DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl. 1 - 2022

Geplaatst op: 10-06-2022

It hâldt net op. (Afl.1 – 2022)

1 jannewaris 2022: gjin grize start; wol is der bewolking, en de wyn komt lykas juster, âldjiersdei, noch út it súdwesten. De temperatuer is 11 graden. Fan ’e middei hat de sinne ek noch even troch de wolken kipe, mar dêr bleau it by. Mar foar 1 jannewaris wie it in prima dei. Nei in nacht wêryn’t it buien binne wat de klok slacht, 19,5 mm, is it sneintemoarn. Dan komme der om goed njoggen oere ljochte plakken yn de loft en wurdt it droech. Dat hat ek de hiele snein sa west. Der stiet in hurde súdwestewyn en it is krapoan 10 graden. Dat wie it waarferslach fan de earste snein fan 2022. Mar op sneintejûn dochs noch buien, dat moandeitemoarn sit der wer 5 mm yn de mjitter. De loft is wer skjin en de sinne komt om ende by kertier foar njoggenen op, en dat is in moaie start fan de dei. De wyn, de echt hurde wyn komt noch út it súdwesten en it is dan 10 graden. It bliuwt hast de hiele dei sinnich. In moaie dei. Tiisdei is it hiel oars. De wyn komt no út de tsjinoerstelde rjochting; hy is no noardwest. Der is bewolking en it fielt daliks frisser oan. It wie ek mar 6 graden. Wy hawwe noch in lyts buike hân mei 1 mm rein, de wyn die it rêstich oan. Sa’t ik al sei, it wie wat fris, mar wol in goeie dei. Woansdei is it wer hiel oars. Nei in nacht mei stoarmbuien wurdt it gelokkich al ljocht, mar wat moat ik der fierder fan sizze? Wat is de natuer oerstjoer: 3 mm yn de mjitter, temperatuer 4,5 graad. Sa no en dan in bui mei soms wat hiele fine hagel, mar fan ’e middei ek in hiele moaie dûbele reinbôge. Mar gjin fytswaar dizze fyfde jannewaris. Nei in rêstige nacht is it tongersdei. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten. De loft is skjin op hjir en dêr in wolkje nei. Mar no en juster, it is wol in grut kontrast. Fan justermiddei en -jûn siet der noch 2,5 mm rein yn de mjitter en it wie fan ’e moarn nei de nachtfroast om njoggen oere alwer goed 2 graden. Sa’t ik al neamde, de wyn dy’t der wie kaam út it noardeasten. Mar in pear oeren letter, dat wie tsjin tolven, kaam er út it súdwesten. De ferrassings binne net fan’e loft. Mar meimekoar, de temperatuer hat net boppe de 5 graden west. Dochs hienen wy in goeie dei. Freed 7 jannewaris komt de wyn noch út it súdwesten en it hat ôfrûne nacht ek in bytsje wiet west soms. Fierder helder mei wat bewolking. De sinne komt noch hieltyd op om ende by kertier foar njoggenen. En dat bliuwt noch in wike sa. Mar stadichoan wurdt dat 4, 5, 6, en 8 minuten earder. It ûndergean fan ’e sinne is dan al wat mear as in healoere letter, en sa wurket it ûngefear. Wy hienen noch 1,5 mm wetter yn de moarntiid en it is fan ’e moarn 4,5 graden, de wyn is fris. Fierder oerdei goed waar, mar oan ’e ein fan ’e middei buien, en dat hat de nacht oer nei sneon ek sa west. Mar moarns is it wer droech en wat froastich; de wyn komt noch út it súdwesten en it is helder mei hjir en dêr in wolkje yn in wat rôzige loft. De temperatuer wie om njoggen oere krap 2 graden en der siet dochs wer 5,5 mm yn de mjitter. Fan ’e moarn hat it droech west, mar it wie wetterkâld. Fan ’e middei nei iten is it wiet wurden, en dat is hast de hiele nacht trochgien. Sneintemoarn is it wer droech; de wyn sit dan yn it westnoardwesten. Letter is er westsúdwest. Der sit 17 mm yn de mjitter en it is 6 graden. Al wer in plons wetter op it wiete lân. Op wat lichte stowers nei hat it hjoed goed waar west. Moandei in grize start. It kin net grizer. Lege bewolking en mist. Gjin 25 meter sicht, mar boppe dy grize bewolking is de blauwe loft. Dêr besiket de sinne syn ljochtstrielen al op, mar dat slagget echt net earder as nei de kofje. Dêrnei lost de mist stadich op en wurdt it alderprachtichst waar, mei de wyn wat út it suden en mei in temperatuer fan 2 graden earst en letter 6 graden. Tiisdei komt de wyn út it súdsúdwesten. Yn de nacht wol wat froastich, mar yn de moarntyd net mear. It is wat dizich ûnderom, mar boppe is de blauwe loft te sjen. Wol apart moai. Op de wyn is it izich kâld mei in temperatuer krekt boppe nul en dat hat hjoed de hiele dei sa west. Kâld, mar wol droech. Op nei woansdei. Dan is it itselde ferhaal: griis, mist ûnderom, boppe de helderblauwe loft. It hat fan ’e moarn wat froastich west, it dak fan ’e garaazje is wyt. Der is noch gjin wyn, it is hiel rêstich bûtendoar. It waarglês stiet hiel heech. As de mist oplutsen is komt der dochs wer wat wyn út it westen en it is hjoed fierder in hiele moaie dei. Wy hienen justerjûn noch 2,5 mm yn de mjitter, en de temperatuer wie oerdei 6 graden. Dan dit noch: de sinne oer it wide lân joech suver al wat in maitydsgefoel. De tongersdei begjint ûnder in grize bewolking, en de wyn komt út it súdwesten. Om tolve oere komt de sinne der ek noch by, en it wie doe al 7 graden. Wer in hiele moaie middei, itselde as juster. Nei in droege nacht begjint freed 14 jannewaris. De wyn komt no út it noardwesten en it is bewolke. Dat hat de hiele dei sa west. Letter op ’e middei reinde it der hiel licht út. Dêrmei in donkere dei. Sneon in grize start; de wyn dy’t der is komt út it suden, de temperatuer is 4 graden. Wy hawwe de sinne net sjoen. Doe’t it jûns donker waard, wie de mist fuort. Dit wie de sneon. Snein in grize start, de hurde wyn komt út it westsúdwesten. De temperatuer is 6 of 7 graden en op ’e middei krije wy ek noch in lyts buike mei 1 mm wetter. Dochs in goeie dei. En nei de nacht is it moandei mei in stevige westewyn en hjir en dêr in ljocht plak yn de loft, en dat is it begjin fan in hiele blauwe loft safier’t wy sjen kinne. Wat moai! De temperatuer is hast 9 graden. Ik haw de moanne prachtich opkommen sjoen yn it easten, en de sinne ûndergean sjoen yn it westen. It wie wer hiel bysûnder allegear dizze 17de jannewaris. Tiisdei in grize start, it is mist wat de klok slacht. Gjin mole, gjin toer, gjin fiifentweintich meter sicht. Wat in lytse wrâld. Mei in stevige westewyn fielt it kâld oan; de temperatuer is 6 graden. Op it ein fan ’e middei klearret it op en wurdt it sicht wer wat wider. Woansdei griis mei bewolking en in súdwestewyn. Letter waard de wyn westnoardwest en helle er echt oan, mei ek noch in bui. It wie wat hjerstich, mar dochs 6 graden. Wy hawwe de sinne net sjoen. It wurdt tongersdei mei in hurde kâlde wyn; de temperatuer is 4 graden, mei buien, de iene hjir de oare dêr, en sa út en troch komt de sinne der ek noch troch. Yn ’e middei sakket de temperatuer nei goed 2,5 graad troch dy hurde wyn. Foar de kommende dagen binne de berjochten posityf, en dat komt ek klear, want it waarglês springt ek wer foarút. Freed komt de wyn noch út deselde hoeke, mar hy docht it rêstiger oan. Wy hawwe fan ’e moarn de sinne even sjoen, mar it is meastal bewolke. Minder wyn en dêrtroch in hegere temperatuer, dy is 6,5 graad. De nacht oer hienen wy 2,5 mm wetter út de buikes. Fierder hjir in droege dei. Sneon begjint griis, de wyn dy’t der is komt noch út it noardwesten. De wyn dy’t der is wol sizze dat it net folle om ’e hakken hat. En sa bleau it ek. De sinne hat noch in pear kear besocht dertroch te kommen, mar dat wie it. De temperatuer wie hast 7 graden. Meimekoar in goeie sneon. Noch even oer it al langer wurden fan de dei, mar dit wurdt moarns noch net helle, want dit is fjouwer wiken nei de koartste dei, dan komt er om kertier foar njoggenen op. Mar middeis, jûns merke wy it wol, want op de koartste dei giet de sinne healwei fiven ûnder, mar middeis de 22ste jannewaris is it alwer 10 minuten oer fiven. De snein begjint. Yn de natuer is it rêstich. De wrâld safier’t wy dy sjen kinne, is ôfdutsen mei in grize bewolking. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten en sa is it de hiele dei. Fierder wol in moaie snein. Moandei alwer in grize start, en in hiele rêstige dei. It is droech en de temperatuer is 5,5 graad. Dat wie it foar hjoed. Ek tiisdei wer in grize start. De wyn sit noch yn it súdwesten. It is hjoed 4,5 à 5 graden en wy hawwe de sinne net sjoen. Mei in kâlde wyn en in gefoelstemperatuer fan 1 graad is it in kâlde dei. Woansdei, nei in rêstige nacht, komt de sêfte wyn út it súdwesten en dy makket it pikelkâld. Om njoggen oere kin de termometer mar krekt de 3,5 graad helje. Mar dochs krûpt de temperatuer middeis noch nei de 6 graden, ek al is it mistich. Op ’e neimiddei krije wy ek noch in glimke fan ’e sinne te sjen. Dat wie alles. Dus al mei al in kâlde dei dizze woansdei de 25ste jannewaris. Nei in nacht mei hurde wyn en wat buikes wurdt it tongersdei. Dy hurde wyn komt út it westsúdwesten en de temperatuer is om 11 oere 8 graden. De buikes hienen 1 mm wetter brocht. Oan it begjin fan ’e middei draaide de wyn nei it westnoardwesten. En dêr sit er op freedtemoarn noch, mar it waait wol minder hurd en de sinne komt der daliks by. It is 7,5 graad. De buikes fannacht leveren 1 mm wetter op. Wat kin dit hjoed in skitterjend moaie dei wurde. En dat hat ek sa west. Yn ’e rin fan ’e middei kaam der wat bewolking op en helle de wyn, no út it westsúdwesten, wat oan, mar it wie en bleau dochs in moaie dei. In grize start mei in stoarmige wyn út it westsúdwesten, sa begjint dizze sneon de 29ste jannewaris. En sa is it wer in grut kontrast mei juster. De wyn hellet op ’e middei ek noch oan. Mar it is net kâld, de temperatuer hat hjir ek krekt de dûbele sifers helle. De sinne hat in pear kear blonken, mar de bewolking oerhearsket. Alles meimekoar in ‘onstuimige’ dei en dêrmei, ik sis it wol faker, it is altyd wer oars. Jûns mei dy stoarmwyn ek noch buien. Nei in onstuimige nacht mei noardewyn en buien wurdt it op sneintemoarn in bytsje rêstiger. Gjin buien mear, en de sinne komt derby. It is net kâld mei de 7 graden dy’t it wurdt. De wyn wurdt noardwest, mar eins is der gjin wyn. Op ’e middei is it sels bledstil. Mar wat sizze de waarberjochten? Is it de stilte foar de stoarm? En dat hat al sa west. Yn de nacht nei moandei begjint it al. Mar de warskôgings fan stoarm wurde ek al gau wer ynlutsen. It bliuwt by in hurde noardwestewyn mei in temperatuer fan 7 graden. En wy hienen de nacht oer 6,5 mm wetter yn ’e mjitter. It bliuwt oant yn ’e jûn stoarmich waaien mei buikes. Op tiisdeitemoarn waait it noch hurd út it westen, en wy hawwe in grize wiete start. Middeis wurdt it droech en skynt de sinne ek noch even, mar it bliuwt de hiele dei hurd waaien. It is net kâld; de temperatuer komt oant om ende by de 7 graden en meimekoar hawwe wy 2 mm yn de mjitter. Mar wat in ûnlijige dei. Yn de nacht nei woansdei is de hurde wyn bekommen, mar de wyn dy’t der is komt út it noardwesten. It is heal bewolke en de sinne besiket om healwei njoggenen ek al om dertroch te kommen. Even letter komt er der hielendal by yn in helderblauwe loft. Oerdei giet de wyn nei it westen en wurdt it 8 graden. Fan ’e moarn betiid wie der noch in snjitter mei 1 mm rein. Wy hawwe hjoed de 2de febrewaris in moaie dei. Dan tongersdei in grize start, mei de wyn út it súdwesten. It is in kâlde wyn, mar echt kâld is it net. De temperatuer is 8 graden mei ek noch wat storein (1 mm). Wy hawwe de sinne net sjoen en al mei al wie it dêrmei in wat tryste dei. Nei in nacht mei hurde súdwestewyn is it freed. Mei wat wiette in grize, grize start. En buiïch waar. Wat sil dizze dei ús fierder bringe? Wat positive kantsjes moat ik hjirfan meitsje, en wol dat de sinne wol opkommen is, en ek alle dagen even earder, en hjoed alwer om kertier oer achten, en dat bliuwt posityf. Ik hearde dit fan ’e wike oer de sinne: hy stiet 1,5 miljoen kilometer fan ús ôf en hy is 40x sa grut as de ierde, dêr’t wy allegear op libje meie yn de waarme strielen dy’t er ús jout. En sa einiget myn ferhaaltsje oer dit allegear enoarm posityf. Noch even dit oer it waar hjoed. Sa’t ik al neamde, de hurde súdwestewyn fan ’e moarn, it buiïge waar brocht 9,5 mm wetter. De temperatuer wie fan ’e moarn 8 graden, fan ’e middei gie de wyn nei it noardwesten en siet der wiete snie yn it reinwetter en sakke de temperatuer nei 4,5 graad. Dat wie wol hiel bysûnder. Mei de wyn út it westen en in heldere loft mei hjir en dêr wat bewolking dêr’t de sinne wol trochkomt, begjint dizze sneontemoarn moai, en sa wie it ek fanút de keamer by de tafel, mar bûten kommend merke je al gau dat it gjin fytswaar is, want it waait al in heale stoarn. It is net kâld, de temperatuer is noch 6,5 graad en it is noch droech. Op ’e middei tsjin fiven wurdt it wiet en dat is trochgongen oant sneintemiddei goed 12 oere. Doe wie der 11,5 mm fallen en wie it noch 7,5 graad. De hurde wyn hat him de hiele snein fiele litten. Op ’e middei kaam de buiïchheid werom út it westnoardwesten. Dy naam ek kjeld mei, de temperatuer sakke dêrmei nei goed 4 g; as ik in sifer oan dizze snein jaan moast kaam dat net heal yn de dûbele sifers en bliuwt dus fier ûnder de 5. Om dochs wat posityfs te neamen, de waarberjochten foar de kommende dagen binne goed. Mar earst mei in kâlde noardwestewyn is it moandei. De oare kant fan dit begjin is, wy sitte ûnder in hast hielendal blauwe loft mei hjir en dêr in wolkje, en de sinne lit him ek al sjen, en dat hat hast de hiele dei sa west. It is echt net kâld mei 6,5 graad, mar de hurde wyn, dy’t letter op ’e dei omgong nei it westen, wie echt kâld. Wy hienen fan de buien fan justerjûn en fannacht noch 6 mm rein. En dy hurde westsúdwestewyn kin de ein net fine. De nacht oer nei tiisdei en it begjin fan dizze dei hâldt it net op. Dus sa begjint dizze dei mei hurde wyn en it is griis. Wol mei hjir en dêr in ljochtstreekje, mar net kâld. Wy hawwe ek noch echt even de sinne hân, en it hat de hiele dei 10 graden west. De wyn hâldt it fris; wol is it droech. Dy hurde súdwestewyn giet de nacht en ek woansdeitemoarn noch troch, yn in bewolke loft mei helderblauwe plakken. Oan de sinne komt it hjoed net ta, mar it wurdt al wer 8 graden, nettsjinsteande de wyn, want dy kâlde wyn waait je hast dwars troch alles hinne, mar dochs jout er op ’e neimiddei belies en is it om goed fiif oere hast stil. Hè, hè. Nei dizze goed wike mei echt hurde wyn en dit wurdt oeral field, sa ek yn de natuer. Doe’t ik fan ’e middei oer it binnenpaad fytste, seach ik en tocht ik: dêr binne se wer, en wol op dizze woansdei 9 febrewaris. Twa strânljippen. Moai om te sjen, en de gedachten geane dan nei de kommende maityd. Dan nei in nacht mei wat buikes is it tongersdei 10 febrewaris. De wyn dy’t der is, komt út it westsúdwesten. Mar it is hast stil, alles wat oan beam en struken sit, komt ta rêst. Op dizze grize start fan de dei sit der 3,5 mm wetter yn de mjitter, en it is 6,5 graad. Sa no en dan lit de sinne him even sjen, en yn de rin fan ’e moarn hellet de wyn ek wer oan, en dat giet yn de middei troch oant hurd. Al mei al dochs in moaie dei. De sinne kaam hjoed op om kertier oer achten, en gong ûnder om kertier foar seizen. Wy hawwe in stoarmige nacht, wat wylde buikes mei wat hagel. En dan is it freed mei dizze noardwester heale stoarm. Wer gjin fytswaar. Oerdei bekomt de wyn wer en lit de sinne him ek sjen. Wy hienen 1 mm wetter, en de temperatuer wie 6,5 graad. Yn ’e rin fan de middei klearre de loft fanút it noardwesten hielendal op en waard it wynstil. In nacht mei wintertemperatueren, -1, -2 graden, lit de wyn draaie nei it súdsúdwesten en lit him ek fiele. In kâlde start fan dizze sneon 12 febrewaris, mar wol mei in helder blauwe loft. Dêrom goait de sinne syn strielen by it opkommen, goed acht oere, der daliks yn. Mei in gefoelstemperatuer fan - 5 graden en dêr fernimme je noch oan dat wy yn de wintermoanne febrewaris sitte. Undanks de hurde wyn in goeie dei. Sneintemoarn wer in grize start, mei de wyn út it súdwesten. De sinne komt der ek noch by. Middeis giet de wyn mear nei it súdeasten, mar net minder hurd. De temperatuer bliuwt goed 8 graden. Ek is it snein in goeie snein. Mei in nacht mei hurde westsúdwestewyn is it moandei. It is in grize start dizze dei, mar wol droech. De temperatuer is hast 9 graden mei in stevige súdwestewyn. De sinne kaam der letter noch wol by. Ek mei dy stive wyn dochs wol in moaie dei. Yn de nacht wurdt it wat rêstiger, mar op tiisdeitemoarn begjinne de tûken fan de beammen starichoan mear te bewegen, en dêrmei komt dy stevige wyn fan juster ek wer werom. Mar it is noch droech, en de temperatuer is 7,5 graad. De sinne hat de hiele moarn skynd. Middeis berint de loft wer en begjint it te reinen, en dat giet troch oant woansdeitemoarn. Dan wurdt it wer droech. Wy hienen meimekoar 21 mm en it is 10 graden. Der sit hjir en dêr al in blau plakje yn de loft, mar de sinne sjogge wy net dizze moarntyd. It bliuwt al droech by in stoarmige westewyn. Noch wer in bysûnderheid yn de natuer. Dit stie fan ’e moarn yn ’e krante. Moandei arrivearre de earste skries op it Skrok by Wommels. ‘Murk Nijdam’. Ek dy bringt ús wer in stikje fan de maityd. Wat moai! In stoarmige jûn en nacht bringt ús op tongersdei 17 febrewaris. Ik sis stoarmich, mar it is echt stoarm en it giet de hiele dei troch. Yn ’e jûn bekomt it in bytsje. Wy hienen fan de foarbye nacht noch 1,5 mm wetter fan buikes, en it wie oerdei 7,5 graad. Yn de nacht nei freed wurdt it hast bledstil. Freedtemoarn begjint it wer, mei sudewyn. Middeis stoarmet it al. Dat giet troch oant de nacht fan freed op sneon. Dan nachts om twa oere bekomt it wat, mar sneontemoarn hawwe wy noch hurde wyn út it westsúdwesten en dat bliuwt de hiele dei sa. Ek yn de nacht nei snein, en dan mei buien en stoarmige wyn. It is in grize snein wurden mei rein en in oanheljende wyn. Middeis siet der al 10,5 mm wetter yn de mjitter, en it wie 9,5 graad. It wie al de tredde stoarm. It wie striemin waar, ek yn de nacht nei moandei stoarmich, wiet en griis. Wy hawwe yn de middei de sinne noch sjoen. Der siet sa oer de nacht wer 11 mm wetter yn ’e mjitter, en it waard middeis noch goed 7 graden. De hurde stoarmige wyn bleau de hiele dei. Ek de buien op ’e jûn wer. Yn de nacht nei tiisdei bekomt it en wurdt it hast wynstil of wat noch fan dizze seis dagen stoarmige stoarm oer is. De sinne blonk fan ’e moarn ek al. Even letter wie alles wer griis en dripte it sa no en dan. Ek de wyn helle wer oan. Wy hienen fan ’e moarn 3 mm yn de mjitter en it wie hast 8 graden en fan ’e middei helle de wyn noch mear oan en waaide it wer hurd. Earst súdwest en letter fanút it noardwesten mei buien en sa is dizze dei ek wer om, mei sober waar. Woansdei is it wer hiel oars. It begjint as in simmerdei. De sinne dy’t in pear minuten foar achten opkomt, docht dat daliks yn in helder blauwe loft, in grut kontrast mei de lêste dagen. De wyn dy’t der is, komt no wer út it súdwesten, mar hellet oerdei wer oan oant echt hurd. De temperatuer is hast 9 graden en fan justerjûn sit der noch 2,5 mm wetter yn ’e mjitter. In goeie dei. Tongersdei 24 febrewaris: aksje yn Oekraïne. Dat is hiel wat oars as in waarberjocht. De start wie al wat griis mei wer in stevige súdwestewyn. It wie 8 graden en wy hienen fan in buike 1,5 mm. Mar der kaam al in buiegebiet oan mei wiete snie en hagel en de temperatuer gong nei 4 graden. En sa is it altyd wer in ferrassing. Mar waar of gjin waar, de snieklokjes bloeie alwer prachtich. Dit noch wol even: dizze buien kamen wol út it noardwesten. En dêr sit de wyn ek freed de hiele dei, in hurde kâlde wyn by in temperatuer fan 4,5-5 graden. Wy hawwe enoarme driichwolken sjoen, mar folle wetter hat it net brocht. Nei in kâlde nacht mei wat froast is op sneontemoarn tsjin achten alles noch wiet en griis. It is mistich. Mar dan is de sinne der ek al en dêrmei is der tsjin njoggenen fan winter gjin sprake mear en is der neat mear fan oer op wat iis yn de sleatten nei. De wyn dy’t der is komt út it súdwesten, en de temperatuer is 8 graden. It is in skitterjend moaie dei mei in blauwe himel en hjir en dêr in wolkje. Foar snein, it wurdt itselde ferhaaltsje, mar no komt de wyn dy’t der is út it suden. In hurde, kâlde wyn. De temperatuer kin net heger komme as 7 graden. Mar oant yn ’e jûn is der gjin wolkje oan ’e loft. Dan berint dy en dat hâldt it friezen wer wat tsjin. Dat is wol goed, ik tink dat wy net mear op redens komme en it gas is al sa djoer, dus mar net mear tefolle frieskjeld. Want wy witte ek wol, wy binne in bedoarn folkje. Wy wolle al ferwaarme sitte. No ja, dêrom. Dan wer mei nachtfroast en dêrmei wite greiden is it moandei 28 febrewaris. Hjirnei ferjitte wy de wintermoannen, mar de wite greiden kinne wy noch net ferjitte, want dat kin oant mids maaie. wy sille sjen oft dat sa is, Dat witte wy oer de kommende tsien wiken dan wol. It kin, mar it kin ek net. It bliuwt in ferrassing. Dizze 28ste febrewaris begjint wer sa moai. In plaatsje. De wyn dy’t der is komt út it suden, en de sinne is der folop by. De greiden binne goed njoggen oere wer grien. De temperatuer komt oerdei oant 9 graden. Moarns betiid sit dy tichterby it friespunt troch dy nachtfroast. Mar de sinne is der moarns betiid al by en dy hat de temperatuer samar omheech. En dan is it tiisdei 1 maart, de earste dei fan de meteorologyske maityd. Dy begjint wat skier. De sinne hat it even besocht, mar de bewolking hat it wer tichtstrutsen. It is hjir no noch droech, de wyn komt út it súdsúdwesten, mar yn de rin fan ’e moarn hat it dochs sa no en dan wat wiet west oant mids de middei. It hat de hiele dei hast bledstil west. Wy hienen mei dy wiette 2,5 mm en de temperatuer wie hjoed 7 graden. Wy hienen in moaie dei. Dan is it woansdei 2 maart. It fielde wat fris, mar de wrâld wie net wyt, en wy koenen de sinne opkommen sjen. Dy hat de hiele dei syn waarmtestrielen stjoerd, mar koe de temperatuer net heger krije as 7,5 graden. Dat kaam omt de wyn dy’t der wie, út it eastnoardeasten kaam. En sa’t ik al sei, it fielde wat fris. Wy hienen wer in moaie dei. Noch even oer de greiden: ferline wike, dat wie noch ein febrewaris, sei ik by mysels: Soenen de greiden dizze wintertiid sa moai grien bliuwe? Dat soe wol hiel bysûnder wêze. Want der wurdt altyd útholden datt de kleur der yn dy tiid yn ien kear út giet en dêr is it al sa: wy binne no krekt maart en it moaie grien is fuort. It is de natuer dy’t dit docht: in bytsje winter, in bytsje skraal waar, en dat is no sa. Hjoed, tongersdei, fan ’e moarn is it al wyt, nachtfroast. De wyn dy’t der is komt út it súdsúdeasten mei in prachtige sinneopkomst yn in helder blauwe loft. It is wer dy frisse wyn dy’t it kâld makket. De temperatuer kin oerdei 8 graden helje, mar de hiele dei is de sinne derby. Foar de tiid fan it jier is it wer in moaie dei. Freed begjint wyt, froastich, mar wol rom. Even letter is it samar in lytse wrâld mei mist; hûndert meter sicht, wer wat oars. De sinne wie der earst noch. It is echt kâld mei de wyn dy’t der wie fanút it suden. Tsjin tsienen wie de temperatuer noch - 1 graad, yn ’e nacht - 3 graden, mar de gefoelstemperatuer wie -5 graden. Tsjin tolven wie it wer 2 graden boppe nul en midden op ’e middei. Pyt Paulusma sei justermoarn: As wy dit waar yn jannewaris hân hienen, dan hienen wy ride kinnen, mar helaas, wy binne hjoed 4 maart. En no snein 5 maart, nei in iiskâlde nacht mei froast en wyn dy’t der is út it súdeasten, en in skitterjend moaie sinneopkomst om kertier oer sânen yn in helder blauwe loft. Wat soe dit moai wêze yn in wrâld fan frede, mar safier is it noch net. Mar dêr’t dy wol is, sjoch it! Oerdei is it 8 graden wurden, en der komt wat bewolking en wat mear wyn út it eastsúdeasten. Dochs wer in moaie dei. Snein, om’t der sneontejûn bewolking oankaam, gjin nachtfroast, mar sneintemoarn hie de sinne gjin muoite om dertroch te kommen. Sa hienen wy in hiele moaie snein, mei earst de wyn dy’t der wie, út it eastsúdeasten. Letter middeis út it noardeasten. Mei de wyn no wer út it súdwesten is it moandei 7 maart, mei nachtfroast yn ’e nacht allegear wer wyt. Mar dat wie nei de sinneopkomst samar wer fuort mei de sinne yn in helder blauwe loft. Tsjin de middei siet de wyn yn it súdeasten en dêrwei kaam ek bewolking oandriuwen, mar letter op ’e dei kaam er út it noardeasten. Ik haw noait witten dat is sa soms gong mei de wyn, mar no’t ik it opskriuw, no wol: in dei mei de wyn oeral wei. It wie wat fris mei dy 7 graden,mar dochs wer in goeie dei. Dan is it tiisdei 8 maart. Nei wer wat nachtfroast is de wrâld wyt, mar sadree’t de sinne opkomt, is dat fuort. De stevige wyn dy’t út it súdeasten komt, makket it fris. It hat hjoed 9 graden west. Der wie hjoed soms ek wat bewolking, mar trochmekoar wie it in sinnige dei. Sa begjint ek woansdei wat fris, mei wat nachtfroast, mar dan, wêr’t de sinne ek mar skine kin, dêr skynt er yn in hielendal blauwe loft. Wat moai! De wyn dy’t der is komt út it eastsúdeasten. Wat kin dit hjoed in skitterjend moaie dei wurde. Om 12 oere wie de temperatuer al 10 graden en dat hat de hiele middei sa west. In bysûnder moaie dei. Sa begjint ek tongersdei sa moai, wy kinne it hast net moaier betinke. De wyn dy’t der is, komt út it suden en midddeis is de temperatuer 13 graden. De wyn hellet oerdei al wat oan. It is wer in moaie dei dizze tsiende maart. It begjin fan freed is alwer in plaatsje. Mar it waait stevich út it súdsúdeasten. De sinne is der de hiele dei by en de heechste temperatuer waard 12 graden. Nei in nacht mei in pear drippen en de wyn út it suden begjint dizze sneon wer mei ek wat sluierbewolking. Mar de sinne is ek wolris even hielendal fuort. De wyn kaam út it súdsúdwesten en op ’e middei wie de temperatuer hast 14 graden. Meimekoar in goede sneon. Snein meast bewolke, de wyn komt út it súdsúdwesten lykas juster, mar de temperatuer is hast 15 graden, en dat is heech foar de tiid fan it jier. In moaie snein. Moandei nei in rêstige nacht komt de wyn dy’t der is út it westsúdwesten. De blauwe loft sit achter in wolketekken, mar de sinne komt der tsjin de middei dochs by. De wyn hellet oerdei ek noch oan en de temperatuer wurdt oerdei noch 11,5 graad. It hat fan ’e moarn ek noch even storeind. Mar al mei al dochs in goeie dei. En dan is it tiisdei 15 maart. Dizze dei begjint mei bewolking, mar der sitte wol wat iepeningen yn de loft. De wyn dy’t der is komt út it suden en dan komt der dochs in buike oer. It hat wol in pear oeren dript. Dêrmei hienen wy goed 1 mm. Mei dy bui of dat buike draaide de wyn in heale slach en doe kaam er út it easten. Ek de sinne kaam der doe by en it waard noch 12 graden. Ek dizze tiisdei in goeie dei. Woansdei, 16 maart, gemeenteriedsferkiezingen. De dei begjint griis, mar tsjin njoggenen komme de earste sinnestrielen ek, en dat komt, sa lit de loft him oansjen, wol klear. It is fierder rêstich, de wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten. En it is klearkommen mei de sinne. Wol hellet de wyn oan, letter is er sels hurd, út it easten. De temperatuer hat noch 12,5 graad west. Dêrmei is dizze dei ek wer goed. Tongersdei is it wer in hiel oar ferhaal: in grize start mei in stoarmige wyn út it noardwesten. Wat moat dit hjoed wurde? It is krekt as mei de ferkiezingsútslach, in lege opkomst mei blide, ûngerêste en grimmitige gesichten. Wat moat dit de kommende tiid wurde, mar hjir daliks ek wer achteroan: wy hâlde hoop dat it goed komt. En dêr wie goed kofjetiid de sinne ek al en it is ek alwer 12 graden. Wy hienen de foarbye nacht 2,5 mm yn de reinmjitter. It waaide hurd, mar fierder in moaie dei dizze 17de maart. Freed begjint sa moai, mei foar it sinneopkommen troch it hiele easten in skitterjend moaie reade hoarizon, mei even letter in gouden sinneopkomst om tsien minuten foar sânen. Wat moai as je dit waarnimme meie, en dat ek dogge. De wyn dy’t der is komt út it easten en dêr sit er jûns noch, mei in temperatuer fan 12,5 graad. De sinne hat de hiele dei oant jûns 7 oere ta syn ljocht en waarmte jûn. Doe waard er achter de hoarizon wei. Ek dit wie wer in bysûndere dei. Dit hjir noch achteroan: juster ek al, mar hjoed wie dúdlik te sjen dat it lân, it fjild wer grien wurdt. Wy witte it no echt: de maityd komt deroan. Sneon mei de wyn út it easten, in kâlde wyn, wie de auto in prachtich ferfiermiddel. It wie in dei mei sinne, de temperatuer koe noch hast 10 graden wurde. Jûns in prachtich sicht op in folle moanne. Hy kleure suver wat. Snein begjint al sa kâld. wol mei sinne, mar mei in gefoelstemperatuer ûnder nul. Wer mei dy kâlde eastewyn. Snein wie dochs in moaie dei, mar kâld, nee fris, dat is der tichterby. Moandei 21 maart, dêr wie it echte begjin fan de maityd al, en dat wie fan ’e moarn betiid net te sjen. It like wol bare winter, alles om ús hinne wie wyt: de greiden, de platte dakken fan garaazjes, de beferzen autoruten, dus noch in temperatuer ûnder of by nul graden. Mar as dan om 7 oere de sinne derby komt, dan is fan winter al gau neat mear te sjen. Mar fris is it earst noch wol. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten en de waarberjochten binne: it sil hjoed hast einepikewaar wurde. Pyt Paulusma kin it net mear sizze. Hy sei dan soms: It moat noch. Dat sis ik dan no ek mar, mar it hat wol hiel moai waar west en de temperatuer hat hjoed 14,5 graad west. It wie bledstil, de wyn wist net wêr’t er it sykje moast, hy kaam oeral wei. Mar op ’e neimiddei is er wer yn it easten. Mei ûnderom wat bewolking komt de sinne op op dizze tiisdeitemoarn. De wyn dy’t der is komt no út it súdeasten. Mar oan de beammen te sjen is it wer bledstil. De wyn dy dwarrelet wat, want even letter komt er út it suden. Middeis komt er út it noardnoardwesten fan see. Dan is it samar in pear graden kâlder. Want oerdei wie de temperatuer 15 graden, mar dan 13 graden. Wy hienen hjoed de earste simmerdei mei op in pear plakken yn Nederlân 20 graden. Dêrmei in prachtige dei. Woansdei 23 maart begjint nei in rêstige nacht mei yn de moarn wat mist en wat dize, mar de sinne komt der wol troch. De wyn dy’t der is komt út it súdeasten, en dat hat de hiele dei sa west. Wat in moai waar mei in temperatuer fan 16 graden. Ek tongersdeitemoarn begjint wer skitterjend moai. It is wat dizich, de wyn komt út it easten en de sinne is der al by. It liket wer in hiele moaie dei te wurden. En dat hat ek sa west. It hat noch 14 graden west. De wyn gong yn ’e middei nei it noarden en dêr reagearre de temperatuer ek op. Mar wy hienen dochs wer in moaie dei. Ik kin foar freed itselde ferhaal opskriuwe, mei dit ferskil: it hat dizze nacht wat kâlder west, want der hat wat grûnfroast west. Fierder is it wer wat dizich en komt de wyn dy’t der is út it easten. De sinne hat de hiele dei aktyf west. It waard dêrmei noch 15 graden. Op ’e middei giet de wyn wer mear nei it noarden en wurdt it wat frisser, mar wat wer in moaie dei. Ik kin foar sneon wer sa’n moai begjin opskriuwe: ûnderom wat dizich, mar no komt de wyn dy’t der is út it noarden. De sinne is der folop by. Ek oer de natuer yn it fjild. Alles is hast wer werom fan fuort west: de strânljippen, de ljippen. Juster seach ik twa tsjirkjes, en ek de wetterfûgels. En dat allegear oan it Tsjommer binnenpaad. En as ik dan dêrlâns fyts, ûnder dy skitterjend moaie blauwe loft, dan sjong ik noch de wurden út Psalm 19 dy’t wy yn ús jeugdtiid leard hawwe. Fan ‘Het ruime hemelrond’ en wat der fierder folget. En ik sjoch noch mear fûgels, in spantsje skriezen, ek noch in pear bercheinen, en hjir flak by it doarp acht reidhintsjes en in spantsje merkels. En dan by de famylje Hoekstra om de pleats yn de grêft in bysûnder bûnt eintsje. It hat hast alle kleuren fan de reinbôge. Ferline simmer wie dizze ein der ek, en no wer. Ik mis noch ien, de ljurk. Mar dy komt noch wol. Dan is it sneintemoarn, in oere earder as juster, mar ek wer sa’n moaie start as juster. De sinne kaam wol op deselde tiid as juster op. Al is dit ek net hielendal wier, it wie oardel minút earder. De wyn dy’t der is komt fan ’e moarn út it noardeasten. Letter op ’e dei giet er dochs wer mear nei it noarden, dan wurdt it ek wer frisser. 11,5 graad, mear sit der net yn. Mar dochs in moaie snein, en it is mei dy oere oant hast healwei njoggenen ljocht. Sa sitte wy samar yn de simmertiid. Moandei 28 maart is it oars: in bewolke start, de wyn is wer weromgongen nei it easten, mar wyn is der hast net. Neffens de mole en de hoanne op ’e toer is dat sa. Middeis giet hy wer mear nei it noarden en wurdt it noch frisser. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen. Om trije oere hat hy even blonken, dat hawwe wy daliks fernommen. It hat noch even 13,5 graad west, en sa waard it krekt as juster oerdei gemiddeld 11,5 graad. Tiisdei 29 maart in grize start mei de wyn út it noardnoardeasten. It is hast bledstil en it bliuwt griis oant middeis 3 oere. Dan komt de sinne oant yn ’e jûn derby. It bliuwt fris hjoed; de temperatuer kin al 10 graden helje, mar mear net. Woansdei begjint de moarn hjir mei in kâlde wyn út it noarden. It is noch altyd droech, mar de sinne wol net trochkomme. Tsjin de jûn falt der hjir en dêr in drip út in buiïge loft. De temperatuer kin noch 7 graden helje, mar it is kâld. Dan tongersdei 31 maart, de lêste dei fan dit earste fearnsjier fan 2022. It waarglês dat de lêste tiid op ‘bestendig’ stie, fandêr dit moaie waar, stiet no op ‘veranderlijk’. We sille sjen wat dêr achterwei komt. De foarbye nacht hat it wat wiet west, en in grize start fan dizze dei, mei in hurde wyn út it noarden. De temperatuer is 2,5 graad, de gefoelstemperatuer -2 graden. Wy kinne sûnder mear stelle: it is binnendoarwaar. Middeis om 3 oere hinne is de temperatuer noch krekt boppe nul en falt der wiete snie. It is gewoan striemin waar (nee, net gewoan), wy hienen dit ferline wike net betinke kinnen. It wie ús korpsjûn, mar mei sokke waarberjochten foar jûn en fannacht is it advys: bliuw wêr’tst bist. It is yn ’e nacht nei freed wer droech wurden, mar froastich, want de hiele wrâld om ús hinne is noch wyt. Mar om dit ôf te sluten: maart hat foargoed syn sturt ‘roerd’.

Knilles Rusticus

Voor downloaden en printen; Klik hier.
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA