DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl.11)

Geplaatst op: 27-01-2021

It is hjoed 1 oktober; dêrmei leit de simmer alwer 9 dagen achter ús. Wat it waar oangiet, hawwe wy in moaie simmer hân, mei no noch in temperatuer oerdei fan 15 oant 18 graden. Hjir kinne wy it de kommende hjersttiid wol mei úthâlde. Wat oars, it is koroanatiid wat de klok slacht. Dat liket net goed te gean. Mar it waar: de wyn waait út it súdsúdeasten. Dêr is neat mis mei. Sa ferrinne dizze earste dagen fan oktober.

Op ’e middei fan sneon 3 oktober berint de loft en komme der buikes oer.
Sa sit der op sneintemoarn goed 8 mm yn ’e mjitter. De wyn dy’t der waait, komt noch út it súdeasten, en it is moarns tsjin achten 12 graden. Mar dan brekt de loft en komt it moaie blau wer yn ’t sicht. In drûge snein mei hurde wyn, de temperatuer is hast 15 graden. Hjir moatte wy it dizze earste snein fan oktober mei dwaan. Ek de nacht nei moandei op in pear drippen nei drûch ferrûn.

It waait noch in heale stoarm út it súden, en de temperatuer om 9 oere is 12 graden. Mar op ’e middei wurdt it al wat wiet, ek jûns en nachts noch.
Dêrmei sit der tiisdeitemoarn 25 mm yn ’e mjitter om goed 8 oere en is it mei in bewolke loft 12 graden; de wyn is no westsúdwest, en it dript ek alwer en it waait hurd.

De jûn en nacht nei woansdei sit der 4 mm yn ’e mjitter om 8 oere, en de temperatuer is 12 graden. De sinne kipet sa no en dan troch de bewolking. Oer de wyn binne hoanne en hin it iens; dy komt út it westen, lykas in buike, mar fierder in goeie dei.

Nei in drûge nacht nei tongersdei wurdt it yn ’e moarn alwer wiet en sit der goed 8 oere hast 5 mm yn ’e mjitter. Mei in súdsúdwestewyn is it goed 10 graden. It reint oant de middei. Wer nei in drûge nacht is it freed 9 oktober en sit der, mei de plensbuien fan justermiddei, dizze moarn om 8 oere 17 mm yn ’e mjitter. Noch even oer dy buien fan justermiddei. Wy koenen dizze yn seamige streken oankommen sjen. It wie dan even wyt fan wetter. Mar it is no freedtemoarn en it is bûtendoar 8 graden, mei westnoardwestewyn, en de sinne komt fan ’e moarn om 10 minuten foar achten op yn in moaie blauwe loft mei skieppeflokjes. Nochris, it is alle dagen nij, mar de wynrjochting wurdt fan de troch Willem van der Velde skonken hoanne, waans namme derop stiet, net goed oanjûn. De wyn kaam net út it westnoardwesten, mar út it westsúdwesten en dat is goed foar ús omjouwing, want wy sitten no foar de hjerstfekânsje. As ik de waarfoto’s fan it KNMI besjoch, leit westlik fan Ingelân in grut hegedrukgebiet, en mei dizze wyn kin dat dizze kant útkomme en hawwe wy kâns op in moaiwaarwike. Snein 18 oktober witte wy wol hoe’t it west hat.

It is no sneontemoarn 10 oktober. Om goed 8 oere is de temperatuer bûten 8,5 graad en sit der fan buien fannacht 10 mm yn ’e mjitter, en de wyn komt no wol út it westnoardwesten, hurde wyn, en in buiige loft en it bliuwt fris: 11 graden, mear sit der net yn. Op ’e jûn is it wer wat buiich. En dêrmei sit der op sneintemoarn om 9 oere 2,5 mm yn ’e mjitter en kin de temperatuer krekt 8 graden helje mei in hurde noardwestewyn en sa no en dan ek noch in buike en in glimp fan de sinne. Oerdei noch 12 graden.

Dan moandeitemoarn is it bledstil. Wêr’t de wyn weikomt? Fan juster sit der fan ’e moarn om 8 oere 7,5 mm yn ’e mjitter en de temperatuer kin krekt de 10 graden helje, mar middeis komt de sinne soms noch even en kin it hast noch 14 graden wurde, mei no súdwestewyn.

Mar no is it tiisdei 13 oktober: súdsúdwestewyn foar safier’t der wyn is, in drûge dei mei soms in skier sintsje; ek in drûge nacht. It is rêstich waar mei de wyn út it súdeasten. De temperatuer is 10 graden. Letter op ’e moarn giet de wyn nei it eastnoardeasten en begjint it hurder te waaien, en de sinne krijt hast gjin kâns om de temperatuer wat omheech te bringen. It bliuwt goed 11 graden.

En dan is it tongersdei 15 oktober. Nei in rêstige nacht komt de wyn út it noardeasten en de temperatuer is 9 graden. De sinne hawwe wy hjoed hast net sjoen; dêrmei komt de temperatuer ek net heger as 10,5-11 graden. It waaide hast net, en sa no en dan ek noch wat wiette. Dat wie de 15de oktober.
Nei in drûge nacht om goed 8 oere in glim fan de sinne troch in brekkende loft; it is bledstil waar, de wyn dy’t der wol is, komt út it súdeasten. It is hjoed 16 oktober, de measte beammen en strûken hawwe noch har simmerpracht. Sommigen begjinne al te ferkleurjen en as de sinne skynt, is it allegear noch hiel moai. It is noch in hiele moaie dei, al hast in moanne yn ’e hjersttiid op. De temperatuer is wat fris, mar kin dochs noch 12-13 graden helje. Mar wat in moaie dei! De hiele middei de sinne der folop by, de hiele middei de sinne dy’t skynt yn in prachtich blauwe loft oant hy om goed healwei 7 ús wer ferlit.

De nacht nei sneon ferrint drûch, mar fan ’e moarn betiid dochs wat wiette. Jammer foar it lânwurk dat hjoed allegear noch gebeure moat, mar Pyt seit, it buike ferlit ús wer en aansen komt de sinne der ek noch by. De wyn dy’t der is, waait út it westnoardwesten en de temperatuer is 9 graden. It hat de fierdere dei goed waar west mei in temperatuer fan 11-12 graden.

En dan is it snein 18 oktober. De westlike loft is ljocht, mar in grize bewolking. Fierder mar ris sjen wat it waar hjoed docht. De wyn is noardwest, sa no en dan in pear drippen, mar dan ek wer sinneskyn. En sa giet de snein ek wer rêstich foarby mei 11 graden. Mear sit der net yn.

Hjoed, moandei, mei soms wat wiette fannacht en fan ’e moarn en de sinne krijt soms ek de romte om syn ljocht strieljend sjen te litten. It is rêstich waar, de wyn is súdsúdwest, in drûge dei mei goed waar.
Ek in drûge nacht nei tiisdei mei hast 7 graden, mar it wurdt goed healwei achten alwer ljochter ûnder in hiel bewolke grize loft. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. It hat hjir in hiele drûge dei west, temperatuer 12-13 graden. Wer in moaie dei.

Woansdei begjint mei wat wiette út in grize loft fanút it súdsúdwesten. De temperatuer is 13 graden; ek oerdei is de temperatuer goed: 15-16 graden, mar it is hjerstich, it waait hurd en it is gauris wiet. It bysûndere oan dizze dei wie wol de temperatuer. Noait earder waard der op 21 oktober sa’n temperatuer metten yn De Bilt, goed 20 graden.

Tongersdei begjint moai, mei sinneskyn. Nei it stoarmige waar fan justerjûn is it no rêstiger mei in wyn út it súdwesten. De temperatuer is no alwer hast 14 graden. Dy is oerdei noch in heale graad omheech gien. It hat in drûge dei wist hjoed.
Freed 23 oktober is it rêstich waar mei mistflarden earst, letter mear mist, de temperatuer is 10 graden, mar middeis wurdt it helder en komt de sinne der dochs noch by en de temperatuer komt dan noch op 15 graden út.

Sneon 24 oktober, de lêste dei fan de simmertiid, komt de sinne moarns om kertier foar achten op yn in helderblauwe loft. De temperatuer is 10,5 graad, it is hiel rêstich waar mei de wyn dy’t der is, út it súdwesten. De wyn hellet wol langsum oan. Middeis is it al 15 graden, en wy moatte jûn of fannacht de klok in oere stilsette.

Mar wy binne wol betiid wekker dizze snein; oars wie it trochmekoar om en de by 7, en dan is it no noch mar 6 oere, en dat is moai op ’e tiid foar de koperklanken fan Omrop Fryslân. Altyd fersoarge troch Eise van Beets. Hy hat hjir alle kearen wer hiel moaie mesykfariaasjes en koralen. As je fan dizze mesyk hâlde, kinne je op sneintemoarns om 6 oant 8 oere dêr enoarm fan genietsje. Dan Prelude hjirachteroan; moaie fersykplaten. Wat moai allegear. It waar is der ek noch, mei fannacht stoarmige buien. As de nacht om is, jout de wyn him ek wer del en wurdt it wer drûch. It is net kâld, goed 10 graden mei in hiel bewolke loft. It hat wol de hiele dei drûch west, en tsjin seizen, at de sinne hast ûndergiet, lit hy him noch sjen. Wat moai. Dêrmei is it ek noch 13 graden wurden.

Moandei, nei in drûge nacht, is it hast 11 graden. Noch in moaie temperatuer foar de tiid fan it jier. As ik de filmbylden fan de Noardpoal sjoch, dan ... Mar dit foldocht ús wol. As ik de hoanne op de heechste toer fan Fryslân gadeslaan, komt de wyn dy’t der is, noch út it súdwesten. Letter op de middei út it suden; it is oerdei 10,5 graad en tsjin de jûn binne der buikes en dat giet de nacht sa troch.
Ek op tiisdeitemoarn noch buien, mei in temperatuer fan 9 graden en de wyn noch út it súdwesten. De sinne lit him fan ’e moarn even sjen mar ek dizze dei ferrint net drûch en ek op de jûn stoartbuien mei hurde wyn.

Ek woansdeitemoarn waait it noch hurd en reint it út in grize loft, de temperatuer is 9 graden, de sinne skynt en dan reint it wer. Fierder in goeie dei en it koe noch 11 graden wurde.
Hjoed, tongersdei, begjint de dei drûch, mar in hurde súdwestewyn makket it fris. In hjerstdei, mar de temperatuer bliuwt goed, 12 graden. Mar ek wer in nacht mei rein en hurde wyn.
Sa begjint ek freed; de beammen ferlieze al mar mear blêd, behalve de wylch. Dy komt maitiids ek letter fol blêd, mar hjerstmis moat der earst nachtfroast komme foar’t de wylch it ôfwitte lit. Mar it is hjoed al in strieminne hjerstdei: buien en hurde súdwestewyn.

It is hjoed 29 oktober, der kin hast gjin bist mear yn it lân. Skiep dat kin noch krekt, mar dy wurde ek goed smoarch.
Sneon, de lêste dei fan dizze oktobermoanne, de 31e, woe ek net drûch begjinne, mar op de middei dochs even. Mar op de jûn wer rein mei in temperatuer fan 14-15 graden.
Ek de nacht op snein 11 graden. Snein begjint ek moai, drûch en ek sinne mei noch wol súdwestewyn, mar ien novimber begjint moai. Mar de middeis komt der stoarm mei buien. It is 15-16 graden en nachts 16 graden. De wyn bliuwt de hiele nacht troch.

Op moandeitemoarn waait it noch in heale stoarm en is de temperatuer alwer 17 graden. Dat is wol hiel bysûnder, it sil hjoed ek 17-18 graden bliuwe. De sinne is fan ’e moarn goed healwei achten opkommen en goed 5 oere fan ’e middei hawwe wy sjen kinnen dat er achter de hoarizon ûndergong.
Tiisdeitemoarn betiid al in heldere loft dêr’t de sinne, sa’t ik ek juster al sei, om goed healwei achten yn opkomt en om ús hinne alles sa moai yn it ljocht set. Fierder oant 4 oere ta in hiele moaie dei, mar dan set de loft yn it súdwesten oan en komme der buien oer. Ek jûns noch. Ek mei in slach tonger.
Yn de nacht bekomt it allegear; de buien driuwe oer, de wyn swakket ôf, en op woansdeitemoarn om goed healwei achten is de sinne der wer mei hjir en dêr in wolkje. De temperatuer is 10,5 graad, fannacht wie it 7 graden, mar wy krije de kommende dagen goed en drûch waar, want it waarglês docht in grutte sprong foarút. Mar it kin nachts wol wat fris wurde, mar wy hawwe hjoed in moaie dei hân.
Nei in frisse nacht - mar wy hawwe dizze 5e novimber noch gjin nachtfroast hân - komt de sinne der wer moai by. Mar der is ek bewolking. De wyn dy’t der is, komt út it westsúdwesten. De temperatuer is hjir 6 graden, mar komt oerdei op 11 graden. Wer in moaie dei.

Ek de nacht nei freed ferrint rêstich. De temperatuer is 10 graden, de sinne komt der ek wer moai by, de wyn komt út it westen. Wy sitte ek de kommende dagen  noch ûnder in hegedrukgebiet en dat jout goed waar, ek yn dizze tiid fan it jier. Mar nachts, as it helder is, kin de temperatuer samar tichtby de 0 graden komme.
En dat is de nacht nei sneon sa. Hjir en dêr noch krekt boppe 0, mar dan is de wrâld hjir foar de earste kear dizze tiid wyt: nachtfroast. De sinne komt 20 foar achten wer skitterjend moai op yn in prachtige loft. Wêr’t de wyn weikomt, kin ik oan de hoanne op de Tsjommer toer net sjen. Stiet der noardsúd? It is bledstil, mar it wie súd seach ik doe’t ik tichterby kaam. Wat in moaie dei dy 7e novimber mei in soad sinneskyn en 14 graden.

Sa’t de sinne op ’e neimiddei ûndergie, komt hy sneintemoarn troch de dize wer moai op, no mei súdeastewyn. Wat in moaie snein mei 15-16 graden; de heechste temperatuer foar dizze tiid fan it jier is 10-11 graden.
Ek moandeitemoarn begjint rêstich. It is licht bewolke mar der sit ek blau yn ’e loft. De wyn is súdeast, de temperatuer is 6 graden. Oerdei wurdt it noch 13 graden. Ek hawwe wy op ’e middei hjir en dêr in pear drippen mar ek moandei wer in moaie dei. Jûns wurdt it mistich en op tiisdeitemoarn is dat noch sa, mei in temperatuer fan 5-6 graden. De waarberjochten binne: bliuwend wat mistich mei meskien ek noch in pear drippen rein. De temperatuer is ek net oan de 10 graden takommen. En wyn hawwe wy net fernommen út it suden en dêrom fielt it net kâld. Wy hawwe net in glim fan de sinne sjoen, en sa geane wy de jûn en nacht nei woansdei yn.
Mist, mist, en dêrmei gjin winter. De nacht troch mei in 9 graden en wêr’t de temperatuer oerdei oan ta komt, witte wy jûn wer. Om 12 oere wie de temperatuer ûnder de mist al 13 graden. Letter kaam de sinne der noch by, mar in hegere temperatuer siet der net yn.

De nacht nei tongersdei hat it noch drûch west, mar betiid yn ’e moarn is it hjir ek wiet wurden fanút it súdwesten. Wat in buiïge dei mei 12-13 graden. Ek jûns net oeral drûch.
Freedtemoarn wer in oar byld: de sinne komt moai op, de wyn sit noch yn it súdwesten, oerdei hast 14 graden, rêstich waar: fytswaar!
De nacht nei sneon hat it ek net drûch west, mar wat wolle wy ek yn novimber mei sokke temperatueren: 8-9 yn ’e nacht. Sneontemoarn ien grutte grize wolkemassa mei soms wat storein, wer 12-13 mei in súdsúdwestewyn. Mar de middeis sjogge wy de sinne ek noch en dêrmei wer in moaie dei.

Nei in drûge nacht is it snein 15 novimber. De sinne komt der moai by mei súdwestewyn en in temperatuer fan 12 graden. It is hjoed de twahûnderfiifentweintichste dei mei in temperatuer boppe de 10 graden: hiel bysûnder, noait earder foarkommen. Ek hjoed wer in waarmterekôr, mei hjir 14 graden; yn it suden waard it 15-16 graden.
Yn de nacht nei moandei hellet de wyn noch al wat oan en it bliuwt ek net drûch mei hast 4 mm en 11-12 graden. De sinne lit it wat ôfwitte en de bewolking jout gjin gelegenheid.

Tiisdeitemoarn in grize loft mei hjir en dêr in drip rein. It hat net in kâlde nacht west mei 8 graden en hjoed oerdei kin it wer 12 graden wurde. Mar dit hjir noch efkes oer: dit witte wy nei de middei better. Mei de wyn út it westsúdwesten en de sinne der ek noch efkes by hat de dei wer west. En moarn, woansdei, in maitiidsdei?
Ja, in maitiidsdei mei sinne yn in prachtige blauwe himel en 13 graden mei in hurde súdwestewyn. En al dy ûnrêst oer de wrâld, it is hast net by mekoar te betinken. Wat in moaie dei, mar it bliuwt net sa. Op de jûn komt der alwer mear bewolking, it is noch wol drûch oant tongersdeitemoarn.
De wyn is omgongen nei it noardwesten en is hast stoarmich. It is wat frisser mei oerdei hjir en dêr ek noch in buike. De nacht koe noch 7 graden helje en oerdei wurdt it hast 10 graden.

En dan is it de nacht nei freed 20 november. In wat frisse nacht, 4-5 graden, en it bliuwt ek net drûch, mar de wyn docht it wer rêstiger oan en it bliuwt hjoed wer foar it earst ûnder de 10 graden. Wy hawwe fan maaie ôf alle dagen boppe de 10 graden sitten, mei 335 dagen in rekôr. De kommende nacht wurdt ek wer in frissenien, mar gjin nachtfroast. Moarn sil de temperatuer ek wer boppe de 10 graden komme, wol sinnich, mar ek kâns op in spat rein. Mar wat wurde de dagen al koarter: de sinne komt goed 8 oere op en goed healwei fiven ferdwynt er wer. Wy sjogge it wol; de bôge dy’t de sinne makket, wurdt alle dagen wat lytser.
En dan is it sneontemoarn 21 november, nei in buiïge nacht mei hurde wyn út it westsúdwesten en in temperatuer fan 8-9 graden. Oerdei hat it noch hast 11 graden west, mar it wie ek buiich. Wy hawwe de sinne net sjoen. Oer moarn, snein, binne de waarberjochten wer wat better.

Mei de sinne dy’t om goed 8 oere opkomt achter de bewolking yn it easten, begjint sneintemoarn mei westewyn en 8 graden. Sa moai, ik haw de sinne ûndergean sjoen om goed healwei fiven. Wat wer in moaie snein mei hast 11 graden.
Mei in drûge en rêstige nacht is it moandei wurden, de sinne is der al moai by om goed 8 oere en de wyn dy’t der is, komt út it westsúdwesten. Wer in moaie dei, mar it wurdt wat frisser oerdei: 8-9 graden. It sil ek de kommende nacht frisser wurde. Nachtfroast?

Mar dat hat net sa west, it is bewolke wurden. Hjoed tiisdei is it wol ljocht wurden, mar wy hawwe in griis bewolke loft, hast gjin wyn, 4 graden oerdei. It hat noch 8 graden west en ek hawwe wy de sinne noch even sjoen. Nei in rêstige frisse nacht mei 2-3 graden komt op woansdei de sinne der dalik by. Mar it is wol fris mei dizze súdwestewyn. It wurdt noch wol 8 graden, mar dochs wer in moaie dei. Wol komt op de neimiddei bewolking opsetten fanút it westen, mar it bliuwt hjir drûch.
Dizze nacht nei tongersdei waard de temperatuer mei de bewolking net leger as 6-7 graden, hjoed kin it noch 10 graden wurde, it is wynstil en heal bewolke. De sinne komt grif noch. En dat hat ek sa west. Wy hiene wer in moaie dei. Der wurdt noch meand foar stâlfuorjen, soms wurdt der ek noch gêrskuil makke, en dat op 26 november!

Fan ’e moarn om kertier oer achten is de sinne opkommen en om healwei fiven wer ûndergongen. Dit moarns opkommen giet, alle dagen even letter, hast oant 30 desimber troch, oant oer kertier foar njoggenen, mar middeis dat der nei ûnderen giet bliuwt om en de by healwei fiven en wurdt nei 13 desimber hieltyd wer wat letter. En dat opkommen en ûndergean fan dy skitterjende moaie ljocht- en waarmteboarne en dêrmei ús libbensboarne, bliuwt oant ein desimber ta hast gelyk. Nei 1 jannewaris wurdt it al gau sa dat it middeis wat langer ljocht bliuwt en goed mids jannewaris fernimme wy ek dat it moarns earder ljocht wurdt. Dan komme wy wer op it goeie spoar.

Mar hjoed ek wol, hear. Wy binne hjoed freed. De dei begjint wat mistich en bewolke, de temperatuer fan ’e moarn betiid wie 4 graden. Oerdei kin it meskien 6-7 graden wurde. De sinne kaam der ek noch by. Alwer in drûge dei ein novimber.
Nei in wat mistige nacht en moarn begjint dizze sneon, 28 novimber, mei in grize grauwe lytse wrâld. En ek fris. Krap 4 graden. It hat ek de hiele sneon in lytse wrâld west, nei in frisse nacht.
Mar op sneintemoarn kinne wy wer de wide wrâld sjen, nei in frisse, mar net froastige nacht: 2-3 graden. De wyn dy’t der is komt út it eastsúdeasten, mar fielt by it fytsen roetkâld. Mar tsjin tolven komt de sinne der wer by en wurdt it daliks oars; in ferskil fan nacht en dei. Wat hiel bysûnder dit te sjen, mar de temperatuer koe net boppe de 1-2 graden komme en sa geane wy de jûn en froastige nacht yn: blommen dy’t net oer dizze temperatuer kinne, moatte ôfskerme of binnenbrocht wurde.

De nacht nei moandeitemoarn -1 graad, op oare plakken -2 en -3 graden. Der moest op plakken ek al sâlt struid wurde omdat it motreinde en dus ek autorútskrabje. In frisse kâlde grize boel. De temperatuer hat noch net boppe de 1-2 graden west; en sa wurde wy mei de noas op de feiten drukt. Moarn 1 desimber begjint de meteorologyske winter dêrmei. Wy sille 1 maart 2021 sjen hoe oft dit gongen is. Mar ik moat noch wol in bysûnderheid melde, dat de foarbije nacht ergens yn ’e Achterhoeke in temperatuer metten is fan -6, -7 graden. Dat wie dêr de kâldste nacht oer 2020.

Nei in buiige en hast stoarmige nacht is it no tiisdei 1 desimber. Wy hawwe in grauwe, grize loft, mar it bliuwt drûch.
En sa is it woansdei wer hiel oars; wol bewolking, mar hast bledstil. De hoanne op de toer wiist eastsúdeast oan, en dit is it moaie hjirfan: alle dagen oars, alle dagen nij.
En sa wie it op de jûn en nacht nei tongersdei: wat wietich waar en dat gong de hiele dei troch mei in temperatuer fan 4-5 graden. Op de jûn waard it even drûch. Der binne in oantal millimeters wetter fallen, mar gjin plonzen wetter. Wy sille sjen hoe’t it fannacht giet, en wy sjogge moarn, freed, wer.
It hat net drûch west de nacht oer en der waait in hurde frisse wyn. It is in graad of 4, en soms komt de sinne ek noch even en it bliuwt drûch, mar wol kâld. Moarn is it 5 desimber, wy sille dan sjen wat Sinterklaas mei syn helpers ús bringt.

Sneon, de nacht nei hjoed, in temperatuer om de 0 graden, rêstich waar en dat hat it hjoed ek west. It wie fan ’e moarn even rútskrabje, mar in goeie dei en dan kin Sinterklaas ek wer op nei hûs.
Snein, de twadde advint, begjint moai mei de koperklanken fan Omrop Fryslân oant moarns 8 oere. Hjirnei Prelude, ek altyd sa moai, dit sjongen en dizze mesyk foar trochmekoar âlderen, wat is dat dochs moai. Dan even oer it waar, wy hawwe fannacht nachtfroast hân en behoarlik. Ik bin fan ’e moarn om goed 9 oere nei Frjentsjer fytst. It lân wie noch wyt en de sleatten en fearten lei in laachje iis op en it wie kâld; om en de by de 0 graden. Hast 2 oeren letter fytste ik it selde paad werom, it lân wie wer grien, hiel moai grien. It iis yn sleat en feart bruts alwer, de sinne liet him hjir en dêr sjen en de temperatuer wie alwer in pear graden boppe 0. Wat in moaie snein. Fierder gie fan ’e middei om healwei fiven de sinne ûnder yn in prachtich reade loft, wat moai. Wyn wie der hast net, en wat der wie, kaam út it eastsúdeasten. Letter waard it ek noch wat wiet, en sa is dizze twadde advintssnein wer foarbygien.

Nei in mylde wiete nacht mei westewyn is it no moandei. En it reint noch, net plonzen wetter, mar it reint tsjin de middei noch. As ik Pyt Paulusma hear, troch elkoar alwer 12-14 mm. Mar dochs wurdt it middeis drûch en wurdt it ek wer frisser.
De nacht oer is dy frissichheid ek trochgongen; ek noch wat mist. Op tiisdeitemoarn 1-2 graden en ik koe net yn de auto komme; de doarren sieten fêstferzen. No, dan mar op de fyts nei Lyts Tolsum. Dat koe ek bêst, want de wyn die it rêstich oan út it súdwesten; moai fytswaar foar in moaiwaarfytser. Fierder in goeie dei mei 2-3 graden.

Woansdei 9 desimber is it wer oars; hurde súdeastewyn, moarns de autoruten skrabje; in dikke laach iis mei dy mist. Oer de hiele dei gjin 25 meter sicht en de temperatuer hat net boppe de 0 graden wist: wat in iiskâlde dei. Tongersdei rêstiger mei mear sicht, mar ek in kâlde dei. Freed waait it wer mear, kâld, autoruten skrabje, temperatuer om en de by 0 graden. Yn ’e rin fan de moarn wurdt it ek noch wiet, mar it wurdt net glêd, mei noch in temperatuer fan hast 1,5 graad. It is in roetkâlde 11e desimber. Sneon is de wyn wer wat bekommen, en dêrtroch minder kâld, mar it wie wol in sombere mistige dei. De sinne liet it ôfwitte en soms reinde it ek noch út dy mist. Noch 9 dagen fan de koartste dei ôf, alle dagen der tichterby jout dochs noch in goed gefoel yn dizze spannende koroanatiid.

Ek snein begjint mei tichte mist en mei súdwestewyn is de kjeld fan de loft. Tsjin tolven komt de sinne der ek noch by en dat is it aldermoaiste hjirfan: je binne it kâlde en sombere waar fan de foarbye wike wer kwyt en krije der wer sin oan. Sa hast op it koartste fan de dagen. Wat in moaie snein mei 7 graden.
De nacht nei moandei ferrint net drûch, moarns ek net, mei súdwestewyn en in grize loft, mar de middeis komt de sinne derby en dan wurdt it hast 10 graden. It waait behoarlik út it súdwesten, mar dochs wer in goeie dei. De oare dei wer mistich en soms sloech it wat mistich oan; de temperatuer wie goed mei 8-9 graden en noch hieltyd súdwestewyn. Ek middeis komt de sinne der noch even by en as je it waarnimme wolle, de bôge troch it suden wurdt alle dagen noch wer in bytsje lytser.

Dan de nacht en op woansdeitemoarn wurdt it wol wer ljocht, mar wol wer yn ’e mist. Oerdei de sinne, sudewyn, 9 graden mei in prachtige sinne-delgong om krekt foar healwei fiven yn in readgiele hoarizon. Wat moai.
En dit wie hjoed, tongersdei, sa moai net, mar wol yn in reade glâns. It wie hjoed goed waar, de wyn westsúdwest, 8 graden. Wy hawwe in pear buikes hân.
Freed, as wie it maitiid, mei súdwestewyn, it wie hast 8 graden. Op de fyts stie der in stevige wyn, mar foar de wyn kinne je de natuer om je hinne sjen. It wie alwer in moaie dei.

Sa ek sneon, in bysûnder moaie sinne-opkomst, op ’e neimiddei in lyts buike.
Sneintemoarn begjint wer moai, mei in heldere loft, de temperatuer is 8 graden mei in stevige súdwestewyn. Op de middei berrint de loft, mar it bliuwt al drûch oant moandeitemiddei. Om 1 oere begjint it wiet te wurden en om 5 oere op dizze koartste dei fan 2020 reint it noch. Wy kinne sûnder mear stelle, dizze hjersttiid fan 2020 einiget wiet, mar net kâld. Want de temperatuer is noch 8 graden en dat is 2,5 graad boppe normaal. Moarn sitte wy offisjeel yn ’e wintertiid, wy sille sjen wat de kommende 3 moannen ús bringe oant 21 maart 2021. Wat it ek wurdt, as de berjochtjouwing op radio en tillevyzje en yn de kranten mar positiver wurde mei, en dêrmei dat wy it normale deistige libben wer oppakke meie. Want safier is it no noch lang net.
Op dizze earste dei fan de wintertiid is it net kâld. Fan ’e moarn om 9 oere wie it ek 9 graden, hast wynstil út it westen, fan justermiddei ôf siet der hast 10 mm yn ’e mjitter. As je sa de berjochten hearre, ferskilt dat fan plak oan’t plak. Mar wol in goeie dei dy 22e desimber. Mei in soad bewolking en op ’e jûn mistich.
Woansdei begjint mei wiet waar, de temperatuer is 8 graden en it reint oan ’e nacht ta, op plakken mear as 20 mm, en de temperatuer is 6 graden.
Op tongersdeitemoarn hawwe wy noardewyn en drûch waar. Middeis buien, ek de jûns.

Nachts nei Earste Krystdei is it net drûch. Mar om goed 9 oere komt de sinne der by, de wyn sit noch yn it noardeasten mei sa no en dan in buike. Soms ek noch mei hiele fine hagelstientsjes. Dat seit dat de boppeloft wol kâld is, mar hjir by ús is it dochs in 5 graden. En dat wie dan de Earste Krystdei fan 2020.
De Twadde Krystdei sitte wy mei in soad bewolking, mar it bliuwt oan ’e middei wol drûch, de temperatuer is 4,5 graad de wyn út it súdsúdwesten nimt langsum oan ta oant hurd. Letter in heale stoarm.
Yn ’e nacht echt stoarm mei wát in wetter. It giet ek sneintemoarn noch troch; sneintemiddei wurdt it drûch en de wyn jout him del.
Op dit rûge wykein folget in rêstige moandei; wy hiene ek hast 20 mm wetter mei dy stoarm út it súdwesten. It wetterpeil fan de grutte feart stie dêrtroch hiel heech, mar sakke mei dit rêstige waar wer. Moandei waard in moaie dei mei moarns de sinne en middeis kaam der wat bewolking en it waard wat frisser: 4 graden.
Tiisdei hat it hast de hiele dei reind; middeis om 4 oere siet der 16 mm yn ’e mjitter, it wie 4 graden, mar de boppeloft is kâld, der sieten wiete snieflokjes tusken de drippen. Dit binne hast de lêste dagen fan 2020.

It hat ek fannacht net drûch west, mar de moarn fan woansdei de 30e desimber begjint drûch, mar de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. De eastlike loft lit him moai sjen mei dizze sinne-opkomst om kertier foar njoggenen. Yn it noarden sit wat buiïge bewolking, mar dat meie se dêr foarlopich wol hâlde. De temperatuer is hast 5 graden; wy sille hjirmei wol sjen hoe’t dizze dei ferrint. En dat is goed gongen. Fan ’e middei hjir en dêr in buike, in goeie dei; sa no en dan ek noch de sinne; it hat goed 6 graden wist. En mei de buikes fan fan ’e jûn en fannacht siet der hast 6 mm yn ’e mjitter.

Sa binne wy dan tongersdei 31 desimber, de lêste dei fan 2020. Nei in nacht wêryn’t der noch in pear buien west hawwe, 3,5 mm yn ’e mjitter. Ek hjoed wer komt de sinne op om kertier foar njoggenen, en wy hawwe de earste sinneljochtstrielen oer Gods grutte natuer sjen kinnen. Letter kaam der wat bewolking, mar it bleau drûch; de middei fan dizze bysûndere dei waard in strieljende middei. Wat skitterjend moai om sa dizze dei ôf te sluten om ús grutte libbensboarne yn al syn gloarje ûnder sjen te gean achter de hoarizon. Wat in yndrukken!

Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA