Ik hâldt net op! (Afl.8)
Geplaatst op: 18-06-2020It hâldt net op! (ôfl. 8)
Nijjiersdei, woansdei 1 jannewaris 2020, in grize blêdstille dei, wyn út it súdwesten. Dizich, mar kâld. De temperatuer hat net boppe de 3,5 graad west. Ek 2 jannewaris in grize dei. Wy hawwe de sinne net sjoen, mar freed 3 jannewaris komt der wat wyn; it is oar waar, wat wietichheid, meimekoar 10 mm en de temperatuer komt de middeis op hast 10 graden. It wykein rêstich waar, oerdei 7 graden, nachts 3 of 4. Ek moandeis noch altyd griis, mar middeis om trije oere komt dochs de sinne dertroch, mar it bliuwt wol fris, ek troch de wyn út it súdwesten mei in graad of 4.
En sa geane wy fan de iene yn de oare dei. Wintertiid? Hielendal gjin winterwaar. Hjoed, tiisdei, komt de sinne moai op en is it de hiele 7, 8 graden. Middeis is de sinne wer fuort, der komt wat wietichheid oan. De temperatuer giet fierder omheech. Woansdei goed 10 graden 2 mm delslach; tongersdei 9 jannewaris 11,5 graad. Freedtemoarn wer 8 graden, en troch de buikes nachts sit der 6 mm yn it mjitglês. Oerdei wurdt it wer wat frisser mei noard-noardwestewyn. Sneon 11 jannewaris komt de sinne op om 8.47 oere en makket er fan de loft yn it easten in kompleet read plaatsje. Wat moai! As jo dit sjen wolle, moatte jo der wol by wêze, want elk momint feroaret it wer. Ek bysûnder om ris te neamen: wy fernimme dat de dagen al wat langer wurde, mar dat jildt net foar moarns, want de trije wiken om de jierwiksel hinne komt de sinne op om en de by kertier foar njoggenen, mar middeis giet er hast alwer in healoere letter ûnder. Miskien is dit ek allegear wol âld nijs, mar hjirby. Fierder moarns 0,5 mm delslach, temperatuer 6,5 graad en hurde súd-súdwestewyn.
Hjoed, snein, in hjerstige start mei hurde súdwestewyn, 4 mm yn de reinmjitter, mar middeis komt de sinne noch wêrtroch’t it noch 7 graden wurdt. Troch de hurde wyn fielt it kâlder. Moandei moarns 6 graden. Fan moandei op tiisdei stoarmich en buiïch waar, 10 mm en de temperatuer goed 7 graden. Mar de hurde wyn is wer fuort. Hy komt út it súdwesten en it is hjir drûch. Hjoed oerdei 10 graden; fan ’e jûn om njoggen oere wie it by ús achterhûs 11 graden. It iene waarmterekord nei it oare, oardeis en nachts. It is wol hiel bysûnder mids jannewaris.
Woansdei 15 jannewaris om 9 oere is de temperatuer 10 graden en sit der 2 mm yn de mjitter. Fannacht wie it stoarmich, súdwest, mar no is it wer rêstiger. Middeis wer buiïch waar. Tongersdeitemoarns is de temperatuer 5,5 graad en sit der 5 mm wetter yn ’e mjitter. De sinne komt om kertier foar njoggenen moai op, nei dizze datum fan de 16de jannewaris alle dagen even earder. Wat in moaie sinnige dei hjoed; de wyn is súd en de temperatuer 6, 7 graden. In hiele moaie sinne-ûndergong yn in reade loft. Nei in drûge nacht wurdt it freedtemoarn wer wat wiet, súdwestewyn en 6 graden. Hjoed sneon de 18de, fan ’e moarn 6, 7 graden, 3,5 mm yn de mjitter, west-noardwestewyn, wol sinne, mar ek buieloften mei hagel en moaie reinbôgen. Snein 3 mm wetter fan hagelbuien juster, mar wol in hiel moaie dei mei sinne opkommen om tweintich foar achten en ûndergong om en de by tsien oer fiven. It wie 8 graden.
Hjoed moandei 20 jannewaris; de snieklokjes steane al yn bloei, it begjin fan ’e maityd. Mear moais fan ’e moarn. De sinne komt goed healwei njoggenen op yn in skitterjende loft. It is mar even, want dan komt de bewolking fanút it noardwesten en is alle moais wer fuort. Temperaturer hast 5 graden en it is blêdstil waar. Op ’e middei goed 8,5 graad. Wat wer in skitterjende loft by it sinne-ûndergean. As jo dit gadeslaan, wat sit dy natuer dan bysûnder ynmekoar.
Tiisdei mei wat mist en in westewyn in frisse dei mei 5, 6 graden. Wol hawwe wy de sinne noch even sjoen, mar dat wie it. Fierder rêstich waar, bewolke, in stowerke, temperatuer oerdei 7, 8 graden en nachts 4, 5, 6. Nei it wykein wer dûbele sifers, mar freed en sneon noch lang net. It hâldt op mei 3, 4. mei wat wyn út it súdwesten. It fielde pikelkâld. Mar gjin dûbele sifers nei snein; wol wiet waar mei stoarmige wyn. Op ’e neimiddei bekomt de wyn. Mar op tongersdeitemoarn sit der 10,5 mm yn de mjitter, súdwestewyn, en sa no en dan komt de sinne derby. Fris mei hast 7 graden, mar dit fris komt troch de hurde wyn. Freedtemoarn om 9 oere rêstich waar, 1,5 mm wetter fan juster, westsúdwestewyn en 8 graden. De sinne komt alwer even earder op, en lit him ek sjen. Mar oerdei berint de loft wer, en de wyn op ’e middei is stoarmich. Sneontemoarn alwer 3 mm. Fierder rêstich waar en 9,5 graad. It is hjir bewolke en griis. Op 31 jannewaris de waarmste nacht ea metten: 12,5 graad.
Moandei 3 febrewaris: 66 jier ferlyn yn 1954, wie it noch echt winter. De alvestêdetochtwinner wie Jeen van der Berg. Hjoed 3 febrewaris sa oer it wykein 7,5 mm wetter en fan ’e moarn om 9 oere hast 9 graden. Dat is wol wat oars as winter, en sa bliuwt it de hiele wike wat. Drûch waar, oerdei wat sinne en wat bewolking, wyn súd-súdwest mei 7, 8, 9 graden nachts frisser en as it helder is, nachtfroast. Der komt al in waarferoaring, mar gjin winter. Hurde wyn? Stoarm? Hjoed 8 febrewaris komt de sinne hiel moai op, en it is noch frij rêstich, mar op ’e neimiddei komt de wyn al en dat is snein al stoarm. Soms is it wiet, ek sneintenacht. Moarndeitemoarns noch stoarmich, en dan sit der 10,5 mm yn de mjitter by 6,5 graad. Dan op ’e neimiddei wurdt it even rêstiger, mar net sa lang, want jûns letter wurdt it alwer stoarmich en dat giet de hiele nacht troch mei útsjitters. Ek tiisdeitemoarns noch. Ik hear hjir net fan stoarmskea, it skynt allegear noch wol fêst te stean of te sitten. Mar it bliuwt stoarm wat de klok slacht, fan tiisdei op woansdei, it naait derút mei skuor- en tilwinen. Ek kâld, 3, 4 graden en mei fan dy stobuikes, meimekoar goed 4 mm, en allegear út it west-noardwesten. Tongersdeitemoarn gjin delslach yn ’e mjitter, de wyn is omgongen nei it suden, kâld waar, 4,5 graad. Om 9 oere wurdt it wiet. Op freedtemoarn sit der 11 mm yn ’e mjitter en is de temperatuer 9 graden, hast gjin wyn, út it westen. Op sneon de hiele dei drûch, en temperatuer om en de by 10 graden. Jûns om 9 oere is it noch 10 graden en waait it al hurd. Moarn is it snein 16 febrewaris en belooft it in moaie dei te wurden wat it waar oangiet. Dat sjogge wy moarn dan wol.
En dat witte wy op moandeitemoarn! Wat in striemin waar: hurde stoarmige wyn mei rein en nochris rein, mei temperatueren om de 9 graden. Der sit 28 mm wetter yn de mjitter, en it is no, moandei, 7 graden mei wer hurde west-súdwestewyn. Woansdei 19 febrewaris noch hurde wyn, 1,5 mm wetter en 6,5 graad. Tongersdei noch bewolke, hurde wyn út it súdwesten, wy hawwe de sinne net sjoen; op ’e neimiddei wurdt it buiïch út it westen. Freedtemoarn sit der goed 10 mm yn ’e mjitter fan justerjûn, mar de sinne komt hiel moai op en it is goed waar. Mar it waait wol in heale stoarm. Fan freed op sneon, nachts wat wiet. Der sit 4 mm yn de mjitter, mar sneontemiddei nei in stoarmige plensbui alwer goed 6 mm. Hjirnei bekomt it wer wat. Sneintemoarn nei buiïch waar fannacht alwer 9 mm. De temperatuer is 6 graden. Wat in wiete boel!
It is hjoed moandei 24 febrewaris rêstich waar, bewolke, súd-súdwestewyn, noch 9,5 mm yn de mjitter fan de buien fan justermiddei. Temperatuer 5 graden. No tiisdeitemoarn wer 20 mm fan justermiddei; jûn en fannacht hurde stoarmachtige west-noardwestewyn en no noch, hielendal gjin fytswaar. Mar ik seach fan ’e moarn alwer wat nijs, en dat wie de kommende maityd: ik seach twa strânljippen yn it lân in eintsje fan ’e dyk. Wat moai!
Ek woansdei is it al echt maartewaar, friskâld mei buien hagel, rein, meimeikoar 4,5 mm mei 4 graden. Tongersdei 27 febrewaris rêstich súd-súdwestewyn, fris, krekt boppe de 3 graden en 2,5 mm wetter. Freedtemoarn om 9 oere sit der wer 5 mm yn de mjitter en is it 7 graden. Hurde súd-súdwestewyn, mar wol drûch. Op ’e neimiddei wurdt it wiet en jûns wiete snie. Sneontemoarn sit der 17,5 mm yn de mjitter en is it 9 graden mei in hurde súd-súdwestewyn. Snein in buike, 1 mm, sinne, west-súdwestewyn, 9 graden en dat op 1 maart. De maityd begjint, mar gjin fytswaar, it waait te hurd.
Moandei 2 maart, hast blêdstil waar, gjin delslach en de temperatuer 6 graden. Tiisdei wol delslach, fan justerjûn 8,5 mm. Yn de neinacht en moarns betiid nachtfroast: de dakken op de lijkant binne wytferzen, mar om njoggen oere is de temperatuer wer 4 graden, mei in skitterjende sinne-opkomst yn de heldere blauwe loft. Ek woansdei en tongersdei gjin delslach. Fan ’e moarn om njoggen oere 3,5 graad. De sinne is alwer prachtich opkommen om tweintich oer sânen en jûn om goed healwei sânen wurdt er wer wei efter de hoarizon. En it moaie hjirfan is, moarn krekt wer in bytsje oars, dat is krekt as mei de wyn. Juster foar safier’t der wyn wie, waaide er út it súd-súdwesten, mar fan ’e moarn hielendal fan ’e oare kant: east-noardeast. As jo it alle dagen sjogge, is it wol hiel bysûnder.
Sneon 7 maart komt de sinne op yn in skitterjend blauwe loft; it is drûch, temperatuer 6 graden, en westewyn. Snein 8 maart: buiïge loft dêr’t soms ek in pear drippen rein út falle en hurde kâlde súdwestewyn en 8 graden. Doe’t de wyn letter op ’e middei bedarre, waard it noch 11 graden.
Dochs is it earste ljipaai sneontemiddei alwer fûn. Hjoed, moandei, rêstich waar, in moaie sinne-opkomst, temperatuer 7 graden en 2 mm wiettichheid. Tiisdei bewolke, griis mei hurde wyn, buiïge nacht, 7,5 mm delslach en de temperatuer is 7 graden. Woansdei noch 2 mm wiettichheid fan juster; fan ’e moarn om njoggen oere 8,5 graad, de wyn is west, rêstich waar. De sinne komt moai op en jout syn ljocht en waarmte wêr ek mar, en dat ljocht en dy waarmte binne de grutste wûnders dy’t wy mar betinke kinne, en as wy der dan by betinke dat wy net in tel sûnder dit grutste wûnder kinne, dan wurdt it noch folle grutter, en dat alle dagen wer. Op ’e neimiddei wie it by ús achterhûs 12 graden.
Tongersdei 12 maart in hiele drûge dei mei in stoarmige wyn, temperatuer 8, 9 graden, letter op ’e middei pittige buien út it noardwesten mei hagel, mar net oeral: kinst soms in rjochte streek op ’e dyk sjen fan drûch nei wiet. Freed, wy hienen fan ’e moarn om njoggen oere 4 mm yn de mjitter, de temperatuer wie 7 graden en in west-noardweste hurde wyn. Sneon skitterjend moaie sinne-opkomst yn in helder blauwe loft, nachtfroast oan ’e grûn, 0-1 graad. De dakken op ’e lijkant binne allegear wyt; de wyn is east-súdeast, hast blêdstil, mar net salang, want oerdei socht hy it súd-súdwesten wer op en waard it ek wer bewolke. Op ’e middei wie it wer 11 graden. Snein earst mei sinne, mar op ’e middei in bewolke snein, wol drûch mei in súdweste hurde wyn, 10-11 graden.
Moandei 16 maart hast in maitydsdei, 11 graden, hast 12. Súdwestewyn, it waarglês stiet heech. Tiisdei, in hiel moaie sinne-opkomst, mar in hurde west-súdwestewyn, drûch, 10 graden. Woansdei 18 maart in bewolke grize start, westsúdwestewyn en moarns om njoggen oere alwer 9,5 graden. Ek tongersdei in grize start, mei west-noardwestewyn, moarns om njoggen oere hast 10 graden, mar middeis om trije oer 12 graden. Ik seach fan ’e wike op mear plakken de blauwe wipsturtsjes ek wer. De beammen en tûken ûntjouwe har ek allegear wer, mar trochmekoar noch gjin bloei. Dat is wol goed ek, want der komme in pear kâlde nachten, en dan moat al dat moaie noch net bloeie. Bloei kin net oer froast, want bloei dy’t befriest, jout gjin frucht. Freedtemoarn wol drûch, mar wer in grize start, 8 graden mei noardewyn, rêstich waar.
Ik haw it noch net neamd; wêrom net? Dit kin hast net sa wêze. It koroanafirus yn in sucht de hiele wrâld oer. Is it eangst, nee, dit mei net sa wêze. Wy witte, dêr giet mar ien oer. Dûmny Ypma neamde snein de pleagen yn it âlde Egypte. Hjir moatte wy ek mar net oan tinke, mar de wrâld stiet hast wol op syn kop, en sa krekt foar de Peasketiid, mei syn sjongprogramma’s en dit meimekoar beleve, mar wa wit?
Hjoed sneon, de sinne komt skitterjend moai op yn in helder blauwe loft. Wat in moai begjin fan de dei, as jo nei bûten geane yn de kâlde eastewyn en jo dogge noch in pear stappen en steane dan yn de sinne, dan fernimme jo daliks de waarmte fan it machtige sinneljocht. Wat jout dat in moai gefoel. Wy hawwe gjin froast hân fannacht, de temperatuer wie hast 4 graden, mar oerdei wer 9, hast 10 graden, en dan fernimme jo, ja hjoed 21 maart, de maityd begjint hjoed echt.
Snein 22 maart, fannacht wol in kâlde nacht, mar gjin froast hjirre, de sinne komt wer op yn in helder blauwe loft, sa’n moaie blauwe kleur, jo kinne hast gjin moaiere betinke, it is sa gewoan, mar wol sa moai! Fan ’e moarn om 9 oere wie it by ús achterhûs alwer hast 7 graden. Moandei alwer in kâlde nacht hân, mar de sinne komt wer prachtich op, en fan ’e moarn om 7 oere wie it by ús achterhûs noch 1 graad boppe nul, it komt hjoed hielendal goed. Om 9 oere wie it alwer goed 3 graden mei in súd-súdeastewyn, en fan ’e middei waard it noch 11 graden. Mar fannacht hat it wol ûnder nul west, want hjir en dêr lei in skyltsje iis. Ien fan ’e reidhintsjes by de femylje Kooistra besocht it even, mar sakke dertroch. Dat ik dat seach, dan witte jo, de redens hoege net mear yn aksje en kinne bliuwe dêr’t se binne.
Tiisdei 24 maart fan ’e moarn hat de temperatuer wer leech west. Moaie blauwe loft mei sluierbewolking dy’t de sinne soms in bytsje tsjinhâldt. Temperatuer fan ’e moarn om 7 oere 2 graden, súd-súdwestewyn. De wyn wit net echt wêr’t er it sykje moat, want dan ek wer súd. En hjoed is it woansdei, mei sinneskyn yn in helder blauwe loft. It is wol fris, mar om 9 oere wie it ek alwer hast 5 graden. De wyn is no wol súd-súdeast, oerdei wurdt it alle dagen wol yn de dûbele sifers. Fan ’e middei achterhûs goed 16 graden mei de wyn dy’t nei it easten gongen is en dêr sit er op tongersdei noch.
De sinne komt 26 maart foar de safolste dei yn in helder blauwe loft op, fan ’e moarn om 9 oere goed 3,5 graden. It drûget sa, by sommige boeren rinne de kij oerdei alwer in pear dagen bûten, want gers is der wol, de kleur hat der net ôf west, en it is it winterskoft net fuortferzen, ek wol wer hiel bysûnder. Mar hjoed freed 27 maart in pikelkâlde start mei in hurde noard-noardeastewyn, temperatuer 4, 5 graden, gjin nachtfroast hjirre, mar ik hie it juster krekt oer de kleur fan it lân. Gers hat der net ôf west, mar as ik no it lân oersjoch, soe de kleur der no noch ôfgean? Mei dit kâlde skrale fel sinnige waar, ik tink it al, en it is ek sa. By ús achterhûs wurdt it wol goed 12 graden, mar dat is op ’e sinne. Yn it skaad op ’e wyn is it in oar ferhaal. De gefoelstemperatuer bliuwt fier ûnder de 10 graden. En sa is it hjoed sneon, in kâlde dei mei hurde oant stoarmige wyn, noch út it noard-noardeasten, sa út en troch komt de sinne der ek noch even by. De temperatuer komt net yn ’e dûbele sifers.
Snein 29 maart begjint mei in kâlde stoarmige wyn út it noard-noardeasten. It is by ús achterhûs om simmertiid 8 oere 5 graden, mar de gefoelstemperatuer komt hjir lang net oan ta. De sinne komt fan ’e moarn goed 7 oere op, mar skynt even letter yn in helder blauwe loft, wat in kâlde snein. Moandei 30 maart de ien nei lêste dei fan dit fearnsjier; it is hiel oar waar. Wêrom oars? De wyn is oars, komt no út it west-noardwesten, dêrom oars. It is fan ’e moarn hast 6 graden en dat is it dan ek, want de wyn docht net mear mei. Hjir en dêr is de foarbye nacht in drip wiettichheid fallen, mar sa no en dan komt de sinne derby yn in moaie blauwe loft. Sa oerdei is it 8, 9 graden. Nei in kâlde nacht mei lichte froast is it yn de moarn fan 31 maart by ús achterhûs yn de buorren om 7 oere krekt 0 graden mei wer wite dakken op ’e lijkant. Mar om goed 7 oere komt de sinne op yn in skitterjend blauwe loft, en siert alles wer op, en as wy dat sjogge en meimeitsje meie, ûndanks de koroana dy’t de wrâld hast kompleet yn ’e macht hat, wat is dat dan moai! It is blêdstil waar en de wyn sit yn ’e noardeasthoeke. It is om goed 9 oere alwer hast 9 graden. Middeis waard it noch goed 11 graden, mar op ’e wyn wie it kâld, ek al wie der hast gjin wyn. Oan alles fernimme jo dat wy fannacht wer in kâlde nacht krije. Mar dat sjogge wy dan wol.
Knilles Rusticus
Klik hier om het stuk te downloaden