DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl. 6)

Geplaatst op: 04-10-2019

It is 1 july, de earste dei fan it nije fearnsjier. De iene of de oare dei, it is in hiel ferskil. Justerjûn wie it bledstil en nei de nacht waait it in heale westerstoarm mei 16, 17, 18 graden en sa bliuwt de earste wike fan july trochmekoar twa graden te kâld foar wat it wêze moat. De sinne is der ek wol by, mar de wynkrêft 4 oant 5 út it westnoardwesten hâldt it fris, en it is droech op sa no en dan in pear drippen nei. It is wat ûnbestendich, de jas bliuwt net yn de kast. Ek snein 7 july net, mar dochs is it wol in knappe snein. It echte simmerwaar komt, mar lykas de berjochten binne, de kommende wike noch net, dus gjin koarte-broekewaar.
 
It is no moandei 15 july en ek hjoed net; 15, 16, 17 graden, mear sit der net yn. De wyn is noch altyd noardnoardwest. Der wurdt dan wol sein: hy koe dêr wol jongen hawwe, mar Havenga seit, it is al de bedoeling dat dit de kommende dagen feroaret mei mear sinne, hegere temperatueren en de wyn nei it westsúdwesten. Mar Havenga kin wol mear sizze... It is no woansdei 17 july. Wêr’t de wyn wei komt, ik soe it net witte, want it is bledstil en noch altyd bewolke. Juster hie ik in moaie waarnimming: ik wist wol, der siet noch in strânljip te brieden yn it nijlân foar Lyts Tolsum op trije aaien. Oan de aksje fan de âlden te sjen binne se ferline freed útkommen, en doe’t ik by de tagong nei Lyts Tolsum lâns fytste, kamen de beide strânljippen yn aksje, en justermiddei op reis nei hûs, dêr wienen se al, trije lytse strânljippykjes yn it bermgers fan de tagongsreed. Wat moai, en dit noch op 17 july.
 
Dan tongersdei koarte-broekewaar, samar mei súdsúdwestewyn, 25 graden en droech. Der mei op mear plakken al net mear sproeid wurde. En sa komt der op ’e jûn samar in bui oer, even mei in plenske 11,5 mm, hiel pleatslik, in gouden reintsje. En sa hawwe wy ek freed en sneon: it is goed waar, mar ûnstabyl en de loften steane as in brijwein mei sneontejûn wer in gouden reintsje mei 14,5 mm.
 
Dan snein 21 july: moai waar, de temperatuer boppe de 20 graden en de berjochten foar de kommende wike: simmer. En sa hat it ek west, de hiele wike mei deis en ek nacht waarmterekors: deis mei 35 graden oant oer de 40 graden en nachts 23 oant 28 graden. Elk hat de gelegenheid net, mar je koenen it bêste nachts bûten sliepe. It wie soms binnendoar net út te hâlden. Ek snein 28 july; it wie hjir yn it noarden noch waarm, yn it suden fan ús lân hienen se alwer normale temperatueren. Wy koenen it ûnwaar hjir ek hast rikke mei middeis allegear tongerkoppen yn it eastsúdeasten. Ek hawwe wy it bolderjen heard mei twa drippen rein, doe wie it wer fuort. Mar dy bui is wol krekt by ús lâns gongen, want Ljouwert, himelsbreed 20 kilometer, dêr krigen se út dizze bui 49 mm. Mar tiisdei noch echt waarm waar, fan 25 oant oer de 30 graden.
 
Hjirnei wie it waarme waar echt oer, mei woansdei buiich waar, tonger en hurde westsúdwestewyn, mei middeis noch in pear oeren PC-stop en ûntromming fan it hiele Sjûkelân fanwegen dizze tonger en bliksemynslaggen. It is allegear goed beteard en it programma koe letter wer oppakt wurde. Mar krekt foar de finale foel der noch in hiele grouwe plensbui. Om’t it fjild goed drainearre is, joech dat fierder ek gjin lêst en koe elts sa tsjin njoggen oere wer op hûs oan. Op it iene plak wat mear as op it oare, mar wy hienen op de PC-dei en fannacht derby meimekoar 14 mm.
 
En hjoed freed 2 augustus alwer 25 mm. Fierder de kommende wike wurdt der goed waarferwachte. Der sit wol ris in droege bui oan ’e loft. De temperatuer bliuwt simmers. Fan freed 9 augustus ôf wurdt der wer wat wietichheid ferwachte.
 
Sneon 10 augustus de earste simmerstoarm; hast alle sportaktiviteiten binne ôflaske; ek snein waait it noch in heale stoarm. Hjirnei komme de buien. Op moandeitemoarn sit der 13 mm yn de mjitter. Sa’t de berjochten binne krije wy in wikselfallige wike. Moandei daliks al begjint it mei rein en tongerbuien en sa hat it tiisdei ek west. En op woansdeitemoarn sit der alwer 12 mm yn de mjitter. It is foar bou en greide gjin probleem, want it wie echt droech. Op tongersdeitemoarn alwer, nei plensbuien, 22 mm. Op freed 16 augustus binne der wol buien mar hjir net: 1 mm yn de mjitter.
De toerswellen, ein april hjir kommen, binne alwer in goed wike fuort. Dy goed trije moannen dat dizze swellen hjir op ’e rûning fan de tsjerke harren aaien lizze en har jongen grutbringe yn de nestkasten achter yn de muorre, it is alle jierren wer hiel bysûnder. Dizze fûgel komt noait op ’e grûn, noait op it tsjerkedak, noait op in tûke fan in beam, noait op ’e goaterâne: dizze ynsektefanger is altyd yn ’e loft of op syn of har nestplak, of ergens yn Afrika dêr’t sy de hjerst en wintertiid trochkomme.
 
It is hjoed sneon 17 augustus, de lêste dagen fan de hûnsdagen en dan noch neisimmerwaar oant ein oktober, dat is myn foarlopige ferwachting. As dat net sa komt, dan is it sa!!! Sorry. Der siet fan ’e moarn wer 7,5 mm yn ’e mjitter. Mar der komt moai waar oan, it wie hjoed moandei ek wol goed, mar it waaide wol in heale stoarm. Jan Jonkman sei fan ’e moarn: de simmer stiet yn ’e startblokken.
 
It is no woansdei 21 augustus. Oer de lêste twa dagen siet der fan ’e moarn noch 6,5 mm yn de mjitter fan de buien en buikes. Mar dat hat earst wer efkes west, wy krije lykas de berjochten binne, in waarmtegolf fan fiif, seis dagen en nachten. Sneon 24 augustus ien kompleet skitterjend blauwe loft mei it grutte ljocht, it grutte wûnder, de grutte waarmteboarne yn it easten. As wy it wolle, kinne wy it allegear sjen. Wat moai, wat bysûnder moai en allegear fergees, wat moatte wy hjir in goed gefoel by krije! Ek snein in echt waarme snein mei hast gjin wyn, 28, 29 graden en ek nachts ûnder it lekken sliepe, en it bliuwt gewoan simmerwaar mei hjir en dêr in plensbui út in net ferwachte wolkje. Fierder dizze hiele wike, de lêste wike fan augustus, simmerwaar en ek noch heawaar.
 
Op sneon de 31ste mei noch 25 oan te mei 30 graden. Dan op ’e jûn komt der in buiegebiet oer mei ûnwaar en sit der op sneintemoarn 1 septimber 6 mm wetter yn de mjitter mei noch 20 graden. En alwer in moaie snein. Op moandeitemoarn út in bui nachts wer 2,5 mm en dan binne de waarberjochten foar de kommende wike frijwat hjerstich mei buien en buikes út it westen nei it noardwesten mei wynkrêft 4 oant 7. It measte wetter giet by ús lâns, mar dochs sit der op tongersdeitemoarn 12 mm yn de mjitter.
 
En op sneintemoarn 8 septimber alwer 22,5 mm fanút it noardwesten, mar gelokkich, it waarglês giet in bytsje foarút, en de wyn sil nei it súdwesten gean, dus der sit in waarferbettering yn. En wurdt it dan dochs noch neisimmerwaar? Want wy witte, mei fjirtjin dagen is de moaie simmertiid foarby en sitte wy nei 23 septimber echt yn de hjersttiid. De natuer giet syn gong, de fruitbeammen, de prommen, de swarte of blauwe beien litte hast wer los, en dan moatte se derôf. Ek de parren en de appels krije al moaie giele of reade wankjes, en dat sjogge de fûgels en de wespen ek, en dy miene al dat se ek fan harren binne. Dat is fansels ek sa, mar as wy se goed hâlde wolle, moatte se der wol ôf.
 
It is mei it waar ek al krekt as by de minsken, je moatte geduld hawwe. Noch wer in hjerstdei, woansdei 11 septimber, mei buien en buikes. Noch 8 mm. En dan komt it moaie waar op tongersdei; yn de nacht op freed sels 18 graden en foarlopich neisimmer oant sneintejûn 15 septimber. Dan krije wy bewolking en wat wietichheid mei westewyn. De temperatueren sakje wat oant 16, 17 graden, mar it moaie waar is noch net op. Mar ús miggefangers, de hús- en boereswel, ferline wike wienen sy der noch, mar se binne no wol fuort. Ek wer in oanwizing dat de simmertiid wer west hat. It is altyd sa’n moai skoft, as it yn de loft giert fan de swellen, mar spitich, wy sille oant takomme jier mids april geduld hawwe moatte om dit skouspul wer sjen te kinnen. Mar ien treast, it komt wol wer.
 
It is hjoed freed, de lêste dei fan it simmerskoft, 20 septimber. De wyn is om nei it súdsúdwesten nei in lange tiid hast fêst sitten te hawwen yn it westnoardwesten. As de sinne even fuort wie, wie it op ’e wyn pikelkâld. Wy krije no in pear moaie dagen, seit Pyt Paulusma. Sinne, sinne en nochris sinne. Wy witte it ek wol: as dit sa is krije wy in pear moaie dagen.
 
En dan is it al sa. Sneon 21 septimber middeis om goed twa oere is it by ús achterhûs al 25,5 graad en 21 septimber stiet de sinne boppe de evenaar. Dat is oer it midden fan de wrâld. Hy giet no alle dagen oant 21 desimber ta in bytsje fierder by ús wei. Mar hjirnei komt hy dizze kant wer op.
Wat moai as dit allegear sa goed regele is. Bysûnder!
 
Ek snein 22 septimber is in simmerdei mei 23, 24, 25 graden. Mar der komt wol oar waar oan. Wat hjerstich. Moandei is ek noch goed hjir, mei 20 graden, want de wyn bliuwt yn de goeie hoeke, súdsúdwest. Salang’t dat sa is, bliuwt de temperatuer goed, mar der kin al in bui falle. Hjoed 18 graden, jûns 8 mm. Op tongersdeitemoarn om njoggen oere is it bûten 16 graden en sit der wer 2,5 mm yn de mjitter. Mar sa no en dan sjoch ik dochs noch in sweltsje fleanen, dat se binne allegear noch net fuort, sa’t ik ferline wike skreau. Op freedtemoarn sit der wer 7,5 mm yn de mjitter, mar op sneontemoarn fan de buien fan freedtejûn wer 21 mm en it is bûten 13 graden, dat meimekoar oer dizze trije, fjouwer dagen hast 40 mm. Sneintemoarn om healwei njoggenen sit der alwer 24 mm yn de mjitter. Wat in wiete boel dizze lêste dagen fan septimber.
 
Wat snein de 29ste fan dizze septimbermoanne ús bringe sil, witte wy moarn wer. Hurde, stoarmige wyn binne de berjochten. It belooft noch net folle goeds. Mar der sit op moandeitemoarn 16 mm yn; dat falt ta nei sa’n reinige snein. Wol hawwe wy de foarbye nacht even stoarm hân. In oere as twa waard ik wekker trochdat alles wat net goed fêst siet, beweegde. Stoarm út it noardwesten, it wie even heftich, mar mei in goed oere wie it wer foarby, hiel apart. Mar moandei de 30ste, de lêste dei fan septimber, waait it noch hurd mei westewyn, soms in spatsje, mar meast sinne.
 
Knilles Rusticus

Klik hier voor download of printen


 
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA