DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl. 2)

Geplaatst op: 07-11-2018

It hâldt net op
 
Op moandei 24 septimber fris waar mei sa no en dan in buike, mar ek sinneskyn, mei in pear kear oerdei in skitterjend moaie reinbôge; wyn it east-noardeasten, temperatuer oerdei 13-14 graden, mar nachts kâlder. Hjir 5-6 graden, mar yn it easten, yn Twinte op plakken, it kâldste plak, -2,8 graad, noch noait op dizze datum metten sûnt it begjin fan de waarnimmings. Dit wie wol wer ekstreem.
Op tiidei in moaie dei, in soad sinneskyn, 14-15 graden en wynstil, in moaie neisimmerdei.
Wy sitte ûnder hege druk, it waarglês stiet heech. Ek begjin nije wike noch, sa binne de ferwachtings. Pas fan snein fan moandei 30 septimber op 1 oktober hawwe wy wat wiette hân, en dêrmei binne de trije simmermoannen wer om.
Wat sifer krije dizze trije simmermoannen? Fan my in njoggen: ljocht en waarmte, koartebroekewaar, ekstremen, mar in moaie goed njoggentich dagen om yn te libjen, en dêrom dy njoggen. En it hat ek wol hiel bysûnder west, wy hawwe in druvestrúk achterhûs, ik tink al wol tritich jier. Der hawwe alle jierren wol troskes druven oan sitten, mar noait ryp wurden, mar no al; it binne no blauwe druven en ek noch lekkere.
De earste dagen yn oktober binne trochmekoar 2 graden te kâld foar de tiid fan it jier. It kwik komt net heger as 12-13-14 graden en it soe 15-16 graden wêze moatte, mar it waarglês giet omheech, en freed en sneon wurde twa neisimmerdagen, en sa hat it ek west.
Ek de nije wike fan 8 oktober ôf sil it neisimmersk wêze. It groeit noch troch; ik sjoch alle dagen noch blomkes yn de berm lykas bûterblommen,  in hynsteblom, reade klaver, en ek it raapsied bloeit noch. De hiemblommen, dy’t geregeld har soarch krigen hawwe, binne ek noch pronkjes, mar je moatte it wol sjen. Moatte is wat in ferkeard wurd, je meie it sjen.
De hiele nije wike is it neisimmerwaar mei nachts en oerdei waarmterekords, soms nachts mei deitemperatueren fan 15-16 graden en oerdei boppe de 20 graden, soms wol 22-23 graden en dat yn oktober. Boeren kinne noch mar omraak kuile, en dat moat ek want it groeit noch alle dagen.
Sneon 13 oktober wie de gemiddelde temperatuer oer Fryslân 25 graden. Ek snein hjir en dêr noch 23-24 graden, en nachts 14-15-16, allegear temperatueren noch noait sa heech west yn dizze tiid fan it jier. Alle waarmterekords sneuvelje. It is wer koartebroekewaar. Mar it kin ek oars. Yn 1974 wie de wrâld wyt op 14 oktober. Ik moat dêr noch net oan tinke.
Mar dat hoecht ek net, want hjoed moandei 15 oktober nei in prachtige sinne-opkomst om goed acht oere sille wy wer in prachtige dei hawwe, 22-23 graden oer Fryslân.
Ek tiisdeitemiddei om ien oere, doe’t de sinne op it heechste punt stie, wie it by ús achterhûs 27 graden. Om seis oere noch 22 graden mei hast gjin wyn. Skitterjend moai simmerwaar, en ek noch altyd drûch.
En no is it tongersdeitemoarn 18 oktober. It is 12,5 graad, dat de koarte broek kin hast wer oppakt wurde. De storein dy’t dizze nacht oer Fryslân fallen is, is net mjitber hjirre.
En sa hat it west oantemei moandei 22 oktober. De wettermjitter is noch leech. De mûzehúshâlding kin mar omraak útwreidzje. Dat is in pleach foar it boerelân, mar moai foar de reager, de sulverreager, mûzebiter (buizerd) en alles wat gek is op in mûzehapke.
Mar wy krije hurde wyn, en wol safolle dat de lêste appels en parren ein fan ’e wike wol op ’e grûn lizze. It wurdt hjerstich, it wurdt kâlder, de earste beammen binne alwer hielendal keal, mar de wylch hâldt syn blêdepracht noch even fêst. Mar mei in froastige nacht is dan ek alles wer keal, mar de nije knop bliuwt sitten, en sil takom maityd alles wer grien meitsje. En dat jout no alwer in goed gefoel.
No is it snein 28 oktober, de earste dei fan de wintertiid, en ek noch de earste winternacht hjir. De temperatuer hat krekt ûnder nul west, want de dakpannen op ’e lije kant wienen wytferzen, en spjelden en nullen leinen op sleatten, mar ek op plakken yn Fryslân echte froast: min 2,5 graad.
Ek moandeitemoarn wer froast oan ’e grûn, de earste nachten fan oktober de lêste tsien jier noch noait sa kâld.
Mar it wurdt wer oars. Der komt in legedrukgebiet oan fanút it suden, dat striemin waar brocht hat mei plonzen wetter en snie; mar as it diskant op komt, giet de grutste aktiviteit der al wat út.Wy hienen hjir fan moandei op tiisdei 10 mm wetter (yn Boalsert 16 en yn Dedzjum 2,5 mm) yn ’e mjitter.
Op woansdeitemoarn is der wer 4,5 mm by kommen, mar dan komt de sinne ek wer prachtich op, en it liket in moaie dei te wurden. En dat hat ek sa west.
Ek freedtemoarn sit der wer 6,5 mm wetter yn de mjitter, mar de berjochten foar it kommende wykein binne goed. Nachts wat fris, mar oerdei te hege temperatueren foar de tiid fan ’t jier.
Sneintemoarn komt de sinne wer skitterjend moai op, en dan op de achtergrûn dat prachtich moaie mesyk- en sjongprogramma fan Omrop Fryslân. Wat begjint sa’n sneintemoarn dan moai!
 
Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden en printen.
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA