DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! (Afl.4) In nij jier

Geplaatst op: 23-04-2019

IN NIJ JIER
 
En sa is it 1 jannewaris 2019. De herinnering oan 2018 is alles wat oerbliuwt, en hjir kinne wy mei fierder.
 
Ek alles wat libbet yn de natoer. Juster, tongersdei 4 jannewaris, die ik in moaie waarnimming sa fanôf de dyk; ik seach twa haskes, dy sieten alwer achter elkoar oan. Dan tinke je fierder: as dat slagget, alles moat wat meisitte, mar dan binne der begjin febrewaris jonge haskes yn it fjild. En sa giet de natoer syn gong.
 
Dit wykein, it wykein fan 5 en 6 jannewaris, is it rêstich bewolke waar; gjin glimke fan de sinne, de temperatuer wat boppe normaal. Mar de sinnepanielen leverje 0,0 op. Mar dat kin moarn wol wer oars wêze; de ferwachting is dat der in stoarmdepresje oankomt, en dat is ek sa. Twa dagen stoarmige wyn wynkrêft acht, krekt gjin njoggen.
 
Op woansdei 9 jannewaris moarns komt de sinne skitterjend moai op mei blêdstil waar. En wy merke it alwer, wat in geweldich gefoel, de dagen, 19 dagen nei de koartste dei, de dagen wurde alwer langer. Mar it bliuwt ûnbestindich mei trochmekoar hurde wyn en wat wietichheid, en yn it wykein wurdt it wer stoarmich. Mar de temperatuer bliuwt goed, oerdei 8, 9, soms 10 graden en nachts 4, 5, 6 graden.
 
Moandei 14 jannewaris is de wyn wat bekommen en komt de sinne moai op, mar it fielt wat frisser. Piet Paulusma sei fan ’e moarn, freed 18 jannewaris: wy geane in langere winterperioade temjitte, wy sille sjen wat hjirfan útkomst. Wy hawwe Piet wolris faker heard.
 
Ik wit ek wol, achternei dan wit elk it wol, mar wintertemperatueren hawwe wy wol hân. Sa frear it fan sneon op snein 19 en 20 jannewaris tsien graden op plakken, ek yn Fryslân. Mar in goed dei letter, op moandeitemiddei, wie it mei sinneskynwaar 6 graden boppe nul en dan leit der fuort gjin 20 sentimeter iis op ’e feart. Mar wy krije snie: 2, 3, 4, sentimeter. Op woansdei is it in komplete wite wrâld. Wy hawwe hjir wol 4 sentimeter hân, mar it is gelokkich noch gjin meter lykas yn it suden fan Dútslân en de Alpelannen.
 
Mar it is hjoed 26 jannewaris en de winter is wer foarby; it is juster wer fuortteid mei earst wiete snie, rein, izel: spekglêde diken mei in soad ûngemak. Ik neamde earst wer foarby, fan ’e moarn om acht oere wie de snie allegear fuort en de temperatuer goed seis graden.
 
Hjoed, de lêste dei fan jannewaris, as wy de gerdinen iepen dogge, is alles wer wyt en leit oeral wer in sentimeter wiete snie, mar de hiele eastlike loft is ljocht, want dêrwei komt de sinne op. Mar ús grutte waarmteboarne liet it algau wer ôfwitte en it wie echt kâld, mei in gefoelstemperatuer mei de wyn -4,5 graad en freed wie it ek al net oars. Mar gelokkich gjin Amerikaanske temperatueren fan -45 graden. Wol ekstreem; as sy dêr in amer mei wetter omheech goaiden, dan wie it foar’t it op ’e grûn wie al hurd beferzen. Oan de oare kant fan de wrâld, yn Australië, is it ek soms 45 graden yn ’e plus: beide binne libbensbedriigjend.
 
Der binne allegear gedachten oer wêr’t dit ekstreme waar wei komt, mar gjinien wit it. Mar ús winterwaar is wer fuort oant, ja oant wannear, it is wat ûnbestindich mei soms in hiele moaie dei dertusken troch. Krekt as juster, tiisdei 5 febrewaris mei middeis 8, 9 graden en hjoed hawwe wy de sinne net sjoen en is it wat mizerich mei hurde oant stoarmige wyn. De iene depresje folget de oare, mei yn it wykein mear as 10 mm rein yn de mjitter.
 
Mar kommende wike fan 11 oant 17 febrewaris wurdt it wer oars. Wy komme ûnder hege druk en dat jout droech waar en nachts wat frisser en moarnsier soms autorút skrabje, en oerdei komt de temperatuer yn de dûbele sifers, en dat komt omdat us grutte waarmteboarne alle dagen wer wat tichter by komt. Wat in rykdom, dit grutste wûnder. Juster seach ik wer wat moais, en ik tocht derby: de maityd komt deroan, de eksters dy’t de hiele hjerst en wintertiid oanwêzich west hawwe op Lyts Tolsum, hienen yn it foarbye wykein in hast kompleet nij nêst boppe yn de beam makke, stoarmbestindich. Wat in stikje fakwurk. Mar wat ik al neamde, sy fiele ek: de maityd komt deroan. En sa hat it ek west.
 
It is no snein 17 febrewaris, it foarútsicht kloppe, mei sneon en snein letter wat bewolking. Ik seach snein in keppel ljippen op ’e bou by Rienk en Jikke Hibma, en de einen pearje wer, en by Durk en Rinnie sitte se alwer op ’e koer. Dat binne allegear foartekens: de winter is foarby, en no is it noch mar moandei 18 febrewaris. Ek it earste ljipaai wurdt ein dizze wike noch ferwachte, mar sa is it net kommen, want op woansdei 27 febrewaris is der noch gjin earste ljipaai. Wol sitte op tiisdei 26 febrewaris de earste strânljippen wer by Lyts Tolsum op ’e brêge. Alle jierren komme se wer, krije ek nei mids april in nêst mei trije of fjouwer aaien, mar jongen grutbringe de lêste jierren, ik sjoch it net.
 
It is no woansdei 27 febrewaris, it is oerdei gewoan simmerwaar; de waarmterekords de lêste fjouwer dagen al mei 16, 17, 18 graden en dit de lêste dagen fan febrewaris. It is wol unyk. Mar nachts of moarnsbetiid lizze mei blêdstil waar de spjelden en nullen op ’e fearten. Mei 0,05, min 1 of 2 graden in ferskil fan hast 20 graden.
 
Mar wy krije oar waar; tongersdeitemoarn mist en nochris mist, 10, 20, 30 meter sicht, en dan steane wy wer mei beide fuotten op ’e grûn. 5 of 6 graden, en de wyn hellet oan, ek freed. Wy hawwe de sinne net sjoen, en mei it ûnbestindige waarberjocht is it hjir oan sneintemoarn 3 maart ta droech bleaun, mar op moandeitemoarn sit der dochs 16 mm yn de mjitter en stiet der in hurde wyn. Fierder is it in kommen en gean fan depresjes fanút it súd-súdwesten, sa no en dan mei wietite.
Op sneontemoarn sit der wer hast 25 mm yn de reinmjitter, it waait wer hurd, mar de sinne docht al syn bêst om der wer in moaie dei fan te meitsjen.
 
Op snein 10 maart in komplete reindei mei in hurde stoarmige wyn; ek foar de kommende wike foarseit it net folle goeds, en sa is it hast simmerwaar fan ein febrewaris alwer fergetten, want it is no hjerst, klearebare hjerstwaar, al trije folle dagen en nachten mei stoarmige wyn en buien.
 
It is no woansdei 13 maart, mar de waarberjochten binne al sa: it sil nei it wykein opknappe en dêr hâlde wy it dan mar op.
 
Mar tongersdei, freed en sneon noch net. Wol hawwe wy freedtemiddei oant yn de jûn in kompleet skjinne blauwe loft mei sinne, mar fierder hurde stoarmige wyn en wietichheid oant moandei 18 maart. Mar it waarglês giet wol omheech, it hegedrukgebiet komt al oer, en tiisdei is it in maitydsdei mei sinne en in prachtige blauwe himel, 12, 13, 14 graden en nachts wol frisser, mei soms froast oan ’e grûn.
 
It is hjoed woansdei 20 maart, stimmersdei foar de Provinsjale ferkiezings en it Wetterskip. Moarns falt hjir en dêr in drip, mar it is fierder rêstich waar. Mar it bliuwt fris oerdei en nachts, der sit ek wolris in moaie dei tusken.
 
It is snein 24 maart, jûns begjint it hurd te waaien mei wat wiette út it west-noardwesten.
Ek moandei, mar it moaie waar komt der wer oan,
 
It is maartewaar, fan alles wat; soms wat sinne, en soms hielendal net. De blommen litte har hjir en dêr sjen. Bosken bûtergieltsjes (speenkruid), it raapsied, de koweblomkes, dochs sa’n moaie tiid.
Moarn snein moat de klok wer in oere foarút, dy hearlike simmertiid. Ik hearde fan ’e wike foar de berjochten dat se dat wer ôfskaffe wolle. It soe it toppunt wêze, mar dat is myn niening. Wy sille sjen hoe’t it komt, it libben giet der wol om troch.
 
De earste trije moannen fan 2019 binne wer om. Wat sifer moatte dizze njoggentich dagen hawwe? As ik myn ferhaal oerlês, gewoan in 8 fan my.
 
Knilles Rusticus

Klik hier om het stuk te downloaden of printen.
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA