noch 23-24 graden. Mar nei al dat moaie waar fielt it hjoed wat hjerstich.
Nei in rêstige nacht is it freed. De start is wat griis mei noardewyn foar safier’t der wyn is. Mar it is drûch. Wy hawwe hjoed de sinne net sjoen, mar hy wie der wol, en dêrmei koe it ek ncoh 20 graden wurde. Gjin simmer, mar wol in goeie dei dizze 22ste july.
Sneons betiid is it bledstil. Underom yn it noardeasten hinget wat bewolking. De hiele natuer leit der stil by. Mar tsjin kertier foar seizen komt de sinne op. Dêrmei komt der mear aksje. Der komt wat wyn, noch út it noarden. De wynmole begjint te draaien, en ek de bewolking komt omheech. En dan is it samar wer oars. De sinne dy’t sa moai alles yn it ljocht sette, moat ek wer achter dizze bewolking in plakje sykje. En sa giet dit ‘schouwspel’ altyd troch. En it is altyd wer oars, want tsjin de middei is de wyn alwer krompen en is er westsúdwest. De bewolking ferdwynt en it wurdt in hiele moaie sinnige middei mei in temperatuer fan 23 graden. Wat in moaie dei.
Snein begjint mei in heldere loft mei sinneskyn. Mei in súdwestewyn komt der bewolking by en dat giet wat op en ôf, mar it is meastal sinnich. En dan is it waarm. Gelokkich is der wyn, no út it súdsúdwesten, soms hurde wyn, mar yn de lijte is it samar 30 graden of mear. Alles meimekoar wer in moaie snein.
Moandei is it alwer de sande dei yn de hûnsdagen. Dat wie my hast al ûntkommen mei al dit moaie waar. Mar wol alle soarten waar, dat is hûnsdagewaar. En dat is it no, mei bewolking, hurde wyn út it súdwesten, mar sa no en dan ek in glimp fan de sinne en mei in temperatuer fan 18 graden.
Mar ek wat wiet as de loft even oanset, want dat is sa út en troch sa. Ut elk wolkje kin it reine. Dat hat hjoed net sa west. Hjir wie ek gjin tiid foar. Want it waaide fan ’e middei in heale stoarm. Alles meimekoar waard it fan ’e middei ek noch hast 22 graden.
Tiisdei begjint mei noardwestewyn, en sa no en dan falt der ek noch in buike en it is griis. Neffens de waarberjochten komt it goed hjoed, en dat hat ek sa west. Yn ’e lijte op de sinne wie it noch wol 20 graden, mar de noardwestewyn wie kâld, wol 3-4 graden leger. En sa no en dan ek noch in pear drippen.
Mei wat bewolking mar ek sinneskyn is it woansdei. de wyn docht it rêstich oan, mar komt noch út it noardnoardwesten. En it is hjoed itselde ferhaal as juster, ek mei de temperatuer. En dat kin der noch wol even achteroan: it is net echt fakânskjewaar.
 
Mar de start fan tongersdei is wer oars. It is bledstil waar, ik soe net witte wêr’t de wyn weikaam, mar ik tink út it easten. It is bewolke, mar de sinne lit him sa no en dan ek sjen. De temperatuer is hjoed dochs 20 graden wurden. De wyn bliek letter op ’e dei, omdat de wyn oanhelle, út it noardeasten te kommen. It hat in meast bewolke, wat grize dei west, mar wol drûch.
Wêr’t de wyn op dizze freed wei komt is wol dúdlik. De hoanne op de heechste toer fan Fryslân en de roeden fan de mole binne it iens. Ek de heechste takken fan de beammen dogge hjoed mei. De wyn komt út it noardeasten. De sinne is der wol, mar hjir noch net, en dat duorret ek noch wol even, want der sit gjin avensaasje yn. De bewolking leit hast stil. Dy sit fan ’e moarn yn it westsúdwesten, dat is hjirwei boppe Noard-Hollân. Tsjin tolven in ljochte streek fan dêrwei en dan klearret it op. Dat is tsjin de wyn yn, want dy komt út it noardeasten. Soks komt mear foar, mar it giet hiel stadich. It wie tsjin fjouweren, dêr wie de sinnewaarmte al. As je soks net waarnimme of gadeslane, giet it sa foarby, mar it is in grut wûnder yn dizze skitterjende natuer.
Sneon 30 july is it wer oars, de wyn komt no út it noardwesten. It is alle dagen wer in grutte ferrassing wêr’t de wyn wei komt. Wy kinne sûnder mear stelle, it is ien grutte ferrassing, it waar, alle dagen wer. De dei start mei bewolking, mar ek mei sinne. De temperatuer is goed 20 graden. Op ’e middei giet de wyn nei it westsúdwesten, en tsjin fiven dript it wat út in wat buiige loft. Dat past by de hûnsdagen, it kin allegear.
Snein, snein, rein, rein. In hiel bysûndere snein dizze 31ste july. In grize start, mei súdwestewyn. Tsjin healwei tsienen begjint it wiet te wurden út in buiige loft. Om healwei trijen sit der goed 17 mm wetter yn de mjitter. Wat in hearlike bui sa midden yn ’e simmer. Der wie wol echt ferlet fan. Moai waar is ek moai, mar as je op ’e fyts wiet wurde, jout dat ek in goed gefoel. Want wy witte wol, sûnder himelwetter kinne wy net fierder. En dêrom: wolkom sa’n grouwe bui.
Op ’e middei is de wyn nei it noardwesten gongen, en jûns klearre it dêrwei op. En dêrmei is de julymoanne om.
Moandei kipet it grutte ljocht mei in lyts strookje yn it noarden troch de bewolking, en even letter is de hiele himel blau en skynt de sinne. Letter komt der wer wat bewolking. It is hjoed goed waar, mear kin it net lije. Want de noardewyn makket it fris. De temperatuer is 18-19 graden.
Tiisdei begjint mei wat skiere bewolking dêr’t de sinne wol trochhinne komt. Der stiet in hurde súdsúdwestewyn, de temperatuer fan 26 oant 28 graden makket dat it hearlik is om bûtendoar te wêzen. It waaide te hurd om echt moai te wêzen, mar dochs wer in goeie dei.
Dan komt woansdei, PC-dei. It begjin is allermoaist. De sinne komt op yn in helder blauwe loft, mar al gau komt der bewolking fanút it súdwesten, want dêr komt ek de wyn wei. Mar de sinne kin hjir en dêr noch in gatsje fine. En wat hawwe wy hjoed in fijne dei mei in temperatuer fan 26-27 graden. Wat hie Fryslân hjoed in moaie sportdei. Op it sjûkelân mei de PC-keatserij en op de Snitsermar mei de skûtsjesilerij. Wat hat Fryslân hjoed wer skitterjend moai yn byld west. It kin net better.
Tongersdei begjint al sa moai mei sinne en bewoking. De wyn dy’t der is komt no út it westen. de temperatuer is alwer boppe de 20 graden. Yn ’e middei wurdt it dochs wer 24-25 graden. Dizze 3e en 4e augustus, it wienen twa echte simmerdagen.
Freed start mei in hurde noardwestewyn mei buieloften, mar ek skjinne loft dêr’t de sinne alle romte kriget. Mar alles meimekoar is it simmergefoel even fuort. Oerdei giet de wyn wer mear nei it westen, mar it bliuwt in kâlde wyn en der falle hjir en dêr ek noch in pear drippen. Fierder goed, mar mei de lêste dagen yn it geheugen, dan komt it simmergefoel hjoed net mei syn krap 20 graden.
De sneontemoarn begjint moai sinnich, mei hjir en dêr in wolkje, mar de wyn dy’t der is komt
út it noarden. Dêrmei is it fris, mar mei de gedachte: it moaie waar komt deroan, kin dizze sneon ek al net mear stikken. Yn de hûnsdagen kin alles, dus ek samar út in wolkje in buike: 1 mm. It is goed waar, mar de wyn komt de hiele dei út it noardwesten en dêrmei kin de temperatuer net boppe de 20 graden komme.
Sneintemoarn begjint wer sneins. Yn in helder blauwe loft komt de sinne op om fiif minuten oer seizen. De wyn is westsúdwest. Letter op ’e dei komt er mear út it westen; in frisse wyn, en soms ek noch buiige loften. Wol is it drûch, en de temperatuer koe ek no net boppe de 20 graden komme. Fierder in goeie snein dizze 7de augustus.
Moandei is it hast bledstil, mar de wyn dy’t der is komt út it noarden mei in soad bewoking. Wol kin de sinne hjir en dêr in gatsje fine. De temperatuer is en bliuwt dêr’t er wie, by de 20 graden. Ek omdat de wyn yn de middei noch wer mear nei it noarden gie, in frisse wyn. Sa wie it in moaie, mar wol frisse dei.
Tiisdei 9 augustus. Wat begjint dizze dei moai! Earst is it wat dizich, mar even letter skynt de sinne folop út in helder blauwe loft. It is hast wynstil, en wat der oan wyn is, komt út it easten, en yn de neimiddei krûpt er wer nei it noarden. Dan wurdt it wer frisser. It hat 22-23 graden west, mar tsjin de jûn waard it er 20 graden. Dochs wer in moaie dei.
Woansdei freuledei. De jeugd moat hjoed syn sportive krêften mjitte op it Wommelser keatsfjild. En se treffe it mei it waar. It is skitterjend moai, mei de sinne yn in helder blauwe loft, en der is ek noch in frisse eastewyn oer it fjild. Alles meimekoar moat it slagje. En it is ek slagge, it hat in hiele moaie dei west mei as temperatuer 23-24 graden.
En tongersdei begjint ek alwer sa moai, mei de wyn dy’t der is noch wer wat eastliker. De temperatuer wie om 9 oere al 20 graden, mar op ’e middei komt de temperatuer hjir hast op 30 graden út. Wat de wyn oanbelange, dy helle ek noch oan, wat út it noardeasten. It wie waarm, mar in hiele moaie dei.
En freed, de start itselde ferhaal. Wat moai! Fan goed seis oere oant jûns kertier oer njoggenen stie it grutte ljocht yn in helder blauwe loft. Ek hjoed hat de temperatuer de 30 graden helle.
En sneon itselde ferhaal. No sels 31 graden mei in hearlik eastewyntsje. Wat in moaie sneon.
Snein wer itselde ferhaal. Mei dit ferskil dat der wolkjes oan ’e loft komme, út it noardeasten, mar de wyn komt hjir noch wol út it easten. De temperatuer is oerdei 31 graden, letter op ’e middei en jûn wurdt it bledstil en ek hielendal bewolke. It is brodzich.
Moandei 15 augustus. Noch fjouwer dagen, dan binne de hûnsdagen wer foarby. It binne 4 wiken en ek noch mei in hitteweach deryn en mei mear bysûnderheden: ekstreem drûch, wrâldwiid. Alle grutte wettergongen steane heal drûch, mei in wetteralarm. En hjoed wer hiel moai waar mei 24-25 graden. Gelokkich wie der al wat westewyn, en wer in moaie dei dêrmei.
Dan is it tiisdei. Alwer sa’n moai begjin. It sinne-opkommen yn in mei wat tinbewolke loft. Ien en al rêst. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Moaier kinne je it je hast net foarstelle. Yn dizze iere moarn, as der wer mear wyn komt, feroaret it hiele byld wer, mar it sil hjoed in hiele moaie dei wurde. It waarglês seit: der komt oar waar oan, en dêr is it al sa.
Nei in waarme en brodzige nacht wurdt it woansdeitemoarn om healwei achten wiet, en dat giet sa troch oant middeis ien oere, en dan sit der 15 mm yn de mjitter. In wolkom buike. Dan wurdt it even drûch, mar op ’e neimiddei wurdt it wer wat wietich en jûns ek. Meimekoar wer 5 mm. Alles meimekoar in moaie dei.
En dan is it tongersdei mei sinne en bewoking en noardewyn. Mar mei de waarme sinne der geregeld by wurdt it noch 23 graden. Wat ek wer in moaie simmerdei.
Yn in wat blaugrize loft komt de sinne dizze freedtemoarn op. De wyn dy’t der no is, komt út it suden. Mar yn ’e rin fan ’e dei komt er út it westsúdwesten. Der driuwe buiige loften oer, mar it bliuwt drûch en de sinne hâldt de temperatuer der goed yn. It wurdt wer 23 graden. Groeisum waar. Alwer in moaie dei hjoed.
In rêstige en pikdonkere nacht - ik stie fannacht even troch it rút te sjen; ik seach hjir en dêr in ljochtsje, mar fierder wie it hartstikke nacht, tsjuster, hielendal neat. Wat is it dan in goed gefoel as it dan tsjin seizen wer wat ljocht wurdt, en dat ús grutte ljochtboarne op ’e hoarizon wer yn ’t sicht komt en tsjin in prachtige blauwe himel oan alles wer yn it ljocht set. Alle dagen wer, en sa ek dizze sneon de 20ste augustus. Wat moai! It is bledstil. Wêr’t de wyn wei komt wit ik even net, mar der komt al gau mear wyn en dy komt út it westen. Hy lit him goed fiele, mar de temperatuer komt dochs noch wer op goed 22 graden. Wer in moaie dei.
En dat is snein ek sa. Ik kin sa itselde ferhaaltsje opskriuwe, en it wurdt ek noch 23 graden. Wat wer in moaie snein, ta de jûn út.
Moandei begjint alwer sa moai, in bytsje grûnmist en fierder in sinne yn in helder blauwe loft. De wyn dy’t der is, komt út it suden, mar letter op de dei út it eastnoardeasten mei bewoking. Soms mei in tongerkopke en soms mei sinne is it 22 graden wurden; in hiele moaie dei.
Tiisdei sil ek wer sa’n moaie dei wurde en dêr liket it ek op. In moaie sinne-opkomst yn wat skiere bewolking, mei de wyn dy’t der is út it suden. Nei in hiele moaie waarme dei mei 28 graden giet de wyn yn ’e rin fan de middei nei it noardeasten. Mar it wie wol wer in echte simmerdei.
En woansdei neat oars. Bledstil, de wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten. In prachtige sinne-opkomst. Letter komt der wat reachbewoking op, mar it grutte ljocht pript dêr wol trochhinne, en dêrmei wer in hiele moaie start fan dizze dei. It wurdt wer in waarme dei mei 30 graden. Op ’e middei draait de wyn wer nei it noardeasten, en der sitte wer buieloften mei tongerkoppen yn it noardeasten. Mar it wurdt ek wer wei. Wat wer in simmerdei.
Tongersdei al sa’n moaie start. De wyn komt út it suden, de sinne komt op yn in hast hielendal blauwe loft. Kâld hat it de nacht oer net west, want om njoggen oere is it alwer 20 graden. It wurdt in super simmerdei. De temperatuer wie fan ’e middei op Lyts Tolsum goed 30 graden. Gelokkich hat de sudewyn de hiele dei wat ferkoeling brocht wêrtroch’t it aldernedichste dochs wat trochgean koe. Wol bysûnder!
Mar it kin ek samar wer oars, want jûns tsjin achten begjint de wyn te draaien en bedarret er yn it noardwesten. Dêrmei is de waarmte samar fuort en sakket de temperatuer.
En sa is de nacht ek ferrûn, mei sa no en dan in pear drippen op it rút. Ek fan ’e moarn noch. It kontrast kin net grutter mei juster, de waarmste 25 augustus oait metten. Dochs is it hjoed ek noch 20 graden wurden, mar hiel oars. Oant fan ’e middei seis oere hawwe wy de sinne net sjoen. Dêrnei krige hy sa no en dan de kâns om troch en lâns de bewolking te kypjen. Meimekoar hienen wy 1 mm yn de mjitter. En sa’t ik al sei, in oare dei, mar wol goed, dizze op fiif dagen nei lêste dei fan augustus.
En dan komme wy de R wer tsjin.
Mar no noch net, en dêrom begjint de dei wer simmers, mei in stevige noardeastewyn mei bewolking en sinneskyn. Mei in stikje yn ’e krante dat Fryslân it moaiste lân fan de ierde is, en as wy dat allegear mar sjogge, dan kin dizze sneon al net mear stikken. No de realiteit, en it is ek ncoh sa.
En dan is it snein. Dizze snein begjint mei bewolking en sinne, en mei noardewyn. It is net echt kâld, mar der stiet wol in frisse wyn en sa hat it de hiele snein west. De temperatuer koe de 20 graden net helje, mar it wie wol in drûge dei. En dêr moatte wy it mei dwaan.
Moandei begjint bewolke, mar tsjin njoggenen komt de sinne der dochs even troch. De wyn dy’t út it noarden komt, fielt net kâld oan, en dat komt omdat it seewetter de sinnewaarmte ek alle dagen fielt. Op ’e neimiddei, lykas de ferwachting wie, komt de wyn al út it noardeasten, mar mei al dy bewolking bliuwt de temperatuer op 19 graden stykjen.
Tiisdei begjint mei in moaie sinne-opkomst yn in helder blauwe loft, mei de wyn noch út it noardeasten dy’t oer de dei oanhellet oant wynkrêft 5. Fierder in moaie dei, want it waard noch 20 graden.
Woansdei, de lêste augustusdei, begjint simmers. De sinne is der daliks by yn in blauwe loft. De wyn docht it rêstich oan en dy komt út it noardeasten, mar hy wurdt al fûler, en op ’e middei waait it echt hurd. De temperatuer wie 20 graden. De lêste augustusdei wie in moaie dei, mar echt moai, dêr waaide it te hurd foar.
Tongersdei, 1 septimber, de earste dei fan de meteorologyske hjerst. Wat wer in moaie start; de sinne dy’t tsjin sânen opkomt, ferljochtet en ferwaarmet alles om ús hinne. De wyn út it noardeasten docht ek alwer mei, en der komt ek wat bewolking, mar wy hawwe hjoed in hiele moaie dei. De temperatuer wie goed 20 graden.
Nei in nacht mei stevige eastewyn is it hjoed freed. Mei in prachtige sinne-opkomst yn in helder blauwe loft, en mei in waarberjocht mei simmertemperatueren fan 23 oant 27 graden kin it dizze twadde septimber wat wurde. Sa hat it ek west: it waard 23 graden. Op e neimiddei sakke de wyn wat ôf. Al mei al in hiele moaie dei dizze freed.
En dan is it snein 3 septimber. De start is wat skier en bewolke, mar tsjin achten komt de sinne derby, en lit de eastewyn nei dizze hast stille nacht him ek alwer fiele, en sa hat it de hiele dei wol wat west. Mar wer in moaie dei.
Snein lit him echt sneins sjen. Wat in moaie start, mei de sinne-opkomst yn in helder blauwe loft en in bryske út it súdeasten. Tsjin de middei berint de loft en moat it grutte ljocht wat belies jaan. De temperatuer is op de middei 27 graden. In waarme dei. Der wie gelokkich wat wyn, en it wie hearlik waar, in echte simmerdei yn de foarhjerst.
Moandei alwer sa’n moai begjin mei sinne yn in blauwe loft, noch mei dat súdeastlike bryske. Oan it begjin fan ’e middei wie it al wer 26 graden, en is hat ek noch 30 graden west. En doe kaam der wat bewolking mei tongerkoppen yn it súdeasten. Op ’e jûn gong de wyn nei it easten. Wat hienen wy wer in hiele moaie dei.
Op tiisdei sit de wyn wer yn it súdeasten, in grize start, mar dat is ek samar wer fuort. En dan sinne en bewolking; it sil hjoed noch in moaie dei wurde, en sa wie it ek. Op ’e middei hat it noch even 30 graden west. Op ’e neimiddei kamen der yn it súdeasten wer allegear tongerkoppen opsetten en gong de wyn nei it súdwesten. Yn de nacht nei woansdei hat it wat wiet west, 5,5 mm.
Dan is der woansdeis wer wat sinne, mar ek bewolking. De wyn dy’t der is komt út it easten. Yn ’e rin fan ’e moarn is it alwer 22 graden. De tongerkoppen dy’t justermiddei yn it súdeasten te sjen wienen, sitte no presys oan de oare kant, yn it noardwesten. Wy moatte mar ôfwachtsje wat dêr fan komt. Mar mei dizze eastewyn moatte se der wol yn op, mar dêr jouwe tongerbuien neat om. En nei seizen hoecht dat ek al net mear, want dan giet de wyn om nei it noardnoardeasten. En dan fiele wy ek daliks al de earste dikke drippen.
Unwaar, dêr begjint tongersdei mei, en rein, en net sa’n bytsje ek. Fan ’e moarn om fjouwer oere hienen wy de earste bui en it is fan ’e moarn sa trochgongen. Yn it begjin fan ’e middei waard it wer drûch. Doe hienen wy 15 mm. De jûn en nacht nei freed binne rêstich ferrûn.
Moarns mei sinne en bewolking en dy wyn út it suden in moaie start. Mar middeis komme swiere buieloften oer en hawwe wy ek buien, 2,5 mm. De temperatuer koe noch 20 graden wurde. Yn ’e jûn nei sneon noch wat buikes.
Sneon start griis mei de wyn noch út it ..., ja, wêr wei? It is hast bledstil. Oerdei hellet de wyn wat oan en komt dan út it noardeasten. De sinne komt der ek noch by, en sa hawwe wy hjir in moaie dei mei 21 graden. Mar as ik de loft yn it súdeasten sa sjoch, mei hiele grutte tongerkoppen op de bewolking dêre, dan hawwe wy hjir in better plak.
Dan de snein. De snein begjint mei in sinne-opkomst om 7 oere yn in skitterjend blauwe loft. Je kinne je dit net moaier foarstelle mei foar Omrop Fryslân fan seis oere ôf koperklanken en Prelude, dat start mei ‘Er is een God die hoort’. Wat moai! En mei dit waar derby dizze snein en mei in temperatuer fan goed 21 graden kinne wy alwer in moaie dei byskriuwe.
En dan is it moandei. By it opkommen fan de sinne om goed sân oere is de grize bewolking read ferljochte (mar even) en dan is it griis ûnderom mei boppe ljochtplakken. De wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten. It wie in dei mei sinne en bewolking. It hat noch 24 graden west. Wat wer in moaie dei dizze 12de septimber.
Mar dy temperatuer helje wy hjoed, tiisdei, net. Nei in nacht mei buikes mei 6,5 mm en de wyn dy’t hielendal omgongen is nei it noardwesten fielt it daliks oars, frisser. Mar dochs komt nei achten de sinne der wer by, mar ek wat bewolking. Alles meimekoar goed, in echte neisimmerdei.
Nei in rêstige bledstille nacht is it woansdei. Wêr’t ... , nee, wyn is der net, dan kinne wy ek de wynrjochting net witte. De sinne sit noch achter de bewolking, mar komt aansen al. Letter op ’e middei komt der wat mear beweging en komt de wyn dochs út it noardwesten, mar it is dochs wer in moaie dei mei 20 graden.
Dan is it tongersdei. No stiet der mear wyn, en noch út it noardwesten. Der is bewolking, mar der binne ek ljochte plakken yn ’e loft dêr’t de sinne him even sjen lit soms, mar ek echte buieloften mei soms wat wiette. It wurdt ek wat frisser, mar dochs noch 19 graden.
Dan is it freed wurden mei buiige loften en buien en in hurde noardwestewyn. Der moat in jas oan hjoed, want de temperatuer is mar 18 graden en yn de buien noch in pear graden frisser. Oerdei giet it noch, mar op ’e neimiddei en yn ’e jûn stoartbuien. It is hjerst yn Fryslân.
En mei dit hjerstige waar wurdt it ek sneon. It waait noch in heale stoarm út it noardwesten mei buien, mar de sinne wol ek graach noch meidwaan. Der siet 9,5 mm yn de mjitter en oan it begjin fan ’e middei wie de temperatuer 18 graden. Yn de buien mar 14 graden. Echt hjerstwaar.
Snein mei hurde westewyn hjerstwaar mei reinbuien en ek sinneskyn. De temperatuer wie 14 graden en der kaam 10 mm yn de mjitter.
Op moandei liket it wer oars. De wyn is der noch wol út it noardwesten, mar der is folop sinne. Wol hjir en dêr in lyts wolkje, mar hjerst? Nee, dêr liket it net mear op. Dochs hawwe wy noch in lyts buike hân. De temperatuer wie 15 graden.
Tiisdei komt de wyn noch út it noardwesten, mar it waarglês springt foarút. Dus it feroaret. Begjin fan ’e middei is de wyn al noard en it wurdt rêstiger. En dat fielt al oars. De temperatuer is noch 15 graden.
Der is sinne en der is wat bewolking, en dêr komt soms wat gespetter út. In moaie tuskendei.
Woansdei komt de sinne moarns om kertier oer sânen op yn in ûnderom wat grize mist. Mar fierder is de loft helder blau. De wyn dy’t der is komt no út it easten, mar as der hast gjin wyn is, komt dy oeral wei. Wy hawwe hjoed in moaie dei hân dizze 21ste septimber, de dei dat de hjersttiid echt begjint, mei syn 18 graden.
Tongersdei alwer sa’n moaie start. It is hast bledstil. De wyn dy’t der is komt út it suden, en de sinne is der fol by. It is earst wat fris, mar it wurdt ek noch 19 graden. Wat wer in moaie dei ûnder dit hegedrukgebiet. It waarglês stiet noch heech, mar sakket al wat.
Dêrmei start freed griis. De wyn dy’t der is komt út it súdwesten. Nei de kâlde nachten dizze wikke sjogge wy dat de blêden oan de beammen al mear ferkleurje. Mar wy hawwe noch gjin wintertemperatueren hân. Begjin fan ’e middei wurdt it wiet, en dat giet de hiele middei troch. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen. De temperatuer kin noch 15 graden helje. It is wat in tryste dei.
Nei in buiige nacht is it sneon. De wyn komt út it noardeasten, mar it it is drûch. De sinne sit achter in pluk bewolking yn it easten. Yn it westen, yn it súdwesten en yn it noardwesten is de hiele loft blau mei hjir en dêr in wolkje. Sa begjint dizze sneontemoarn, mar sa te sjen komt it hjoed goed, en dat hat ek sa west. Om tsien oere wie de sinne der folop by en koe de temperatuer dochs 16 graden helje. Wy hienen oer de nacht 10 mm wetter yn de mjitter, mar de wyn makket it wat fris. Dochs in moaie dei.
Snein in oergongsdei nei it hjerstwaar mei bewolking, wat sinne, in buike en in temperatuer fan noch 14 graden.
Dan de nacht nei moandei mei buien en in stevige súdwestewyn. In grize start dizze 26ste septimber.
Der siet noch 5,5 mm yn de mjitter fan de nacht. Fan ’e moarn hienen wy ek noch in buike, mar fan ’e middei wie it hiel knap waar: wat bewolking, mar ek sinne. De wyn joech him wat del en it waard noch 15 graden. Neffens de berjochten foel it noch ta, al mei al. In moai slot fan dizze dei.
De nacht nei tiisdei mei buien, sa ek de tiisdeitemoarns, ek mei buien. Mar de sinne hawwe wy ek al sjoen. Oer de nacht hienen wy 5,5 mm wetter. Wy hawwe hjoed wer buien hân en hast gjin sinne. It wie goed 13 graden, hast 5 graden te kâld foar de tiid fan ’t jier. De wyn kaam út it westen, mar wy bliuwe posityf. Yn it wykein wurdt it neisimmer mei 17, 18 graden en miskien wol 19 graden, neffens de berjochten.
Dat is no noch net sa. Wy hawwe in kâlde nacht hân, mar gelokkich is de sinne der fan ’e moarn om goed healwei achten wer opkommen en lit er syn waarmtestrielen daliks fiele. Mar der is ek noch bewolking. Wy sille wol sjen hoe’t it op dizze woansdei fierder gean sil. No, dat wie goed: sinne en bewolking, en de wyn dy’t der wie kaam út it westen. It is drûch bleaun en de temperatuer siet tsjin de 15 graden.
Nei in grize en mistige nacht wie it tongersdei, mar de sinne ferjage al gau de mist en wy hawwe in hiele goeie dei hân mei wer 15 graden. Letter op ’e dei sieten ûnderom buieloften, mar goed fiif oer sânen siet der yn it westen in gatsje, en hoe wie it mooglik: ik wie op reis op it Tsjommer binnenpaad en seach dêr de sinne ûndergean. (It moast sa wêze.) Wat moai! Wat haw ik in moaie rippetysje hân fan ’e jûn mei it korps.
Nei in nacht wer mei wat mist wie it freed de 30ste septimber. De sinne is der op ’e tiid by. Dat is goed healwei achten. De wyn dy’t der is komt út it súdwesten. It hat hjoed wer in moaie dei west mei de sinne. It waard 17 graden. Letter op ’e middei kaam der bewolking fanút it westen en yn de nacht nei sneon mei buien oant yn ’e moarn, hienen wy hast 15 mm yn de mjitter. En dan binne wy dêrmei 1 oktober, en dat is it begjin fan it lêste fearnsjier fan 2022.
 
 Knilles Rustcus

 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA