DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl. 1)

Geplaatst op: 27-10-2018

It hâldt net op
 
It is hjoed woansdei 22 novimber, ferkiezingsdei weryndieling gemeenterie; ek gemeente Súdwest-Fryslân is útwreide, dat ek wy moasten stimme. It is yn in lyts doarp ek al neat oars as yn it grut. Op njoggen fan de alve listen waarden stimmen útbrocht, meimekoar 132 jildige stimmen - persintaazjes wit ik net krekt, mar dat sil net fier boppe de 40% útkomme. Mar no mar wer oer it waar: fan alles wer, wiet waar, ek wol wer even droech, ek in nacht hiel ticht by nul graden. Op sneintemoarn 25 novimber seach ik op in sleatsje neist de Slachte spjelden en nullen op it wetter. Ek op de wallen wie it hjir en dêr wyt beferzen. De start fan de wintertiid.
Op sneintemoarn lei yn it easten fan Gelderlân op plakken al ien sentimeter snie.
Tiisdei 28 movimber komt it nije doarpskrantsje mei dit skriuwen wat hjirop del komt: It hâldt op. De redaksje dy’t dit al jierren docht, kin net mear fierder, en jout de organisaasje werom oan it Doarpsbelang. Wy sille sjen wat hja dermei dogge, mar hja witte ek wol: as it heal kin, moat it wol trochgean, lykas it waar. Dat giet ek troch.
It is hjoed freed 1 desimber, it begjin fan de meteorologyske winter, en it is ek noch sa, de earste nacht dat it echt winter west hat, mei temperatueren ûnder nul, mar de dei begjint moai mei in prachtige opkomst fan ’e sinne. It is wol kâld, mar dêrfoar sitte wy yn it winterskoft. En sa kwakkelet it mar wat troch. It is wiet, wiet, wiet. De skiep kinne hast net mear in droech plakje fine om te lizzen. Plonzen wetter, it stoomgemaal by de Lemmer is dizze wike wer opstarten. It is hjoed snein 17 desimber, mist, mist, mist. De donkere dagen foar Kryst, mar de temperatueren binne boppe normaal: oerdei sa’n 6 oantemei 8 graden en nachts in pear graden minder.
It is hjoed tongersdei 21 desimber, de koartste dei fan it jier. Moarns komt de sinne op om kertier foar njoggenen, en middeis om healwei fiven giet er alwer ûnder. It is ek echt in hiele koarte dei; de hiele dei mist, mar in ljochtpuntsje is, nei hjoed komt de libbensboarne, de sinne, it kommende healjier, dizze, dus ús kant wer op. En wy witte dat dat sa is, en dat jout in goed gefoel.
Wy hawwe de desimbermoanne oant no ta in tsjustere tiid hân, mear as de helte minder sinneskyn as normaal.
Wy hawwe hjoed de twadde krystdei; wer ris echt de sinne in skoft sjoen. Wa wit, dizze lêste fiif dagen kinne noch in soad goedmeitsje. Mar kommende 31 desimber witte wy it bêst hoe’t it west hat.
Dat witte wy no, 31 desimber, al. De temperatuer fan de lêste fiif dagen hat heech west foar de tiid fan it jier. It hat dizze fiif dagen ek net altyd droech west, en sa binne wy nei moai fjoerwurk en lûde knallen yn it jier 2018 oanbelâne.
It is no 1 jannewaris, nijjiersdei. Wy sille sjen wat dit nije jier ús bringt. Mar rêstich is it net yn ’e atmosfear. Der komt in stoarmdepresje oan. En wy hawwe it witten, mei stoarmwyn en buien op woansdei. Tongersdeitemoarn wie it wer rêstich en de de hiele natuer wer bekomme. Mar it wurdt kâlder; net Amerikaanske of Kanadeeske temperatueren, 20, 30, soms sels 40 graden ûnder nul, nee, gelokkich net. Dan ek noch mei dy bakken snie, ik moat der net oan tinke. Wy hâlde it hjir mar wat op in pear graden ûnder nul en deis om it friespunt, en as dy hurde eastnoardeastewyn him dan wat rêstich hâldt, dan komme wy de wintertiid wol wer troch.
It is hjoed acht jannewaris, mar ek foar bou en greide - mear noch foar it boulân en foaral no mei al dy wietichheid - is it wichtich foar de struktuer dat it wer iepenfriest. Mar sa’t ik al earder sein haw, Piet Paulusma hat it waar net oan in toutsje, en wy al hielendal net. De kommende wike bliuwt it ûnbestindich, mar in ljochtpuntsje is dat de dagen alle 24 oeren wer 1,5 menút langer wurde.
No is it tongersdei 10 jannewaris. Middeis om twa oere, de stoarm is wer foarby. Hat it wol in stoarm west? Nee, de echte stoarm is ûnder ús lâns gongen, mear oer it midden fan Nederlân. De warskôgingen binne ek foar ús gebiet neamd, mar it is mar krekt wêr’t de kearn fan de depresje lâns giet. Sa hat it ek west oer it midden fan it lân, mei stoarm, soms mei orkaankrêft. Frachtweinen waaiden om as wienen it lúsjefersdoaskes, beammen waaiden om as wienen it lúsjefershoutsjes, minsken dy’t it al weagen waaiden fan ’e dyk, platte dakken waaiden hjir en dêr omheech. De skea waard rûsd op 15 miljoen en wat in ellinde allegear.
Dit wie de twadde stoarm alwer yn dit nije jier. Fierder witte wy wol: waar bliuwt it wol, mar winterwaar is fier te sykjen, en dêrmei wurdt it wetter op ’e iisbaan net hurd.
En hjoed al hielendal net. It is woansdei 24 jannewaris. Ik seach fan ’e moarn om acht oere op ús termometer en dy stie op tsien graden en it sil hjoed 12, 13, 14 graden wurde, de waarmste dei op dizze datum ea metten. Hiel bysûnder allegear. De snieklokjes bloeie allegear, de hyasinten en alle oare boltsjes dy’t yn ’e grûn sitte, litte har al sjen. De einen pearje wer en sitte alwer op plakken dêr’t de koer aansen komt te hingjen.
It is hjoed snein 4 febrewaris; de foarbye tsien dagen binne trochmekoar ûnbestindich en wiet foarbygien. Ek siet der wol in goeie dei tusken wat oanfielde as wie it hast maityd, mar earst noch wat in kâldere perioade. Wol witte wy: de maityd komt wol. De dagen wurde alwer echt langer jûns, wy fernimme it.
It is hjoed snein alwer in oere langer ljocht en dêr komme oant de langste dei noch in kear fjouwer oeren by, in moai foarútsjoch. Mar earst noch in kâlde wike mei nachts froast oant min 7 graden. De iisbaan leit der prachtich by, mei oerdei moai sinneskynwaar, mar it bliuwt by in pear nachten. Dan is de wyn wer nei it suden, en de winter wer fuort. In grouwe kat hat oer it iis kinnen, en in weachhals, mar mear net. Ek de mûzen hawwe gjin hinder fan de winter hân, en dêrmei giet de útwreiding ek troch. En sa kinne de blauwe en de sulverreagers ek wer oan ’e kost komme. Gauris steane sy midden op it lân en wachtsje harren proai op.
It is hjoed freed 9 febrewaris; middeis om 12 oere is it bûtendoar 3 graden, mar bûtenút op ’e hurde sudewyn is it bearekâld mei in gefoelstemperatuer fan min 7, 8, 9 graden.
Mar dit giet ek wer oer. Fierder kwakkelet it mar wat troch.
Op tongersdei 15 febrewaris, moarns om 6 oere, is alles wyt mei in laachje snie fan 1,5 oant 2 sentimeter. Foar it earst yn dit winterskoft, mar mei de temperatuer krekt boppe nul is it ek gau wer fuort. Snie of net, wat frieze of net, dochs komt de maityd. Ik hearde fan ’e moarn wer in hôfdo en de toarteldokes hawwe net fuort west.
Mar de winter sil dochs noch trochsette. It is de fjirde nacht al mei froast, min 3, 4 graden. Mar oerdei 2, 3, 4 graden boppe nul. Oan it foarútsjoch te hearren sil de lêste wike fan febrewaris en begjin maart noch echt kâld wurde, en sa hat it ek west. Nachts 4, 5, 6 graden frieze en oerdei om it friespunt. Mar mei de hurde eastnoardeastewyn fielt it Sibearyske kâld oan, want dizze kjeld dy’t wy hjir fiele, komt ek út Sibearje en Ruslân, It hegedrukgebiet boppe Noarwegen en Sweden leit sa dat de kjeld út it easten West-Europa oerwaait en sa oer de Noardsee en Ingelân wer omheech giet en dan waarme lucht hjirwei meinimt sadat de temperatuer op Iislân fierste heech is, en dat komt net sa faak foar. Nee, mar no al, en dêrom moatte wy no mar even troch de soere appel hinne bite: bliuw mar wat yn ’e lijte. Dat kin allinne net altyd. No, dan jin der mar goed op klaaie.
It is woansdeitemoarn 28 febrewaris. Om tsien oere is it fiif graden ûnder nul, en fannacht min 8 en mei hurde eastewyn in gefoelstemperatuer fan min 12, 13 graden.
Ek tongersdei is it net folle better mei in stoarmige wyn út it easten.
Hjirmei binne wy ien maart, it begjin fan de meteorologyske maityd. Is dat sa? Ja, dat is sa! It is noch altyd droech, mar Sibearyske kâld. Ek freed en sneon noch. Snein is it oer, de wyn is wat nei it suden draaid en wy kinne wer gewoan bûten wêze. De temperatuer en de gefoelstemperatuer binne wer boppe nul, sels 5 oantemei 8 graden en ek dêrmei kin de lange ûnderbroek wer yn de kast. Mar salang’t de winter noch yn ’e grûn sit, komt de natuer ek net echt los. De merkels sitte noch yn in grutte groep bymekoar. Ek de strânljippen haw ik noch net sjoen.
It is hjoed tongersdei 8 maart. Wat in buiige dei mei hurde súdwestewyn.
Dan freedtemoarn: de sinne komt prachtich op yn in helder blauwe loft mei oars neat as hjir en dêr in fleantúchstreek. As je dat sjogge, dan komt dit yn my op: Wêr komt dizze skitterjend moaie blauwe kleur altyd mar wer wei? It sinneljocht hjirop is in plaatsje. It is it wûnder fan de natuer, sa grut, it is net te befetsjen.
Dan sneon 10 maart. Wy hawwe fannacht 3 mm wetter hân en oerdei is it 12, 13 graden en it fielt hast as maityd. En dat witte en fiele de fûgels ek daliks. Ik seach fan ’e moarn in strânljip op it hiem fan Lyts Tolsum en Rienk hie de skriezen al heard by de wetterplasse fan Folkert, en ek de ljippen. Wy seagen fan ’e dyk ôf wol 40 swannen by Anno yn it lân, wêrûnder ien swarte.
Ek snein en moandei maitydswaar, mar wy krije wer in waaromslach, de wyn giet nei it noardnoardwesten mei wietichheid op tiisdei. Al mei al, de natuer giet syn gong, want ek de einen sitte alwer op en yn de koer. De eksters binne alwer oan it nêst meitsjen. Ek de reidhintsjes sitte wer by de Kooistra’s yn it wetter.
En woansdei 14 maart is it wer in moaie maitydsdei, 10, 11, 12 graden en de wyn is wer hielendal om. Hy is no súdsúdeast mei fannacht temperatueren om it friespunt, en der komt noch mear kjeld oan. ‘Maart roert zijn staart.’
It is hjoed sneon 17 maart: mei in stoarmige wyn út it easten wie de temperatuer -2,5, -3 mei in gefoelstemperatuer fan -11 dizze nacht, mar de sinne komt der wer moai by en dan komt it hjoed ek wol wer goed. Want juster is it earste ljipaai ek al fûn by It Heidenskip, hast in wike letter as ferline jier yn Fryslân.
Ek snein is it iisbearewaar mei in stoarmige eastewyn, de kjeldrekords wurde ferbrutsen dizze beide dagen. Fanôf it begjin fan de mjittingen hat it noait sa kâld west op 17 en 18 maart, mar gelokkich is oerdei de sinne der wol by.
Moandei ek noch kâld, mar dan giet de wyn al wat nei it noarden en fielt it wat oars, want dy hurde wyn is fuort.
Tiisdei 20 maart, de dei dat de wintertiid echt foarby is; dan is de dei ek wer like lang as de nacht.
Hjoed seach ik wer in boumantsje wipsturt en sa siket elk syn plakje wer yn it foarjier. En ek in pear tsjillings; de blokfink (koolmees) en it blaumieske (pimpelmees) sitte alwer by de nestkasten. De blêdknoppen oan de beammen komme alwer wat, want wy binne al hast april; dat is de moanne, dan komme de swellen ek wer. Ek de bercheinen binne wer achter de Slachte, de bûnte ein mei syn reade snavel.
En sa is it snein 1 april, peaskesnein, Peaske, it wichtichste feest, it feest fan it nije begjin, dêr’t wy fan sjonge. U zij de glorie, en mear fan dy skitterjend moaie peaskelieten, dêr’t ek de útstjoering fan Omrop Fryslân yn it programma Prelude fol fan siet. Wat moai!
Mar echt maityd wol it noch net wurde, it is wat te kâld en buiïch.
Op tiisdei 3 april, jûns om goed 9 oere, hawwe wy hjir de earste plensbui wer fan dit jier: 15 mm yn in koart skoftke. En woansdeitejûns mei gewoan reinen alwer 10 mm.
Tongersdei is it ek hjerstich mei 5 graden, de kâldste fyfde april sûnt it begjin fan de mjittingen, mei in hurde of stoarmige noardwestewyn. Piet Paulusma sei fan ’e moarn: Hjoed is it hjerstich, fannacht is it winter, moarn is it maityd en sneon is it simmer. It hat fannacht ek kâld west.
It is hjoed freed 6 april. De sinne komt prachtich op, mar alle dakken binne wyt; de temperatuer wie om en de by de nul graden. Mar hjoed in maitydsdei mei 16, 17, 18 graden. Ek sneon hjir yn Fryslân 20 graden en sa yn in pear dagen de kâldste nacht en de waarmste dei op dizze datum yn april oait metten, en sa bliuwt it maitydswaar. De fút is ek wer werom yn de Tsjommerfeart, en op moandei 16 april binne de boereswellen wer werom op Lyts Tolsum; in pear dagen earder al boppe it tsjerkedak yn de buorren. Noch in pear dagen, dan bloeie de parrebeammen wer; ek de knoppen yn de appelbeammen ûntwikkelje har alle dagen mear. Der stiet, neffens de berjochten, in simmerwike oan te kommen, dan ferwachtsje ik mei in pear dagen de earste kij bûten. En dêr is it al sa: op tiisdei 17 april, fan de Slachte ôf sjoen op nei Tsjom en Wommels, allegear al kij yn it lân. Mar no noch efkes oer wat de earste trije moannen fan 2018 ús brocht hawwe , hokker sifer as se krije moatte. Om te begjinnen: wy hawwe altyd waar hân, dat is al posityf. Wy hawwe wietichheid, mar ek wol wer droech waar hân, wy hawwe wol wat winterwaar hân mar te min om echt in tocht te riden. Wy hawwe ek wol een sniebal meitsje kinnen, mar mear ek net. Mei hurde east-noardeastewyn hat it wol Sibearysk kâld west, mar ek wol temperatueren boppe normaal. Wy hawwe, sa’t ik al neamde, hurde wyn hân, mar ek in pear kear stoarm, ja, echte stoarm. Konklúzje: wat wenje wy yn in prachtich stikje natuer, mei sa’n soad ôfwikseling, en dêrom jou ik in sân.
It is hjoed 18 april, it is in waarme dei. Middeis om fiif oere is it by ús achterhûs yn de lijte 38,5 graad. De hommels en de bijen geane alwer by de blommen del. Wy sjogge alle dagen dat de natoer feroaret, en wy sjogge mei dit moaie waar dy skitterjend moaie blauwe loft: in plaatsje!!!
Ek tongersdei 19 april in waarme dei; noch noait hawwe wy yn Fryslân op dizze datum 26-27 graden hân. Ek freed noch skitterjend moai waar. De parrebeammen steane yn folle bloei. Ek sneon en snein noch simmerwaar. En mei al dat moaie waar op snein sit Sjoerd foar harren hûs. En omt it swellefirus alwer hearsket, strúnt er de súdlike loft ôf en sjocht as earste hjir dit simmerskoft in toerswel fleanen, in wike earder as de lêste jierren. Mar hoe kin it ek oars, mei dizze temperatueren en dit waar mei goed 26 graden op dizze 22 april yn Fryslân noch noait metten.
Mar dêrmei wie it moaie waar op, de wyn giet nei it westen, noardwesten, súdwesten en komt oeral wei oer it wetter fan de Noardsee en dat is noch mar 8-9 graden. Dan moat de jas wer oan mei 12-13-14 graden. De earste pear dagen bliuwt it noch droech, mar op woansdeitemoarn sit der 10,5 mm wetter yn de mjitter, en mei in hurde wyn út it noarden fielt it kâld oan. Om 9 oere tongersdei mar goed 9 graden. Mar freed, Keningsdei, is it wer goed waar; sneon ek, mar wolris in buike. En sa sit op der sneintemoarn sa oer de hiele wike 16 mm yn de mjitter. Dan komt der wer in nij buiegebiet oan mei hagel, tonger, en soms plenzen wetter út it noardeasten. Op 30 april, moandeitemoarn sit der 12 mm yn de mjitter. De parrebeammen litte de bloesem alwer falle. Wy sille sjen wat it mei de parren wurdt; de appelbeammen steane no fol yn bloei.
Dan is it tiisdei 1 maaie, kleare hjerst mei stoarmige wyn en rein oant storein út it westnoardwesten.
Woansdei is it alwer folle better en der komt noch folle mear hiel moai waar oan. Simmerwaar, hast heawaar.
En dat hawwe wy ek wer hân. Pas woansdei 9 op 10 maaie. Op tongersdeitemoarn sit der 3,5 mm wetter yn de mjitter.
Wy hawwe de dagen hjiroan foarôf skitterjend waar hân, mei fan moarns betiid oant yn ’e jûn de sinne folop oan de blauwe loft. It measte gers is alwer oan ’e bult en yn pakken of rollen. Ek de bouboeren hawwe it nedige wurk dwaan kinnen.
En it bliuwt moai waar, goed waar. Ek snein 13 maaie. Moarns is de temperatuer goed, mar middeis wurdt it mei hurde westnoardwestewyn kâlder: 16, 17 graden en nachts in bui.
Moandeitemoarn sit der 8 mm yn de mjitter.
En sa hat it de hiele wike west, wol droech mar de wyn is net út dy hoeke wei west en it is bewolke.
Pas sneintemoarn 20 maaie komt de sinne wer achter de wolken wei. en giet de temperatuer wer omheech mei eastsúdeastewyn. En sa bliuwt dizze maaiemoanne unyk simmers: simmerwaar, heawaar.
Fan freed op sneon, fan 25 op 26 maaie, wurdt de waarmste nacht oait yn maaie metten: 18 graden. En it bliuwt moai hjir yn it noarden. Yn it suden en midden fan ús lân hawwe se al swiere tonger- en hagelbuien mei wetteroerlêst. Wy hjirre yn Fryslân, wy krije op tiisdeitejûn 29 maaie in tongerbui en sa sit der op woansdeitemoarn 13 mm yn de mjitter: in wolkomstbuike foar bou en greide.
En it bliuwt goed waar. Ek de temperatuer.
Ek op snein 3 juny, en it simmerwaar komt nije wike hielendal werom. En sa hat it ek west oantemei tongersdei 7 juny. Doe waard it 28, 29, 30 graden, in waarme dei. Dêrnei kaam der bewolking fanút it súdwesten, de hiele dei, en de wyn út it noardnoardeasten mei yn de middei wat wietichheid. Wy krigen hjir 2 mm, mar op oare plakken wol 20 mm. Ek sneon hjir noch bewolke mei hjir en dêr wat sinneskyn.
Oantemei snein 17 juny hawwe wy goed waar hân, ek de temperatuer wie goed.
Moandei 18 juny hienen wy bewolke waar, mei de hurde wyn út it westsúdwesten mei gauris wat motrein. Der is net folle wetter kommen, mar je waarden der wol wiet fan. Mar de temperatuer lei om ’e 19 graden.
Sa ek tiisdei mei middeis mear sinne.
Woansdei, ien dei foar de langste dei, sil it wer simmer wurde, sa seit Piet. Wy hawwe de hiele dei de sinne net sjoen, mar dochs noch op ’e jûn fjouwer oeren sinne hân, fan jûns seis oere oant tsien oere jûns, en sa kin it allegearre, no, mei dizze lange dei, mar healwei de jûn is der wol bewolking kommen. Dy fjouwer oeren sinne waarden twa en in heal.
Dan 21 juny: it hie de langste dei wêze moatten, mar dat is net sa, de sinne hawwe wy amper sjoen. It wie mear hjerst as simmer, mei hurde stoarmige wyn mei wynstjitten. Wynkrêft 8 en ek buien, mar wetter oan mm hat it net echt opsmiten: 2, 2,5 mm. It hat wol de langste dei west, mar net it langste ljocht. Mar wy hawwe it belibben en wy sille sjen wat dizze trije moannen simmerskoft ús bringe sille. De temperatuer is hjoed net heger as 14,5 of 15 graden.
Ek freed en sneon 22 en 23 juny itselde waar mei hurde westnoardwestewyn en deselde temperatuer.
Snein 24 juny hawwe wy de sinne net sjoen, mar moandei tsjin ’e middei lit er him wer sjen. Ek tiisdei en woansdei folop sinnewaar, mar de wyn bliuwt fris. Sadree’t er mear eastlik wurdt, giet de temperatuer omheech, mar dan ek wer nei it noarden. Dat fernimme je daliks. Graden ferskil, mar it bliuwt simmer mei  20 oant 22 graden.
Fierder is it de hiele wike simmerwaar en de wyn is yn it easten bedarre. Op snein 1 july hiene wy 24 oantemei 27 graden mei gelokkich hurde wyn út it easten. En sa bliuwt it moai oant moandei 9 july ta.
Op tiisdei hawwe wy in lyts dipke mei wat bewolking en hurde wyn út it noardwesten. Mar woansdei 11 july is it wer simmerwaar, en dêrmei, it wurdt wol echt droech. En se kinne no al sizze dat it de kommende dagen, sels wiken, simmerwaar bliuwe sil en ek droech, mei yn de lêste wike fan july tropyske temperatueren en dat is boppe de 30 graden, en dat trije dagen achtermekoar, dan is it in hittegolf. Mar dat moat noch.
It is hjoed snein 22 july: wy sitte yn it begjin fan de hûnsdagen; de earste simmermoanne is alwer om. De sinne is op ’e weromreis nei it suden, de dagen wurde wer koarter: oer dizze fjouwer wiken alwer 40 menuten. Wy fernimme it al of fernimme wy it net, of hast net. Wy hoege der near foar te dwaan, de natuer regelet it allegear sels.
It is hjoed woansdei 25 july, it hat fannacht in pear drippen reind nei langer as fjouwer wiken droechte, mar fan ’e moarn is de sinne der wer folop by: hast 23 graden.
Ik tink net dat de temperatuer fannacht ûnder de 20 graden west hat; it is ekstreem. Mar wy hawwe it earder meimakke, sa’t al sein is, yn 1976. Ek yn it lêst fan de jierren ’50, ik tink 1958 of 1959. Doe wie ik by de boer, en hawwe wy de kij op stâl byfuorre mei ruterhea út de golle. Dat wie ek wol hiel bysûnder, oars hie ik it net mear witten. Mar sa droech as no, ik wit ek wol ‘Lest heugt best’, mar yn de natuer sjogge jo it wol: de strânljippen binne alwer hast trije wiken fuort, de snavel woe de grûn net mear yn. De ljipkes dy’t hjir no noch wat omskarrelje, binne hiel licht en hawwe ek muoite om wat te finen. Der hat al in oprop west oan boeren dy’t noch greppellân hawwe: as it mooglik is, lit dy dan fol wetter rinne. Mar miskien komt der wol in bui, lykas fannacht yn Enschede, fan 62 mm.
It is hjoed tongersdei 26 july, wy hawwe hjir fannacht wer in pear drippen hân. Oan de waarman syn praat hawwe wy hjir yn Fryslân ek kâns op in bui, mar it bliuwt wol simmer, en as wy dan nachts gjin lêst hienen fan dy goare langpoaten, dan soenen wy boppe de tekkens ek noch hearlik sliepe kinne, ek mei in temperatuer fan 25 graden, de waarmste nacht, fan tongersdei op freed 26 en 27 july, oait metten.
De earste wike fan de hûnsdagen is wer foarby; de hittegolf, dit is twa dagen fan 25 graden en trije dagen achtermekoar fan 30 graden en noch folle mear hite dagen derachteroan mei oerdei in waarme wyn oer it fjild en ek nachts yn ’e hûs temperatueren fan 25 oant 30 graden. Oerdei sykje wy sa mooglik it skaad op, want op ’e sinne is it echt waarm.
Sneon 28 july wurdt it dochs wat oars: de wyn is draaid nei it westsúdwesten, en der sitte buien oan de loft. Moarns dript it der sa no en dan út, mar middeis komt der in tongerbui oer mei goed 6 mm wetter. It kin nei dy lange tiid fan droech-wêzen dochs wer efkes echt reine. Dêrmei is de echte waarmte fan ’e loft, en it fielt wer lekker oan om bûten te wêzen. Mar de waarmte komt wer werom: snein, moandei, en dêrmei alwer in rekord. Wy hawwe noch noait safolle waarme dagen yn juny en july hân, en no krije wy augustus noch, de echte heamoanne, mar july lit dochs ek wer net de hiele boel ferdroegje. Op tiisdei 31 july, moarns om alve oere, komt der dochs noch efkes in plensbui oer mei 11 mm wetter.
En dan is it woansdei 1 augustus, de dei fan de PC, mei allegear simmerwaar mei hege temperatueren fan 24 oant 28 graden, en dat set troch. Soms noch waarmer.
Moarn is it Freuledei: der sit wol in feroaring oan te kommen, mar sa’t de waarberjochten no binne, kin it ek moarn noch krekt droech bliuwe. We sille sjen hoe’t it komt.
De piperswellen hawwe it oare waar ek oankommen field: se binne wer fuort; nei ferline wike sneon net wer sjoen. Goed trije moannen hawwe se harren enoarm ward, en takom jier ein april komme se grif wer. Sjoerd en Dennis sille noch al sjen wat it risseltaat west hat.
Mar hjoed is it woansdei 8 augustus, Freuledei. It waar is al oars. Fannacht hurde wyn hân, mei goed 1 mm wietichheid. De waarmterekords hawwe wy wer efkes hân, mar de ferwachtings binne foar de kommende dagen moai augustuswaar. Mar al it greidlân is lúskeal, hjir sil earst wol in plons wetter op moatte. No, in plons hawwe wy noch net hân, mar wol mear as in bytsje. Op freedtemoarn 10 augustus sit der mei buien fan justerjûn en fannacht 21,5 mm yn de wettermjitter. It wie wol bysûnder waar justerjûn: nei alle warskôgings wie it hjir oant healwei alven ta blakstil; dêrnei oant healwei tolven in hurde stoarmige wyn. Alles dat net goed fêst sit, rammelet, en de appels fan ús goudringenettebeam achterhûs fleane alle kanten út, de bleek leit besiedde mei mear as in amerfol. Spitich, dit is krekt even te gau, se kinne de griene kontener yn. Al mei al, it waar, de natuer, it bliuwt in ferrassing. Want sa is it om healwei tolven ek hast wer blakstil. Ek freedtemoarn is it buiich waar. Om tolve oere sit der alwer 15 mm yn de mjitter. En nei de nacht mei buien sit der op sneontemoarn wer 10 mm yn de mjitter, en is it moarns om acht oere  15,5 graad.
En sa giet it noch wat troch mei dit buiige waar. Op moandeitemiddei hawwe wy wer 6,5 mm. Dan is it tiisdei 14 augustus, de simmer komt wer hielendal werom. Us waarman Jan Jonkman seit, de simmerwiken witte fan gjin wiken, mei alle waarmterekords. Hjoed 22 augustus, de 52ste dei achtermekoar boppe de 20 graden. Dat is net bard sûnt de waarnimming begjin 1900. Dan moatte wy werom nei de 18de iuw; 1730 of yn dy buert (net foarkommen is der net by).
De waaromslach komt op tongersdei 23 augustus, jûns mei in bui fan 7 mm en nachts noch 6 mm. Ek freed is net droech ferrûn. Jan Jonkman, ús waarman, sei fan ’e moarn: It wetter op ús greidlân wurdt ûntfongen as in preek yn in âlderling. De temperatuer is in hiel oar ferhaaltsje. Wienen wy it wend yn ’e koarte broek, no moat de lange spikerbroek wer oan mei amper 16, 17 graden tidens de buien.
Lykas op freed hat it sneon  net hielendal drûch west. Op sneintemoarn sit der 24 mm wetter yn de mjitter. Snein is wer in hiel moaie dei, mar op ’e ein fan de middei berint de loft wer, en op moandeitemoarn sit der alwer 10 mm yn de mjitter. It waarberjocht foar de kommende wike liket goed en sa hat it ek west, mei ris in lyts buike.
Sneon it begjin fan de hjerstmoanne septimber: oerdei moai waar mei temperatueren fan 18, 19 graden, mar nachts soms kâld. Mar de waarberjochten foar de kommende wike lykje bêst, mei simmertemperatueren. Mar dit is oars útpakt; de depresje dy’t eastlik fan Dútslân lei, wie oer de kop sjeoe, en dy kaam ús kant op.
Fan moandei op tiisdei koenen wy de earste buien ferwachtsje, alles wat op it moaie waar meand wie, moast gau oppakt wurde. It hat lykwols oant woansdei ta droech west. Achternei hie dat hastige oppakken net hoegd. Mar achternei witte wy it altyd wol: dy waarberjochten, wat moatte je dermei. Wy kinne soms mear mei it waarglês of de dripper.
It is hjoed freed 7 septimber. Oer dizze lêste goed wike sit der 10,5 mm wetter yn de mjitter en fannacht alwer 5 mm. Op sneontemoarn alwer 6 mm. De dagen dêrnei binne wat hjerstich, mei hurde wyn, wat storein, mar net kâld. It is noch altyd om en de by de 18, 19 graden. Mar op woansdei 13 septimber sit der alwer hast 7 mm yn de mjitter.
Oan ús waarman te hearren komt der lykwols wer nij simmerwaar oan. It lit noch efkes op him wachtsje, mar moandei 17 septimber leit der, nei in heldere nacht, in plaske wetter op it platdak, sa wiet is it hjirfan wurden. Mar oerdei is de temperatuer wer boppe de 20 graden kommen.
It hat oant woansdeitejûn neisimmerwaar west, mar dêrnei wie it wer op. Tongersdeitemoarn waard it soms al in bytsje wiet mei wat storein, mar middeis mei in plensbuike hienen wy wer 7 mm mei hurde stoarmige wyn. Freed, sneon en snein lit de temperatuer it ôfwitte mei amper 11 oantemei 14 graden en oer dizze dagen mei sa út en troch hjir en dêr in drip, sit op sneintemoarn dochs wer 5,5 mm, en de ferwachting is dat der noch mear oankomt. Snein oer noch wer 7,5 mm.
 
Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden en printen.

 
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA