DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! afl.13

Geplaatst op: 27-09-2021

It hâld net op! afl.13

It is hjoed 1 april 2021, grutter kontrast mei juster kinne je net betinke. It wie bledstil waar, mei wyn út it súdwesten. De temperatuer wie boppe de 20 graden, de jas koe út. Simmer.

Sa wie it, mar helaas no net mear. Mei in hurde wyn út it noardnoardeasten en in temperatuer dy’t hast gjin 10 graden helje kin, kin de jas wer oan. Ein maart waar. Wy wurde dêrmei wer mei beide fuotten op ’e grûn set en geane wer fierder mei de oarder fan ’e dei. In frisse dei, mar Goedfreed is noch frisser. De temperatuer koe gjin 7 graden helje, wy hawwe de sinne net sjoen. Mar wol droech. Dochs strielet it grutte ljocht op ’e neimiddei noch even, mar it is kâld út it noarden wei. Stille sneon, noch it kâlde waar út it noarden.

Peaskesnein: fanôf seis oere koperklanken fersoarge troch Omrop Fryslân, dêrnei oant njoggen oere Prelude. Wat moai allegear! De natoer is hiel rêstich dizze moarn, ek de noardewyn. Mar it is noch wol kâld ûnder de hiel bewolke loft, de sinne komt op ’e neimiddei dochs noch even, mar der komt oar waar oan. De wyn kaam fan ’e moarn út it noarden, mar fan ’e middei tsjin seizen út it westsúdwesten, de temperatuer hat dochs noch 10 graden west.

Peaskemoandei in heale stoarm út it noardwesten mei sniebuien. Wat in waar dizze 5de april. De temperatuer koe krekt oan 5 graden ta komme, snie en hagelbuien jeie mei in rotgong oer ús wrâldsje mei yn gedachten 10 dagen lyn: sa moai, en no wer sa oars. Mar wy wisten wol dat it koe. En dan tink ik noch werom oan de tsjerketsjinst yn Jorwert sneintemoarn. Earst dit: wat in moaie tsjinst, super, en dan mei dûmny Hinne Wagenaar syn ferhaal ‘In nij begjin’. Dêryn neamt er: ik haw ferline wike ien swel fleanen sjoen, ek wer in teken, in nij begjin fan de maityd. Wat moai! En sa wie it hjoed tiisdei wer: it waait noch hurd út it westen, en yn hagelbuien in heale stoarm. Wat in waar wer op 7 april. De temperatuer koe oer de hiele dei gjin 4 graden helje.

Woansdei 7 april noch, mar no reinbuien mei in hurde wyn út it noardnoardwesten. De temperatuer 5 graden, mear siet der net yn. Tuskentroch ek noch wiete snie en hagelbuien. De tredde dei op ’e rige mei ek kâld waar. Tongersdei begjint rêstich mei westsúdwestewyn, mar oerdei komt dy wol wer, oant hurd ta. It is bewolke, mar ek de blauwe loft hawwe wy sjoen. De temperatuer hat dochs noch 8 graden west, mar de boppeloft bliuwt kâld; op 5 km hichte is de temperatuer -40 graden. Dêrmei wurdt it nachts ek hjir kâld.

Nei in droege nacht en in stevige westewyn is it freed. De loft sit hielendal ticht. Mar dat frisse en donkere waar hâldt de natoer net tsjin, want je kinne sjen oan beammen en strûken dat se tichter wurde, de knopkes ûntwikkelje har wol. Oer de dei is it rêstiger wurden en jûns is it hast bledstil, de hiele dei oer komt de wyn út it westsúdwesten, de heechste temperatuer hjoed is 7 graden en it hat op in pear drippen nei ek noch droech west.

Sa’t freed west hat, sa begjint snein; de mole draait al, mar mear net. It is noch bewolke, dêrmei gjin sinne, mar dy is der wol, en dan ek wer net, dus hjoed, sneon, net. Op ’e jûn begjint it wiet te wurden en de wyn komt út it eastnoardeasten en hellet oan. De temperatuer wie hjoed 7 graden en it hat de hiele nacht hast wiet west. En dan is it snein. goed njoggen oere wurdt de loft ljochter en wurdt it droech en de wyn jout him ek wat del. Mar hy is noch hurd út it noardnoardeasten wei. Bewolking en sinne wikselje elkoar ôf. Mei de wyn út dy hoeke hat it hjoed in frisse snein west. de temperatuer koe krekt 7 graden helje, mar de gefoelstemperatuer wie leger. En sa is it moandei ek; wat in ekstreem waar op dizze 12de april, mei de wyn út it noardwesten en mei hagelbuikes, en kâld! Kâld is it, de winterjas moat oan, en as de sinne achter de bewolking ferdwynt, moat ek de mûtse op. It is gewoan sa, dy hurde wyn fan de Noardpoal ôf bringt ús net folle goeds. De temperatuer is noch wer hast 7 graden, mar dêr komt de gefoelstemperatuer net oan ta.

Dan nei de hast winterdei fan juster, op tiisdeitemoarn gjin nachtfroast. Om goed sân oere komt de sinne al moai op. Der is ek bewolking, mar wer hiel oars as juster. Mar dit is noch wol itselde as je op ’e fyts bûtenút komme: dan blaast de noardwester noch wol foar út te kâlde Noardpoalwyn oer ús Fryske lân. De gemiddelde temperatuer foar dizze tiid is oerdei hjir 14 graden, mar bliuwt wol heakjen op 7 graden. Mar wy sille it dermei dwaan moatte. Op woansdei wol nachtfroast, de hiele wrâld is wyt, mar as de sinne om goed sân oere opkomt, is dat gau fuort. De wyn docht it wat rêstiger oan. Hy komt út it noardwesten en giet dêrnei nei it noardeasten. Dêrtroch is it minder kâld as juster. De temperatuer wie tsjin tolven 10 graden mei sinne en bewolking, en der sieten ek buien oan ’e loft. Noch wer in frisse dei, in kâlde dei. Tsjin sânen is de sinne der op dizze tongersdei 15 april folop by yn in blauwe, noch kâlde loft. De nachtfroastoanslach is dêrmei samar fuort. De wyn is ek alwer omgongen en sit no yn it eastnoardeasten, en dêrtroch allinne al fielt it minder kâld. Mar as it oerdei hurder begjint te waaien, wurdt it ek wer kâlder. It wie in droege dei hjir, en ek wol in goeie dei, mar al mei al kin de temperatuer gjin 10 graden helje.

Freed ek wer in kâlde start, mar tsjin sânen komt de sinne al yn in hielendal blauwe loft op, dy’t de nachtfroastkjeld gau oprommet. Mar fris(kâld) bliuwt it hjoed al, no’t de wyn wer yn it noarden sit: hurde wyn. De temperatuer komt net boppe de 10 graden mei dizze fierder sinnige dei. Yn de lijte yn de sinne kinne je wol bûten sitte, mar op ’e wyn moat de jas oan. Je kinne it ek oan de natoer sjen, it is net groeisum. Op plakken komt suver in reade glâns oer de skrale plakken. Sneon kin ik hast itselde skriuwe, want de wyn sit noch yn it noarden; wy sizze dan wol ris, hy koe dêr wol jongen hawwe. It is fierder prachtich waar, mar it is fris. De wyn makket it echt fris. Mar de temperatuer hat hjoed dochs 12 graden west.

Nei in wat mistige nacht, en ek noch mei nachtfroast, is it snein 18 april. Wy binne fan ’e moarn wekker wurden mei de koperklanken foar Omrop Fryslân en dêrnei it skitterjend sjongen en de mesyk fan it programma Prelude, dêr’t de minsken dy’t har jierdei hawwe, mar fierder ek minsken yn hiel Fryslân en fier dêrbûten enoarm fan genietsje. Wat moai! Wat begjint dizze snein moai. Dy klanken noch yn ’e earen kinne wy wer in wike mei foarút. No noch even oer it waar. It is in komplete sinnesnein, en it hie in komplete simmersnein wêze kinnen as de noardewyn net noch dy kâlde Poalwyn oer ús Fryske lân waaid hie. Dêrtroch moast de jas noch oan.

Nei in rêstige nacht sûnder nachtfroast is it moandei. De sinne komt fan ’e moarn om healwei sânen op yn wat wolkjes, en de wyn komt út it eastnoardeasten, en de temperatuer wurdt, sa’t ek al foarspeld wie, 15 graden. De temperatuer dy’t gemiddeld is foar de 19de april. En wat hjoed, tiisdei ús bringt, dat witte wy jûn it bêst. It begjint al moai, mar it is wat dizich. De wyn dy’t der noch is, komt út it eastnoardeasten. It is oerdei in simmerdei mei 18-19 graden, mar op ’e neimiddei giet de wyn nei it noarden en sakket de temperatuer sa hast 7 graden en moat de jas wer oan. It is noch wol droech. Ek de nacht oer nei woansdei, en dan sit de wyn yn it noardnoardwesten, en blaast de kâlde Noardpoalwyn wer oer de Fryske wrâld. Sa’t ik juster neamde, om tolve oere hast 19 graden, no is it 8, mar de sinne is der dochs wer by kommen. Mar troch dy wyn dy’t ik neamde, goed 8 graden mei in gefoelstemperatuer fan 4 oant 5 graden. Foar tongersdei itselde ferhaal. De stevige wyn is kâld; hy sit wer by syn jongen. Der sit hjir en dêr in blau streekje yn ’e loft, en dêrmei de kâns dat aansen de sinne der wol troch komt. En dat hat ek sa west. Op ’e middei klimt de wyn wat oant it westnoardwesten en hy is noch kâld,

Noardpoalkâld, want dêr blaast er wei, en dêrmei is it hjir hjoed 9 graden en net de 13-14 graden dy’t it wol wêze kin. Wêr komt dat fan? Wy sitte hjir yn Fryslân ticht by de kust, en oer dy flakke seeën dêr’t de wyn mei dizze krêft oerhinne waait, is gjin wjerstân. Der is gjin rem om dizze kjeld wat te kearen. Dêrom is de temperatuer yn ’e midden of yn it suden fan ús lân altyd trije of fjouwer graden heger, want wy hjir yn Fryslân hawwe dy kjeld al wat opfongen. It is ek wer simpel steld, mar sa sit it dochs wol wat yn elkoar. De nacht nei freed giet ek wer foarby sûnder nachtfroast; yn ’e moarn is it bewolke, mar wannear’t de sinne even de kâns kriget, dan is er der. De wyn komt út it noardwesten, mar docht it kalm oan en dêrom is de temperatuer nofliker, hast 11 graden. Middeis om 12 oere, en dat bliuwt de hiele dei sa, dan meielkoar mei dizze sinne in moaie dei oant yn ’e jûn.
Sneontemoarn begjint mei wat sinne en sluierbewolking nei dochs wer wat nachtfroast, hjir ek. De wyn dy’t der is, komt út it noarden en fielt fris oan. Op ’e middei hellet de wyn wer oan en fielt it frisser, mar de hiele dei is de sinne derby. Dêrtroch kin it dochs wer 11 graden wurde. Yn ’e lijte is it hearlik waarm, de pinksterblommen pronkje al wer yn de berm. Dat jout ek wer in goed gefoel. Alles komt wer. It is ek wer in droege dei, en dêrmei is it ferskriklik droech oaral. Op plakken wurdt al bereind, dêr is it al te droech. Nei in nacht mei wer gjin nachtfroast, mar wol kâld, is it snein. De hurde noardewyn docht der wer wat oan. It is de hiele moarn bewolke; dat jout ek in ekstra kâld gefoel, mar op ’e middei komt de sinne derby. Mar heger as 10,5 graden kin de termometer net helje.  Nei de nacht fan snein op moandei is de hiele wrâld wyt, nachtfroast. Tsjin achten is alles wer grien, de wyn dy’t der is, komt út it noardnoardeasten. De sinne is der folop by. Tsjin tolven is de wyn alwer werom yn it noarden en blaast de kâlde Poalwyn wer by ús oer it fjild en dêrmei bliuwt de temperatuer goed 9 graden.
Wer nei in nacht mei nachtfroast en alles wyt binne wy tiisdeitemoarn 27 april, Keningsdei. De Nederlânske trijekleur wapperet mei alles wat er hat, mei help fan de noardeastewyn, hjir fol op de heechste toer fan Fryslân yn Tsjom. In foto wurdich fanút myn rút fan de wenning hjir op Martenahiem, mei de sinne der dan ek noch folop by. Wat skitterjend moai! Middeis om tolve oerei, sa’t de hoanne hjir op ’e toer it oanjout, eastsúdeastewyn, wat in temperatuer jout fan 14 graden, sa’t ik niis al neamde mei de sinne der folop by. Wat in moaie dei. Dan nei de nacht de oare moarns, foar safier as ik de wrâld oersjen kin, liket it oan alles te sjen wer sa’n moaie dei te wurden. Sa’n moaie loft by it opkommen fan ’e sinne om kertier oer seizen; op sa’n momint krije je enoarm bewûndering foar Gods grutte natoer. De wyn dy’t fan ’e moarn noardeastlik is en rêstich, siket oerdei stadich it noarden wer op, wurdt wer krêftiger en dêrtroch wer kâlder. De temperatuer hat fan ’e moarn noch 13 graden west, mar kin op ’e ein fan ’e middei noch krekt 10,5 graad helje. Wy sjogge ek oan ’e loft dat der oar waar oankomt út it suden wei. Dêrtroch moat ek de sinne belies jaan. Dat der oar waar oan komt, hie ek it waarglês al sjen litten, en as der oar waar komt, soe dat wol hiel moai wêze foar de natoer. Want der is echt ferlet en it soe hielendal net slim wêze as der 10, 20, 30 mm wetter komme soe. Om dizze tiid fan it jier is dat gjin probleem.

Mar nei in droege nacht komme der de oare moarns tsjin njoggenen in pear drippen op it rút, fanút it noarden. Wy sille sjen wat dit wurdt mei de spreuk ‘Noarderrein sûnder ein’. Om fiif oere middeis, as it noch net droech west hat, sit der 16 mm yn de mjitter. It wie doe noch wiet. Moarn kinne wy sjen wat der noch bykommen is. Fierder is it in frisse dei mei goed 8 graden. De folgjende moarn, it is dan freed, sit der wer goed 2 mm yn de mjitter, dus wy hawwe hjir by Lyts Tolsum meielkoar 18 mm hân, en it is no hearlik waar. De wyn dy’t der is, komt út it noardnoardwesten. It is no 10 graden, mar no earst even werom: de sweltsjes binne der wer, en dat wie op woansdei 28 april. Doe’t de doar fan de wurkpleats iepen stie, wienen se al even binnen. Wer sa’n moai momint. En hjoed begjint de dei rêstich; de wyn is noch noardnoardwest, wat sinne, temperatuer 11 graden, op ’e middei is it wer oars. Mei noardeastewyn komme der reinbuien út it suden, de temperatuer sakket ûnder de 10 graden en dy buien út it suden jouwe dat der op sneontemoarn wer 3 mm yn de mjitter sit. De sneon bliuwt in droege dei, de wyn dy’t der is, komt út it westnoardwesten, en de temperatuer kin 12 graden helje. Dy earste maaie begjint wat fris, mar goed.

Snein is wer hiel oers. Yn de nacht al mei hurde noardeaste poalwyn wurdt kjeld oer Fryslân blaasd. Yn de lijte fan de bebouwing en yn de sinne is it goed, mar oars it it kâld en dêrmei is de 2de maaiedei te kâld foar de tiid fan it jier en kin de temperatuer gjin 10 graden helje, mar wy hâlde it derop dat it moaie waar deroan komt. Op ’e middei komt de wyn wer wat nei it westnoardwesten. Mar kâld bliuwt it. En dat is ek moandei sa, mei de hurde en soms stoarmige wyn, dan út it súdsúdwesten, en mei de sinne oerdei giet de temperatuer dochs omheech en kin dy 12 graden helje. Op ’e jûn berint de loft wer, want der komt min waar oan. En dêr is it al sa, nachts rein mei hurde súdwestewyn, en it is hartstikke nacht. Mar goed fiif oere moarns kriget de sinne alwer ynfloed en wurdt it stadichoan ljocht, en alle kearen hat it wol wat. Mar fierder, wat in komplete hjerstdei dizze 4de maaie. De hiele dei mei hurde stoarmige wyn út it súdwesten, mei soms reinbôgekleuren yn buiïge loften. Foar myn gefoel wat apart, sa hielendal ûnderyn de loft. Wat in waar foar sa’n dei!

Ek woansdei 5 maaie, befrijingsdei, wer fan itselde. It is in kopy fan juster, noch mei hurde stoarmige wyn, no wat út it westsúdwesten, en mei buien. Net dat je der daliks echt wiet fan wurde, mar by sa’n bysûndere feesdei, dêr past sok waar net by. Mar gelokkich is dat net oan ús. De temperatuer is om-ende-by de 10 graden, tusken de buien sjogge wy de sinne ek noch even, mar om dochs in pluspunt te neamen: it is no sa dat de natoer efter rint mei al dit te kâlde waar; dêrtroch steane beammen en struken noch net fol yn it blêd. Sadwaande hat it blêd net te lijen fan de stoarmige wyn.

Op ’e moarn fan 6 maaie is it krekt of bin ik yn in oare wrâld. It is bledstil nei fjouwer dagen hurde wyn en stoarm en trochelkoar 4, 5 graden te kâld foar dizze maaiedagen. As ik it net opskriuwe soe, soe ik it net leauwe. We sille sjen wat dizze tongersdei ús fierder bringt. De westsúdwestewyn dy’t der is, soarget foar in te kâlde dei.

Yn de nacht nei freed mei snie en hagel sit der op freedtemoarn wer 10 mm yn de mjitter. Wy sitte dizze earste dagen al op 45 mm wietichheid. Freed is wer in frisse dei mei in hurde westsúdwestewyn, mar it kin noch 10 graden wurde. De sneon begjint moai mei it sinne-opkommen en sudewyn, mar even letter wurdt it bewolke, en op ’e middei komt der rein oant yn ’e jûn. De temperatuer is 11 graden en de waarfoarspelling seit dat de temperatuer fannacht en moarn heger wurde sil, en dat is ek sa. De wyn dy’t der op dizze sneintemoarn is, komt út it suden. De sinne komt moai op yn in blauwe loft mei hjir en dêr wat wolkjes, mar dy wolkjes feroarje yn buiïge loften. De loft set oan op ferskate plakken om goed alve oere, en even letter wjerljochtet en tongeret it. It wurdt stil, mar even letter komt de wyn wer ergens oars wei mei in temperatuer fan hast 20 graden. Letter op ’e middei wurdt it noch 24 graden. It is groeisum, soms wat brodzich. Gerswaar!

Meielkoar hawwe de buien fannacht en hjoed 16 mm brocht. De nacht nei moandei mei in bui is goed foar noch 3 mm. De temperatuer nachts hat heech west. Fan ’e moarn om njoggen oere wie de temperatuer noch 19 graden mei hurde súdwestewyn en noch buiïge loften. Op ’e middei wurdt it wer droech en de temperatuer bliuwt goed 19 graden. It wie hjoed fierder wol in moaie dei.
Doe’t ik fan ’e middei oer de Slachte fytste, seach ik in ein mei, flechtich teld, 7, 8 piken en ek in merkel. Dy siet noch op it nêst, mar de pykjes kroepen al ûnder him wei. En sa: de natoer en de tiid geane harren gong.

En sa is it tiisdeitemoarn nei in rêstige nacht noch altyd rêstich. De wyn dy’t der is, komt út it noardeasten. It is hielendal bewolke en de temperatuer is tsjin de middei hast 19 graden. Yn ’e middei sitte der buien yn it westnoardwesten mei yn myn gedachten: dy krije wy hjir net, want de wyn komt út it noardeasten, mar wol dus. De wyn gong om yn dy bui en draaide hjir nei it noardwesten. Sa bin ik op wei nei Tsjom op ’e fyts, foar de wyn. Ik bin foarby de pleats fan Klaas Hoekstra, en dan fiel ik de wyn fan foarren kommen. Dêr hie de wyn út it noardeasten noch ynfloed. Dat wie wol in hiel aparte waarnimming foar my. In healoere letter begûn it hjir ek te reinen, in plensbui. Wy hienen op Lyts Tolsum 25 mm. Dat wie mei it waar fan justerjûn.

Woansdei 12 maaie earst wat bewolking ûnderom, mar al gau komt de sinne derby. De wyn komt no wer út it westen, nee, súdwesten. Ik hie better earst even de de hoanne op ’e toer sjen kinnen, mar sa is it.
Wat hie ik fan ’e moarn wer in moaie waarnimming yn ’e natoer. Ik wist in merkelnêst te sitten. Justermoarn en justermiddei kamen de aaien út en sadree’t dy pykjes der binne, komme sy ek al ûnder de mem wei mei har reade snaveltsjes. Mar it nêst siet wat tsjin de wâl oan en de foarbye nacht mei al dat reinen kaam it wetterpeil yn de sleat omheech, en dêrtroch wie it hiele nêst útelkoar dreaun en sa wie der gjin plak mear foar mem en fiif pykjes. En dêr sieten se fan ’e moarn. Kom ik hjir fan ’e middei wer lâns, hawwe de beide âlden dêrtsjinoer tsjin de wâl oan alwer in hiel nij nêst boud. En de pykjes, fiif stiks, sieten der alwer op. Dêr haw ik my wol oer ferwûndere. Wat in stikje soarch, wat in stikje natoer. Wat moai!
En sa geane wy nei tongersdei: Himelfeartsdei. As ik sa moarns betiid nei de loft sjoch, dan tink ik, wat sil dit in moaie dei wurde, en dat hat ek sa west mei fan ’e moarn earst dy noardeastewyn. Op ’e middei is de wyn nei it noarden gongen, en dan dit noch: it waard dêrtroch wol 3 of 4 graden kâlder, en dêrmei koe de temperatuer noch krekt 12 graden helje. It wie in moaie dei yn de lijte, mar op ’e wyn fris. Mar wol in droege dei. Sa is it mei de nacht ek. Mar wol in grize start fan de nije dei, mei de wyn noch út it noarden. In droege dei, en wy hawwe de sinne net sjoen.

Ek sneon wurdt it wol ljocht, mar it is in grize boel, en it is fris salang’t de sinne ôfskerme wurdt. 10 graden, mear sit der net yn. Mar as de sinne middeis frij komt, giet de temperatuer samar nei 18 oant 20 graden ta en dan is it hearlik waar. En it bliuwt op in pear spatten nei de hiele dei droech. En dêrmei hawwe wy in moaie dei dy 15de maaie. Wy binne de nacht nei snein net droech trochkommen. Dan ek noch allegear donkere buieloften, en dêr hat it ek út reind. Mar it wie net kâld mei dy súdsúdwestewyn.

En dan is it moandei 17 maaie, de flage stiet wer op ’e toer yn Tsjom. Keninginnedei. Máxima wurdt 50 jier. Wy binne allegear wol in bytsje grutsk op sa’n moaie keninginne. As it waar him dêr no wat by oanpasse soe, soe dat wol hiel moai wêze. Mar it is no hast njoggen oere en ik haw noch gjin glimp fan ’e sinne sjoen, mar... alles wat net is, kin noch komme. En wol kommen, mar net sa lang. It hat fan ’e moarn wol wiet west. Meielkoar hienen wy oer juster en hjoed 12 mm. It hat 14 graden west. Fan ’e moarn wie it bledstil, de flagen hongen wiet lâns de stok, de hoanne op ’e Tsjommer toer wist net wêr’t er it sykje moast. Hy gie it hiele suden troch. Fan ’e middei kaam der wat mear wyn, doe koe hy dochs noch yn it westnoardwesten bedarje.

Nei in droege nacht is it no tiisdei, in rêstige start mei sinne, mar ek bewolking. De wyn komt noch út it westen en de kastanjebeam stiet prachtich yn bloei. It is hjir droech bleaun, de buien gongen om ús hinne. Ek de nacht hat gjin wietichheid brocht. Woansdeitemoarn betiid wat mist, letter bewolking mei gatten dêr’t de sinne ek wat troch kaam. Rêstich waar mei súdwestewyn, yn ’e rin fan ’e middei buieloften. Yn it súdeasten mei tongerkoppen derboppe. Dêr hat it ek reind, mar hjir net. Ek in droege nacht nei tongersdei. Wat mear wyn as juster; hy komt no út it súdwesten. De sinne is der moai by; yn de lijte is it hast 20 graden, mar op ’e wyn moat de jas oan. Dêr hâldt it mei 12 graden wol op. Op ’e middei noch in licht buike. Al mei al gjin 20 maaie waar. Mar hjoed is it 21 maaie en no is it hielendal gjin waar. Gewoan stoarmwaar, de temperatuer is 12 graden, de loft stiet soms as in brijwein. Fannacht hat it wat wiet west en hjoed ek in bytsje. gewoan min waar. De nacht nei sneon is in werhelling, wer in nacht mei hurde wyn en wiet, de moai bloeiende kastanjebeam is op ’e wynkant neat mear fan oer. Wat in waar. Ik sil sjen hoe’t it hjoed fierder giet. It waait noch mei in hurde wyn út it súdwesten, mar it is no droech. De sinne komt sa no en dan ek noch. Fan justerjûn en fannacht hienen wy 10 mm wetter yn ’e mjitter. Mar it wie wer in stoarmdei mei letter op ’e middei buien. De temperatuer koe krekt 12 graden helje, en dat is kâld, want de gemiddelde temperatuer foar de 22ste maaie is 19 graden, mar wy kinne der gelokkich neat oan dwaan. Want grutter kontrast kin ik my hast net foarstelle.
Sneintemoarn goed seis oere wurd ik wekker mei skitterjend moaie koraalmesyk foar Omrop Fryslân en blinkend kleare sinneskyn de sliepkeamer yn, mei bledstil waar nei goed twa dagen en nachten stoarmich waar. Mar noch even oer it sjong- en mesykprogramma foar Omrop Fryslân fan seis oant njoggen oere: dat is foar ús it sjongfestival. Wat moai!

Mar dat bledstil waar, as der buien oan ’e loft komme, komt de wyn ek wer, en sa hat it hjoed west: in buike en hurde súdwestewyn mei hjir en dêr in plaske wetter op ’e dyk en noch in grize boel. Mar justermoarn hawwe wy sjoen dat it noch wol oars kin, en dêr hâlde wy it op. Mar middeis komt de sinne der ek noch by, mar ek enoarme buieloften. It bliuwt wol droech hjir op in pear drippen nei. It wurdt noch 16 graden en jûns wurdt it wer bledstil. En moarn, tiisdei 25 maaie, sjogge wy wer.
Nei in buiïge nacht siet der fan ’e moarn om njoggen oere 12 mm yn de mjitter, en juster meielkoar 8 mm. Dat wie alwer 20 mm. It is in enoarme wiete boel. De temperatuer oer dizze tiisdei kin 12 graden helje; dêrmei in frisse dei. De nacht nei woansdei ferrint rêstich en droech. Ek de moarn, mar yn de middei wurdt de loft yn it súdwesten wer buiïch en hellet de wyn dêrtroch ek oan, oant hurd. Op ’e middei wurdt it wer wiet, ek jûns noch. Al mei al is it wer in kâlde dei dizze 26ste maaie. De temperatuer kin 11 graden helje; dat is wol hiel kâld foar de tiid fan it jier. Greide- en wetterfûgels hawwe muoite om har kroast in bytsje op temperatuer te hâlden. De bijen komme net op de fruitbeammen ôf om de blomkes te befruchtsjen. Mar it positive is dat it goed komt, want der komt moai waar oan. Mar safier is it no noch net.

Nei in reinige nacht is it tongersdei, mei ek noch hurde noardwestewyn. Wy witte it, it kin hurd feroarje, mar it is no noch kleare hjerst. Oer de nacht oant fan ’e moarn hienen wy hast 10 mm yn de mjitter. Fan ’e moarn mjit de temperatuer 9 graden, fan ’e middei koe it noch 12 graden wurde. Mar it fielt al wat oars, it waarglês nimt in sprong foarút, der komt feroaring oan. En dêr is it al sa op freedtemoarn: de sinne komt moai op en bliuwt der ek by, mei ek hjir en dêr in wolkje. Rêstich waar, de wyn dy’t der is, komt út it noarden, en dêrtroch is it yn de lijte noch it bêste plakje. Mar yn ’e jûn is it wer oars. Dan is de wyn east, dan komt er mear oer it lân en fielt it daliks oars.

Mar fan ’e moarn, sneon, kaam de wyn wer út it noardwesten en de bewolking wie kompleet dêrwei, mei sa no en dan in glim fan de sinne wie it dochs lekker mei 17 graden en fan ’e middei 18 graden en droech waar. In moaie dei dizze 29ste maaie. En sa begjint snein ek wer: kompleet bewolke, mar yn ’e rin fan e moarn moat de bewolking belies jaan en skynt de sinne yn in hiele moaie blauwe loft. Dêrmei is de temperatuer ek al gau op 18 graden yn ’e lijte, op ’e noardeaster bliuwt it fris.
Moandeitemoarn sit alles ticht mei mist. De ferrassingen binne net fan ’e loft. Potticht mei noch gjin 20 meter sicht. Mar letter op ’e moarn kaam de sinne der alwer by. De temperatuer wie 17, 18 graden en de wyn kaam út it eastnoardeasten. Dat betsjut, bedoel ik, dat de temperatuer wer omheech giet. Wer in moaie dei; nei de middei hellet de wyn altyd wat oan. Dêrtroch komt de simmertemperatuer noch net, mar mei súdeastewyn hjoed 1 juny wol. Fan ’e moarn om healwei seizen kaam de sinne al prachtich moai op, strieljend yn in skitterjend moaie blauwe loft. Yn dizze natoer mei de beammen folop yn it blêd mei alles wat bloeie kin yn bloei, as je dat allegearre sjogge, wat moai, wat moai! Wy hawwe in hiele moaie dei hân dizze 1ste juny, de jas koe echt út, mar jûns of middeis om 5 oere moast er wer oan, want de wyn bedarre yn it noarden en dat fielt wer hiel oars. Mar dochs hawwe wy in echte simmerdei belibbe mei 23 graden, mar mei dy hurde wyn út it noarden noch 18 graden. Mar woansdei sit de wyn yn it noardeasten, der is bewolking, mar ek blauwe streken yn ’e loft. Jan Jonkman die it waarberjocht foar hjoed. It klinkt wer oars, mar ek goed. Hiel moai waar foar hjoed fierder, de wyn giet wer nei it súdeasten en de temperatuer is 22 graden. Tongersdeitemoarn betiid begjint moai, mar al gau komt der bewolking. De wyn komt no út it noardwesten, mar letter út it westsúdwesten. De temperatuer is 23 graden. Wat wer in moaie dei.
Ek freed begjint moai mei westewyn en in wat skiere loft dêr’t de sinne soms trochhinne komt. De temperatuer wie fan ’e middei 25 graden. Letter gong de wyn wat nei it noardwesten, dat fielde wer wat frisser, mar wer in hiele moaie dei oant yn ’e jûn. Letter naam de bewolking ek wer ta, dat kaam, der kaam in buiegebiet oan.

It is oan de moarntiid fan sneon droech bleaun, mar om healwei seizen reint it, en ek net in bytsje, mei plensbuien. Om acht oere sit der 55 mm wetter yn de mjitter; dat hawwe wy noch net sa faak meimakke; oeral plassen op it lân, de sleatten steane allegear op ’e wâl, de Tsjommer feart is hast 15 sm omheech kommen. Ekstreem waar. Fierder is it hjoed goed gongen, op in pear drippen nei. Wy hawwe ek de sinne noch sjoen, en dêrmei dochs noch in moaie dei.
Snein 6 juny start ek mei bewolking en in stevige wyn út it noardwesten, in frisse wyn. Mar as de sinne dertroch komt, is it klear. Op ’e neimiddei giet de wyn wer mear nei it noarden en wurdt it frisser, mar yn ’e lijte is it hearlik om te sitten. Alwer in moaie dei.

Yn in heldere loft komt fan ’e moarn om healwei seizen de sinne der daliks by dizze moandei de 7de juny. Mei noch twa wiken foar de langste dei. Altyd wer in momint om even by stil te stean. En wêrom? It is nochal wat, dan giet ús grutte libbensboarne alle dagen wer wat fierder by ús wei, en dat is it momint wol even wurdich. Hjir daliks achteroan: wat is it moai dat dit sa allegear foar ús regele wurdt. Mar no noch wat oars. De Tsjommer feart rint by Lyts Tolsum lâns, en dêr dreau in snoek fan wol 1 meter lang. De jeugd even sjen yn it boatsje. Doe noch in eintsje farre, en wat seagen sy dêr? Allegear deade fisken: snoeken, karpers, brazems, mar ek lytse. Dan komt de fraach algau hoe’t dat kin. It antwurd wie: te min suerstof yn it wetter, en wêr’t dat fan komt? De bui fan sneontemoarn mei 55 mm yn twa oeren, en op plakken noch mear. It gemaal by Lyts Tolsum hat hiel lang trochdraaid om it sleatswetter wer fan it lân te krijen. Ik neamde al it peil yn de Tsjommer feart. Dat wie wol 15 sm omheech kommen, en dat is tefolle fan it goeie yn sa’n koarte tiid. En no even de rekkensom: it himelwetter skynt gjin suerstof te befetsjen en moat him earst ferminge mei it sleats- en feartwetter, en dat giet wol mei in gewoane bui, mar net mei dy plenzen wetter. Wy moatte dat fierder mar net trochtinke.

No fierder mei hjoed. Wer in moaie dei. Yn de lijte yn de sinne is it simmer, mar op ’e stevige noardnoardeastewyn kin de jas wol oan. Dan in nacht mei mist, mar om goed njoggen oere op dizze tiisdeitemoarn komme de sinnestrielen der dochs troch, en sa’t de berjochten binne, it sil in hiele moaie dei wurde.
Noch even oer de deade fisken yn de Tsjommer feart by Lyts Tolsum, mar hjir net allinne. Wy hawwe it wetterskip derby hân. Meardere plakken yn Fryslân mei allegear deade fisk. It probleem is wol te leech suerstofgehalte. Wat is dêr de oarsaak fan? Mei dy buien fan sneontemoarn 5 juny hat it lij wetter eaze, de wettertemperatuer is dêrmei nei 23 graden gien en dat is ek mei de oarsaak fan alles. Mar it is wol hiel tryst. Alles dea, fan in snoek fan in goeie meter oant wytfisk fan 10 sm. Alles dea, echt djiptryst.

Mar it is hjoed in prachtige dei, de temperatuer om-ende-by 22 graden en de wyn, dy’t der is, komt út it noardeasten. De jas hoecht net oan op’e fyts nei hûs. En sa begjint de woansdei al sa moai; gjin mist, in moaie sinne-opkomst om tweintich oer fiven, de wyn dy’t der is, komt út it súdeasten en middeis út it súdwesten. In hiele moaie dei wer mei 23 graden. Mar dan dochs mar wer even nei de deade fisk yn de Tsjommer feart, want je reitsje dat byld hast net kwyt. De Tsjommer feart by Lyts Tolsum rint fan Boalsert nei Frjentsjer of oarsom, mar krekt hoe’t de streaming is. Oan dat wetter lizze doarpen, mar ek stêden, en mei dat fûle reinen kin de riolearring it net oan, en wat der op sa’n momint te folle is, wurdt allegear oerstoart op it bûtenwetter, de grutte wetterlopen, troch Fryslân. En dat is ek in hiele minne sitewaasje, al dy troep dy’t wy meielkoar fuortspiele. Wer sa’n punt: wat moatte wy dêrmei, en ik tink by mysels: dit kin dochs net sa trochgean?

Wat wol trochgiet, dat is it moaie waar. Fan ’e moarn wat de sinne oangiet in kopy fan juster. Wat in moaie dei, mei de wyn út it súdwesten. Freed 11 juny wer oars. Under in grize loft, om goed 9 oere komme der al ljochte plakjes yn, de wyn komt út it westsúdwesten, mar de sinne hat it hjoed dreech. Wy hawwe him hast net sjoen. Mar de temperatuer is goed mei 22 graden. Wat in moaie dei!
Wat seach ik fan ’e wike oan it binnenpaad nei Tsjom? It wie 10 juny, trije strânljippen wêrfan ien in jongen-ien wie. Om de datum kin it wol. En dêr wie er, wat moai om te sjen, want ik hie oars noch net sjoen as pearkes strânljippen nei it meanen.

It is hjoed 12 juny, mei in hurde noardwestewyn. Wat in frisse start. Letter op ’e dei giet de wyn nei it westen en bekomt it, mar it is in bewolke dei, mar 19 graden, dat is it hjoed. Sneintemoarn is it wer oars, de sinne komt moai op, en de hiele dei hat er derby west; mei in westewyn docht it fris oan, mar yn de lijte is it simmer. Letter op ’e snein giet de wyn al nei it súdwesten, en sa oer de snein 21 graden. Nei in heldere nacht komt de sinne ek wer op yn dy heldere loft. De dei ferrint fierder mei wat sluierbewolking en in stevige súdwestewyn, wat meielkoar de simmerwaarmte wol wat tsjinhâldt. En op ’e middei giet de wyn troch it westen nei it noardwesten. Hy swakket ek wat ôf. De temperatuer yn de lijte wie hjoed 23 graden. Wy hienen op dizze moandei in moaie dei.

Mei sinne en bewolking is it hjoed tiisdei 15 juny. De sinne is fan ’e moarn yn dizze simmermoanne opkommen om kertier oer fiven, en de wyn komt út it noardnoardeasten, de wyn, ien fan de ûnderdielen fan it waar. Dy hâldt it skitterjend moaie beammegrien altyd yn beweging, wêr’t er ek mar wei waait. Wat moai! In moaie dei mei 22 graden oant de jûn ta. Woansdei in kopy fan juster, mar de wyn komt út it súdeasten en de temperatuer is tsjin de middei al 25 graden. Op ’e neimiddei siket de wyn it westen wer op, dêrmei komt hy wer oer it kâlde seewetter en wurdt it wat frisser. Mar wat in moaie dei. Ik hâld de wyn yn ’e gaten, en dy is yn ’e jûn noardeast. De wyn, wy sjogge it, is altyd wer oars.

En dan is de nacht nei tongersdei ek alwer om. Hat it wol echt nacht west nei dizze 17de juny? Ik tink fan net, want fan ’e moarn om kertier oer fiven lei der al wer in skitterjend moaie reade bol op de hoarizon yn it easten, kompleet rûn mei niks derfoar; gjin bosk, gjin bergen, gjin heechbou. Je witte dan tagelyk dat de bol dêr’t wy op libje meie, rûn is. De earste kear yn myn hast 87-jierrich libbentsje dat ik dat sa waarnimme mocht.
Hjoed komt moarns de wyn út it suden; wat moai as der wat wyn is, oars hie it echt waarm west. De temperatuer wie niis tsjin tolven al 30 graden, mar op ’e middei giet de wyn nei it westen en hellet er oan en dan sakket de temperatuer samar 5 graden.

Freedtemoarn reint it, de wyn komt út it súdeasten en der sit 9 mm yn de mjitter, en de temperatuer is ek noch 22 graden. Tsjin njoggenen wurdt it droech, mar op ’e jûn binne der buien (ek plensbuien) mei tonger en dat is it bysûndere wer fan tongerbuien, se geane har eigen wei, want sy kamen út it westen.  Nei in nacht mei sa no en dan in pear drippen is it sneon 19 juny. It is bewolke mei in hurde wyn út it westen, de temperatuer is 21 graden. Tsjin de middei is de wyn alwer súdwest; mei dy buien fan justerjûn siet der 35 mm yn de mjitter. Op ’e neimiddei giet de wyn wer nei it súdeasten. It hat hjoed goed waar west, mar de berjochten sizze der komt wer in buiegebiet oan fanút it súdwesten. Dat buiegebiet is hjir wol oerkommen: 15,5 mm. Mei in hurde noardnoardwestewyn kin de temperatuer op dizze snein noch wol meidwaan. It waard noch 22 graden. Mei bewolking, mar ek faak mei de sinne derby.

De nacht nei moandei is it noch droech, mar yn ’e moarn begjint it te reinen út it noardeasten. Op de 21ste juny, dat de langste dei fan 2021 wurde moatten hie, mar helaas, dat wurdt him no al net mear. Wy hienen fan fan ’e moarn betiid ôf oant fjouwer oere fan ’e middei 13 mm, mei no noardnoardwestewyn. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen en it wie mar 13,5 graad. Foar de earste oan de datum echte simmerdei is it begjin wol wat sober, mar it is sa! Ek de 22ste juny begjint mei sinne, mar dan komt der bewolking, en de wyn, de stevige wyn, komt noch út it noarden. De temperatuer is 13 graden. De sinne wie der geregeld by, en yn ’e lijte wie it dan lekker waarm. Fierder in frisse dei.  Mei in dik pak bewolking wurdt it woansdei wol op ’e tiid ljocht, de wyn dy’t der is, komt noch út it noarden mei in temperatuer fan 14 graden. Nei fjouweren komt de sinne ek noch, mar de noardnoardwestewyn is gewoan fris, en de temperatuer kin dochs noch hast 16 graden helje. De nacht oer mei rêstich waar is it tongersdei. De wyn is wer wat omgongen nei it noardnoardeasten. De sinne wie der fan ’e moarn betiid al by. Letter kaam der wat mear bewolking. Wy kinne de fakânsjebroek mar wer klearhingje, want de berjochten sizze dat it snein alwer 24 graden wurdt, simmer dus. Freed is wer oars. De wyn is in heale slach omgien en is no súdsúdwest. De sinne kaam fan ’e moarn om tweintich oer fiven op, ik haw dizze as in prachtige reade bol op ’e hoarizon lizzen sjoen, mar dêrnei kaam der al gau wer bewolking, en dat hat de hiele dei sa west. Fan ’e middei ek noch motrein. Gjin heawaar dus. Mar de temperatuer wie goed. Op sneon ien grize loft, bledstil en dat op 26 juny. It is altyd wer in ferrassing, wy kinne alle moaie waar derby betinke, mar dit is it earst even. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdeasten. Fandêr dy temperatuer fan 22, 23 graden. Yn ’e middei hellet de wyn wat oan en dan komt er út it noardeasten, mar de temperatuer bliuwt goed.

Sneintemoarn waait it noch hurd út it noardeasten, it is licht bewolke, mar de sinne komt der trochhinne en dat hat de hiele snein sa west. Mar dochs wol in goeie dei. En dan is it moandei 28 juny. De wyn waait noch altyd út it noardeasten. Dy foarkomt de buiïchheid út it súdwesten hjirhinne, want dy buien komme noch alle dagen net heger as midden-Nederlân. Fierder hjoed in sinnige dei mei in temperatuer fan 22-26 graden. Op ’e middei komt ek hjir de bewolking en lit de sinne it witte. Ek de wyn giet nei it noarden. En dêr sit er tiisdeitemoarn noch. Ien grutte wolkekoepel leit oer ús hinne. It reingebiet sit ek al boppe Fryslân. Op in pear drippen nei is it hjir noch droech, en dat is middeis om ien oere, en de temperatuer is 18 graden. Mar om healwei trijen wurdt it hjir ek wat wiet út it noarden, en dat is wer in noarderrein sûnder ein wurden, want it is fan ’e moarn woansdei de 30ste juny goed sân oere wer droech wurden. Dan sit der 45 mm yn de wettermjitter. Wat wer in plons wetter. Oerdei is it te sjen yn feart en sleat. In frisse dei mei 14 graden en dat op 30 juny!

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden

 
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA