DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (afl. 5)

Geplaatst op: 22-09-2019

It is hjoed moandei 1 april; wy sitte wer yn ’e simmertiid. Jûns langer ljocht, en dat giet troch oan lêst oktober. Dit jout in goed gefoel. Wy sille sjen wat dit simmerskoft ús bringt. Wat my wol opfallen is dizze foarbye wintertiid, en dat is wol hiel bysûnder, de kleur hat net fan it lân west, it hat altyd de griene gerskleur holden. It is wol unyk, dat haw ik noch net earder meimakke. By wat kjeld ek mar, de kleur waard brún-gielich, mar no net. De meanderij kin ek wol ris betiid wurde, want wy binne no 1 april; trochmekoar leit der al in hanbree gers op it lân, earder wie dit sa mids maaie. It binne allegear gedachten foarút. Wa wit??
 
It is hjoed snein 7 april, de sinne komt skitterjend moai op, moarns om goed tsien oere is it by ús achterhûs yn it skaad al hast 14 graden. Middeis wurdt it op ’e sinne 30 graden. De fruitbeammen ûntjouwe har al, der binne al boskjes pinksterblommen, der wurdt al meand foar it stâlfuorjen, en sa allegear aksje. De fûgels sykje harren briedplakken. De blaumies (pimpelmees), de blokfink (koolmees), it boumantsje wipsturt, ik seach fan ’e moarn in nestje fan in mosk mei twa aikes. Yn it fjild seach ik twa slobeinen, in spantsje tsjillingen yn de Tsjommerfeart en ek in spantsje tsjirken yn it lân foar Lyts Tolsum.
 
It is hjoed tongersdei 11 april, it waar is droech, mar mei in stive noardeastewyn is it echt kâld, en dit is de tredde dei al dat dat sa is. Pas nei snein sil der wat feroaring komme, mar freed docht de wyn it al wat rêstiger oan, en dan fielt it daliks oars. Ik hie fan ’e moarn in moaie waarnimming. In reidsjonger, wat in moai fûgeltsje. Mar sneontemoarn is de wyn der wer; it is roetkâld mei hagel en wiete sniebuien. Fannacht hat de temperatuer hjir ek ûnder nul west, de dakken wienen allegear wyt. De temperatuer oerdei yn de buorren kin krekt de 6 graden helje, mar de gefoelstemperatuer is krekt boppe nul. De hagelstiennen fleagen oer de dyk en dat op sneon 13 april. De fruitkwekers moatte har fruitbeammen wiet hâlde mei nachtfroast, want it nije blomke mei net ferfrieze, mar der komt skitterjend moai waar oan. Earst gjin nachtfroast mear en oerdei 16 oant 20 graden.
 
It is no woansdei 17 april. Juster seach ik in hjerringsliner yn de Tsjommerfeart. Doe’t hy my seach wie er fuort, wat in moaie fûgel. Alle jierren binne se der wer. De stienparbeammen wurde alle dagen witer fan de blossem mei dit skitterjend moaie waar. Ek de appelbeammen al, it is no sneon 20 april en it is gewoan simmerwaar. De hiele dagen de sinne derby fan moarns sinne-opkomst oant er wer ûnder giet, 18 oan te mei 21 graden mei noardeastewyn. De swellen witte mei dit moaie waar ek dat se hjir wêze kinne, omdat der ek iten foar har is. De earste boereswel wie hjir al op 6 april boppe de buorren, sei Sjoerd, in wike letter seach ik ien by Lyts Tolsum, mar no binne der al mear. Mar Peaskesnein, hjoed, hat Sjoerd ek al de earste toerswel boppe de buorren (in ferkenner) waarnommen. Op 21 april, dat is wol hiel betiid. Dit moat ik ek efkes neame, hjoed de Twadde Peaskedei waard it yn de Bilt 25,8 graden. De waarmste dei op dizze datum oait metten.
Mar de natoer, ek it waar feroaret, de depresjes komme tichterby, en dêrmei hawwe wy ek in bui op woansdeitejûn mei tonger.
 
Op tongersdeitemoarn sit der 12,5 mm wetter yn de mjitter en freedtemoarn wer 1 mm. Moaie buikes foar de natoer, alles profitearret derfan. As je de dyk lâns fytse, it is ien grutte giele blommepracht mei raapsie en hynsteblommen, wat moai! Ek sneon 27 april, keningsdei, allegear aktiviteiten, mar it bliuwt net droech en it is kâld waar, 10, 11, 12 graden. Snein is it presys itselde ferhaaltsje, en sa bliuwt it ek de twadde wike fan de maaiefakânsje, temperatueren fan 9 oant 12 graden oerdei en nachts 4 oant 7, sis mar kâld waar.
 
It is no snein 5 maaie. De parrebeammen binne wer útbloeid, ek de appelbeammen litte de blossembledsjes alwer falle. Mar de seringen en de gouden rein bloeie hast alwer kompleet. It bliuwt kâld, en wy sjogge de sinne hast net, en wietichheid. Hjir en dêr in drip en dêrmei is de helte fan it lân ek al wer kuild, mar de rook fan de sinnewaarmte is der net oan kommen, en dat fine de kij ek wol lekker. Mar wiet of droech, kâld of waarm, der sit wol ris in pear dagen ferskil yn mei ferline jier, mar yn de natoer, mei betide of lette peaskedagen, alles komt gewoan op tiid. Ek de kastanjebeam bloeit alwer. We witte dat hy der wol is, mar wy hawwe de sinne net sjoen.
 
It is no woansdei 8 maaie, hjoed ek wer in tichte loft mei fan ’e middei hjir en dêr in drip. Mar de wietichheid is foarlopich út, sa seit Pyt Paulusma, yn ’t suden fan it lân noch wat. Mar de sinne komt hjoed, sneon 11 maaie, strieljend op nei fannacht wat froast oan ’e grûn, mei in kâlde boppeloft. It bliuwt de kommende dagen noch fris, 12, 13, miskien 14 graden. Mar dat witte wy pas as dy dagen om binne, want wy witte ek, de natoer is ien grutte ferrassing. Dy dagen binne wer om, it is tiisdeitemoarn. Ek is it noch fris, mar de wyn giet al om nei it easten, en dat fielt daliks oars.
Moai sinneskynwaar, en it is hjoed 14 maaie. Ek de oare dagen fan ’e wike is it goed waar, út in wolkje falle soms in pear drippen, mar it is gewoan droech waar. Sneon en snein kinne wy hast yn ’e koarte broek, mar om’t de wyn wer yn it noarden sit, noch mar net. Mar it wie snein 19 maaie wol in snein, wat it waar oangie, fan ekstremen. Yn it easten en noardeasten simmertemperatueren, 24, 25, 26 graden mei buien, tonger, hagel en plenzen wetter, en de hiele noardwestkust 13, 14 graden en droech fris waar. Ek moandei noch, mar as de sinne skynde wie it wol lekker waar.
 
It is no tiisdei 21 maaie, en wat seach ik fan ’e moarn doe’t ik wer oer de Slachte fytste: de giele moarnsstjer; in pear dagen letter, dêr wie de pearze of blauwige ek al. Alle jierren om dizze tiid, dan binne se der wer. Dit is it bysûndere oan dizze stjerblom: moarns bloeit er prachtich en middeis, as de sinne oer syn heechste punt is, krûpt de blom wer yn de knop.
 
It hat wat in kâldige droege wike west, mar fan snein op moandei 26 op 27 maaie komt hjir dochs wat rein en sit der op moandeitemoarn 12 mm yn de mjitter, en dat is in moai buike foar de natoer. Fierder moatte wy noch even geduld hawwe, want it moaie waar komt deroan, en dat hat ek sa west, mar mei westnoardwestewyn bliuwt it fris, oant sneintemoarn 2 juny, want dan sit de wyn yn it suden en hat de temperatuer ek dizze nacht net ûnder de 15 graden west. En hjoed, snein, sil it waarm wurde, 25 oant 30 graden en dat hat ek sa west. It is krekt net oan de 30 graden ta kommen, mar it wie wol hearlik waar, en jûns om acht oere set de loft al oan, de buien mei swier waar komme deroan. Om goed tsien oere, nei in pear wjerljochten en tongerslaggen en in hiel bysûndere buieloft yn it súdwesten, je soenen sizze, it komt deroan; de strjitstiennen binne wol wiet wurden, mear net, en moarns sit der om healwei achten 1 mm yn de mjitter. It is noch net om te joechheien, mar der komt mear ûnbestindich waar oan, en miskien krije wy der wat fan. It is tiisdeitemiddei wat broeierich waar, de kommende nacht, it measte is by ús lâns gien, mar op 5 juny, woansdeitemoarn, sit der dochs 4 mm yn de mjitter. De ûnrêst yn ’e natoer is dêrmei net oer; oerdei bliuwt it goed mei de temperatuer, om en de by de 20 graden, mar jûns of nachts komt der dochs in tongerbui oer hjir, it ljocht is hast net fan ’e loft nachts by trijen, en sa sit der tongersdeitemoarns 6 juny wer 10 mm yn de mjitter. En al mei al oer dit waar, it is soms tige groeisum, de trochmekoar boer wol foar de twadde snee meane. Dêrom wurdt op tongersdeitemiddei al meand, want it sil oant freedtejûn moai waar bliuwe en droech, dêrnei binne de waarberjochten earst net simmers, mei buien en hurde wyn de pinksterdagen oer. Hielendal gjin simmer, sneon in komplete hjerstdei mei hurde wyn en reinbuien mei 16 mm wetter; temperatuer 18, 19 graden. Snein liket it wer better te wurden, en dat is ek sa. Snein is it gewoan in moaie dei mei middeis 23 graden, lekker om bûten te wêzen.
 
Pinkstermoandei, it begjint hjir mei in bui; oerdei is it goed, mar it waait hurd, en it einiget jûns om healwei alven wer mei in bui. Meimekoar goed 10 mm, de meteorologyske simmer begjint net simmers, mar it is ek noch net 21 juny, dan begjint pas it echte simmerskoft. Mar reine docht it earst noch wol oant tiisdei; om tolve oere sit der alwer 38 mm yn de mjitter. Fierder is it dizze wike net stabyl, mei hjir of dêr in drip of in plenske, temperatuer goed, mar net simmers.
 
Mar sneontemoarn 15 juny, mei earst noch hast 10 mm wetter, wurdt it middeis droech en is it ek de bedoeling oan de waarberjochten foarlopich droech te bliuwen mei moai waar, moai simmerwaar yn de wike dêr’t wy de langste dei fan it jier alwer yn tsjinkomme, mei temperatueren nachts ûnder it lekken sliepe en oerdei 23 oantemei 25 graden. Dat hat de earste pear dagen ek sa west, mar woansdeitemoarns bliuwt it net droech mei 2 mm en it wurdt wer wat frisser, mar fierder goed waar, en hjoed, 21 juny, it begjint al moai mei wat sinne en wat bewolking en it is ek wol echt in lange ljochtdei wurden, want wy hawwe de sinne om goed tsien oere achter de hoarizon, of miskien foar ús wol de seedyk by Harns, ferdwinen sjoen, en sneon begjint ek wer skitterjend moai as de sinne foar ús hjirwei achter Tsjom wer opkomt om goed kertier oer fiven en hjir alles wer yn it folle ljocht set en mei de waarberjochten kommende dagen mei in hitte- of waarmtegolf; ei foar dejinge dy’t wol oer de waarmte kinne jout dit in goed gefoel, en dat goede gefoel is der wol, want wy hawwe echt simmer mei oerdei, 25 oant 30 graden en nachts 16, 17, 18 graden, mar it is bêst te dwaan. Op moandei waait der in lekker wyntsje út it easten, mar wurdt it hjir ek hast 30 graden en nachts kin it lekken der ek wol ôf. Wat in waarmte op tiisdei en ek de nachts; woansdei de 26ste juny moarns gelokkich wer wat frisser út it noarden mei noch 18, 19 graden, mar noardewyn is noardewyn en it fielt krekt as komt er út Sibearje wei mei soms hurde wyn en 14, 15 graden. Mar dat bliuwt net sa. De wyn draait wer en wy krije wer waarm waar, en sa giet it mar troch dizze earste wike fan de simmer yn ús moaie, moaie Fryslân. Wy hawwe it wer sjoen yn wat moaie provinsje wy wenje. Ek mei Maarten van der Weijden syn enoarme swimtocht lâns de alve stêden.
 
It is no freedtemoarn 28 juny, de dei begjint bewolke, mar dat sil net sa lang mear duorje, sa’t Pyt seit. It binne hiele moaie simmerdagen, ek sneon hast oan de waarme kant, jûns om healwei tsienen is it noch 28 graden bûtendoar. It is de waarmste 29 juny yn ús lân ea metten. Mar sneintemoarn 30 juny is it wer oars; de wyn is fanút it suden omgongen nei it westen, en mei dizze hurde wyn fielt it wer frisser.
 
It waar feroaret altyd wer mei de wyn en sa is myn hiele ferhaal fan 1 april oant 30 juny altyd wer oars, altyd wer in ferrassing, te waarm of te kâld foar de tiid fan it jier. Wy hawwe de moaie tiid wer belibbe oant 21 juny mei alle dagen wer wat mear ljocht. Mar we witte ek dat dit net trochgiet en dat it kommende healjier de dagen it deiljocht wer wat koarter wurdt, altyd wer op ’e nij. Dit kwartaal dat wer foarby is, hat goed west en goed wie eartiids en no noch in sân. Wy sille sjen wat it simmerskoft ús fierder noch bringt. It moaie hjirfan is, wy witte it net.
 
Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden of printen.
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA