DE TWA DOARPEN



In Memoriam 2017 -2018

Geplaatst op: 05-02-2019

As je de gedachten gean litte, witte je gau genôch: gjinien bliuwt hjir. Ek al meitsje je de iuw fol, of soms krekt net, of hielendal net of moatte je hjir jong alwer wei. Gelokkich wit gjinien syn libbenspaad, mar oft wy it no wolle of net, it komt.
 
In memoriam 2017
 

Op snein 21 jannewaris is de urn fan Roel Jan Strikwerda op it hôf kommen, yn it grêf fan syn heit en mem.
Freed 27 oktober lette de klok foar in âld-Lollumer: Hendrik Wijnia. Hendrik is 82 jier wurden. Ik haw him kennen fan de skoalbanken ôf. Hy wie ien fan de twillingsoannen fan Rients Wijnia en Tietsje Tiemersma. Hendrik mocht him wol graach hearre litte, mar it wie altyd ferrassend. Hy hat letter noch troud west mei Pietsje Kazimier; hja is hjir yn 2005 op it hôf kommen. En sa hat foar dizze beide harren libbensloop ek wer west.
 
In memoriam 2018
 
Dan op 13 jannewaris 2018 let wer de klok yn de Hubertustoer, foar Symen Knol. Symen wenne mei wyn broer Evert hjir krekt bûten de buorren, in echte doarpsjonge; hy socht graach de gesellichheid yn it doarpshûs. Mar dan komt der wat, en dêr komt Symen net trochhinne. Hy mocht 56 jier wurde, en hy is hjir op it hôf kommen.

It wie tiisdei 16 jannewaris, doe ferstoar ús âld-doarpsgenoat Piet Tolsma. Hy wie, omdat de sûnens him echt yn ’e steek liet, de lêste tiid al yn Bloemkamp yn Boalsert, en dan komt dit, dochs noch altyd ûnferwachte. Piet en Corrie hawwe goed fiifensechtich jier yn Lollum wenne, en dêr altyd enoarm aktyf yn it doarpslibben meidien. De lêste pear jier wienen se yn Nij Stapert yn Wommels, omdat de probleemkes meiinoar wat te grut waarden. As sa’n ferstjerren komt, geane je gedachten werom. Ik tink dat it yn 1949 wie, doe kamen sy hjir yn Lollum as twa hiel jonge minsken. Sy moasten ûnderdak hawwe, en dat wie der hast net. Mar dochs, it hûs (húske) achter it skoalplein stie wol leech, en dêr bedarren sy yn. It wie in hûs mei in lyts grien hokje foar de foardoar, in gong, in keamer en noch in oanbou rjochts dy’t as keuken brûkt wurde koe. Dat stie hast boppe de froegere ringfeart om Lollum hinne. Piet as timmerman hat it al gau wat opknapt. Sa ek de souderromte en sa koenen Piet en Corrie dêr begjinne. Hoe wit ik dat noch sa? Ik wie 15 of 16 jier, wy wennen flakby en hawwe gauris by harren yn ’e hûs west en meiholpen. Piet en Corrie wienen doe al sosjale minsken en kamen daliks mei harren omjouwing yn ’e kunde, en je fernimme dat dan ek. Piet wie in sportman, hy fuotballe yn Frjentsjer ek al, en dat woe er hjir ek. Mar ja, wy hienen hjir gjin sportterrein; dan mar op it greppellân fan Folkerts oer de draai. En sa kaam it ek; der wie genôch jeugd yn Lollum. Doe noch in bal, en sa binne wy ek oan it fuotbaljen rekke troch Piet syn ynset. Ik wit net hoe lang as dat trochset hat, mar ik wit wol, hy wie ús altyd te fluch ôf. Mar dêrtroch wie de sportiviteit al los kommen. Yn 1953-54 krigen wy hjir ek in sportterrein, doe koe der ek echt sporte wurde, en sa is ek it keatsen hjir kommen, opsetten troch de kulturele kommisje fan doe. Piet hat ek lang mei it keatsen meidien. Ek biljerten yn it doarpshûs wie ien fan syn hobbys, de puntelisten byhâlde. En filmmakker. Hy hat yn it begjin fan de restauraasje fan de tsjerke in moaie film makke fan dy aktiviteiten, in stikje wurk dêr’t Piet syn kinnen echt yn útkaam. Doe’t dat allegear net mear koe, seach er graach foar de televyzje nei fuotbal en fytsen. En sa ferrint elk syn libben dan. Op moandei 22 jannewaris is Piet, nei in betinkingstsjinst yn it doarpshûs, hjir op it hôf kommen dat er 35 jier as koster ûnderholden hat.

Dan begjin febrewaris skrikt ús lytse mienskip wer op troch it hastige ferstjerren fan Wybren Visser. Wa hie dit betinke kinnen, sa’n robúste sportfiguer samar wei. Foar syn neiste famylje in komplete ramp, mar je hawwe gjin kar. Op 5 febrewaris is hy op it hôf kommen, hjir by de Hubertustsjerke.

Ek begjin febrewaris is op 81-jierrige leeftyd ferstoarn âld-Lollumer Iepie Kooistra, earder troud west mei Gerben Oosterbaan. Ek sy komt yn ien fan de grêven fan pake Tsjerk en beppe Sjoukje. Sy is op 6 febrewaris op it hôf kommen.

Noch in âld-Lollumer dy’t hjir 18 maaie op it hôf komt: Jopie de Vries-Elgersma. Ame en Joop hawwe lang op de pleats wenne dêr’t no de Galema’s buorkje. Doe’t de bern derút wienen, en it wat stiller yn ’e hûs waard, hawwe sy in moai hûs bouwe litten op ’e Grauwe Kat. Mar je witte yn it foar al dat dat net foar ivich is. En as Jopie sûnensklachten krijt, komt de ein op 82-jierrige leeftyd en moat Ame allinne fierder.

Op 8 septimber noch in bysetting op it hôf. Johannes, soan fan Hielke en Loltsje Luimstra is, net âld, ek ferstoarn. Op sneon is syn urn begroeven yn it grêf by syn heit.
 
(Knilles Rusticus) 
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA