DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl.1 - 2023

Geplaatst op: 25-04-2023

It hâldt net op! Afl.1 - 2023

Dan is it snein 1 jannewaris 2023 nei in stoarmige wiete âldjiersjûn en -nacht. Ek op dizze nije start waait it noch hurd út it westsúdwesten wei, mar it is no drûch. It is no noch wat in bewolke start, mar it blau krijt ek al romte. Ek no wer komt it grif goed. Mar wat ik bedoelde, hat net sa west. Ja, even, langer net. It grutte ljocht hat de romte net krigen. Dochs waard it noch 10 graden, en wy hienen fan justerjûn en fannacht wer 6,5 mm wetter. Dat is wer 6,5 liter wetter op in fjouwerkante meter. Miskien witte wy it allegear wol, lês der dan mar oerhinne.
Dan binne wy moandei 2 jannewaris. Nei in buiïge wiete nacht mei 8 mm yn de mjitter komt de wyn út it westsúdwesten. Hy docht it rêstich oan en de sinne dy’t sa no en dan ek wat romte krijt, docht syn bêst om ek mei te dwaan. Al mei al is der neat mis mei dizze twadde jannewaris. En wat in moaie sinne-ûndergong om kertier foar fiven!
Nei in wat froastige nacht - autoruten skrabje - komt de sinne op yn in heldere loft om tsien minuten foar njoggenen. Even letter mist, mist: pôtticht. As je it net sjoen hawwe, kinne je it net leauwe. En wy hawwe de sinne net wer sjoen. Ek is it fris yn de mist, mar 3,5 graad. Letter luts de mist wat op en waard it noch 5 graden. It wie in frisse tredde jannewaris.
Nei in tsjustere wiete en rûzige nacht is it woansdei 4 jannewaris, en dizze dei begjint griis en noch wer mei hurde súdwestewyn, mar op ’e lêste drippen nei wol drûch. Ik haw yn ’e rin fan ’e moarn op de fyts nei Lyts Tolsum west, en ik hie it earder al neamd: hurde wyn. It wie net te sunich, it wie mei in heale stoarm en mei stive wynpûsters.
Noch even in pear gegevens: mei de wiete nacht hienen wy 10 mm wetter, en de temperatuer wie fan ’e moarn 11 graden. Utsein dy hurde wyn wie it in goeie dei.
Yn de nacht nei tongersdei bekomt de wyn. Dy komt no út it westnoardwesten. Der sitte in pear ljochte streken yn it noardwesten, mar fierder noch griis. De nacht is net drûch ferrûn, mar dat is fan ’e moarn al sa, en oan de jûn of neimiddei ta hat dat sa west. Doe waard it wer wat wiet. It wie in goeie dei dizze tongersdei mei 9,5 graad.
Dan komt freed ek alwer, de earste freed yn it nije jier. Yn de nacht en op de betide moarn wie it noch wiet, mar om goed njoggen oere is de sinne derby. Dy is om ende by kertier foar njoggenen opkommen, mar hy is der, yn in meast blauwe loft. Der siet 3 mm yn de mjitter, en it is om alve oere 9,5 graad. De stevige wyn komt út it súdwesten, mar it is hjoed in moaie dei.
Nei in drûge nacht is it sneon 7 jannewaris wurden. It is in skiere start, mei de wyn út it súdsúdwesten, mar tsjin healwei tsienen komt de sinne dertroch, en sa is it fierder dizze sneon ek gongen. Fan justerjûn noch 2,5 mm yn de mjitter. De heechste temperatuer hjoed wie 10 graden. Dêrmei wie it ek hjoed wer in goeie dei.
En hjir komt ek wer in hiele moaie snein mei sneinswaar achteroan. De achtste jannewaris begjint daliks moai. It sinne-opkommen stiet plend om trettjin minuten foar njoggenen en dêr wie er ek al. Der sit hjir en dêr wol in wolkje, mar net foar de sinne. De stevige súdsúdwester jout him op de neimiddei wat del en mei 9,5 graad hawwe wy in moaie snein.
Moandei, in nije dei, yn in nije wike, begjint wol griis mei no wer in hurdere súdwestewyn, en it waarglês stiet op rein en wyn. Dochs is it waar it moaiste dat wy betinke kinne. Mar dat kin samar oars. Ik fytste op it binnenpaad en seach in bui oankommen út de rjochting fan Harns. Ik tocht, ik kin Lyts Tolsum wol helje, mar nee, foar de pleats fan Wibbens reinde it al, dus dêr mar even skûle, want it eaze even. Ik hie goed 2 mm yn de mjitter op Lyts Tolsum, want dêr gong de bui ek oer. Sa’t ik sei, it kin samar oars. It waard hjoed noch 7 graden.
Nei in nacht mei wat buikes en de wyn dy’t syn fertroude plak yn it súdwesten opsocht hat, is it tiisdei. Fierder bewolke, mar ek romte foar de sinne. En noch mear posityfs: it waarglês giet foarút en stiet no tichter by ‘moai waar’. Wy sille sjen wat it wurdt. Mar sa is it net kommen: wy hawwe starichoan mear bewolking krigen en healwei de middei waard it wiet. Ek yn ’e jûn noch wietens.
Fan ’e moarn siet der fan de buikes de nacht oer 3,5 mm yn de mjitter en it waard oer de dei 7,5 graad. It wiete waar fan justermiddei en -jûn levere wer 7,5 mm op.
Hjoed 11 jannewaris is it wer oars. De wyn dy’t der is komt út it westen. De sinne dy’t noch opkomt om kertier foar njoggenen ferskûlet him achter in pluk bewolking yn it súdeasten, mar even letter wie er der al by. De wyn dy’t even letter oanhelle, kaam doe út it súdwesten en waard stoarmich, en dat hat de hiele dei sa west. En dochs noch in temperatuer fan 9 graden. Al mei al wie it hjoed in goeie dei.
Mei in grize start, nei in buiïge, stoarmige nacht is it tongersdei. Oan wetter hienen wy ôfrûne nacht 8 mm, en de temperatuer wie om tolve oere 10 graden. Mar sa fielde it op ’e wyn net; earder 6 of 7 graden.
We hawwe de sinne net sjoen hjoed. Der stie in hurde wyn oant yn ’e jûn. Letter bekaam it wat. It wie gewoan hjerstwaar yn dizze wintertiid. Mar de wyn bekaam net sa lang, want midden yn ’e nacht, mei buien oan ’e loft, waaide it alwer in heale stoarm.
En sa sette freed ek út ein, mei buiïge grize loften, mei soms ek noch wat romte foar it skitterjende blau dêrachter. Oer de nacht siet der 2,5 mm yn de mjitter, en it wie midden op dizze dei 8 graden. De sinne hawwe wy net sjoen, en it hat de hiele freed echt hurd waaid. Dêrmei gjin fytswaar!
Nei in stoarmige en wiete nacht is it sneon 14 jannewaris. De start is griis en de hiele dei bliuwt it wiet. Der stiet in hurde súdwestewyn. Fan sneontemoarn ôf oant sneintemiddei siet der 18 mm yn de mjitter. En sa bin ik samar by sneintemiddei. Wat moatte je derfan skriuwe as it hast itselde bliuwt? Mei hurde súdwestewyn en donkere buieloften begjint dizze snein ek mei hiel moaie kleurige reinbôge, want der komt oar waar oan. De wyn hat him deljûn.
En wat dêr noch fan oer is, komt op moandei út it súdsúdwesten. It is frisser mei mar 3 graden en der komt noch mear wetter. It is der soms hielendal griis oer. Dat giet de hiele dei troch oant yn ’e jûn. Yn de nacht is it wer drûch wurden. Al mei al wer 12 mm rein. De wyn hat in heale draai makke en komt no út it súdwesten en no is it net mear in grize boel, mar no by de noardwestkust lân opboljende wolkeformaasjes en ek noch de sinne dy’t eastsúdeast opkomt en dy’t dat noch ien kear om kertier foar njoggenen docht. Dy nimt de kâns om ús fernimme te litten dat it wiete waar fan de lêste dagen wer west hat.
It hat hjoed, tiisdei, hjir drûch west, mar mei dy dochs hurde súdwestewyn koe de temperatuer net heger komme as 3 graden.
Nei in froastige nacht mei wiete platte dakken en beferzen autoruten is it woansdei. De wyn dy’t der is, komt (ja, wêr soe er oars ek wei komme?) út it súdwesten, en it is fris fan ’e moarn ûnder in loft mei bewolking. Mar letter is der ek romte foar de sinne. Wy hawwe it grutte ljocht ek sjoen, en it hat 5 graden west. Letter kaam der wol wer mear bewolking. Ek de wyn helle wer oan ta hurd mei de middeis rein oant yn ’e jûn. Mar it is al wer drûch wurden.
En no op tongersdei komt de wyn út it westnoardwesten. Der siet wer 7 mm yn de mjitter fan juster, en de temperatuer wie fan ’e moarn tsjin tolven 5 graden. It hat hjoed fierder in moaie sinnige dei west. Tsjin de jûn kamen der wat buikes oer, ek mei wat hagel, en sa sakke de temperatuer wer nei om ende by de 0 graden en waard it ek noch wat glêd.
Nei in froastige nacht is it freed. In grize start mei, tink ik, sudewyn, oan de mole te sjen. Letter op ’e dei ek noch nei it easten, mei in stevige wyn en dêrmei wie it de hiele dei roetkâld. De temperatuer hat net boppe dy iene graad west. Want wy hawwe ek de sinne net sjoen dizze 20ste jannewaris.
Mar op sneon is it wer oars. It is bledstil; de eastewyn hat it ôfwitte litten. De temperatuer leit om ende by de 0 graden. Der is wol bewolking, mar letter komt der ek romte foar de sinne. It waarglês stiet hast op ’e kop: bestindich. Meimekoar in ferrassing. De sinne is derby kommen, de hiele dei. It hat noch 4 graden west. Op ’e neimiddei bliek de wyn út it westen te kommen. It wie in hiele moaie sneon.
Snein in drûge dei mei wat bewolking, mar ek sinne. De wyn dy’t der wie, kaam út it noardeasten. In frisse dei. De temperatuer koe krekt de 3 graden helje. Foar 22 jannewaris in goeie dei.
Moandei in grize start mei in kâlde wyn út it easten. Wat ik op myn bûtendoarfertrekje even oanfielde, mar it bliek minder kâld te wêzen. Der wie minder wyn en dêrmei koe de temperatuer dochs hast 4 graden helje. Wy hawwe de hiele dei de sinne net sjoen.
Tiisdei wer in grize start, en sa mei ien blik nei bûten, in kâlde, noch altyd eastlike wyn. En mei dizze kâlde start sjogge wy de sinne net, mar hy is der wol. En nei’t dy wikenlang om ende by kertier foar njoggenen opkommen is, wie dat hjoed acht minuten earder. Wat ek wer bydraacht oan de ferlenging fan de dei. Middeis is dat alwer 40 minuten. Mar no noch even oer it waar hjoed. Ik hie al neamd dat it in kâlde dei wurde soe: de temperatuer koe mar krekt de 1,5 graad helje. Mar dit - it is de tiid, net mear hjiroer - is goed.
 
Nei in rêstige, frisse en drûge nacht krije wy de start fan in grize dei, en wol sa griis dat de wynmole en sels de hoanne op ’e toer net te sjen binne. En ried no mar wêr’t de wyn weikomt. Sa begjint dizze 25ste jannewaris. Mar as je echt bûten komme, binne je der gau achter. It is in pikelkâlde súdsúdwestewyn. Middeis om tolve oere 1,5 graad boppe nul. Op dizze grize dei, sûnder sinne, is it echt kâld.
Mar tongersdei is de kjeld fuort. De wyn komt no út it eastnoardeasten. It is bewolke, mar wy hawwe de sinne ek al hân. De temperatuer is 7 graden. Yn ’e rin fan ’e middei giet de wyn nei it noardeasten. Der falle sa no en dan in pear motreinspatten en de wyn helle ek noch wat oan. Mar de natuer reagearret ek op de 7 graden. Yn sleat en feart sykje de jerkjes de eintsjes wer op en dat sil oarsom ek wol sa wêze, Wy hienen in moaie dei. Nei in rêstige en drûge nacht is it freed. De wyn dy’t der is, komt út it eastsúdeasten. De temperatuer is 5 graden. Wy sitte ûnder in lichtbewolke loft. Letter op ’e dei mear bewolking, sels buiïge loften, mar it bliuwt al drûch. De wyn giet op ’e middei wer nei it noardeasten. Doe gong de temperatuer ek noch in graad omleech en waard it 4 graden. In goeie dei dizze 27ste jannewaris.
It is bledstil as op sneontemoarn de sinne opkomt om healwei njoggenen. Dy sit it earste healoere noch wol achter wat lege bewolking yn it súdeasten, mar dêrmei in moaie start. Ik neamde it al: bledstil. Dat moast even, de wyn woe hjoed út in oare rjochting komme, en dat is wurden: it westsúdwesten, hast 180 graden draaid dus. Sa sit de natuer ynmekoar. It iene reagearret op it oare. Bysûnder.
As it dan sa is, komt de wyn ek wer. Wy hawwe fan ’e moarn de sinne even sjoen en in ljochte streek yn it súdwesten, mar wy hawwe de hiele dei ûnder bewolking sitten. It hat noch 5 graden west; dochs in goeie dei.
Snein in grize start mei noch westsúdwestewyn. Wy hawwe de sinne net sjoen. It waard noch 5 graden, en mei soms ris in stowerke siet der 1,5 mm yn de mjitter. Fierder goed, mar gjin sneinswaar.
Yn de nacht nei moandei stoarmige westewyn mei in bui. Oerdei bewolking, mar de sinne krijt soms ek de romte; 2,5 mm wetter en de temperatuer is 7,5 graad. It waait wat te hurd foar in moaie dei. Dat wie moandei.
De wyn is wat ôfswakt nei tiisdei en komt no út it westsúdwesten. It is wat griis, bewolke, en it is ek noch wat wiet sa no en dan. De sinne hat der ek echt by west, mar alles meimekoar fielde it wat hjerstich oan nei’t de wyn wer oanhelle.
Dat is ek yn de nacht nei woansdei trochgongen. It wie in rûzige nacht mei in hurde westewyn, en sa hat it woansdei oerdei ek west: buieloften, in stower, mar ek sinne en in temperatuer fan 7 graden dizze earste febrewaris.
Mei in grize loft, in noardwestewyn en wiet begjint dizze tongersdei 2 febrewaris. It hat de hiele dei sa west. Wy hawwe de sinne net sjoen. Soms even wat rein, mar mear storein. Gjin fytswaar. It waard 7,5 graad en wy hienen 6 mm wetter yn de mjitter.
Ek de nacht oer nei freed bleau de hurde wyn stean fanút it westen, en dat is it byld freedtemoarn ek, mei in griis bewolke loft. It wurdt noch 8 graden, en út in stower noch 1,5 mm wietichheid. En wer hawwe wy de sinne net sjoen.
En dan is it sneon mei wat lichte bewolking dêr’t de sinne al trochhinne komt. De wyn dy’t der is komt út it easten. Wy hawwe in sinnige dei hân, en it wie wer fytswaar. It wie in moaie dei mei as temperatuer 9 graden. Yn ’e jûn dript it even.
Nei in rêstige nacht mei in stevige noardeastewyn en buien, meimekoar 4 mm, is it snein. Yn ’e moarn waard it wer drûch, mar de bewolking is wol bleaun. De temperatuer is net boppe de 5 graden kommen. Foar fytswaar waaide it wat hurd, en it wie fris. Mei ûnderom in grize mist en boppe de blauwe loft, sa begjint dizze moandei. De wyn dy’t der is komt út it noardnoardwesten, mei de hiele dei de sinne derby. It wie in betide maitydsdei. It hat 8 graden west. Op ’e middei waard it ek noch bledstil. Om tweintich foar seizen koenen wy de sinne ûndergean sjen.
De nacht ferrint helder. De moanne skynt helder. Moarns moatte de autoruten skrabe. En dat hat ek sa west op tiisdei, mar ûnderom wer mei mist en wite fjilden fan de froast. It hie in pear graden ferzen, mar om tsien oere wienen de fjilden wer grien. It hat hjoed 4 graden west. De wyn dy’t der wie, kaam út it súdwesten. Letter noch út it súdeasten. Noch even letter wie it bledstil. De sinne hat de hiele dei derby west, en dan mei stil waar en sinne fielde it mei 4 graden net kâld. In hiele moaie dei.
Dan woansdei de 8ste febrewaris. Ik kin it ferhaal fan juster wol wer opskriuwe. Mei de wyn dy’t der wie noch wat mear eastsúdeast, mei de moaie sinneskyn noch oer it wide wite fjild. Noch fan de winternacht mei min 3 graden. Mar tsjin healwei alven is alles wer grien. De wyn is der no wol by, en mear as juster. It waard wer 4 graden, mar it fielde kâlder. Mar mei al dy sinne wol in moaie dei.
Nei in nacht fan om ende by de 0 graden is it tongersdei, mei bewolking. De wyn dy’t der is komt út it súdwesten. Hy hellet ek noch wat oan en it is ek in kâlde wyn. Under de bewolking gjin sinne. Ja, tsjin de jûn noch even. It hat in frisse dei west, amper 5 graden. Dat wie it.
En noch in winternacht, alles is fan ’e moarn wer wyt, en dêrmei ek wer autoruten skrabje. It is bewolke, mar der binne ek ljochte plakken en as de sinne dêrtroch even de kâns kriget, lit hy him sjen. Wyn is der hast net, mar wat der is, komt út it súdwesten op dizze freed. De wyn kaam der letter wol mear by, mar de sinne ek. It waard noch 7,5 graad. Wy hienen dochs wer in moaie dei.
Mei ûnderom meast bewolking en boppe meast blau, sa begjint dizze sneon. In westewyn en gjin froast mear, in rêstige start fan de dei, en sa hat de fierdere dei ek west. Sinne, mar it grutte ljocht waard ek gauris even ôfskerme. De temperatuer koe dêrmei 8,5 graad helje, en dat wie goed foar de alfde febrewaris.
De snein begjint wat heal bewolke, wat griis ûnderom, wat blau yn de boppeloft. De froastkjeld is wer fuort en de wyn dy’t der is komt út it westen. Om njoggen oere is it goed 4 graden. Wy hawwe hjoed de sinne net sjoen, mar it wie hast bledstil en dêrom waard it oerdei ek noch hast 7 graden. It wie winterwaar. Alles meimekoar in moaie snein.
Moandei hat in grize start; it is bledstil waar. Wat moat ik hjir mear fan meitsje? Dat is dit: de wyn dy’t der is, komt net mear út it westen, want wy witte: nei bledstil waar komt de wyn altyd út in oare rjochting, faak tsjinoersteld oan de eardere, en dat is no ek sa. De wyn komt no út it easten. Wy hawwe de sinne net fernommen, wol sjoen, mar achter lichte bewolking wei, mar alles meimekoar waard it op ’e middei noch 8 graden. In moaie dei. It wie hast oan seis oere ta ljocht.
Tiisdei mist, mist en nochris mist. Gjin 10 meter sicht en de temperatuer is om ende by de 0 graden. Dat is wol bizar, libbensgefaarlik op ’e dyk. De sâltstruiers binne ûnderweis. Autoruten skrabje. Mar om goed tsien oere is alles foarby. Dan is de sinne derby en lûkt de mist op en giet de temperatuer omheech. Yn de middei is de temperatuer hjir noch 10 graden west. In strieljende dei noch.
En dan woansdei wat minder mistich. Fierder itselde ferhaal as juster. De sinne komt yn de rin fan de moarn, mar it bliuwt ûnderom ek wat skierich.
Al mei al wurdt it wer in moaie dei mei goed 8 graden. En ek de hiele dei noch drûch waar. Maaaaaar, it waar feroaret al. It waarglês dat de lêste dagen op bestindich stie, dat is heech, sakket starich en dat merke wy moarn al.
Tongersdei in grize start ûnderom. Want boppe ús skynt de himel út ’en blauwens. De wyn dy’t der is, hat syn fertroude plakje, it súdwesten wer opsocht. Wy soenen oan de waarberjochten hjoed wat wietite hawwe, mar om tsien oere is it hjir noch drûch. Op ’e neimiddei waard it wol wiet. It hat ek noch 9 graden west. Foar 16 febrewaris in moaie dei.
Even in blik nei bûten en wy hienen it fannacht ek wol heard: de súdwester lit him jilde op dizze freedtemoarn. Gjin fytswaar mear. It waaide in heale stoarm. It motreinen fan justermiddei en -jûn hat hast 2 mm wetter oplevere. No is it wer drûch. Nettsjinsteande de wat kâlde hurde wyn waard it noch 10 graden. Wol goed, mar gjin moai waar dizze freed.
De sneons wer hurde wyn en trochmekoar bewolke, mar de sinne krige ek sa no en dan in kâns. It hat drûch west en it waard ek noch 9,5 graad. It waar wie wol goed, mar kaam net ta oan in 9,5.
De nacht nei snein falle der ek noch in pear drippen, mar de wyn falt fuort.
En dat hat snein ek sa west. Wol bewolking en ek buieloften, mar wol drûch. Wat my opfoel: de hiele rûnte wie ûnder trochmekoar helder en wy koenen rûnom de hoarizon sjen. Dat wie justermiddei om goed seis oere ek sa. Dêrmei koe ik de sinne yn it westsúdwesten ûndergean sjen. It wie moai sneinswaar.
Hjoed is it moandei. It is wer oars. It waait wer hurd út it súdwesten en it is bewolke, mar der is ek sinne. Der siet fan de nacht noch goed 1 mm yn de mjitter, Mar mei dy hurde wyn waard it dochs noch 10 graden. Dus alwer in plus!
En dan is it tiisdei. It is bewolke, mar de sinne blinkt ek. De wyn dy’t noch út it súdwesten komt, docht it rêstich oan. En dat hat de hiele dei sa west. Sa ek mei de sinne: in glim. Allegear meimekoar wie it in goeie dei. Ek koenen wy de temperatuer fan juster net helje. It wie hjoed 9 graden, mar it wie goed.
Woansdei begjint wer echt griis. De wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten. It fielt sa bûten even tusken tomme en finger: hast einepikewaar, en dat is net wier. Mar dizze woansdei wie in goeie dei mei hast 9 graden.
Tongersdei is it al sa. De wyn komt út it noardwesten. It fielt kâlder. De temperatuer kin krekt de 6 graden helje. Op ’e neimiddei lûkt de mist op en krijt de sinne sa no en dan ek noch in kânske. Mar it bliuwt fris. Hjir en dêr falle ek noch in pear drippen en goed 6 oere wurdt it tsjuster. En dat wie de 23ste febrewaris.
Freed begjint griis. En ek wat wiet mei in stevige westewyn en 4 mm yn de mjitter. Letter op ’e dei yn in bui giet de wyn wer nei it noardwesten en yn dy buien fyn ik it mar wat goar waar. Mar it hat oerdei dochs noch 7 graden west. Der hat wol blau oan ’e loft west mei sa no en dan in sinnestriel. En dat wie de freed.
Nei in nacht mei stevige noardeastewyn is it sneon. De start is mei in buiïge loft, mar ek in bui mei wiette en hagel. In kâlde start. Fierder bewolke, mar ek sinne. It waard noch 5 graden en wy hienen 1,5 mm wetter. It wie wol in goeie sneon, mar gjin fytswaar.
Snein begjint mei sneinswaar. De sinne komt goed healwei achten op en lit dat daliks sjen. It is noch wat fris. De wyn dy’t der is, komt út it noardeasten. It is dêrmei in moaie snein mei in temperatuer fan 8 graden.
Fan snein nei moandei wie it wat froastich, mar yn de betide moarn waard it wat bewolke en wie der fan froast net folle mear oer. De sinne dy’t om goed healwei achten opkomt ferjaget it bytsje dat der noch fan oer is en sa hawwe wy in sinnige start fan de dei. Mei de wyn dy’t der is, noch út it noardeasten, dy’t letter ek noch oanhellet, kâld. It waard noch 5,5 graad, mar dat helle de gefoelstemperatuer net.
Yn de krante fan hjoed, tiisdei, stie dat der justerjûn skitterjend noarderljocht te sjen wie. As je dat stik natuer sjogge, dat is foar de minske ‘adembenemend’. Mar wy geane wer fierder mei op dizze tiisdeitemoarn hiel wat oars: in grize start mei de wyn no út it suden. Gjin froast, mar in frisse moarn. Oan it begjin fan ’e middei is it bledstil. Even letter komt de wyn dy’t der is út it westen. Yn dat bledstille skoftke hat de temperatuer 11 graden west. Op ’e neimiddei wie it wer 5 graden. As je it net opskriuwe, leauwe je it net, mar gearfetsjend seit Jan Jonkman dan: mar dit sis ik. Wy hienen alles meimekoar in goeie dei juster.
En dan is it woansdei nei in nacht mei froast: min 3 graden. As de sinne om healwei achten opkomt, is alles noch wyt en it is noch kâld. It is wer bledstil, mar de wyn dy’t der letter op ’e moarn wol komt, komt dan út it eastnoardeasten. It is pas nei alven dat de greiden wer grien binne. Dan is de temperatuer ek wer boppe nul. Op ’e middei wurdt it dochs noch wer 6 graden. It hat hjoed rêstich waar west. Dêrmei in goeie dei.
Tongersdei in rêstige bewolke grize start mei de wyn út it eastnoardeasten. Wy hawwe gjin froast hân de foarbye nacht fan dizze twadde maart.
Letter wurdt it sinnich, mar it bliuwt fris, sis mar echt kâld. Foar de tiid fan it jier in goeie dei mei 6 graden.
Nei in kâlde heldere en dêrmei froastige nacht is it freed. Alles is wer wyt, dus autoruten spuitsje en skraabje, mar nei’t de sinne om 7.20 oere opkommen is, is de wrâld om 9 oere wer grien. Dan is de sinne ek wer fuort, want de wyn dy’t der is komt út it noardnoardeasten en dêr komt ek bewoking wei en dy skermet de sinne ôf. Dat hat de hiele dei sa west. De wyn feroare oerdei ek en kaam letter út it noardwesten. De temperatuer koe wer 6 graden helje. En dat wie freed.
Mar no is it sneon, in grize start fan ’e dei, en mei in stevige noardwestewyn. Mar gjin froast mear en de sinne wol ek graach wer meidwaan. It bliuwt lykwols by in glimke en dat hat ek de hiele dei sa west, mei op ’e middei sa no en dan in buike. En de temperatuer helle hjoed de 6,5 graad. It fielde kâld oan. Dat wie it foar sneon.
Nei in rêstige nacht sûnder froast en de wyn dy’t der noch is út it noardwesten, mei wat bewolking dêr’t tsjin njoggenen de sinne him ek al trochhinne sjen lit, mar it is fris mei de 6 graden dy’t de termometer oanjout. Der sieten wol buikes oan de loft, mar it hat drûch west. En sa wie dizze earste snein yn maart.
Nei in nacht mei in buike is it moandei 6 maart mei bledstil waar. De sinne komt tsjin healwei achten op en lit dat ek daliks sjen. Mei wat lichte bewolking yn de boppeloft kin it hast net oars: it komt hjoed grif goed! Mar dit bledstille waar hie wol in wynferoaring yn, want hy kaam fan ’e moarn út it súdwesten, en dat buike de foarbye nacht brocht 2,5 mm yn de mjitter. De temperatuer fan ’e moarn wie 8,5 graad, mar de gefoelstemperatuer wie 3, 4 graden. It wie echt wetterkâld. En dat kloppe ek, want fan ’e middei tsjin fjouweren waard it wiet mei storein en ek jûns noch. Yn de nacht is it drûch wurden, mar wol 8,5 mm yn de mjitter.
En dan is it tiisdei mei in grize start en spatten op it keamersrút, mar ek mei ljochte blauwe plakken yn de loft yn it noarden. De wyn komt dêr no wol wei, mar juster kaam er út it súdwesten. Wy hawwe hjoed wol in goeie dei, ek mei sinne en bewolking. De temperatuer wie 4,5 oant 5 graden, mear sit der net yn. Der wie net folle wyn, mar de wyn dy’t der wie fielde wol echt kâld oan.
Nei in bledstille nacht mei ris in hagelbuike is it alwer woansdei 8 maart. It is bewolke, mar ek blau yn of oan de loft. It hat de nacht oer wat froastich west. It garaazjedak is wyt en de auto’s ek. Mar de sinne besiket it ek al. De wyn dy’t der is komt út it súdeasten en de temperatuer is 4,5 graad. Dat is noch gjin simmer. En dat witte wy ek, mar allinne it wurd simmer jout it gefoel al wat. Helaas, noch even geduld.
En dan nei de nacht is it tongersdei. Fan ’e moarn by it lemieren fan de dei skitterjend moaie wolkeformaasjes troch it hiele noarden. It is mar even, dan giet it wer oer yn in griis wolketek dêr’t it blau al trochhinne skynt. De sinne docht fan goed sân oere al pogingen om dertrochhinne te kommen en dat slagget soms. Mar it is wol kâld, 3,5 graad, mei de wyn út it suden. Dy docht it rêstich oan. Op ’e middei wurdt it wiet, in suterige rein oant yn ’e jûn.
Dan yn ’e nacht nei freed komt der mei hurde wyn út it easten in sniebuiegebiet oer en wy sjogge as it moarns ljocht wurdt dat de hiele wrâld wyt is mei in temperatuer krekt boppe nul. Dêrmei wer: de ferrassingen binne net fan de loft. Dat op freed 10 maart. Dat wie noch net alles; de moarn hat fierder drûch west, mar wol kâld mei dizze heale graad boppe nul. Mar middeis om trije oere snijt it alwer, no fanút it noardnoardeasten. Dat giet troch oant yn ’e jûn. Wol in komplete snieboel; yn jierren hawwe wy it net sa belibbe. Wy wisten net dat dat noch koe. Mar wol dus.
It wurdt wer sneontemoarn. Wy meie yn gedachten noch even weromsjen, mar gau ferjitte wy it mei dizze prachtige sinne-opkomst yn in helderblauwe loft om 7 minuten oer sânen. It binne de grutte kontrasten yn de natuer, mei de reaksjes fan ús, mar no wer mei beide ... op ’e grûn. De dei begjint prachtich moai mei de wyn út it westen. It is noch fris, mar de temperatuer sil de snieboel opromje en ek de glêdens. Wy hienen fan ’e middei noch in bui, mar fierder goed waar. Oer freed en sneon hienen wy 6 mm yn de mjitter.
En dan is it snein, de moaste dei fan ’e wike, en wol gauris mei sneinswaar is dat ek sa. Mar hjoed net of al. Hjoed net om’t de start griis is, kâld en wat wiet, mar hjoed ek al mei om seis oere moarns Muzyk Maskelyn foar Omrop Fryslân en dêrnei Prelude. Ik neamde it al earder, mar dat is foar my altyd wer in moaie start fan de snein. Fierder is it ek goed gongen. It waaide wol wat hurd út it súdwesten. Gjin fytswaar, mar dochs noch in goeie dei dizze snein.
En wy hearre it de hiele nacht al: de wyn hellet oan en dat is de start fan dizze moandei, in hurde stoarmige wyn út it súdwesten. Mar it is drûch. Wol bewolking, ek mei grutte blauwe stikken, dus wy sille de sinne hjoed grif sjen. As it net sa stoarmich west hie hienen wy in simmerdei hân mei de sifers omdraaid, 13 graden. No wie it gewoan in moaie dei. Fan in buike sneintejûn hienen wy noch 2,5 mm wetter.
Mei wiet waar en in hurde wyn út it noarden is it tiisdei. Wer gjin fytswaar, mar sa’n begjin kin oars net as better wurde. En dat hat ek sa west: de sinne hat goed syn bêst dien, mar koe de temperatuer net heger krije as 6,5 graden. De wyn dy’t letter op ’e moarn mear nei it westen gong, it wie in kâlde hurde wyn, it wiete waar fan ’e moarn, in dikke bui mei 6,5 mm rein en op ’e neimiddei wienen der alwer buikes, dat allegear meimekoar joech hjoed maartewaar!
En dan is it woansdei, ferkiezingsdei. De wyn - it is hast bledstil - dy’t noch oer is fan it stoarmwaar komt noch út it westen mei noch wol in kâlde boppeloft, want wy hawwe de earste hagelbui ek al hân. Mar no skynt de sinne wer. Gjin buien mear. Wy hawwe in goeie dei hân mei 6 graden en 1,5 mm yn de mjitter.
Tongersdei 16 maart, de dei nei de ferkiezings, foar de iene om te gûlen, foar de oare de flage út. Sa giet it soms yn ús minskewrâldsje, mar dizze dei begjint wer gewoan as alle de dagen. De nacht nimt wer ôfskie, de sinne set alles wer yn it ljocht - of net. Nee, fan ’e moarn net, want wy hawwe in grize start en hjir en dêr falt noch in drip. De wyn komt út it súdeasten. Wy hawwe de sinne ek noch even sjoen en it hat ek noch 10 graden west. Fan fan ’e moarn betiid noch 1,5 mm yn de mjitter. Al mei al in stevige wyn en meast mei hege bewolking in goeie dei.
Nei in rêstige nacht en in moaie sinne-opkomst is it freed. De wyn dy’t út it suden komt, docht it rêstich oan. It fielt oan as sil it in moaie dei wurde. De sinne hat him fan ’e moarn betiid even sjen litten, mar dat wie mar even en fierder wat achter hege bewolking. Ut dy bewolking kaam sa no en dan in drip, mar it wie echt moai waar mei 17 graden.
Nei in grize nacht mei earst tichte mist is it sneon, mar sadree’t tsjin sânen de sinne op ’e hoarizon stiet, is de mist gau fuort. De boppeloft is noch itselde as juster, mei wat lichte bewolking, en ûnderom wat mistflarden dêr’t de sinne him dan achter ferskûlet. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Wy hawwe in moaie dei hân, mei sinne en bewolking, sa’t ik al neamde. De temperatuer hat wer goed 17 graden west.
Nei in heldere nacht en om goed sân oere is de sinne der al by. Even letter in lytse wrâld troch mist. Ik hie al sjoen, de wyn dy’t der is kaam út it súdwesten. It hat hjoed de hiele snein mistich en dizich west mei op it ein fan ’e middei motrein. Meimekoar gjin sneinswaar dizze snein, teminsten ‘sneinswaar’ sa’t wy dat wol graach hawwe woenen. De temperatuer kaam dochs noch op 12 graden en noch 1,5 mm wetter fan de foarbye nacht en fan de storein fan fan ’e middei.
Ek de nacht nei moandei wer buikes en in grize start. Dat bliuwt oerdei ek sa, mei buieloften en storein, in stevige wyn út it súdwesten. Der kaam troch dy storein goed 1,5 mm wetter en de temperatuer kaam ek noch op 9 graden.
En nei de nacht lit in nije dei him wer sjen mei in, foar safier’t wy sjen kinne, grize start en ek wiet. En ek noch in bysûndere start dizze tiisdei de 21ste maart. It is de earste maitydsdei, mar dêr fernimme wy net safolle fan. It bliuwt skier en op ’e neimiddei krije wy noch in stower. It is net kâld, it wurdt 13 graden. Fan al dy dripperij sit der 4,5 mm yn de mjitter. Dat wie de earste maitydsdei. De sinne lit him op ’e jûn noch even sjen. En it hat mei 13 graden dochs in goeie dei west.
Dan is it nei in rûzige nacht mei hurde súdwestewyn woansdei. Rom sicht, mar it is wol bewolke. Der falt ek rein út, de hiele moarn. Der siet 4 mm yn de reinmjitter. Op ’e middei is de wyn wat bekommen. Doe waard it ek drûch. Mar wy hawwe de sinne net mear sjoen. De temperatuer koe goed 10 graden helje.
Nei in buike yn ’e nacht hawwe wy moarns de sinne derby yn in heldere loft. Der stiet in hurde súdwestewyn. Dat is de start fan dizze dei. Noch 3 mm fan de buikes yn de nacht en in temperatuer fan 12 graden, dêr koenen wy it mei dwaan. Mei dizze hurde wyn wie it gjin fytswaar. Op ’e jûn kamen der noch buien oer.
En sa is it dan freedtemoarn mei in heldere loft dêr’t de sinne om goed healwei sânen yn opkommen is, mar noch wol mei dy hurde súdwester. It is no wol drûch nei de buien fan justerjûn en -nacht. Der siet 18 mm yn de mjitter, 18 liter op in fjouwerkante meter, dat is in plons wetter. Wy koenen dat fan ’e moarn sjen oan de puozzen op it lân en oan de sleatten. Mar hjoed is it drûch. Troch de hurde wyn gjin fytswaar. Mar de temperatuer wie goed mei 15 graden.
Nei in nacht mei in buike, mei hurde súdwestewyn en blaugrize loften is it sneon 25 maart. As wy der moarn wer op ’e tiid ôf wolle, moat jûn de klok al in oere foarút.
Mear oer hjoed. It hat in drûge dei west. De wyn is op ’e middei nei it noardwesten gien. De temperatuer hat 10 graden west en fan ’e moarn krigen wy 2 mm fan in buike. Al mei al gjin fytswaar.
Dan is it sneintemoarn, no al mei in noardewyn. De temperatuer kin net boppe de 8 graden komme. Der is bewolking, mar ek in glim fan de sinne. Alles meimekoar gjin sneinswaar.
Dan de earste moandei yn de maityd mei enoarme buieloften yn it noarden en mei hurde wyn út it noardwesten mei buikes en tuskentroch ris de sinne. Dat is de start. Fierder mei in soad sinne, mar in lege temperatuer, 7 graden. It hat hjir wol drûch west, mar it wie in kâlde dei.
De tiisdei hat in goeie start, de hurde wyn lit it dochs ôfwitte, en dan is alles samar oars, want wy fernimme it, mar sjogge it ek boppe ús: de bewolking komt hast net fan syn plak. Sa bliuwt it net op ’e middei. Dan hellet de wyn wer oan. Dochs kin de temperatuer de 10 graden helje. It is dochs oars mei dizze súdwestewyn. Op ’e neimiddei wurdt it wat wiet, mar al mei al dochs in goeie dei mei dizze temperatuer. It is justerjûn by in pear drippen bleaun.
Woansdei begjint griis. De wyn dy’t der is komt noch út it súdwesten en de termometer wiist 11 graden oan. Letter op ’e middei ek noch 15 graden. En dan wurdt it ek noch wat wiet. It bliuwt in bewolke dei, en dêr sit de sinne efter. Alles meimekoar dochs in goeie dei. En dan dit noch: de natuer giet syn gong. Oan it binnenpaad seach ik fan ’e middei in skries, en dat wie myn earste dizze maityd.
Nei in nacht mei in stevige súdwestewyn is it tongersdei 30 maart. Fan ’e moarn betiid wie de loft sa moai! Mar by it opkommen fan de sinne om goed kertier oer sânen wurdt dy wer ôfskerme troch bewolking. Mar dy moaie loft mei sinne is wol wer weromkommen, soms ek wol wat langer, en it wie in goeie dei. In moaie dei koenen je it noch net neame, dêr waaide it te hurd foar, mar dat fûn ik wol moai. De skries trof ik ek wer by it binnenpaad. Ik tink dat hy of sy op in partner wachtet, ik hâld it yn ’e gaten.
Freed begjint wiet en griis, mar sa wienen de waarberjochten ek al. It soe in reindei wurde. De wyn dy’t der is komt út it suden, en sa hat it ek west. Gjin fytswaar dizze lêste dei fan it kwartaal en dêrmei de wintertiid - wat wintertiid? - foarby, want moarn binne wy 1 april.
 
Knilles Rusticus
 
 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA